Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Erwin Rommel (folút: Erwin Johannes Eugen Rommel; Heidenheim an der Brenz, 15 novimber 1891 – Herrlingen, 14 oktober 1944) wie ien fan 'e meast ferneamde Dútske generaals út 'e Twadde Wrâldoarloch. Oan it begjin fan 'e oarloch wied er kommandant fan Hitler syn liifwacht, en dêrnei fierde er it befel oer ien fan 'e pânserdifyzjes dy't mei har flugge opmars yn 1940 Frankryk ûnder fuotten hellen. Hy makke lykwols fral namme as kommandant fan it Afrikakorps, en wûn mei syn tûke militêre kampanjes yn Noard-Afrika de bynamme fan "de Woastynfoks". Hoewol't er in better strateech wie as de Britske generaals tsjin wa't er it opnaam, waard brekme oan branje, foarrieden en materieel him úteinlik needlottich, sadat it Afrikakorps yn 'e Twadde Slach by El Alamein, yn 'e Egyptyske woastyn, foargoed ferslein wurde koe troch it Britske 8e Leger ûnder generaal Bernard Law Montgomery.
Erwin Rommel | ||
militêr | ||
Rommel yn sa. 1942/1943 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Erwin Johannes Eugen Rommel | |
bynamme | de Woastynfoks | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 15 novimber 1891 | |
berteplak | Heidenheim (Dútslân) | |
stoarn | 14 oktober 1944 | |
stjerplak | Herrlingen (Dútslân) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1911 – 1944 | |
yn tsjinst fan | Keizerryk Dútslân (1911-18) Weimarrepublyk (1918-33) Nazy-Dútslân (1933-44) | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Keiz. Leger (1911-18) ● Reichswehr (1918-35) ● Wehrmacht (1935-44) | |
heechste rang | fjildmaarskalk (sûnt 1942) | |
befel | 7e Pânserdifyzje Afrikakorps Legergroep B | |
konflikt(en) | Earste Wrâldoarloch Twadde Wrâldoarloch | |
treffen(s) | Poalske Fjildtocht Slach om Frankryk Noardafrikaanske Kampanje Slach om Normanje | |
ûnderskiedings | Pour le Mérite (Prusysk) Ridderkrús fan it Izerne Krús mei Ikeleaf, Swurden en Briljanten |
Nei de weromtocht fan syn troepen nei Tuneezje kearde Rommel werom nei Jeropa, dêr't er op D-Day it befel oer de Dútske troepen yn Normanje fierde, mar de Alliëarde ynvaazje net wist te kearen. Troch de ûnferskillige hâlding fan Hitler foar syn troepen yn Noard-Afrika oer wie Rommel ferbittere rekke, en yn it foarjier fan 1944 waard er troch guon freonen fan sines sydlings behelle yn it Komplot fan 20 July, om Hitler te fermoardzjen. Doe't de oanslach mislearre, foel Rommel yn ûngenede en waard er twongen om himsels fan kant te meitsjen troch gif yn it nimmen. Rommel syn militêre súksessen en syn persoanlike eargefoel wûnen him net inkeld it respekt fan syn eigen soldaten, mar ek fan syn fijannen. Hy is de iennichste pommerant út it Tredde Ryk dy't tsjintwurdich in eigen museum hat.
Erwin Rommel waard op 15 novimber 1891 berne yn Heidenheim an der Brenz, yn it doetiidske Keninkryk Wuertemberch, yn súdwestlik Dútslân, op likernôch 45 km fan Ulm. Syn doop folge twa dagen nei de berte, op 17 novimber. Rommel wie de twadde fan fjouwer bern yn it gesin fan Erwin Rommel sr., in protestantsk luitenant by de artillery en letter boppemaster fan 'e middelbere skoalle te Aalen, en dy syn frou Helene von Luz. Hy hie in âldere broer, Karl, en in jongere broer en suster, Gerhard en Helene. Letter soed er oer syn jonkheid sizze dat dy tige lokkich west hie.
Doe't er 14 wie boude Rommel mei in maat in eigen sweeffleantúch, dat by steat wie en flean in koart eintsje. As opslûpen jonge liet er it yn him omgean om yngenieur te wurden, mar op oanstean fan syn heit, dy't foar him in militêre karriêre yn 'e holle hie, melde er him mei achttjin jier oan by it 124ste Wuertemberchske Ynfanteryrezjimint. As faandrich folge er dêrnei fan 1910 oant 1911 in ofsiersoplieding oan 'e Ofsierskadetteskoalle te Danzig (it hjoeddeiske Gdańsk, yn Poalen), dy't er mei goed gefolch ôfrûne. Yn jannewaris 1912 krige er sadwaande de rang fan luitenant yn it Keizerlike Leger.
Op 'e kadetteskoalle mette Rommel ek syn takomstige frou, de doe santjinjierrige Lucia Maria Mollin. Se trouden yn 1916, en krigen yn 1928 in soan, Manfred Rommel. Dyselde soe letter boargemaster fan Stuttgart wurde. Foarôfgeande oan syn houlik hie Rommel yn 1913 in relaasje mei in Walburga Stemmer, dêr't in dochter, Gertrud, út berne waard. Hoewol't Rommel dizze relaasje neitiid ôfbriek, ûnderhold er wol syn dochter, mei wa't er syn hiele fierdere libben in nauwe bân hie. Hja waard grutbrocht troch har beppe oan memmekant en gie troch foar Rommel syn "omkesizzer".
