Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De kuorhin of bjirkhin[1] (wittenskiplike namme: Lyrurus tetrix) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae), de tûke fan 'e rûchpoathinnen (Tetraonini) en it skaai fan 'e kuorhinnen (Lyrurus). It is in relatyf grutte stânfûgel, dy't yn noardlik Jeraazje foarkomt. Yn Nederlân is er sûnt de njoggentjinde iuw seldsum, en yn Fryslân komt er hielendal net mear foar. Kuorhinnen libje simmerdeis op heidefjilden en steppes, mar oerwinterje yn tichte wâlden. Dizze fûgel fertoant in sterke seksuele dimorfy. De hoannen steane bekend om har pronkjen yn 'e peartiid, mar de hinnen bringe allinnich de piken grut. De neiste sibbe fan dizze fûgel is de Kaukazyske kuorhin (Lyrurus mlokosiewiczi), dy't allinne mar yn 'e Kaukasus foarkomt. De IUCN klassifisearret de kuorhin as net bedrige.
kuorhin | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lyrurus tetrix | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It ferspriedingsgebiet fan 'e kuorhin beslacht yn Jeropa it Skandinavysk Skiereilân en Finlân útsein it uterste noarden, mei oanslutende gebieten yn Ruslân, wêrûnder it Kolaskiereilân en Kareelje. It rint fierder yn noardlik en sintraal Ruslân en omfiemet de Baltyske lannen en Wyt-Ruslân hielendal, mei dêropta eastlik Poalen en de noardwestlike Oekraïne. Westlik fan dat oaniensletten gebiet is de fersprieding folle mear fragmintearre, útsein yn 'e Alpen, dêr't kuorhinnen foarkomme fan súdeastlik Frankryk oant noardlik Sloveenje.
Isolearre populaasjes komme op it fêstelân fan Jeropa foar yn noardlik en súdlik Albaanje, noardlik Roemeenje, de westlike Oekraïne, súdlik Poalen, westlik Slowakije, noardlik en súdwestlik Tsjechje, súdlik, sintraal en noardwestlik Dútslân, de Ardinnen fan Belgje en Lúksemboarch en dielen fan eastlik Nederlân. Yn Bulgarije ferdwûn de kuorhin yn 'e njoggentjinde iuw. Yn Denemark waard dizze fûgel yn 2001 foar útstoarn ferklearre. Op 'e Britske Eilannen komt de kuorhin foar yn in grut diel fan Skotlân en in oanslutend part fan noardlik Ingelân oant en mei it Penninysk Berchtme. Ek yn westlik Wales libbet er. Yn súdlik Ingelân is de kuorhin no útstoarn.
Bûten Jeropa bestiet der in grut oaniensletten ferspriedingsgebiet yn noardlik Aazje, dat súdwestlik en súdlik Sibearje beslacht, oanfolle mei noardlik Kazachstan, eastlik Kirgyzje, noardlik Sinkiang-Oeigoerje, noardlik en westlik Mongoalje, de Transbaikal, noardlik en eastlik Mantsjoerije, it westen fan it Kustterritoarium yn it Russyske Fiere Easten en in diel fan it noarden fan Noard-Koreä.
Yn Fryslân kamen kuorhinnen yn it ferline foar op 'e heidegebieten yn it súdeasten fan 'e provinsje, lykas de Liphúster Heide, de Duerswâldmer Heide en de Dellebuorster Heide. Dêr stoar dizze fûgel omtrint de Twadde Wrâldoarloch út. Yn Nederlân komt dizze fûgel no inkeld noch hiel ferspraat foar yn Twinte, de Achterhoeke en miskien súdeastlik Drinte.
De kuorhin is in relatyf grutte fûgel. De hoannen hawwe trochinoar in kop-sturtlingte fan 49–60 sm. Harren gewicht bedraacht yn trochsneed 1,1–1,3 kg, mei útsjitters nei wol 2,1 kg. De hinnen binne in stik lytser, mei in lingte fan 40–45 sm en in gewicht fan 750 g oant 1,1 kg.
