film út 1985 fan Ridley Scott From Wikipedia, the free encyclopedia
Legend is in Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 1985 ûnder rezjy fan Ridley Scott, mei yn 'e haadrollen Tom Cruise en Mia Sara. De titel betsjut "Leginde". It ferhaal giet oer de jonge Jack, dy't útkard wurdt om 'e stiid oan te gean mei de Hear fan it Tsjuster. Dyselde is nammentlik fan doel om 'e wrâld yn in nacht sûnder ein te stoarten troch de lêste ienhoarns te deadzjen. Legend is gauris omskreaun as in "tsjuster mearke" en in weromkear nei de oarspronklike, ysbaarlike mearkes foar't se yn 'e moderne tiid omfoarme waarden ta teltsjes gaadlik foar lytse bern. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't de fisazjy en de kamerarezjy rûnom lof ûntfong. Yn 'e bioskopen draaide Legend út op in flop, mar sûnt de 1980-er jierren is de film útwoeksen ta in cultklassiker.
Legend | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ridley Scott | |
produsint | Arnon Milchan | |
senario | William Hjortsberg | |
kamerarezjy | Alex Thomson | |
muzyk | Jerry Goldsmith (ynternasjonale ferzje en director's cut) Tangerine Dream (Am. ferzje) | |
filmstudio | Embassy International Pictures | |
distribúsje | Universal Pictures (Noard-Am.) 20th Century Fox (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Cruise Mia Sara | |
byrollen | David Bennent Tim Curry Alice Playten Annabelle Lanyon | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 13 desimber 1985 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | fantasy-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 093 minuten (ynternasj. ferzje) 089 minuten (Am. ferzje) 114 minuten (director's cut) | |
budget en resultaten | ||
budget | $24,5 miljoen | |
opbringst | $23,5 miljoen |
Om 'e wrâld yn in nacht sûnder ein te stoarten stjoert de Hear fan it Tsjuster de eardske Blix út om 'e lêste beide ienhoarnen te deadzjen dy't yn it wâld om syn kastiel hinne libje, mei't dat magyske wêzens binne dy't it ljocht beskermje. Blix moat de hoarnen fan 'e ienhoarnen, dy't de sit fan harren macht binne, mei weromnimme. Blix en syn trewanten Pox en Blunder stjitte yn it wâld op 'e balstjurrige minsklike prinsesse Lili, dy't in besyk bringt oan har frijer, de jonge wâldbewenjende klúzner Jack, dy't de talen fan alle bisten sprekt. Nei't se in skoft tútsjeboarte hawwe, nimt Jack Lili mei om har de ienhoarnen sjen te litten, hoewol't dat eins ferbean is. Jack blyndoeket Lili om 'e lokaasje fan 'e wêzens geheim te hâlden, mar se wurde temûk folge troch de trije eardsken.
As se de ienhoarnen sjocht, rekket Lili alhiel ûnder de tsjoen fan 'e prachtige wêzens. Ynstee dat se harren fan in ôfstân ôf besjocht, stapt se der op ta, en liedt se de hynst ôf troch him oan te heljen, eat dat ek al ferbean is. Unbedoeld jout dat Blix de kâns om 'e hynst mei in fergiftige pylkje út in blaaspiip te reitsjen. De ienhoarnen naaie út en Lili, dy't net beseft wat der bard is, keart werom by Jack, wêrnei't se syn noed oer har dwaan mei de gek beslacht. Ynstee docht se har ring ôf en goait dy yn in poel, wylst se seit dat se trouwe sil mei wa't dy ring ek mar fynt. Dat is genôch foar Jack om it sieraad efternei te dûken.
Wylst Jack ûnder wetter is, fine de eardsken de stjerrende ienhoarnhynst en hout Blix syn hoarn ôf. It gefolch is dat der fan it iene op it oare stuit in apokalyptyske winter oer it wâld útstoart wurdt. Lili wurdt troch panyk befongen en naait út. Tsjin 'e tiid dat Jack boppe komme moat om lucht, leit der in tsjûke iislaach oer de poel, dêr't er mei grou geweld trochhinne brekke moat. Underwilens siket Lili beskûl yn 'e wente fan in befreone klokmakker oan 'e râne fan it wâld, dêr't se lykwols de lju beferzen oantreft. De eardsken hâlde ûnderweis werom nei harren master by deselde wente ho, en Lili moat har ferskûlje op 'e souder. Ut it praat fan 'e eardsken wurdt se gewaar wat der bard is en hokker rol sy dêr sels yn spile hat. Se swart by harsels dat se har misse set behimmelje en de wrâld rêde sil.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Lili folget de eardsken nei in moeting mei de Hear fan it Tsjuster. Blunder grypt de magyske hoarn en besiket syn master ûnder fuotten te heljen, mar dy weeft sûnder swierrichheden mei him ôf en lit him ôffiere nei syn tsjerkers. Hy makket Blix en Pox dúdlik dat der gjin ivich tsjuster komme kin salang't de ienhoarnmerje noch libbet, en stjoert harren wer út om dêr wat oan te dwaan. Underwilens hat Jack selskip krigen fan 'e elf Honeythorn Gump, de dwergen Brune Tom en Screwball en it elfke Oona, dy't him úthearre oer syn eigen belutsenens by it fiasko mei de ienhoarnen. Gump is tige strang, oant Jack seit dat er Lili meinommen hat út leafde, wat neffens Gump alles feroaret.
