Irrfan Khan

From Wikipedia, the free encyclopedia

Irrfan Khan

Irrfan Khan of koartwei Irrfan (wiere namme: Sahabzade Irfan Ali Khan; Jaipur, 7 jannewaris 1967Bombay, 29 april 2020) wie in Yndiaask film-, tillefyzje- en toanielakteur. Hy waard yn syn heitelân bekend mei rollen yn Haasil, Maqbool, The Namesake, Life in a… Metro en Paan Singh Tomar. Foar de titelrol yn dy lêste film wûn Khan yn 2013 de National Film Award yn 'e kategory bêste akteur. Dêrnjonken wûn er in Asian Film Award foar syn rol yn The Lunchbox, en dêropta noch fjouwer Filmfare Awards. Yn 2011 waard him fierders fan oerheidswegen de ûnderskieding Padma Shri takend. Behalven yn Bollywood-produksjes spile Khan ek yn ferskate Britske en Amerikaanske films, wêrûnder Slumdog Millionaire, The Amazing Spider-Man, Life of Pi, Jurassic World en Inferno. Neffens filmkritikus Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian wie Khan dêrmei fan grutte wearde as ferbining tusken Bollywood en Hollywood.

Fluch de feiten
Irrfan Khan
akteur
Thumb
persoanlike bysûnderheden
echte nammeSahabzade Irfan Ali Khan
nasjonaliteit Yndiaask
berne7 jannewaris 1967
berteplakJaipur (Radjastan)
stoarn29 april 2020
stjerplakBombay (Maharasjtra)
etnisiteit Pataansk
jierren aktyf19852020
prizenNational Film Award 2013
Asian Film Award 2014
Filmfare Award
offisjele webside
Irrfan Khan op Instagram
Slute

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Khan waard yn 1967 berne yn 'e stêd Jaipur, yn 'e Yndiaaske steat Radjastan, as telch yn in islamityske famylje fan etnysk Pataansk komôf. Syn heit, Yaseen Ali Khan, dy't autobannen ferkocht, kaam út it doarp Khajuriya, yn it distrikt Tonk, wylst syn mem, Saeeda Begum Khan, ôfkomstich wie út 'e stêd Jodhpur. Khan brocht syn jonkheid troch yn Tonk en letter yn Jaipur. Hy wie goed yn cricket, de nasjonale sport fan Yndia, en waard op in stuit útkeazen om mei te dwaan oan 'e CK Nayudu Trophy, in toernoai foar spilers ûnder de 23 jier dat beskôge wurdt as in opstapke nei it profesjoneel beoefenjen fan cricket. Khan moast lykwols ferstek gean litte om't er de kosten fan 'e reis dêrhinne net opbringe koe.

Troch in omke oan memmekant dy't teäterartyst yn Jodhpur wie, kaam Khan foar it earst yn oanrekking mei aktearjen. Fia de omke kaam er neitiid yn 'e kunde mei ferskate ferneamde toanielspilers yn syn wenplak Jaipur, dêr't er inkele kearen op 'e planken stie foar't er him yn 1984 ynskriuwe liet oan 'e Nasjonale Toanielskoalle (NSD) yn New Delhi. Nei't er dy oplieding yn 1987 ôfrûne hie, ferfear er nei Bombay, it sintrum fan 'e Hindytalige Yndiaaske filmyndustry, dy't bekendstiet ûnder de namme Bollywood. Dêr fûn er net daliks wurk as akteur, en sadwaande ûnderhold er himsels ferskate jierren as reparateur fan airconditioningapparatuer. Yn dy hoedanichheid kaam er ûnder mear yn 'e hûs by syn grutte idoal, de akteur Rajesh Khanna, wat er letter yn in fraachpetear omskriuwe soe as in bizarre ûnderfining.

