Remove ads

Griis is in kleur dy't a-gromatysk is. Dat wol sizze dat it in 'kleurleaze' kleur is, dy't inkeld bestiet út in ferminging fan swart en wyt. Griis is feitliks in soarte fan wyt, mar dan mei fermindere yntinsiteit. Alle kleuren ferskowe nei griis as de tint feal genôch makke wurdt, en dêrom makket griis gjin selsstannich ûnderdiel út fan it spektrum fan sichtber ljocht of fan 'e kleuresirkel. It hat dêrom ek gjin eigen weachlingte of frekwinsje. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) is griis in tertiêre kleur dy't ûntstiet út 'e ferminging fan read, blau en grien, en ek by subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur dy't yn teory ûntstiet út 'e ferminging fan syaan, maginta en giel. (Yn 'e praktyk wurdt it yn it CMYK-kleursysteem lykwols makke troch 50% fan swart te brûken.) Kwa tinten rint griis útinoar fan reekwyt oant gitswart. Griis wurdt assosjearre mei neutraliteit, konformisme, saaiheid, ferfeling, ûnwissichheid, ûnferskillichheid, beskiedenheid, âlderdom en wiisheid. Yn it Frysk is skier min ofte mear synonym mei griis. Yn sprekwurden seit men: sa griis as in do, sa griis as in doffert, sa griis as lead en sa griis as in skierroek.

Fluch de feiten
griis
spektrale koördinaten
weachlingten.f.t.
frekwinsjen.f.t.
kleurkoördinaten
heksadesimaal#808080
RGBª (r, g, b)(128, 128, 128)
CMYKº (c, m, y, k)(0, 0, 0, 50)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)
Slute
Remove ads

Assosjaasjes

Gefoelswearde

Ut opinypeilings yn Jeropa en Noard-Amearika hat bliken dien dat griis de kleur is dy't it meast assosjearre wurdt mei konformisme en beskiedenheid, mar ek mei saaiheid, ûnopfallendheid en ferfeling. Utdrukkings lykas "in griis bestean" foar in saai libben en "in grize mûs" foar in ûnopmerklik persoan tsjûgje dêrfan. In algemiene assosjaasje mei griis is neutraliteit, mei't griis net as in 'echte' (d.w.s. bûnte) kleur sjoen wurdt. Dêrtroch hat griis lykwols op in protte minsken ek in kalmearjende en rêstjaande útwurking.

Thumb
Blokken lead dy't as skyld tsjinje om in radioaktyf meunster hinne.

Griis is in ferminging fan swart en wyt, kleuren dy't assosjearre wurde mei resp. it kwea en it goede, of mei tsjinstelden yn it algemien. Sadwaande wurdt griis, dat tusken swart en wyt yn sit, ek assosjearre mei twifel, ûnwissichheid, ûnferskillichheid en op 'e nij neutraliteit. Dêr komt de útdrukking "in griis gebiet" wei, dy't oanjout dat der op dat mêd gjin dúdlike regels binne of dat fan eat net dúdlik is oft it legaal of yllegaal is.

Yn Jeropa en Noard-Amearika is griis ien fan 'e minst populêre kleuren. Yn in Jeropeeske opinypeiling joech mar 1% fan 'e respondinten op dat griis harren leaflingskleur wie, wylst 13% oanjoech dat it harren minst favorite kleur wie. Kleurhistoarikus Eva Heller skreau yn 2009 yn har boek Psychologie de la Couleur: Effets et Symboliques: "Griis is te swak om as manlik bekôge wurde te kinnen, mar te yntimidearjend om in froulike kleur wêze te kinne. It is waarm noch kâld, materiaal noch spiritueel. Mei griis liket neat fêst te lizzen."