Yn de Earste Wrâldoarloch focht Rommel yn Frankryk, Roemeenje en Itaalje. Hy wie as ofsier earst in hoartsje yndield by it 6e Wuertemberchske Ynfanteryrezjimint, mar waard al rillegau oerpleatst nei it Wuertemberchske Berchbataljon fan it Alpenkorps, in elite-ienheid dy't talein wie op it fjochtsjen yn bercheftige kriten. Rommel krige by dat legerûnderdiel al mei gauwens de namme dat er fluch taktyske beslissings nimme koe. Hy ynfiltrearre ferskate kearen ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster de linys fan 'e fijân en wist dan maksimaal te profitearjen fan 'e dêr troch himsels feroarsake betizing. Sa wist er ien kear mei mar fiif ûnderhearrigen 43 fijannige ofsieren en 1.500 soldaten kriichsfinzen te meitsjen.
Rommel rekke yn dy jierren trije kear ferwûne, twa kear oan it Westfront en ien kear ûnder de Roemeenske Fjildtocht. Hy waard yn 1914 ûnderskaat mei it izerne krús, twadde klasse, en it jiers dêrop mei it izerne krús, earste klasse. Ek wûn er yn 1918 de Pour le Mérite-medalje, de heechste Prusyske militêre ûnderskieding, nei syn oandiel yn 'e Slach by Caporetto, yn noardeastlik Itaalje, dêr't er mei mar 100 man it Italjaanske bolwurk Matajur ynnaam en 7.000 Italjaanske militêren kriichsfinzen makke. Rommel tsjinne ûnder de Earste Wrâldoarloch in hoartsje yn deselde ienheid mei Friedrich Paulus, dy't it letter ek ta fjildmaarskalk bringe soe.
Nei de ein fan 'e Earste Wrâldoarloch, de fal fan it Dútske keizerryk en de stifting fan 'e Weimarrepublyk, allegear yn 1918, behold Rommel earst syn posysje as kommandant fan in ynfanterykompanjy. Under it Ynterbellum wied er fan 1929 oant 1933 ynstrukteur oan 'e militêre skoalle te Dresden, dêr't er ferskate non-fiksjewurken op it mêd fan 'e kriichskunde skreau. Neitiid fierde er fan 1933 oant 1935 as ofsier by de Wehrmacht it befel oer in jagerbataljon fan it Alpenkorps. Yn dy hoedanichheid kaam er foar it earst yn 'e kunde mei Adolf Hitler, doe't er by in militêre parade wegere om syn bataljon te presintearjen om't er de hage fan SS-troepen dy't Hitler beskermje moast, as in mislediging fan syn Alpenjagers beskôge.
Mei dat optreden hied er blykber yndruk makke op 'e Führer, want dy pleatste him oer nei Potsdam, dêr't er fan 1935 oant 1938 ferbiningsofsier foar de Wehrmacht by de Hitler-Jongerein wie. Yn 1937 liet Rommel syn deiboeken út 'e Earste Wrâldoarloch útjaan, in publikaasje dy't yn militêre fermiddens tige goed ûntfongen waard. Underwilens bestie syn wurk by de Hitler-Jongerein út jaan fan lêzings en it ynspektearjen fan 'e ûnderskate kampen fan 'e jongereinmilysje. Hy rekke lykwols al rillegau deilis mei it haad fan 'e Hitler-Jongerein, Baldur von Schirach, û.m. om't er fûn dat de Wehrmacht mear ynfloed krije moast op 'e trening fan 'e jongereinmilysje, wat Schirach as in ynbrek op syn eigen macht beskôge. Hoewol't der neitiid dochs legerynstrukteurs by de Hitler-Jongerein kamen, wie harren taak folle beheinder as wat Rommel foar eagen stien hie.
Rommel sels waard yn 1938 mei de rang fan kolonel oerpleatst nei de Militêre Akademy fan Wiener Neustadt, dêr't hy kommandant waard. Koarte tiid letter krige er lykwols op oanstean fan Hitler sels it befel oer it saneamde Führerbegleitbataillon, in bataljon dat de Führer oaral bûten Dútslân begelate en beskerme. It wie yn dy perioade dat er yn 'e kunde kaam en befreone rekke mei Joseph Goebbels, de minister fan propaganda. Dyselde waard in fanatike bewûnderer fan Rommel, en joech him yn 1941 in foarbyldfunksje as nazy. Dêrby liet Goebbels him net troch de wurklikheid liede, mar werskreau er Rommel syn hiele libben troch him ôf te skilderjen as de soan fan in ienfâldich mitselder dy't al ier lid fan 'e NSDAP wurden wie (yn it echt wie Rommel nea lid fan 'e nazypartij). Doe't Rommel him dêroer beklage, krige er te hearren: ''Wenn es auch nicht stimme, wäre es doch gut, wenn es stimmen würde" ("Al is it net wier, it soe moai wêze as it al wier wie"). Rommel liet it net slûpe, mar easke in rektifikaasje, dy't Goebbels him úteinlik ek joech, op in sa ûnopfallend mooglik plak as er mar fine koe.
Doe't op 1 septimber 1939 mei de Dútske ynfal yn Poalen de Twadde Wrâldoarloch begûn, wie Rommel, ûnderwilens as generaal-majoar, noch altyd kommandant fan it Führerbegleitbataillon. Yn dy hoedanichheid wied er net sasear by de eigentlike striid belutsen, mar befûn er him ornaris wol deun efter de frontliny. Nei't de Poalen ferslein wiene, kearde Rommel werom nei Berlyn foar de Dútske oerwinningsparades.