Aktearkarriêre

Iere jierren

Syn earste rol hie Khan fan 1985 oant 1986 yn 'e tillefyzjesearje Shrikant. Yn 1987, koart nei't er slagge wie oan 'e Nasjonale Toanielskoalle, waard him in lyts roltsje oanbean yn 'e film Salaam Bombay!, fan Mira Nair; syn sênes waarden lykwols by de filmmontaazje fuortsnien. Sadwaande wie syn debút op it wite doek de rol dy't er yn 1989 hie yn 'e film Kamla Ki Maut, fan regisseur Basu Chatterjee, as tsjinspiler fan Roopa Ganguly. Yn 'e 1990-er jierren hie Khan lytse rollen yn súksesfolle films as Ek Doctor Ki Maut (1990) en Such a Long Journey (1998).

Yn datselde desennium fertolke er de rol fan Lenin yn 'e tillefyzjefilm Laal Ghaas Par Neele Ghode, dy't basearre wie op in oersetting troch Uday Prakash fan in Russysk toanielstik fan Michail Sjatrov. Dêrnei waard er cast as in psychoatyske moardner yn 'e tillefyzjesearje Darr, en ek spile er de ferneamde revolúsjonêr, dichter yn it Oerdû en marxistyske politike aktivist Makhdoom Mohiuddin yn searje Kahkashan. Fierders hied er gastrollen yn ferskate oare tillefyzjesearjes, wêrûnder Chanakya, Bharat Ek Khoj, Banegi Apni Baat en Chandrakanta, en weromkearende rollen yn Star Bestsellers en Bhanvar.

Thumb
Irrfan Khan mei aktrise Tabu by de premiêre fan The Namesake, yn 2006.

Trochbraak

Yn 2001 waard Khan troch regisseur Asif Kapadia yn 'e rol fan 'e haadpersoan cast yn 'e Britske histoaryske film The Warrior, dy't opnommen waard op lokaasje yn Himachal Pradesh en Radjastan. Yn 2003 spile er yn 'e koarte film Road to Ladakh, dy't mei in protte lof ûntfongen waard op ferskate ynternasjonale filmfestivals. Datselde jiers hie Khan ek de titelrol yn 'e súksesfolle film Maqbool, in Yndiaaske adaptaasje fan it toanielstik Macbeth, fan Shakespeare. Syn earste haadrol yn in grutte Bollywood-produksje krige er yn 2005, doe't er resjersjeur Uday Rathore spile yn 'e film Rog. Dêrnei krige er yn ferskate grutte films de haadrol of in byrol as de wichtichste antagonist. Yn 2004 wûn er foar sa'n rol yn Haasil syn earste Filmfare Award, yn de kategory bêste smjunt. Hy spile yn 2006 ek de antagonist yn 'e Telûgûtalige film Sainikudu.

Yn 2007 wie Khan te sjen yn 'e kommersjeel tige súksesfolle films The Namesake en Life in a… Metro. Fral dy lêste film waard troch kritisy sjoen as ien fan 'e hichtepunten fan syn karriêre, yn 't bysûnder troch syn treflike gearwurking mei syn tsjinspylster Konkona Sen Sharma. Hy krige dêr in twadde Filmfare Award foar, yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Foar The Namesake waard er nominearre foar in Amerikaanske Independent Spirit Award. Yn 2007 kamen ek twa ynternasjonale films út dêr't Khan yn spile, te witten: A Mighty Heart en The Darjeeling Limited. Yn deselde snuorje wie Khan (ûngewoan foar in Bollywood-stjer) ek aktyf as presintator fan 'e tillefyzjeprogramma's Mano Ya Na Mano en Kyaa Kahein.

Ynternasjonaal súkses

Ynternasjonaal briek Khan yn 2008 troch mei syn rol fan in plysjeman yn Slumdog Millionaire, fan regisseur Danny Boyle. Mei de rest fan 'e cast wûn er foar dy film in Screen Actors Guild Award foar treflik optreden fan in cast yn in langspylfilm. Ek yn 2008 fertolke er as tsjinspiler fan Natalie Portman de rol fan in Gûdjaratyske diamanthanneler yn New York, I Love You. Yn 2009 spile Khan yn 'e film Acid Factory, en hied er de rol fan in FBI-agint yn de film New York. Yn 2010 wied er te sjen as de iensume widner Sunil yn 'e Amerikaanske tillefyzjesearje In Treatment.