Wolkens

De wite of grize kleur fan wolkens leit oan 'e tsjûkte fan 'e wolkelaach. De lytse dûnzige simmerwolkens sjogge der wyt út om't it sinneljocht ferstruid wurdt oer de tige lytse wetterdripkes dy't se befetsje. As de wolkens grutter en tsjûker wurde, kin der almar minder ljocht trochhinne skine, en wurdt it ynstee fan 'e boppekant ôf wjerkeatst. Wolkens kinne tsientallen oant hûnderten meters tsjûk wêze, en wat tsjûker se binne, wat minder ljocht dertrochhinne komt. Dat betsjut dat se der fan ûnderen dûnkerder, en dêrom griis útsjogge, wylst se fan boppen, as men deselde wolkens út in fleantúch besjen soe, hielendal wyt wêze soene. It dûnkerst binne wolkens, sjoen fan it ierdoerflak ôf, as de wolkelaach op it tsjûkst is, en dat falt foar by swierwaar. De útdrukkings "griis waar" en "grize loften" ferwize nei waar wêrby't it bewolke is en mooglik wat storeint.

Thumb
Grize wolkens boppe Ierlân.

Natoer

Griis is in kleur dy't in hiel soad foarkomt yn 'e natoer, as de kleur fan 'e pels of hûd fan sûchdieren, de fearren fan fûgels en de skobben fan fisken en reptilen. Foarbylden fan grize sûchdieren binne de hûsmûs, de grize wolf, de oaljefant en de noashoarn. Foarbylden fan grize fûgels binne de hôfdo, de ielreager en de grize pilekaan. De reden dat sa'n soad bisten in grize kleur hawwe, is dat it in kleur is dy't net opfalt en dêrom wurket as in soarte fan kamûflaazje. Foar proaidieren helpt dat om oan predaasje te ûntkommen, wylst it foar rôfdieren helpt om proaien te beslûpen.

Griis hier

Griis wurdt ek in protte assosjearre mei âlderdom, en dêrfandinne ek mei wiisheid, weardichheid en ûnderfining. Dat komt om't by âldere minsken it hier stadichoan griis wurdt.

Thumb
In hôfdo.

Hierkleur wurdt bepaald troch de oanwêzigens fan it pigmint melanine, dat ek de kleur fan 'e hûd en de eagen regelet. Der binne twa soarten fan dat pigmint: dûnker (eumelanine) en ljocht (feomelanine). De kombinaasje fan ferskillende hoemannichten fan dy beide soarten melanine feroarsaket it ferskil yn hierkleur, eachkleur en hûdskleur. Melanine wurdt produsearre yn in spesjalisearre sel, de melanosyt, dy't yn elts hierpûdsje (dêr't in hier út groeit) oanwêzich is. Geandewei de groei fan it hier ynjektearret de melanosyt melanine yn 'e hiersellen. As minsken lykwols in beskate leeftyd berikke, dy't fan persoan ta persoan ferskilt, wurdt de hoemannichte melanine dy't de melanosyt yn 'e hiersellen ynjektearret, stadichoan minder, en nei ferrin fan tiid hâldt de melanine-ynjeksje hielendal op. Sûnder it ynjektearre pigmint wurdt it hier dan griis en úteinlik hielendal wyt. It resultaat is dat in persoan dan griis hier kriget. Ek as it hier wyt wurdt, sprekt men noch altyd fan 'griis hier'.

De measte minsken krije griis hier tusken harren fjirtichste en santichste libbensjier. Oer it algemien kin steld wurde dat 50% fan 'e minsken by it berikken fan it fyftichste libbensjier griis hier hat. Wêrom't melanosyten ophâlde mei wurkjen, is noch altyd ûndúdlik. Ut in wittenskiplik ûndersyk fan ûndersikers fan 'e Universiteit fan Harvard, wêrfan't de útkomsten yn febrewaris 2005 publisearre waarden yn it Amerikaanske tydskrift Science, liek ôflaat wurde te kinnen dat de melanosyt op in stuit gjin pigmint mear oanmeitsje kin omreden fan ferâldering en genetyske faktoaren.

Thumb
Akteur Donald Sutherland mei griis hier.

Yn it bisteryk komt griis hier ek foar, bygelyks by âlde hûnen, mar is de feroaring lang net sa folslein of sa opfallend as by minsken. Folwoeksen manlike gorilla's krije ek griis hier, mar inkeld op 'e rêch. Dêrom wurde se 'sulverrêgen' neamd.

Griis hier hat foar ferskate útdrukkings soarge. Sa sprekt men fan in 'grize emininsje', of op syn Frânsk fan in éminence grise, as men it hat oer in saakkundige op in beskaat mêd of in fertroud riedsman dy't him op 'e eftergrûn hâldt. It wurd 'fergrizing' ferwiist nei it nei boppen ta opskowen fan 'e trochsneed leeftyd fan in befolking. En "earne grize hierren fan krije" wol sizze dat it safolle noed en soarch jout dat men der foartidich âld fan wurdt.