Neitiid waard him op syn eigen oanstean it befel jûn oer ien fan 'e fjouwer nije pânserdifyzjes fan 'e Wehrmacht. Hoewol't der by syn ûnderhearrigen, dy't him inkeld koene as in berchynfanterist, yn 't earstoan twifel oer bestie oft er him wol mei tanks rêde kinne soe, seach Rommel sels net safolle ferskil. Syn oerwinnings út 'e Earste Wrâldoarloch hied er ommers behelle mei in kombinaasje fan it ferrassingselemint en faasje, en dat wie persiis wêr't pânserdifyzjes foar makke wiene. Wat er noch net wist, learde er fluch by, sadat syn 7e Pânserdifyzje begjin 1940 ree wie om mei te dwaan oan Fall Gelb, de Dútske útbraak nei it westen troch de Benelúkslannen hinne.
Op 10 maaie 1940 gie de 7e Pânserdifyzje as ûnderdiel fan generaal Hermann Hoth syn XVe Legerkorps mei yn 'e oanfal. Rommel en syn mannen trieken de Belgyske grins oer en berikte mei gauwens de Maas by it Waalske Dinant. Dêr moast men hohâlde om't de Alliëarden de brêge opblazen hiene, en de Dútske troepen kamen ûnder fjoer te lizzen fan 'e Belgyske ferdigeners op 'e westigge fan 'e rivier. Mei't de Dútsers net oer reekgranaten beskikten, joech Rommel befel en stek in stikmannich huzen yn 'e brân. Under dekking fan 'e reek dy't dat opsmiet, stiek de Dútske ynfantery mei rubberboaten de rivier oer om in brêgehaad te foarmjen. Dêrnei eigene Rommel him de pontons fan 'e 5e Pânserdifyzje ta om in needbrêge te slaan, en sadree't dy funksjoneel wie, gie Rommel der yn 'e twadde tank oerhinne.
Ienris oer de rivier teach de 7e Pânserdifyzje de Ardinnen út en Frankryk yn. Dêrby wie it Rommel syn taktyk om terrein te winnen troch oanhâldend oan te fallen en de fijân gjin kâns te bieden om te wergroepearjen. Hy fierde flankearjende oanfallen út en omlûkende maneuvers om 'e Frânske ienheden yn 'e rêch te treffen, en makke dêrby tankber gebrûk fan sawol de Dútske loftmacht, de Luftwaffe, as fan mobile artillery. Sa ûntjoech de ynfantery-ofsier fan in healjier earder him ta ien fan 'e bêste tankkommandanten fan 'e Blitzkrieg. In wichtich ûnderdiel fan syn súkses wie de psychologyske skok dy't sokke felle oanfallen by de fijân tewei brochten. It moreel fan 'e Frânske troepen rekke der raar fan yn 'e nederklits, en se begûnen har massaal oer te jaan.
Op 15 maaie ferovere Rommel syn difyzje Kameryk (Cambrai), dêr't er in skoftke stilhâlde moast om't troch de flugge opmars de benzine op wie en de kommunikaasje mei it Dútske haadkertier ferlern gien wie. Fiif dagen letter berikte de 7e Pânserdifyzje Atert (Arras), dêr't Rommel besocht om it Britske ekspedysjeleger fan 'e kust ôf te snijen. Yn it earste stadium fan 'e Slach by Atert wist it Dútske ferkenningsbataljon fan kolonel Hans von Luck mei stipe fan Stuka-dûkbommesmiters it La Bassée-kanaal oer te stekken, mar de oare deis diene de Britten in tsjinoanfal mei har swiere Matilda Mk I- en Matilda II-tanks, dy't ûnkwetsber wiene foar de Dútske 37 mm-antytankwapens. In batterij fan 80 mm-houwitsers wist de earste Britske tankkolône tsjin te hâlden, mar de twadde kolône kaam oant binnen in km ôfstân fan Rommel syn fjildhaadkertier, en koe úteinlik mei muoite opkeard wurde troch in batterij 88 mm-antyloftgeskut.
Nei de Slach by Atert liet Hitler syn troepen hohâlde wylst er besocht om ta in ôfsûnderlike frede te kommen mei Grut-Brittanje. Dat smiet in pear dagen rêst op, dy't de 7e Pânserdifyzje goed brûke koe. De Britten hiene lykwols gjin serieuze belangstelling foar frede, mar woene inkeld tiid winne om harren troepen út Belgje en noardlik Frankryk werom te lûken nei Dúntsjerk (Dunkerque), dêr't se mei skippen wei evakuëarre wurde koene nei it heitelân.
Op 26 maaie waard de striid ferfette. De 7e Pânserdifyzje berikte de deis dêrop Risel (Lille), en foar de ferovering fan dy stêd krige Rommel ek de 5e Pânserdifyzje ûnder syn befel. Dyseldichste deis, 27 maaie, krige er it berjocht dat him as earste Dútske difyzjekommandant yn 'e oarloch it prestizjeuze Ridderkrús fan it Izerne Krús taparte wie. Dat kaam him op 'e oergeunst fan oare generaals te stean, en kweatongen bewearden, hy hie de ûnderskieding inkeld krigen fanwegen syn inige bân mei de Führer. Op 28 maaie kamen Rommel syn troepen by de úteinlike oanfal op Risel swier ûnder fjoer te lizzen fan 'e Frânske artillery. Hy sette lykwols troch en wist de stêd te oermasterjen en dêropta de helte fan it Frânske 1e Leger kriichsfinzen te meitsjen. Nei dat huzarestikje koene Rommel syn troepen einlings in goed wike útrêste.
