De Arriva WINK is in hybride treinstel dat sûnt 12 april 2021 op de Noardlike Njonkenlinen ynset wurdt. De WINK (Wandelbarer, Innovativer Nahverkehrs-Kurzzug) is in treintype fan de Switserske treinbouwer Stadler. Dit type treinstel is ôflaat fan de FLIRT dat oarspronklik Flirtino hjitte soe, ûnderskiedt him troch middel fan in tuskenbak (ek de powerpack neamd). Arriva hat yn 2017 achttjin eksimplaren fan dit type besteld; dêrnjonken is der in opsje foar noch seis stellen dien. Dy sille allegearre twadielich wurde.

Fluch de feiten
WINK
Thumb
Arriva Wink 618 Snitser Mar
Algemien
TypeStadler WINK
Oantal18
Opsje8
Fabrikantflagge fan Switserlân   Stadler Rail
Boujier2019-2020
Yntsjinststelling12 april 2021
FerfierderArriva
SpoarweinetNoardlike Njonkenlinen
Line(n)Noardlike Njonkenlinen
Spoarbreedte1435 mm
Breedte2820 mm
Hichte4120 mm
Uterste faasje140 km/o
Flierhichte780 mm
Doarren6
Breedte doarren1300 mm
Sitplakken
Tal sitplakken153
Sitplakken 2e klasse137
Tal klapstuollen16
Tal steanplakken124
Tal rolstoelplakken3
Technyk
Stroomsysteem1500 V
Fermogen1000 kW (elektrysk)
748 kW (diesel/HVO/batterijen)
Oerefermogen1000 kW
BrânstofDiesel/HVO brânstoffen
TreinferwaarmingElektrysk
KoppelingScharfenberg
BysûnderheidHybride trein Diesel-Elektrysk
Slute

Nammen

Yn neifolging fan de FLIRTs yn Limboarch drage ek de WINKs fan Arriva de nammen fan bekende toeristyske lokaasjes. Dy nammen steane oan de bûtenkant fan de treinstellen boppe-oan de kopbakken. Oan de binnenkânt fan it treinstel is de bûtenkant fan it húske foarsjoen fan neiere ynformaasje oer de namme fan it oanbelangjende treinstel.

Mear ynformaasje Stelnummer, Naam ...
Stelnummer Naam Opmerkingen
601 Het Wad
602 d'Olle Grieze
603 Noar hoes
604 Museumspoorlijn STAR
605 Noorderzon
606 De Drie Gezusters
607 Westerwolde
608 Oldehove
609 Hongerige Wolf
610 Oerol
611 Hangende keukens
612 Holwerd aan Zee
613 Thús
614 Reaklif
615 Alvestêdetocht
616 Zwarte Haan
617 De Slachte
618 Snitser Mar
Slute

Ynset

De WINK wurdt benammen op de spoarlinen yn Fryslân ynset en as stop - en sneltrein nei Grins ta. De treinen binne net foarsjoen fan it Dútske befeiligingssysteem PZB en wurde dus net ynset op it trajekt nei Dútslân. Ek wurdt de WINK net ynset op de oare regionale spoarlinen yn Grinslân.

Op 14 juny 2021 is de ynset fan de WINK wat feroare. Op it trajekt Ljouwert - Harns Haven wurdt mei yngong fan 14 juny 2021 yn it wykein ek wer diels mei de Spurt riden, om 't dy mear romte hawwe om fytsen ferfiere te kinnen.

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.