Fiifresom sette se ôf om 'e ienhoarnen te finen en treffe de libbenleaze hynst en de razene merje oan. Jack barst yn gûlen út en ûntskuldiget him foar de merje oer, dy't him fertelt dat de hoarn werombrocht wurde moat. Gump ornearret dat sa'n kweeste inkeld ferfolle wurde kin troch immen dy't rein fan hert is en wiist Jack der sels foar oan. Se litte Brune Tom efter om 'e ienhoarnen te bewekjen, wêrnei't Gump de oaren meinimt nei in oerâld wapenarsenaal, dêr't Jack tarist wurdt mei in swurd, skyld en wapenris. Underwilens besiket Lili har eardere flater goed te meitsjen troch te helpen om 'e ienhoarnmerje tsjin 'e eardsken te ferdigenjen, mar Blix en Pox weve ôf mei Brune Tom en nimme dêrnei sawol de ienhoarn as Lili finzen.
As Jack-en-dy weromkomme op it plak dêr't se de ienhoarn en Brune Tom efterlitten hawwe, blykt Tom inkeld bewusteleas te wêzen. Se hearre fan him wat der bard is, en hastigje har nei it kastiel fan 'e Hear fan it Tsjuster, dat middenyn in sompe stiet. Underweis wurde se oanfallen troch de sompeheks Meg Mucklebones, mar Jack ferslacht har troch op har idelheid te spyljen en har ûnferhoeds de holle ôf te slaan as se harsels yn 'e wjerskyn fan syn skyld bewûnderet.
As se it kastiel berikke, knoffelje Jack-en-dy yn in hast rjochtdel geande skacht, dy't harren ôfleveret yn 'e tsjerkers by de koken. Dêr moetsje se Blunder, dy't yn 'e oanbuorjende sel sit. As er syn gesichtsbedekkende helm ôfset, blykt er gjin eardske, mar in elf te wêzen dy't fan it rjochte paad ôfrekke is. Fuort neitiid wurdt er fuortsleept troch in oger om yn in pastei bakt te wurden. Jack wol dat Oona, dy't fereale op him is en him sjen litten hat dat se de foarm fan in minske oannimme kin, har macht brûkt om 'e kaaien fan harren sel op te heljen. Sy wol dat wol dwaan, mar wol yn ruil dêrfoar in tút fan him hawwe. In ienfâldige pat op it wang nimt se gjin genoegen mei, mar Jack fielt der neat foar om har op 'e lippen te tútsjen. As se de foarm fan Lili oannimt, wifket er, mar úteinlik wegeret er har, en fertelt er har dat "minsklike herten sa net wurkje". Oona is frijwat misledige, mar bringt harsels tebinnen wat der op it spul stiet en hellet likegoed de kaaien op.
Wylst Jack, Gump, Screwball, Brune Tom en Oona it kastiel yn tsjogge om Lili en de ienhoarnmerje te sykjen, is de Hear fan it Tsjuster fereale rekke op Lili. Hy besiket har te ferlieden mei juwiellen, in moaie jûpe en ûnthjitten fan macht en gloarje. Nei lang tsjinaksele te hawwen, stimt se deryn ta om mei him te trouwen op it betingst dat sy dejinge wêze sil dy't de ienhoarnmerje deadzje sil by it oankommend ritueel. Jack en Gump hawwe Lili ûnderwilens opspoard en lústerje har petear mei de Hear fan it Tsjuster ôf. As dyselde Lili útleit wêrom't it sa wichtich foar him is om it foar ivich nacht te meitsjen, ûntdekke se dat deiljocht deadlik foar him is. Werom by de koken moetsje se Brune Tom en Screwball, dy't yn 'e tuskentiid de merje weromfûn hawwe yn 'e tsjerkers. Nei't se Blunder befrijd en twa ogers ferslein hawwe, brûke se de oergrutte metalene petielen út 'e koken om fan bûtenôf sinneljocht te wjerkeatsen nei de romte dêr't de ienhoarnmerje offere wurde sil.