Op 5 juny sette Rommel syn opmars fierder, optsjend nei de rivier de Seine, om 'e brêgen by de Normandyske haadstêd Rouen feilich te stellen. Syn troepen leine 100 km yn twa dagen ôf, mar by Rouen oankommen die bliken dat de brêgen al opblazen wiene. Op 10 juny berikte Rommel deunby Dieppe de kust fan it Kanaal, dêr't er him by de pânserdifyzje fan Heinz Guderian joech.
Op 15 juny gie de 7e Pânserdifyzje op nei Cherbourg, yn westlik Normanje, dat op 18 juny ynnommen waard. Dêrnei soe Rommel fierder op nei Bordeaux, mar doe't op 21 juny tusken de Frânsen en de Dútsers in wapenstilstân sletten waard, kaam syn oandiel yn 'e Slach om Frankryk ta in ein. Yn july sette er mei syn difyzje nei Parys ta om him dêr ta te rieden foar Operaasje Seelöwe, de plande mar nea útfierde Dútske ynfal yn Ingelân. Sels doe al wiene de tarissings mar wat healslachtich, mei't de Luftwaffe de Slach om Ingelân oan it ferliezen wie fan 'e Royal Air Force.
De 7e Pânserdifyzje krige letter de bynamme fan "de Spûkdifyzje" (Gespenster-Division), fanwegen de ûnbidige faasje fan syn opmars, dy't sa grut wie dat sels it Dútske oerbefel op in stuit net mear wist wêr't er wie. Rommel syn troepen hiene doedestiden ek it rekôr foar de grutste, troch in tankdifyzje ôfleine ôfstân yn ien inkele dei yn 'e hannen – te witten: krapoan 320 km.
Fan oare Dútske generaals waard Rommel priizge om syn taktiken, mar krige er ek krityk: guon lju fûnen nammentlik dat er tefolle risiko's nommen hie. Rommel syn eigen kommandant, generaal Hermann Hoth, wie publyklik fol lof oer syn ûnderhearrige, mar yn in fertroulik rapport skreau er dat Rommel noch net wer it befel oer in lyk jûn wurde mocht oant er wat mear beoardielingsfermogen krigen hie. Lettere foarfallen soene lykwols bewize dat Hoth der raar by troch wie.
As beleanning foar syn súkses waard Rommel promovearre ta luitenant-generaal. Op 6 febrewaris 1941 krige er it befel oer it nijskepen Afrikakorps, dat bestie út 'e 15e Pânserdifyzje en de 5e Lichte Difyzje (letter omfoarme ta de 21e Pânserdifyzje). Mei dy formaasje waard er by Operaasje Sonnenblumme nei it Noardafrikaanske Lybje ta stjoerd (yn dy tiid in Italjaanske koloanje), dêr't de Italjaanske bûnsgenoaten fan 'e Dútsers har yn 'e swierrichheden wurke hiene by har striid tsjin 'e troepen fan Grut-Brittanje en it Britske Gemienebêst, út it oanbuorjende Egypte. Syn súkses yn dizze Noardafrikaanske Kampanje soe Rommel de bynamme fan "de Woastynfoks" (der Wüstenfuchs) opsmite.
De sitewaasje dy't Rommel begroete by syn oankomst yn Lybje wie net sa'n fraaienien, fanút it Dútske eachpunt besjoen. De Britten hiene by Operaasje Kompas de demoralisearre Italjanen oant likernôch healwei de koloanje weromdreaun, en nei de tepletterjende nederlagen dy't se lit hiene, wiene der noch mar 7.000 Italjaanske soldaten oer. Rommel krige fan it Dútske legerhaadkertier de opdracht om him ter hichte fan Sirte yn te graven en dêr oant maaie stân te hâlden, mei't dan pas de 15e Pânserdifyzje yn Lybje oankomme soe. Neitiid moast er dan optsjen nei de stêden Agedabia en Bengazy en dêr in definsive liny oanlizze. Rommel fûn dat op basis fan 'e terreinsgesteldheid in ûnhâldber plan, en besleat dat de hiele Syrenaika werovere wurde moast om Bengazy feilich te stellen.
Op 24 maart sette Rommel útein mei in offinsyf fan beheinde skaal, dat er útfierde mei inkeld de 5e Lichte Difyzje en twa Italjaanske difyzjes. De Britten, dy't de kommunikaasje tusken Rommel en it Dútske oerbefel ûnderskept hiene, en dus ferwachten dat Rommel by Sirte lizzen bliuwe soe, kaam dit folslein oer it mad. Boppedat wie harren legermacht yn 'e Syrenaika ferswakke trochdat ferskate difyzjes oersee nei Grikelân ta stjoerd wiene om 'e Dútske opmars dêre tsjin te kearen. Sadwaande moasten de Britten weromwike nei Mersa el Brega, dêr't se ferdigeningswurken begûnen oan te lizzen, sûnder euvelmoed dat der foar harren stoarm op komst wie. Doe't Rommel mar kwealk tsjinstân mette, state er djipper troch yn fijannich gebiet, wêrby't er nei in dei fan fûleindige gefjochten de Britten út har basis by Mersa el Brega ferdreau. Tsjin dy tiid wie it foar alle partijen dúdlik dat Rommel him neat oanlûke soe fan syn oarders, en om't de Britske troepen te ferspraat wiene om him tsjin te hâlden, besleat de Britske befelhawwer, generaal Archibald Wavell, om Bengazy te ûntromjen en in taktyske weromtocht út te fieren foar't it Britske garnizoen dêr besingele wurde koe.