Fan uterlik is de seksuele dimorfy fan 'e geslachten noch grutter. De hoanne hat op kop, hals, nekke, rêch, wjukken, boarst, bealch en sturt fearren yn in swart mei dûnkerbrún pronkkleed, dêr't in djip blauwe glâns oer leit. Dy kleuren kontrastearje gâns mei de wite fearren by de wjukline lâns en op 'e stuten, ûnder de sturt, en ek mei de fel reade kammen dy't de hoannen as in soarte fan healrûne wynbrauwen boppe de eagen hawwe.
De hin fan 'e kuorhin is folle saaier kleure, mei ljochtbrune fearren oer it hiele lichem, dy't yn 'e breedte swarte streken hawwe. Dat is in folle bettere skutkleur as dat de hoannen hawwe, en de hinnen hawwe fan dy kamûflaazje ek ferlet as se op it nêst sitte te brieden.
De sturt fan 'e kuorhin hat by beide geslachten (mar it opfallendst by de hoannen) oan wjerskanten in fear, dy't langer is as de middelste fearren en dy't nei bûten ta krollet. Dat jout de sturt de foarm fan in liere en hat oanlieding jûn ta de wittenskiplike namme fan it skaai fan 'e kuorhinnen, Lyrurus, dat yn it Gryksk letterlik "lieresturt" bestjut.
Kuorhinnen libje yn twa ferskillende biotopen. Se bringe de simmer troch yn iepen gebieten: almeast heide of steppe, mar ek wol greiden. Se oerwinterje lykwols yn tichte nullewâlden of mingde wâlden. Sadwaande komme se gauris foar by de wâldsiggen lâns.
De kuorhin bringt it simmerhealjier troch op 'e iepen romte fan almeast heidefjilden en steppes, mar oerwinteret yn groepsferbân yn tichte nullewâlden of mingde wâlden. Kuorhinnen binne stânfûgels mei dizze kanttekening dat se yn 'e noardlikste parten fan harren ferspriedingsgebiet faak hûnderten kilometers fier omdoarmje op 'e sneup nei gaadlik fretten. Dat dogge se faak ek wer yn in groep. Winterdeis grave se, yn gebieten dêr't in protte snie falt, hoalen ûnder it snietek. Dêr lûke se har sawol oerdeis as nachts yn werom om enerzjy te besparjen, mei't se fan dy enerzjy yn dy tiid fan it jier ferlet hawwe om waarm te bliuwen.
Kuorhinnen hawwe in tige ûnderskate en goed dokumintearre balts. Eltse moarn yn 'e maityd geane de hoannen in kompetysje mei-inoar oan om in territoarium ôf te beakenjen yn 'e hoop om hinnen te lokjen dy't pearje wol. Dêrby stappe se pronkjend om mei as doel om harren fitaliteit en krêft te toanen, wylst se de sturt útteare ta in waaierfoarm, en de halsfearren opsette. De sang fan 'e hoannen bestiet út in lang, boarreljend roekoejen as fan dowen. Hinnen dy't it plak fan it fertoan besykje, kieze de sûnst útstjende hoanne út om mei te pearjen. Yn West-Jeropa komme mar selden mear as 40 fûgels gear om te pronkjen of in pearingspartner út te kiezen, mar yn Ruslân is in oantal fan 150 eksimplaren net ûngewoan en binne gefallen dokumintearre dat der wol 200 fûgels gearkamen.
Behalven mei partners fan deselde soarte, kinne kuorhinnen op plakken dêr't ferspriedingsgebieten oerlaapje ek hybriden produsearje mei besibbe rûchpoathinnen. Dêrby giet it benammen om 'e auerhin (Tetrao urogallus), de rotsauerhin (Tetrao urogalloides), de boskhin (Tetrastes bonasia), de moerassniehin (Lagopus lagopus) en de skerpwjukhin (Falcipennis falcipennis). Der binne fierders dokumintearre gefallen dat in kuorhin peare en hybride neikommelingen produsearre mei de folle minder nau besibbe fazant (Phasianus colchicus).