It ritueel begjint foar't de petielen allegear opsteld binne. Jack pakt syn pylk-en-bôge om yn te gripen, en Gump fiteret him oan om Lili del te sjitten, dy't ommers op it punt stiet om 'e ienhoarn te deadzjen. Mar Jack fertrout Lili en sjit syn pylk ynstee ôf op 'e Hear fan it Tsjuster. Ynstee dat se ienhoarn deadet, hout Lili mei har swurd it keatling troch dat it bist fêsthâldt. De ienhoarn naait út, mar Lili wurdt delslein troch de Hear fan it Tsjuster. Jack springt foar it ljocht en befjochtet de Hear fan it Tsjuster, dy't oeral wol ûnkwetsber foar liket, oant er him op 't lêst ferwûnet mei de hoarn fan 'e ienhoarnhynst. As it langferwachte sinneljocht einlings de romte ynreflektearre wurdt, blaast it de Hear fan it Tsjuster nei de râne fan in grutte leechte ta, oant er himsels fêsthâldt oan 'e hoarn dy't er fan Jack ôfpakt hat. Gump fiteret Jack oan om 'e Hear fan it Tsjuster te deadzjen, mar dyselde warskôget Jack dat er nea wier ferslein wurde kin, om't it kwea yn eltsenien sit. Jack wifelet, en slacht him dan de hân ôf dy't de hoarn fêsthâldt, wêrnei't de Hear fan it Tsjuster ferdwynt yn 'e leechte.
Neitiid bringt Gump de hoarn werom by de ienhoarnhynst, dy't dêrtroch wer ta libben komt, sadat de winter like abrupt einiget as er begûn. Lili kin lykwols net by bewustwêzen brocht wurde. Gump wiist derop dat Jack syn opdracht noch net folslein folbrocht hat; dêrop dûkt er op 'e nij yn 'e poel en fynt diskear Lili har ring. As er dy by har bringt, wurdt se wekker. Se sprekke harren leafde foarinoar út en beslute om te trouwen. Neiweaun troch de elven, dwergen en de weriene ienhoarnen, drave se de ûndergeande sinne yn 'e mjitte.
Der binne eins trije ûnderskate ôfrinnen fan Legend. Hjirboppe is de ein fan 'e ynternasjonale (of Jeropeeske) ferzje fan 'e film beskreaun. De Amerikaanske ferzje is fierhinne itselde, mar lit, nei't Jack en Lilli de ûndergeande sinne temjitte draafd binne, noch de Hear fan it Tsjuster sjen, dy't laket wylst er harren út 'e leechte wei beächtet.
Yn 'e director's cut besiket Jack, nei't Lili wekker wurden is, har derfan te oertsjûgjen dat alles dat se belibbe hat, mar in dream wie. Hy wit har dêr lykwols net fan te bepraten. Se sprekke harren leafde foarinoar út, mar beseffe dat se sokke folslein ferskillende libbens liede, dat it neat tusken harren wurde kin. Lili stelt dêrom tenei in poer platoanyske freonskip foar, en Jack leit him dêrby del. Lili set ôf nei hûs om har lang ferwaarleazge taken as prinsesse op te nimmen, en Jack draaft blier it wâld yn, de ûndergeande sinne yn 'e mjitte, dêr't er opwachte wurdt troch de elven, dwergen en de weriene ienhoarnen.
personaazje | akteur/aktrise |
Jack | Tom Cruise |
prinsesse Lili | Mia Sara |
personaazje | akteur/aktrise |
Honeythorn Gump | David Bennent |
Alice Playten (stim) | |
de Hear fan it Tsjuster | Tim Curry |
Blix | Alice Playten |
Oona | Annabelle Lanyon |
Screwball | Billy Barty |
Brune Tom | Cork Hubbert |
Pox | Peter O'Farrell |
Blunder | Kiran Shah |
Meg Mucklebones | Robert Picardo |
Nell | Tina Martin |
Wylst er yn 1976 yn Frankryk De Duellists opnaam, krige regisseur Ridley Scott it idee foar Legend doe't in oar filmprojekt yn tarieding, Tristan & Isolde tydlik op 'e lange baan skood rekke. Om't er lykwols miende dat sa'n mearke-eftich ferhaal inkeld slagje koe as filmhûsfilm mei in beheinde publike belangstelling, seach er der foarearst fanôf. Hy makke Alien en die preproduksjewurk oan Dune, in film dy't úteinlik makke wurde soe troch regisseur David Lynch. Neitiid gie Scott dochs wer mei syn idee foar in mearke oan 'e gong, dat er basearre op eleminten út 'e klassike mearkes fan 'e bruorren Grimm. It moast in ferhaal oer in jonge klúzner wurde dy't feroaret yn in held om tsjin it Tsjuster te fjochtsjen en sa in tsjeppe prinsesse te rêden en de wrâld te frijwarjen fan in winterske flok.