Doe't er murk dat de Britten de konfrontaasje mei him út 'e wei giene, besleat Rommel om it te weagjen en besykje om mei syn trije difyzjes de hiele Syrenaika te weroverjen. Wylst er de Italjaanske Ariete-pânserdifyzje efter de Britten oan stjoerde, loek er in dei út om 'e Dútske 5e Lichte Difyzje te befoarriedzjen. Dêrfoar stjoerde er alle frachtweinen hinne en wer nei it branjedepot, wat de tanks en pânserfiertugen folslein strâne efterliet, en boppedat totaal kwetsber foar in oanfal. Mar de Britten wiene har oan it weromlûken, dat Rommel weage it derop. Dat kaam him op in botsing mei de difyzjekommandant, generaal-majoar Johannes Streich, te stean. Teffens hied er in oanfarring mei de Italjaanske generaal Italo Gariboldi, dy't woe dat er him oan syn oarders hold. Rommel joech him te ferstean dat it him wol nei fleanen liek om sa'n bûtenkâns as de fijân him hjir bea, links lizze te litten.
Nei't de Dútsers en Italjanen Bengazy yn besit nommen hiene, bemasteren se tsjin 8 april ek de rest fan 'e Syrenaika oant Gazala ta. Hoewol't er tsjin dy tiid berjocht fan it Dútske oerbefel krige dat er no beslist stilhâlde moast, besleat Rommel, dy't in kâns seach om Aleksandrië yn te nimmen en mooglik sels de Britten út hiel Noard-Afrika te ferdriuwen, om troch te setten. Hy sloech fannijs syn oarders yn 'e wyn en begûn in oanfal op 'e wichtige havenstêd Tobruk, dêr't er it hiele Britske leger fêst hope te setten. De beide Italjaanske difyzjes stjoerde er dat út by de kust lâns, wylst er sels mei de 5e Lichte Difyzje in omtsjende beweging fia it suden troch de woastyn makke. Dêrby waarden û.m. de Britske generaals Philip Neame, de militêr gûverneur fan 'e Syrenaika, en Richard O'Connor kriichsfinzen makke. Hoewol't de besingeling fan Tobruk fanwegen befoarriedingsswierrichheden net sa fluch útfierd wurde koe as Rommel yn 'e holle hie, slagge it him op 11 april dochs om 'e stêd fan alle kanten yn 'e skjirre te nimmen. Tsjin dy tiid wie it grutste part fan it Britske leger lykwols al nei Egypte ta ûntkomd. Op 15 april hiene de Dútsers en Italjanen hiele Lybje wer yn 'e hannen.
It Belis fan Tobruk waard in slepende saak, dy't 240 dagen duorre, fral om't it garnizoen oer see befoarriede wurde koe. De haven fan 'e stêd wie yn logistyk opsjoch ek foar de Dútsers fan essinsjeel belang foar in fierdere opmars nei Egypte, dat Rommel koe Tobruk ek net gewoan links lizze litte. De stêd waard ferdigene troch de Australyske 9e Difyzje ûnder luitenant-generaal Leslie Morshead, dy't fuortsterke wurden wie troch in grut tal lytsere Alliëarde ienheden, sadat it totale garnizoen mear as 25.000 man bedroech. Rommel besocht mei in stikmannich lytsskalige oanfallen sûnder folle artillerystipe troch de ferdigening te kringen, mar dat mislearre, ek al om't de Italjanen, dy't de ferdigeningswurken fan Tobruk sels oanlein hiene, it net foarinoar krigen om in plattegrûn fan 'e fortifikaasjes op te djipjen. Boppedat wie Rommel syn ferhâlding mei syn direkte ûnderhearrigen net goed; fral Streich joech iepentlik krityk op syn beslissings. De Dútske oerbefelhawwer Walther von Brauchitsch skreau Rommel dat er minder driigje en skelle moast, en mear it debat opsykje. Syn ûnderhearrigen hiene geweldich fochten; mooglik dat troch praten de resultaten noch better waarden. Rommel wie der lykwols de man net ta om mei oerlis te wurk te gean.
Dochs bleau Rommel posityf oer de oerwinning. Yn in brief oan syn frou op 16 april skreau er dat de fijân de stêd al oan it ferlitten wie. Yn it echt waard de stêd net ûntromme mar kamen der skippen binnen mei foarrieden en materiaal. Ut in nije brief, fan 21 april, docht bliken dat Rommel dat sels ek begûn te beseffen, temear om't de plattegrûnen doe einlings fûn wiene en hy sadwaande foar it earst in goed byld fan 'e fêstingwurken krige. Op dat punt begûn er it Dútske oerbefel om fersterkings te freegjen, mar om't Operaasje Barbarossa, de Dútske ynfal yn 'e Sovjet-Uny, hast begjinne soe, koe dêr gjin sprake fan wêze. Stêfsjef Franz Halder stjoerde ynstee Friedrich Paulus om te sjen hoe't it derfoar stie. Paulus prebearre sels in oanfal, mar doe't dy fêstrûn, liet er hohâlde. Hy joech Rommel opdracht om gjin fierdere oanfallen mear te dwaan oant de 15e Pânserdifyzje arrivearre. Dêrnjonken ûnthefte er Streich fan syn post.
Wylst er wachte op 'e 15e Pânserdifyzje, liet Rommel de Dútske troepen har om Tobruk hinne yngrave. De Italjanen sette er yn om it kuststedsje Bardia, mear nei it easten ta, te besetten en om 'e frontliny oan 'e Egyptyske grins te bewekjen. Winliken wie it foar de Dútsers en Italjanen dreger om har troepen yn 'e Syrenaika te befoarriedzjen as dat it foar de Alliëarden wie om 'e Australiërs yn Tobruk fan iten en munysje te foarsjen, ek al waarden de Britske befoarriedingsskippen teheistere troch de Kriechsmarine en de Luftwaffe. Under druk fan Winston Churchill sette generaal Wavell op 15 maaie útein mei in tsjinoffinsyf fan beheinde skaal, mei as koadenamme Operaasje Brevity, dy't lykwols nei ien dei al stopset wurde moast. Op 15 juny giene de Alliëarden fannijs yn 'e tsjinoanfal, by Operaasje Battleaxe, mar diskear waarden se nei in fjouwer dagen duorjende tankslach weromslein mei it ferlies fan 87 tanks (tsjin 25 fan 'e Dútsers). Fan gefolgen waard Wavell troch Churchill ûntheft fan syn kommando, en ferfongen troch generaal Claude Auchinleck.
Yn augustus waard Rommel beneamd ta befelhawwer fan 'e nije Pânsergroep Afrika, dy't bestie út it Afrikakorps (de 15e en 21e Pânserdifyzjes) en fierders út 'e Dútske 90e Lichte Difyzje, ien Italjaanske pânserdifyzje en trije Italjaanske ynfanterydifyzjes. Rommel krige as stêfsjef Fritz Bayerlein, wylst it Afrikakorps luitenant-generaal Ludwig Crüwell as kommandant krige. De beide Italjaanske pânserdifyzjes Ariete en Trieste bleaune bûten dizze kommandostruktuer, en foarmen tegearre it Italjaanske XXe Motorisearre Korps ûnder befel fan generaal Gastone Gambara. Yn oktober krige fjildmaarskalk Albert Kesselring it befel oer de Dútske en Italjaanske troepen yn it hiele Middellânske-Seegebiet.
Nei it mislearjen fan operaasje Batteleaxe reorganisearre generaal Auchinleck de Alliëarde troepen yn Egypte, dy't boppedat fuortsterke waarden fan twa nije korpsen, it XXXe en it XIIIe, dy't tegearre it Britske 8e Leger ûnder befel fan generaal Alan Cunningham foarmen. Mei 770 tanks en 1.000 fleantugen sette Auchinleck op 18 novimber in grutskalich tsjinoffinsyf yn gong, dat de namme Operaasje Crusader krige. Dêrfoaroer hie Rommel as ûnderdiel fan 'e Pânsergroep Afrika yn totaal 260 Dútske tanks en 154 Italjaanske ta syn foldwaan.
It 8e Leger makke in súdlingse omtsjende beweging troch de woastyn om fan út it suden op Tobruk ta, wylst oare troepen de Italjaanske difyzjes by Bardia oanfoelen. Rommel besleat in plande oanfal op Tobruk op 'e lange baan te skowen en de besingeling fan 'e havenstêd op te jaan om it gefjocht mei de optsjende Britske troepen oan te gean. Auchinleck hie ûndersteld dat Rommel de Italjanen by Bardia te help komme soe, mar ynstee foel er it 8e Leger yn 'e woastyn oan by Sidi Rezegh. Wylst de Italjaanske Ariete-Pânserdifyzje tebekwike moast, dêrby de Britten swiere ferliezen tabringend, sloech de 21e Pânserdifyzje de Britske oanfallen ôf.
De folgjende dagen holden de Britten oan mei har oanfallen, wêrby't se stikje by bytsje al harren pânserûnderdielen yn 'e striid smieten. Rommel wachte oant de fijân himsels folslein fêstlein hie, en sette doe, op 23 novimber, in tsjinoanfal yn, wêrby't er mei de Ariete-difyzje en de 21e Pânserdifyzje in omtsjende maneuver makke wylst de 15e Pânserdifyzje op syn posysje stânhold. Sa rekken de Britten alhiel besingele, en al slagge it har om har in wei út 'e fâle te fjochtsjen en nei Gabr Saleh, yn it suden, te ûntkommen, ferlearen se dêrby wol twa-trêde diel fan harren pânserienheden.
Nei de ferneatiging fan sa'n grut diel fan 'e Alliëarde legermacht besleat Rommel om mei-iens in tsjinoanfal te dwaan. Dy sette op 24 novimber útein en krong djip efter de Britske frontlinys yn Egypte troch. Rommel wie him bewust fan 'e risiko's fan sa'n dryst dwaan, mar hy gie derfan út dat de Alliëarden troch har resinte nederlaach yn betizing wêze soene, en hy woe dêr safolle mooglik fan profitearje troch de Britske befoarriedingslinen troch te snijen. Generaal Cunningham reägearre krekt sa't Rommel hope hie, troch in algemiene weromtocht fan it 8e Leger te beoarderjen. Auchinleck arrivearre lykwols krekt op 'e tiid út Kaïro wei om dat befel werom te draaien. Dêrtroch rûn de tsjinoanfal úteinlik fêst, en moasten de Dútsers har weromlûke yn 'e Syrenaika. Rommel krige foar dizze riskante aksje in protte krityk te ferduorjen, û.m. fan it Dútske oerbefel, dat fûn dat er better earst de Alliëarde troepen om Tobruk hinne útskeakelje kinnen hie, dy't noch altyd in bedriging foar de Dútske flank foarmen. Rommel syn plan mislearre lykwols inkeld om't Auchinleck op in krúsjaal tiidstip op it slachfjild ferskynde; oars hie alles hiel oars útpakt.
