Stasjon Snits Noard

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Snits Noard

Snits Noard (Sneek Noord) is in stasjon yn Snits oan it spoar fan Ljouwert nei Starum.

Fluch de feiten
Stasjon Snits Noard
station Sneek Noord
Thumb
Stasjon Snits Noard (2011)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adresWorp Tjaardastraat
arsjitektuer
stasjonskoadeSknd
iepening3 juny 1973
oare ynformaasje
perrons2
perronspoaren2
spoarlineSpoar fan Ljouwert nei Starum
Thumb
Stasjon Snits-Noard mei Waadrinner (2007)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Thumb
Slute

Yn 1973 krige Snits as earste plak yn Fryslân in twadde stasjon, Snits Noard, geografyske ferkoarting: Sknd. It stasjon leit oan de Goeman Borgesiusleane yn Snits, op 53° 2' 27" N - 5° 39' 47" E. In stasjonsgebou hat dit stasjon nea hân; fan it begjin ôf oan stie der in abry.

Nei it suden is it folgende stasjon Stasjon Snits, op likernôch 1 kilometer en 3 minuten reistiid. Nei it noarden is Mantgum it folgende stasjon, op in lytse 11 kilometer dêr't 8 minuten reistiid foar nedich is.

De gemeenten Snits en Wymbritseradiel stjoerden oan op in takomstige ferskowing fan it stasjon nei in nij stasjon Snits Noard/Skearnegoutum. Sûnt is yn 2009 foar de útwreiding fan de tsjinstregeling fan twa kear de oere nei trije kear de oere, it wikselplak opskood fan Station Snits nei Snits Noard. Dêrta is it station fan ien spoar / ien perron útwreidde ta twa spoaren / twa perrons. It is net wis at de gemeente Súdwest-Fryslân no noch oanstjoerd op de ferplakking.

Mear ynformaasje Spoarstasjons yn Fryslân ...
Slute
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.