Swart-wyt

Swartwyt is yn 'e byldzjende keunst (fotografy, film) en de grafyske technyk in oantsjutting foar monogrome bylden dy't fariëarje yn helderheid, mar net yn kleurtint. Swart-wytbylden besteane dêrtroch ornaris út swart, wyt en de tuskenlizende griiswearden yn in trochrinnend spektrum. Hoewol't de namme oars fermoedzje lit, is it grutste part fan swart-wytbylden eins griis. It fêstlizzen fan swart-wytbylden wie in proses dat yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw ûntwikkele waard en pas healwei de tweintichste iuw ferfongen waard troch kleurefilm. Der besteane techniken om âlde swart-wytbylden yn te kleurjen; oarsom is it ek mooglik (en folle ienfâldiger) om kleurebylden om te setten yn swart-wytbylden (oftewol: griistinten). Dêrby wurdt de ljochtsterkte fan elts byldpunt beholden, mar de kleurtintynformaasje útfiltere.

Thumb
Swart-wytbylden binne foar in grut part yn griistinten. Hjir William Holden en Humphrey Bogart yn 'e film Sabrina ((1954).

Moade

Yn 'e Aldheid en de Midsiuwen wie griis de kleur fan wol dy't net ferve wie, en sadwaande wie it doe, mei it brún fan û.m. lear, ien fan 'e kleuren dy't fierwei it meast droegen waarden troch boeren, hantwurkslju en earmen. Dêrom rekke it út 'e moade doe't de measte minsken yn 'e Renêssânse kleure klean betelje koene. Tsjintwurdich wurde grize klean lykwols as tige distingearre beskôge. Dat komt om't griis him oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ta in tige modieuze kleur ûntjoech, sawol foar damesklean as foar pakken en kolbêrjaskes foar manlju. Benammen as side en satyn griis kleure waard, seach it der skoan út, dat soksoarte klean waarden yn 't earstoan fral troch de adel en de riken droegen.

Frouljusmoade waard yn 'e njoggentjinde iuw behearske troch de moade-ûntwerpers fan Parys, wylst Londen it sintrum fan 'e manljusmoade wie. It grize sakepak waard sadwaande healwei de iuw foar it earst yn Londen ûntwurpen: ljochtgriis foar de simmer en dûnkergriis foar de winter. It ferfong in breed ferskaat oan folle kleuriger klean dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw troch manlju fan kwizekwânsje droegen waarden. Damesklean beholden oant de dei fan hjoed harren kleurigens, mar de klean fan froulike wurknimmers yn 'e fabriken en wurkplakken fan it njoggentjinde-iuwske Parys droegen ornaris wol grize klean. Dêrtroch krigen se yn it Frânsk de wat delbûgjende bynamme grisettes, dat letterlik "griiskes" betsjut. Om't it wurd gris yn it Frânsk njonken "griis" ek "dronken" betsjut, waard de namme grisette ek taparte oan 'e legere klasse fan Paryske prostituees.

Geandewei de tweintichste iuw feroare de styl fan manljuspakken oanhâldend, mar griis bleau de dominante kleur. Tsjin 'e 1950-er jierren waard de rjochting dy't it mei de manljusmoade útgie, teminsten likefolle bepaald troch de filmyndustry fan Hollywood as troch de skroarren fan it Londenske Saville Row. Grize pakken rekken yn almar formelere omstannichheden ynboargere trochdat Amerikaanske presidinten as John F. Kennedy en Lyndon B. Johnson se droegen. Johnson wie de earste presidint dy't him yn in griis pak ynaugurearje liet; syn foargongers hiene by harren ynswarring allegearre noch in swart rokkostúm droegen. Yn deselde tiid waard it grize pak ek it offisjeuze unifoarm fan 'e bankiers fan Wall Street en de reklamelju fan Madison Avenue yn New York.

Thumb
Kadetten oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy drage griis-wite unifoarmen.