Wylst Rommel trochstate nei Egypte en sadwaande ferskate dagen net te berikken wie, moasten de Dútske troepen yn 'e Syrenaika harsels sjen te rêden. Kolonel Siegfried Westphal befoel de 21e Pânserdifyzje werom nei Tobruk te gean om 'e swakke Dútske linys dêre te fersterkjen. Op 27 novimber foelen de Britske troepen yn 'e eastlike Syrenaika op 'e nij oan. Se brieken troch de belegering fan Tobruk hinne en makken kontakt mei de ferdigeners. Rommel, dy't syn tsjinoanfal bekeapje moatten hie mei in grut ferlies oan materieel dat net samar wer goedmakke wurde koe, wie net by steat en doch dêr wat oan; hy moast him der op dat stuit op talizze om safolle mooglik manskippen en materieel ûnskansearre út Egypte werom te lûken. Tsjin 6 desimber wie it Rommel slagge en rêdt it Afrikakorps fan 'e ûndergong, en de deis dêrop foel er werom op in ferdigeningsliny ter hichte fan Gazala, bewesten Tobruk, wylst syn troepen it allegeduerigen swier te ferduorjen hiene fan bombardeminten troch de Royal Air Force. Sadwaande rekke it Italjaanske garnizoen fan Bardia ynsletten, en moast dat him úteinlik op 2 jannewaris 1942 oerjaan.
Hoewol't se hast like útput en dusoardere wiene as de Dútsers en Italjanen, krongen de Alliëarden almar fierder op. Se waarden eefkes opholden by Gazala, mar brieken al fluch troch de Dútske ferdigening, wêrnei't se fierder westoan teagen oant se op 30 desimber El Agheila berikten.
Under Operaasje Crusader waard Rommel ferskate kearen hast kriichsfinzen makke troch de Alliëarden. Ien kear besocht er in Nijseelânsk fjildhospitaal dat noch gewoan yn Alliëarde hannen wie, en blufte him derút troch in ynspeksje te hâlden en te freegjen oft der noch foarrieden nedich wiene. De Nijseelanners joegen him dêrop in listke mei saken dy't se wol brûke koene, en Rommel koe dêrnei sûnder swierrichheden fuortride (hy liet letter de needsaaklike medikaminten by it fjildhospitaal besoargje). In oare kear ried er mei syn stêfauto, dat in bútmakke Britske wein wie, by nacht oerenlang middenmank in kolône Britske transporttrucks sûnder dat immen it yn 'e gaten hie.
Op 5 jannewaris 1942 krige it Afrikakorps 55 nije tanks en oare foarrieden, en dêrop begûn Rommel daliks mei it plannen fan in nije tsjinoanfal. Dy gie op 21 jannewaris fan start. De Alliëarden hiene sa'n flugge wergroepearring net ferwachte, en se ferlearen yn koarte tiid 110 tanks en withoefolle oar swier materieel. Op 29 jannewaris werovere it Afrikakorps Bengazy, en op 3 febrewaris Timimi, wylst de Alliëarden har wer oant Gazala weromlûke moasten. Tsjin april fan 1942 hie fjildmaarskalk Kesselring soarge dat de Britten op Malta hast stikkenbombardearre wiene, sadat de Dútsers it no boppe de Middellânske See yn 'e loft foar it sizzen hiene. Sadwaande kaam der fan dy tiid ôf in stream oan nije foarrieden by it Afrikakorps binnen. Rommel koe doe begjinne mei it plannen fan syn nij grut offinsyf. Hy hie it yn 't sin en tsjoch om 'e Alliëarde stellings by Gazala hinne, en fal de Britten yn 'e rêch oan.
Underwilens wiene ek de Britten in oanfal oan it plannen. Hja beskikten oan it front oer 900 tanks, wêrûnder 200 nije Grant-tanks. Dêrfoaroer koe Rommel yn totaal 320 Dútske en 240 Italjaanske tanks yn it fjild bringe. Under de Dútske tanks wiene 50 fan it lichte Panzer II-model, wylst alle Italjaanske tanks mar swak bewapene en licht bepânsere wiene. Ek op it mêd fan ynfantery en artillery wiene de Dútsers yn 'e minderheid. Rommel moast it dan ek hawwe fan syn superieure 88 mm-antytankwapens, mar dêr hied er te min fan. Yn 'e loft holden de Dútsers en de Alliëarden inoar yn dy snuorje yn Noard-Afrika yn lykwicht.
Op 26 maaie gie Rommel yn 'e oanfal, yn in treffen dat de Slach by Gazala kaam te hjitten. Syn Italjaanske ynfantery foel de fêstingwurken fan Gazala fanút it westen oan, ûnderstipe troch lytse tankdetasjeminten. Dêrmei waard de yndruk wekke as woe Rommel in frontale oanfal prebearje, wylst er yn wurklikheid by nacht mei alle oare motorisearre en pânsere troepen fia de woastyn om 'e Alliëarde fortifikaasjes hinne teach. De oare moarns foel de Dútsk-Italjaanske haadmacht út it suden wei oan en ûntstie der in tankslach, wêrby't beide partijen swiere ferliezen oan materieel en manskippen litten. Rommel syn plan om Gazala te besingeljen mislearre, en hy ferlear in trêdepart fan syn middelswiere tanks.