Khan spile de rol fan dokter Rajit Ratha yn 'e superheldefilm The Amazing Spider-Man, dy't yn 2012 útkaam. Datselde jiers wied er te sjen yn ien fan syn bekendste rollen as de folwoeksen ferzje fan 'e haadpersoan yn 'e tige súksesfolle aventoerefilm Life of Pi. Ek spile er yn 2012 de titelrol fan 'e sporter en bandyt Paan Singh Tomar yn 'e Yndiaaske biografyske film mei deselde namme. Foar dy rol waard him de National Film Award yn 'e kategory bêste akteur taparte, de heechste eare dy't in Yndiaask akteur tafalle kin, en ek wûn er der nochris twa Filmfare Awards mei, ien foar bêste akteur en ien foar bêste akteur beoardiele troch filmkritisy. Yn 2013 fertolke er de haadrol yn The Lunchbox, dy't in priis wûn op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en nominearre waard foar in BAFTA, en dy't him ûntjoech ta de meast opbringende Hindytalige film oant doe ta. Mei dyselde rol wûn Khan yn 2014 de Asian Film Award foar bêste akteur.

Yn 2014 spile Khan de haadrol yn Gunday, in film dy't tuskenbeiden súkses yn 'e bioskopen hie. Dêrnjonken fertolke er byrollen yn The Xpose en Haider. Yn 2015 wied er mei Bollywood-stjerren Deepika Padukone en Amitabh Bachchan te sjen yn Piku. Datselde jiers spile er ek yn 'e Amerikaanske film Jurassic World, yn 'e Yndiaaske skriller Talvar en mei Aishwarya Rai yn 'e Yndiaaske film Jazbaa, dy't priizge waard troch de filmkritisy. Mei û.o. Tom Hanks wied er yn 2016 te sjen yn Inferno, de Amerikaanske ferfilming fan it boek Inferno fan Dan Brown. Ek fertolke er dat jiers de rol fan Nirmal Kumar yn 'e Yndiaaske maatskiplike skriller Madaari, fan regisseur Nishikant Kamat, en wied er as stimakteur belutsen by de Disney-film The Jungle Book, wêrfoar't er syn stim oan it personaazje Baloo de bear liende.

Khan wie yn 2017 û.m. te sjen yn 'e film Hindi Medium dy't sawol kritysk as kommersjeel súksesfol wie. Foar syn rol as Raj Batra yn dy film ûntfong er syn twadde Filmfare Award foar bêste akteur. It duorre eefkes, mar úteinlik woeks Hindi Medium út ta de meast opbringende Hindytalige film ea, wêrmei't er The Lunchbox foarbystribbe. Oare films fan Khan út 2017 wiene û.m. Doob: No Bed of Roses en Qarib Qarib Singlle. Yn 2018 spile er mei û.o. Dulquer Salmaan, Mithila Palkar en Kriti Kharbanda yn Karwaan, en mei Kirti Kulhari yn Blackmail. Khan syn lêste film wie Angrezi Medium, fan regisseur Homi Adajania, dy't útkaam op 13 maart 2020.

Thumb
Irrfan Khan yn 2016.

Oar wurk

Yn septimber 2015 waard Khan oansteld as wurdfierder foar Resurgent Rajasthan ("Oplibjend Radjastan"), in kampanje fan it steatsregear fan Radjastan dy't ynvestearrings en toeristen lûke moast.

Priveelibben

Yn febrewaris 1995 troude Khan mei skriuwster Sutapa Sikdar, mei wa't er oan 'e Nasjonale Toanielskoalle yn 'e kunde kommen wie, doe't hja dêr allebeide studearren. Mei har krige er twa soannen.

Yn 2012 feroare Khan syn foarnamme offisjeel fan 'Irfan' yn 'Irrfan' (mei twa r-en). Hy sei dat er wol oer it lûd fan 'e dûbele r yn syn namme mocht. Letter liet er syn efternamme 'Khan' falle en wurke er inkeld noch ûnder de namme 'Irrfan'. Yn in fraachpetear yn 2016 seid er dat er dat die om't er woe dat syn wurk mei himsels ferbûn reitsje soe, en net mei syn famylje.