Pas oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw kaam der in ein oan 'e suver ûnbekreaude hegemony fan griistinten yn 'e manljusmoade. Tsjin dy tiid waard griis sjoen oan monotoan en karakterleas. Stadichoan kamen foar pakken dûnkerblauwe tinten yn 'e moade. As men anno 2019 in groepsfoto sjocht fan steatshaden en regearingslieders op in topmoeting, drage frijwol alle manlju in dûnkerblau pak.

Kriichsmacht

Griis waard mei yngong fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ek in ridlik faak foarkommende kleur foar militêre unifoarmen. Dat hie dermei te krijen dat griis in kleur wie dy't soldaten minder goed sichtber makke yn in tiid dat fjoerwapens hieltyd akkurater en fierder skeaten. Mar ek it feit dat it goedkeap wie om grutte partijen klean griis te fervjen (yn tsjinstelling ta opfallender kleuren dy't folle djoerder wiene) spile mei.

Griis wie de unifoarmkleur fan it leger fan 'e (Súdlike) Konfederearre Steaten fan Amearika yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), wylst it leger fan 'e (Noardlike) Feriene Steaten blau wie. De 'kadetgrize' unifoarmkleur waard op 6 juny 1861 troch it Konfederearre regear fêststeld, nei't ienheden fan it Konfederearre leger dy't noch klaaid wiene yn 'e blauwe unifoarmen dy't se urven hiene fan it Amerikaanske Leger by fersin ûnder freonlik fjoer kommen wiene te lizzen. Kadetgriis wie (en is noch) de unifoarmkleur fan kadetten oan de Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point. It nije Konfederearre unifoarm waard ûntwurpen troch Nicola Marschall, in Amerikaansk keunstner fan etnysk Dútsk komôf, dy't ek de Konfederearre flagge ûntwurpen hie.

Marschall folge foar syn unifoarm frij sekuer it ûntwerp fan doetiidske Frânske en Eastenrykske militêre unifoarmen. Griis keas er net om't dat in bettere skutkleur wie as blau, mar om't it Suden amper eigen ferveyndustry hie, en grize ferven maklik en goedkeap te meitsjen wiene. Der bestiene lykwols ferskillende tinten Konfederearre unifoarmen. Dat kaam om't guon unifoarmen, ornaris dy fan ofsieren, kleure wiene mei ferve fan goede kwaliteit, wat in blaugrize of laaigrize kleur opsmiet. Oare unifoarmen, yn 'e regel dy fan sljochtwei soldaten, waarden kleure mei goedkeape plantaardige ferven op basis fan sumak en blauhout, dy't yn it sinneljocht gau ferdizenen ta in gielige hazzenúteftige kleur. It lêste jier fan 'e Boargeroarloch koe it Suden unifoarmen út Ierlân wei ymportearje dy't mei blaugrize ferve fan goede kwaliteit makke wiene, mar tsjin dy tiid wie de oarloch al hast ferlern.

Thumb
Fransiskus fan Assisi, de stifter fan 'e Fransiskaanske Oarder, yn in grize pij.

Fan 1907 ôf wie griis ek de kleur fan it leger fan it Keizerryk Dútslân. Neitiid bleau dat de unifoarmkleur nei de fal fan it keizerryk, ûnder de Weimarrepublyk en nazy-Dútslân. Sadwaande droegen de Dútsers ûnder sawol de Earste Wrâldoarloch as de Twadde Wrâldoarloch grize unifoarmen. De spesifike tint griis dy't dêrfoar keazen waard, kaam bekend te stean ûnder de Dútske beneaming feldgrau ("fjildgriis"). Yn dit gefal gie it wol deeglik om in kamûflaazjekleur, dêr't ta besletten wie om't men ornearre dat de Prusysk blauwe unifoarmen dy't oant 1907 troch it Dútske Leger droegen wiene, fan in ôfstân tefolle opfoelen. Yn 'e Earste Wrâldoarloch joech de nije unifoarmkleur de Dútsers in grut foardiel oer de Frânske soldaten, dy't doe noch klaaid wiene yn reade broeken en blauwe jassen.

Oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch naam ek it Finske Leger feldgrau foar syn unifoarmkleur oan. Under de Twadde Wrâldoarloch droegen de soldaten fan it Afrikakorps, fan fjildmaarskalk Erwin Rommel, unifoarmen fan in ljochtere tint griis dy't gaadliker wie foar harren striidtoaniel yn 'e Saharawoastyn fan Noard-Afrika. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie feldgrau ek de unifoarmkleur fan it leger fan 'e DDR en fan beskate ôfdielings fan 'e legers fan West-Dútslân (dat foar it meastepart oerstapte op legergrien) en Sweden. Tsjintwurdich draacht it Sileenske Leger noch altyd feldgraue unifoarmen.

Polityk

Yn 'e polityk wurdt griis mar selden brûkt as partijkleur fan politike partijen, benammen fanwegen de algemiene assosjaasje mei konformiteit, saaiheid en ferfeling. Termen as 'de grize macht' en 'it grize elektoraat' wurde soms brûkt om âldere kiezers oan te tsjutten. Yn guon lannen brûke miljeu-aktivisten fan 'e griene beweging de term 'de grizen' as in delbûgende manear om te ferwizen nei lju dy't tsjin 'e fergriening fan 'e maatskippij binne en dêrom nei't men seit de foarkar jouwe oan 'e grize kleur fan beton.

Religy

Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is griis de kleur fan jiske. Mei't jiske in bibelsk symboal foar rou en boetedwaning is (dêrfandinne de útdrukking "yn sek en jiske sitte"), is ek de kleur griis yn it algemien dêr in symboal foar wurden. Dat is de reden dat mûntsen fan 'e sistersjinzers, fransiskanen en kapusinen grize pijen drage as teken fan nederichheid en earmoede. Yn Ingelân en Skotlân stiene de fransiskanen foarhinne wol bekend as de grey friars (de "grize fraters"), en der binne in soad plakken en tsjerken dy't nei harren ferneamd binne.

De sistersjinzers, dy't yn 'e Midsiuwen ien fan 'e ynfloedrykste kleasteroarders yn Fryslân wiene, stiene hjir doe bekend as de 'skiere mûntsen', mei't "skier" in synonym is fan 'griis'. Om't se in kleaster op Skiermûntseach ûnderholden, krige dat Waadeilân syn namme, dy't betsjut: "it eilân fan 'e skiere mûntsen". De sistersjinzers wiene ek yngeand behelle yn 'e partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers, en de namme fan 'e Skieringers giet ek op harren grize pijen werom.

Bûten de Roomsk-Katolike Tsjerke wurde grize preesterkladen droegen troch de geastlikheid fan 'e Brazyljaanske Katolike Apostoalyske Tsjerke. Ek taoïstyske preesters yn Sina drage faak grize kladen. Itselde jildt foar boedistyske mûntsen en preesters yn Japan en Koreä.

Oare assosjaasjes

  • De útdrukking "it grize ferline" of "yn in griis ferline" ferwiist nei in ferline dat sa lang lyn is dat it suver fergetten is.
  • Mei de útdrukking "de grize sellen wurkje litte" wurdt ferwiisd nei de minsklike harsens. Dat de harsens griis binne, is lykwols in misferstân: by libbene persoanen binne se eins rôze. Pas nei it ferstjerren ferkleurje se ta griis. Om't de harsens fan libbene minsken om foar de hân lizzende redens frijwol nea sjoen wurde, is it begryplik dat de kleur griis yn it ferline mei de harsens assosjearre rekke is.
Remove ads

Griistinten

De wichtichste tinten griis binne: antrasyt, blaugriis, Davy's griis, dûnkergriis, dûnkerlaaigriis, eigengrau, feldgrau, fjoerwapenmetaalgriis, gainsboro, gitswart, houtskoal, jiskegriis, kadetgriis, koel griis, kwartsrôze, laaigriis, leadgriis, ljochtgriis, ljochtlaaigriis, marengo, mûsgriis, Payne's griis, pearelgriis, platina (of platinagriis), reekwyt, sintelgriis, slachskipgriis, stielgriis, sulver (of sulvergriis), taupe, taupebrún, taupegriis en wolvegriis.

Kleurnûanses

fan swart fia griis nei wyt:
                               
000000 111111 222222 333333 444444 555555 666666 777777 888888 999999 AAAAAA BBBBBB CCCCCC DDDDDD EEEEEE FFFFFF

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads