From Wikipedia, the free encyclopedia
In wurktitel is in foarriedige titel dy't brûkt wurdt foar in produkt dat noch yn ûntwikkeling is en dêr't noch gjin definitive namme foar betocht is. De reden foar it brûken fan in wurktitel is dat in projekt dêr't ferskate persoanen oan wurkje, mar dêr't noch gjin fêste titel foar betocht is, in namme hawwe moat sadat der net hieltyd ferlet is fan in lange en omslachtige omskriuwing as men it deroer hawwe wol. In synonym foar wurktitel is produksjetitel, in term dy't fral gongber is yn 'e filmyndustry. Wurktitels wurde brûkt foar û.m. boeken, films, tillefyzjesearjes, tillefyzjefilms en oare tillefyzjeprogramma's, fideospultsjes, muzykalbums, lieten en softwareprogramma's. As in wurktitel foldocht, leit it yn 'e reden dat er meitiid de definitive titel wurdt. Faak is der lykwols oer in wurktitel net safolle neitocht om't it dochs mar in tydlike namme is, en wurdt letter in bettere oantsjutting betocht.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.