Scott woe in orizjineel senario foar syn film hawwe, mei't er derfan oertsjûge wie dat it folle makliker wie om in ferhaal oan te passen oan 'e beheinings fan 'e filmkeunst as om dat medium út te rekken om in besteand ferhaal te ferfilmjen. By tafal kaam er inkele boeken tsjin fan 'e Amerikaanske romanskriuwer William Hjortsberg, dy't ek al in pear senario's skreaun hie foar lowbudgetfilms. Scott frege him om it skript foar syn mearke te skriuwen, dat op dat stuit de wurktitel Legend of Darkness hie. Krekt foar't de opnamen fan syn film Blade Runner begûnen, loek Scott fiif wiken út om mei Hjortsberg yn grutte halen in plot op te stellen. Hjortsberg wurke doe op basis dêrfan it senario út.
Tsjin 'e tiid dat Scott Blade Runner ôf hie, wie it senario klear, mar de earste ferzje wie hiel lang en tige djoer en ûnpraktysk om te ferfilmjen. Dat Scott en Hjortsberg giene der tegearre trochhinne en begûnen stikken fuort te snijen. Yn 'e earste ferzje fan it senario wie de kweeste fan Jack folle langer, mar der waarden neitiid frijwat ûnnedige omballingen fuortsmiten om it ferhaal sa kompakt mooglik te meitsjen en sa in mear modern tempo nei te bearen. Scott woe de 'gewoane' wrâld bûten it magyske wâld sa min mooglik sjen litte en besleat it te litten by de klokmakkerswente. Uteinlik waarden der fyftjin ferzjes fan it senario makke foar't Scott derfan oertsjûge wie dat er in ferfilmber skript hie. De styl fan Legend wie sterk beynfloede troch de tekenfilms fan Walt Disney Productions, en Scott bea syn projekt by de studio oan, mar dêr wiene se yntimidearre troch de dûnkere toan fan 'e film yn in tiid dat Disney him noch útslutend talei op famylje- en bernefilms.
Legend waard úteinlik produsearre troch Arnon Milchan foar Embassy International Pictures N.V. Der wie in budget fan $24,5 miljoen foar de film beskiber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alex Thomson. De opnamen setten op 26 maart 1984 útein yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. De fisazjy stie ûnder lieding fan Rob Bottin. Akteur Tim Curry, dy't de Hear fan it Tsjuster spile, mei spjalten hoeven en reuseftige bollehoarnen op 'e holle, moast eltse dei fiif en heal oeren opmakke wurde (en ek noch mear as in oere wer 'ôf'-makke). Op 27 juny, tsien dagen foar't de hier fan 'e filmset ôfrûn, baarnde de hiele set ôf. Dat barde ûnder it middeisskoft, dat nimmen rekke ferwûne. Scott goaide it filmskema om, sadat er mar trije filmdagen ferlear en earst oare dingen opnaam wylst de art director en syn ûnderhearrigen de set wer op 'e nij opbouden.
Fanwegen de brân waarden de sênes wêryn't Lili de ienhoarnen foar it east moetet en dy wêryn't se de klokmakkerswente yn 'e snie oantreft, filme yn 'e tún efter it haadgebou fan 'e Shepperton Studios yn Surrey. De ûnderwettersênes yn 'e poel waarden opnommen yn Silver Springs yn Floarida, fanwegen de helderheid fan it wetter dêre. Tom Cruise die al syn eigen swim- en dûkwurk yn wetter dêr't neffens Scott minder as acht meter fierderop alligators sieten.
De filmmontaazje waard dien troch Terry Rawlings, ûnder tafersjoch fan Scott. De earste ferzje fan 'e film hie in spyldoer fan 125 minuten. Se besleaten dat dêr noch wol wat ôf koe en skaafden him by ta 113 minuten. Dy ferzje waard in testpublyk yn Orange County foarset. Men besleat dat it publyk der tefolle wurk fan hie om fermakke te bliuwen, dat der waarden nochris 20 minuten fuortknipt. De resultearjende ferzje fan 93 minuten kaam yn it Feriene Keninkryk en oare Jeropeeske lannen yn 'e bioskoop, mar foar de Feriene Steaten knipten Rawlings en Scott nochris 4 minuten fuort, sadat der in ferzje fan 89 minuten ûntstie.
