From Wikipedia, the free encyclopedia
Sanne Wevers (Ljouwert, 17 septimber 1991) is in Frysk turnster dy't no op it Hearrenfean wennet. Hja groeide op yn Dronryp en letter yn it Twintske Oldenseal. Wevers wie de earste Nederlânske turnster ea dy't Olympysk kampioen op in yndividueel ûnderdiel wist te wurden. Dat die se op 'e Olympyske Spullen fan 2016 yn Rio de Janeiro, op it ûnderdiel balke. Wevers wûn dêrnjonken ek ien kear sulver op it WK, en ien kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns op it EK.
Sanne Wevers | ||
sporter | ||
Sanne Wevers (2015) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sanne Wevers | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 17 septimber 1991 | |
berteplak | Ljouwert (Fryslân) | |
lingte | 1.56 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | turnjen | |
ûnderdiel | balke, brêge | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 Tokio 2020 Parys 2024 | |
debút | 2001 | |
wichtige prestaasjes | ||
Olympyske Spullen 1× goud 2016 WK: 1× sulver 2015 EK 3× goud 2018, 2023 EK 1× sulver 2021 EK 3× brûns 2015, 2018, 2023 |
Wevers waard yn 1991 berne yn Ljouwert, en is seis minuten âlder as har twillingsuster Lieke Wevers, dy't ek yn it Nederlânske nasjonale turnteam sit. Wevers en har suster binne de dochters fan turntrener Vincent Wevers. Se begûnen al jong mei gymnastyk, op in pleatslike feriening yn Dronryp. Doe't de famkes tolve jier wiene, ferhuze it gesin nei it Twintske Oldenseal, dêr't se ûnder harren heit serieus begûnen te trenen by de klub Topturnen Oost-Nederland, dêr't Vincent Wevers oannommen wie as trener. Nei't Vincent Wevers yn 2013 spul krige mei de lieding fan it Twintske turnbûn en ûntslein waard, kearde er werom nei Fryslân, dêr't Sanne en Lieke Wevers har mei harren heit nei wenjen setten op it Hearrenfean. Harren mem bleau efter yn Oldenzaal.
Sanne Wevers makke har ynternasjonale turndebút yn 2007 op in wrâldbekerwedstryd yn it Flaamske Gint, dêr't se it sânde plak behelle op 'e brêge. Datselde jiers waard se ek achtste op 'e balke op 'e Grand Prix fan Glasgow. Op it Jeropeesk kampioenskip turnjen fan 2007 die Wevers mei op 'e brêge, de balke en de flier, mar wist se har net te kwalifisearjen foar de finales. In jier letter waard se mei it Nederlânske team op it EK achtste yn 'e teamfinale en wûn se in sulverne medalje op 'e wrâldbekerwedstryd yn Maribor, yn Sloveenje. Op it Nederlânsk kampioenskip fan 2008 waard se twadde yn 'e kategory allround, fyfde op 'e brêge en twadde op 'e balke en de flier. Nederlân koe lykwols mar ien turnster nei de Olympyske Spullen yn Peking stjoere, en dêrfoar foel de kar op Suzanne Harmes ynstee fan op Wevers.
Yn 2009 rûn Wevers ier yn it seizoen by in wedstryd yn Moskou in blessuere oan 'e earmtakke op, dy't dat jiers har dielname oan fierdere wedstriden tsjinkearde. Yn 2010 naam se diel oan it EK en droech mei in oefening op 'e balke by oan it sânde plak fan Nederlân yn 'e teamfinale. Dêrop waard se útkeazen om Nederlân te fertsjintwurdigjen op it WK fan datselde jier, dêr't se op 'e balke foar it earst in dûbele draai mei in horizontaal strutsen skonk die, in nije maneuver yn it turnjen, dy't neitiid nei har ferneamd waard. Koart dêrnei krige Wevers in skouderblessuere, dy't letter folge waard troch in foetblessuere. Mei-inoar holden dy har it hiele seizoen fan 2011 út kompetysje, mei as gefolch dat se har net kwalifisearje koe foar de Olympyske Spullen fan 2012 yn Londen.
Yn 2012 behelle Wevers in twadde plak op 'e wrâldbekerwedstryd yn it Tsjechyske Ostrava, yn 2013 folge troch in earste plak op 'e wrâldbekerwedstryd yn it Kroätyske Osijek. Neitiid naam se diel oan it WK fan 2013, mar dêrby kaam se ûnder har oefening op 'e balke te fallen, mei as gefolch dat se har net kwalifisearre foar de finale. Yn juny 2014 wûn Wevers op it Nederlânsk kampioenskip goud op 'e balke en sulver op 'e brêge, mei in njoggende plak allround. Dêrnei naam se diel oan it EK, dêr't it Nederlânske team op it njoggende plak einige. Datselde jiers behelle se mei it Nederlânske team op it WK in tsiende plak. Yn 2015 begûn Wevers har seizoen mei in fal ûnder har oefening op 'e balke op 'e wrâldbekerwedstryd yn Ljubljana, wat har in poadiumplak koste en ta in fjirde plak feroardiele. Op it EK fan dat jier wûn se in brûnzene medalje op 'e brêge, mar gie se rom oer de tastiene tiid hinne mei har oefening op 'e balke, wat har in achtste plak opsmiet. Op it WK fan 2015 wûn Wevers yn 'e yndividuële wedstryd in sulverne medalje op 'e balke, wylst se mei it Nederlânske team in achtste plak behelle.
Yn 2016 waard Wevers by it NK kampioene op sawol de balke as de brêge. Sysels en har twillingsuster Lieke makken beiden diel út fan it Nederlânsk Olympysk team fan dat jier. Op 15 augustus wûn Wevers op 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro in gouden medalje op 'e balke, mei in skoare fan 15,466. Dat wie de earste kears út 'e Nederlânske Olympyske skiednis dat in gouden medalje wûn waard by it yndividuële frouljusturnjen. (De twa eardere Olympyske gouden medaljes fan Nederlân yn it turnjen wiene fan it frouljusteam op 'e Olympyske Spullen fan Amsterdam, yn 1928, en fan 'e manlike turner Epke Zonderland op 'e Olympyske Spullen fan Londen, yn 2012.) Foar dizze prestaasje waard Wevers op 21 desimber 2016 útroppen ta Nederlânsk sportfrou fan it jier. Op 15 febrewaris 2017 waard se tegearre mei hurdsylster Marit Bouwmeester fan Warten ek útroppen ta Frysk sportfrou fan it jier 2016.[1] Underwilens wie Wever by de huldiging fan 'e Nederlânske Olympyske ploech op 24 augustus 2016 troch kening Willem-Alexander beneamd ta ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau.
Op it EK fan 2018 yn Glasgow behelle Wever de gouden medalje op 'e balke, wylst se mei de rest fan it Nederlânske team yn 'e lannewedstryd it brûns opstriek. Op it EK fan 2021 yn it Switserske Bazel behelle se de sulveren medalje op 'e balke. Yn datselde jier waarden ek de Olympyske Simmerspullen fan 2020 yn Tokio holden, dy't in jier útsteld wiene omreden fan 'e koroanapandemy. Tsjin dy tiid wie Wever har heit Vincent yn opspraak rekke yn it misbrûkskandaal yn it Nederlânske turnjen, mei't er pupillen geastlik en lichaamlik mishannele hawwe soe. Hy koe dêrom net mei nei de Olympyske Spullen. Yn Tokio waard Wevers al yn 'e kwalifikaasjewedstriden útskeakele.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.