Stasjon Starum

From Wikipedia, the free encyclopedia

Stasjon Starum

Stasjon Starum (Stv) is it stasjon fan Starum en it einpunt fan de spoarferbining Ljouwert nei Starum ta. It leit yn de uterste súdwesthoeke fan Fryslân. It (kop)stasjon waard iepene op 8 novimber 1885 en joech oansluting op de fearboatferbining nei Inkhuzen, dy't tsjintwurdich allinnich yn de simmer foar toeristen fart. It stasjon wurdt betsjinne troch stoptreinen fan Arriva.

Fluch de feiten
Stasjon Starum
Thumb
It Stasjon Starum (2007)
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Starum
adresStasjonswei
koördinaten52° 53' 12" NB, 5° 21' 36" EL
arsjitektuer
stasjonskoadeStv
typeabry
iepening28 novimber 1885
boujier1883 (earste stasjonsgebou)
1973 (abry)
sloopjier1973
arsjitektM.A. van Wadenoijen
oare ynformaasje
perrons1
perronspoaren1
spoarlinespoar fan Ljouwert nei Starum
offisjele webside
NS:Stasjonsynformaasje
kaart
Thumb
Slute

Op 25 july 2010 kaam it stasjon fan Starum yn it nijs doe't der in treinûngelok plak hie. Om 23:30 oere hinne, skeat in frachttrein mei fjouwer as fiif weinen troch de stjitblokken, ried dwers troch in wettersportwinkel en stoppe earst 100 meter fierder op in plein. Twa ûnderhâldspersonielsleden rekken ferwûne.

It stasjonsgebou, út 1884, is yn 1973 sloopt en ferfongen troch in abry.

Treintsjinsten

Mear ynformaasje Rûte, Tsjinst ...
Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster
Ljouwert - Starum Stoptrein Arriva 2x it oere (spitsoeren) - oars: 1x it oere (2023)*
Slute

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Ferbinings

Busline 103 nei Himmelum stoopet by it Stasjon Starum. De boatferbining nei Inkhuzen fart syn 1963 allinnich simmerdeis foar toeristen.

Galery


Keppeling om utens

Mear ynformaasje Spoarstasjons yn Fryslân ...
Slute
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.