Scott lei de reden foar de ferskillende ferzjes út yn in fraachpetear. Neffens him soe it Jeropeeske filmpublyk mear fyn ynlein wêze en subtiliteiten begripe, wylst Amerikanen "mei in bredere kwaste fervje". De Jeropeeske ferzje waard foarsjoen fan 'e dreamerige filmmuzyk fan Jerry Goldsmith, wylst foar de Amerikaanske ferzje in folslein oare soundtrack mei technopopmuzyk makke waard troch Tangerine Dream. Yn 2000 djippe Universal út syn argiven de ferzje fan 113 minuten mei de filmmuzyk fan Jerry Goldsmith op. Dêr blieken frijwat ûngerjochtichheden yn te sitten, dy't neitiid digitaal behimmele waarden, soms mei bylden út 'e úteinlike Amerikaanske ferzje fan 'e film. Sa ûntstie in ferzje fan 114 minuten dy't as director's cut útbrocht waard.
De distribúsje fan Legend waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Universal Pictures en dêrbûten troch 20th Century Fox. De film gie op 13 desimber 1985 yn it Feriene Keninkryk yn premiêre, mar kaam pas op 18 april 1986 yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen. It opûnthâld waard feroarsake trochdat de nije soundtrack noch makke wurde moast troch Tangerine Dream. Legend waard al yn 'e 1980-er jierren útbrocht op VHS-keapfideo. Yn 2002 ferskynde de film op dvd en yn 2011 op blu-ray. De director's cut kaam út yn 2002.
Fan 'e filmkritisy krige Legend mingde resinsjes. Steve Biodrowski fan Cinefantastique priizge de film, wêrby't er yn 't bysûnder lof hie foar de fisazjy fan Rob Bottin en de rol fan Tim Curry as de Hear fan it Tsjuster. Yn 'e Los Angeles Times fûn Kevin Thomas de bylden fan 'e film "in wielderich, ryk kleure feestmiel", mar hy wie ek fan miening dat de plot "dochs grif mear humor en útfynsels brûke kinnen hie". Vincent Canby fan The New York Times moast lykwols neat fan 'e film hawwe. Hy neamde Legend "in rynkrank gearfoechsel it Alde Testamint, Kening Arthur, The Lord of the Rings en lykfol hoefolle stripboeken."
Yn 'e Chicago Tribune joech Gene Siskel Legend sels mar 1/2 fan 4 stjerren. Neffens him wie it skriuwen fan in resinsje oer de film "krekt it jin yn it sin bringen fan in nachtmerje". Dêr heakke er oan ta: "Ik wol my fan Legend inkeld noch de wissichheid tebinnenbringe kinne dat ik him tafoege haw oan myn 'minste film fan 1986'-list." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times priizge de fisazjy en ek it aktearjen fan Tim Curry en Tom Cruise, al heakke er dêr oan ta dat de fisazjy en special effects sa goed wiene dat hast eltsenien dy rollen wol spylje kinnen hie. Hy konkludearre dat de film alle yngrediïnten hie om goed te wêzen, mar dat er "ienfâldichwei net wurket. […] Alle special effects yn 'e wrâld en alle geweldige make-up en alle prachtige muppetskepsels kinne in film net rêde as dy gjin dúdlik idee hat oer wat er wol en gjin freugde yn syn eigen prestaasje."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Legend in goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sels de byldmoaie oanklaaiïng fan Ridley Scott kin [dizze film] net rêde fan syn eigen ûnnoazele ferhaaltsje, hoewol't it der faaks wol mei troch kin foar lju dy't it inkeld te dwaan is om in fantasyfilm dy't it each strielet."
Legend brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $15,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $23,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $24,5 miljoen betsjut dat in ferlies fan $1 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme. Nettsjinsteande it feit de Legend dus kommersjeel yn 't earstoan in flop wie, groeide de film letter út ta in cultklassiker.
Legend wûn yn 1985 de priis foar bêste kamerarezjy fan it Britsk Genoatskip fan Kameraregisseurs (BSC) foar Alex Thomson. De film waard fierders yn 1986 nominearre foar de Oscar foar bêste fisazjy, de BAFTA's foar bêste fisazjy, bêste kostúmûntwerp en bêste special effects en de Saturn Award foar bêste fisazjy. Sawol Tom Cruise as Mia Sara waard nominearre foar in Young Artist Award.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.