Ferstjerren

Yn maart 2018 makke Khan fia in berjocht op Twitter buorkundich dat der by him in neuro-endokrine tumor fêststeld wie. Hy ferbleau in jier yn it Feriene Keninkryk om him dêrfoar behannelje te litten, mar kearde yn febrewaris 2019 werom nei Yndia. Op 28 april 2020 waard Khan hommels opnommen yn it Kokilaben Dhirubhai Ambani Sikehûs yn syn wenplak Bombay mei wat in ynfeksje oan syn terms bliek te wêzen. De behanneling foar dy oandwaning kaam te let, en hy ferstoar de folgjende dei oan 'e gefolgen fan 'e ynfeksje. Irrfan Khan waard 53 jier.

Filmografy

(Yn 'e ûndersteande tabel giet it by Yndiaaske films en searjes om Hindytalige produksjes as it net oars oanjûn stiet, ek as de titel Ingelsktalich is.)

Mear ynformaasje jier, titel ...
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1987Shrikantman fan Abhaya
1988Bharat Ek KhojAbd al-Qadir Bada'uni
1991KahkashanMakhdoom Mohiuddin
1991JazeereAlfredtillefyzjefilm
1992ChanakyaSenapati Bhadrashaal
1993Kirdaarferskaat
1994ChandrakantaBadrinath / Somnath
1994The Great MarathaNajib-ud-daula / Gulam Kadir Khan
1995Banegi Apni BaatKumar
1996Just MohabbatSingh
1997Jai HanumanMaharishi Valmiki
1997Bombay BlueRameezBritske tillefyzjesearje
1997Laal Ghaas Par Neele GhodeLenin
1998SparshDebu
1999Geeta RashasyaKans
2000Star BestsellersMaheshôfl. Ek Shaam Ki Mulaquat
2000Star BestsellersGaneshôfl. Govind Aur Ganesh
2000X ZoneRahulôfl. Kirdar
2000Darrsearjemoardner
2003Ssshhhh... Koi HaiAmarôfl. From Reel to Real
2004Kyaa Kaheinn.f.t.presintator
2006Mano Ya Na Manon.f.t.presintator
2009–2010MTV Hero Honda Roadies 7himsels
2010In TreatmentSunil SanyalAmerikaanske tillefyzjesearje
2016Tokyo TrialRadhabinod PalJapanske tillefyzjesearje
film
1988Salaam Bombay!briefskriuwer
1989Kamla Ki MautAjit
1990DrishtiRahul
1990Ek Doctor Ki MautAmulya
1991Pitadokter Sen
1992Mujhse Dosti KarogeMir Hassan
1993Karamati CoatJaggu
1994The Cloud DoorIrfanYndiaask-Dútske koarte film
1994Vaade IraadeNaresh Tripathi
1994PurushûnbekendMaratysktalige film
1995Adhurahomoseksuele mannea útbrocht
1997Private Detective: Two Plus Two Plus Oneynspekteur Khan
1998Such A Long Journeyheit fan GustadYndiaaske Ingelsktalige film
1998Bada Dinplysje-ynspekteur
1999The GoalAnupam Singh
2000GhaathRomesh Bhagwat Dogra (Maamu)
2001Kasoorofsier fan justysje Nitin Mehta
2001The WarriorLafcadia / Warrior
2002Kali SalwarShankar
2002GunaahDigvijay Pandey
2002Prathapreester Ninni Pandey
2002Haathi Ka AndaBadruddin
2002Bokshu – The Mythtantryske hegepreesterYndiaaske Ingelsktalige film
2003DhundAjit Khurana
2003HaasilRanvijay Singhwûn Filmfare Award foar bêste akteur yn in negative rol
2003SupariBaba
2003FootpathSheikh
2003The Bypasskorrupte plysjemankoarte film
2003MaqboolMiyan Maqbool
2004Charasresjersjeur Randhir Singh Rathore
2004Aan: Men At WorkYusuf Pathan
2004Shadows Of TimeYani MishraBingaleesktalige film
2004Road To Ladakhterroristkoarte film
2005Rogynspekteur Uday Rathore
2005ChehraaChandranath Diwan