Nei de pearing hat de hoanne fierders mei it hiele fuortplantingsproses neat mear út te stean. De hin fljocht fuort om in gaadlik plak foar in nêst te sykjen. It nêst is in ûndjip dobke fan 23–28 sm lang by 10–11 sm breed, dat se útskrabet yn 'e grûn en dat ferburgen leit tusken opgeande begroeiïng, tusken de woartels fan in beam of yn in rotsspjalt. It wurdt beklaaid mei gers, blêden en fearren. Hiel selden wurdt in 'twaddehâns' rôffûgelnêst útkeazen, dat him hielendal net op 'e grûn, mar oant wol 7 m heech yn in beam befynt.
De hin leit 6–11 krêmkleurige, hiel lichtsjes bespikkele aaien. De briedtiid duorret by kuorhinnen 23–28 dagen. De piken binne nêstflechters dy't binnen oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst ferlitte kinne. Se wurde troch de hin net fuorre, mar nei plakken ta begelaat dêr't se harsels fuorje kinne. Yn 't earstoan frette se ynsekten en oare lytse wringeleazen, oant har spiisfertarring safierhinne ûntwikkele is dat se oerstappe kinne op it plantaardich dieet fan 'e folwoeksen fûgels. Mei 10–14 dagen kinne se al koarte eintsjes fleane. Tsjin 'e ein fan 'e simmer binne se selsstannich en geane se by de hin wei.
Yn it simmerhealjier frette kuorhinnen beien, útsprutende planten en stâlen. Wat de beien oangiet, hawwe se in foarkar foar reade blebberbei (Vaccinium vitis-idaea), blauwe blebberbei (Vaccinium myrtillus) en lytse feanbei (Vaccinium oxycoccos). As se winterdeis tahâlde yn nullewâlden of mingde wâlden, geane se oer op in menu fan knoppen fan û.m. de (gewoane) din (Pinus sylvestris), de Sibearyske liere (Larix sibirica), de blanke bjirk (Betula pendula) en de esp (Populus tremula).
De kuorhin hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje dêre stabyl liket te wêzen. Yn it westlike part fan it ferspriedingsgebiet, benammen yn West-Jeropa, is it mei dizze fûgel lykwols slim yn it neigean rekke en is er folslein út ferskate gebieten ferdwûn, wêrûnder Bulgarije, Denemark, súdlik Ingelân en Fryslân.
Yn guon oare gebieten, wêrûnder eastlik Nederlân, komme allinnich noch mar restpopulaasjes foar. It belúnjen fan 'e kuorhinnepopulaasje falt yn sokke gefallen faak ien-op-ien gear mei it weiwurden fan gaadlike habitats, lykas heidegebieten. Yn 'e Sjuera en de Alpen yn Frankryk is in protte ûndersyk dien nei it risiko dat kuorhinnen rinne om tsjin skyliften oan te fleanen. Ek yn Mantsjoerije (noardeastlik Sina) is it mei de kuorhin yn it neigean rekke: de populaasje belune dêre tusken 1950 en 2000 mei 39%.
Op plakken dêr't er noch genôch foarkomt, is de kuorhin lykwols in fûgel dy't graach troch de minske bejage wurdt. Behalven dat it fleis iten wurdt, waarden kuorhinnen foarhinne (en miskien noch wol) gauris sketten om 'e sturtfearren, dy't populêre fersiersels binne. Sa wurdt yn 'e Skotske dracht as plom op Balmoral-baretten, glengarrys en tam o' shanters gauris in kuorhinnefear droegen, ek troch fluitspilers fan Skotske muzykkorpsen en as ûnderdiel fan it parade-unifoarm fan beskate rezjiminten fan it Britske Leger (de Royal Scots, de King's Own Scottish Borderers en de Royal Regiment of Scotland).
Der binne 6 (stân fan saken yn 2012) erkende ûndersoarten fan 'e kuorhin (Lyrurus tetrix):
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.