2005ChocolatePipi
20057½ PhereManoj
2005The FilmShamim Bhaias stimakteur
2005Dubai ReturnAftab Angrez
2006Yun Hota Toh Kya HotaSalim Rajabali
2006The KillerVikram / Roopchand Swaroopchand Solanki
2006The NamesakeAshoke GanguliYndiaaske Ingelsktalige film
nom. Independent Spirit Award foar bêste byrol fan in akteur
2006Deadline: Sirf 24 GhanteKrish Vaidya
2006SainikuduPappu YadavTelûgûtalige film
2006Mr. 100%Mr. Perfect
2007PartitionAvtar SinghYndiaaske Ingelsktalige film
2007Life in a... MetroMontywûn Filmfare Award foar bêste byrol fan in akteur
2007A Mighty HeartJavid HabibYndiaaske Ingelsktalige film
2007The Darjeeling Limitedde heitYndiaaske Ingelsktalige film
2007Apna AsmaanRavi Kumar
2007Aaja NachleFarooquecameo
2008TulsiSuraj
2008SundayKumar Mangat
2008One Two Threeferteller
2008Krazzy 4dr. Mukherjee
2008Mumbai Meri JaanThomas
2008ChamkuVishal Kapoor
2008MigrationAbhaykoarte film
2008Slumdog Millionaireplysje-ynspekteurBritske film
2008New York, I Love YouMansukhbhaiAmerikaanske film; segmint Mira Nair
2008Dil KabaddiSamit
2009BilluBilas "Billu" Rao Pardesi
2009New YorkFBI-agint RoshanAmerikaanske film
2009Acid FactoryKaiserAmerikaanske film
2010Right Yaaa Wrongynspekteur Vinay Patnaik
2010Knock OutBachhoo Bhai / Tony Khosla
2010Hisssynspekteur Vikram Gupta
2011Yeh Saali ZindagiArun
20117 Khoon Maaf"Musafir" Wasiullah Khan
2011Thank YouVikram Chopra
2012Paan Singh TomarPaan Singh Tomarwûn National Film Award foar bêste akteur
nom. Filmfare Award foar bêste akteur
2012The Amazing Spider-Mandr. Rajit RathaAmerikaanske film
2012Life of Pide folwoeksen Piscine Molitor PatelAmerikaanske film
2013Saheb, Biwi Aur Gangster ReturnsIndrajeet Pratap Singh alias Raja Bhaiyya
2013The LunchboxSaajan Fernandeswûn Asian Film Award foar bêste akteur
2013D-Daygeheim agint Wali Khan
2013QissaUmber Singh
2014Gundayresjersjeur Satyajeet "Satya" Sarkar
2014The XposeAlec D'Costacameo
2014HaiderRoohdaarcameo
2015PikuRana Chaudhary
2015Jurassic WorldSimon MasraniAmerikaanske film
2015Jazbaaynspekteur Yohan
2015TalvarAshwin Kumar
2015Bajirao Mastaniferteller
2016The Jungle BookBalooas stimakteur; Amerikaanske fillm
2016MadaariNirmal Kumar
2016InfernoHarry SimsAmerikaanske film
2017Hindi MediumRaj Batrawûn Filmfare Award foar bêste akteur
2017Raabtaferteller
2017Doob: No Bed Of RosesJaved Hasanek filmprodusint
nom. Filmfare Award foar bêste akteur
2017The Song Of ScorpionsAadamSwitsersk-Frânsk-Singapoereesk-Yndiaaske film, meartalich, de rol fan Khan Radjastaansktalich
2017Qarib Qarib SinglleYogendra "Yogi" Kumar Devendra Nath Prajapati
2018PuzzleRobertAmerikaanske film
2018BlackmailDev Kaushal
2018KarwaanShaukat
2020Angrezi MediumChampak Bansalwûn Filmfare Award foar bêste akteur
nom. IIFA Award foar bêste akteur
2021Murder at Teesri Manzil 302Shekhar Sharmapostúm útbrocht
fideospultsjes
2015Lego Jurassic WorldSimon Masranias stimakteur
2015Lego DimensionsSimon Masranias stimakteur
Slute

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.