Nei't er de striid op 28 maaie ferfette hie, drigen swiere Britske tsjinoanfallen it Afrikakorps ôf te snijen fan syn befoarriedingslinen. Rommel liet hohâlde mei de útstrutsen Britske minefjilden yn 'e rêch, sadat de Britten him net yn 'e skjirre nimme koene. Dêrop liet er de Italjaanske ynfantery in paad frijmeitsje troch de minefjilden sadat de tanks befoarriede wurde koene. Dêrnei gied er wer oer ta de oanfal, optsjend nei it westen mei eleminten fan it Italjaanske Xe Korps. Op 2 juny died er mei de Dútske 90e Lichte Difyzje en de Italjaanske Trieste-Pânserdifyzje in wraam op it bolwurk fan 'e Frije Frânsen by Bir Hakeim, mar pas op 11 juny slagge it him en nim dat yn. Mei Bir Hakeim feilich yn 'e rêch, en syn lofterflank beskerme troch de Britske minefjilden, sette er dêrnei wer ôf nei it noarden. De Britten, dy't no it risiko rûnen om fêst te reitsjen tusken de Dútsers en har eigen minefjilden, koene net oars as tebekwike nei it easten, en begûnen sadwaande op 14 juny oan in weromtocht nei Egypte.
Op 15 juny berikten de Dútsers de kust, en dêrmei sniene se de weromtocht ôf fan 'e Alliëarde troepen dy't Gazala noch beset holden. Wylst de fijân noch yn betizing ferkearde, sette Rommel syn opmars fuort yn 'e rjochting fan Tobruk, dat no ferdigene waard troch de 2e Súdafrikaanske Ynfanterydifyzje, fersterke troch eleminten fan it eardere Australyske garnizoen. De ferdigening wie min organisearre en in soad soldaten wiene noch oan it bekommen fan 'e gefjochten by Gazala. Rommel hie leard fan syn eardere flater, en troch diskear fluch mei man en macht oan te fallen, slagge it him om 'e stêd op 21 juny yn ien dei te feroverjen en 33.000 Alliëarde soldaten kriichsfinzen te nimmen. Foar dy oerwinning ferhefte Hitler Rommel ta fjildmaarskalk. Rommel stie no op it punt om Aleksandrië yn te nimmen en de Britten út Egypte te ferdriuwen. It Alliëarde oerbefel siet mei de hannen yn it hier, want men wie bang dat Rommel dêrnei trochstjitte soe nei it Midden-Easten mei syn weardefolle oaljeboarnen, en dan soed er yn in reuseftige skjirremaneuver fia de Kaukasus kontakt meitsje kinne mei de Dútske troepen dy't yn súdlik Ruslân opteagen.
It Afrikakorps state troch nei Egypte, dêr't Rommel nettsjinsteande de ferliezen dy't er yn 'e Slach by Gazala lit hie, sûnder opûnthâld de Alliëarde fêsting Mersa Matruh oanfoel. It wie him deroan gelegen om foar te kommen dat de Britten in nije ferdigeningsliny opsette koene. Dizze aksje kaam him lykwols op 'e nij op krityk te stean, mei't syn opmars yn Egypte syn foarrielinen oansjenlik langer makke. Oan 'e oare kant soene syn logistike swierrichheden as snie foar de sinne fuortteie as it him slagge en nim Aleksandrië yn. Underwilens hie Kesselring in oanfal op Malta pland, en doe't dy it spul ôfblaze moast fanwegen Rommel syn nije offinsyf, wied er op syn sêfts sein net bliid en protestearre er fûleindich. Mar Hitler joech Rommel gelyk, want as it slagje soe en ferdriuw de Alliëarden út Egypte, dan soe dat in ûnbidige oerwinning wêze.
Op 22 juny sette Rommel syn offinsyf eastoan troch. Auchinleck hie ûnderwilens besletten om it Britske 8e Leger werom te lûken op yn 't foar tarette stellings by El Alamein, healwei Aleksandrië en de Libyske grins, wylst er twa legerkorpsen efterliet by Mersa Matruh om Rommel op te hâlden. Betizing by de Alliëarde legerlieding soarge der lykwols foar dat it Xe Korps, besteande út fjouwer ynfanterydifyzjes, op 26 juny troch de Dútsers en Italjanen besingele rekke. Ien fan 'e difyzjes wist yn 'e nacht fan 26 op 27 juny in útbraak te forsearjen, en yn 'e twa folgjende dagen wisten de oare trije difyzjes har ek in wei nei it easten ta te fjochtsjen. Mersa Matruh foel op 29 juny, en mei de fêsting makke Rommel ek 6.000 Alliëarde soldaten kriichfinzen en ûnbidige foarrieden en in grutte hoemannichte materieel bút.
Nei de ynname fan Mersa Matruh sette Rommel syn opmars nei it easten en de efterfolging fan it 8e Leger fuort. Dat hie ûnderwilens de stellings by El Alamein berikt, dêr't troch de foar tanks ûnbegeanbere Qattaradepresje yn it binnenlân mar in relatyf smelle stripe lân ferdigene hoegde te wurden. Op 1 july begûn de Earste Slach by El Alamein, mar tsjin dy tiid hie Rommel troch meganyske swierrichheden en branjetekoarten noch mar 13 funksjonele tanks oer. Boppedat wiene syn troepen sa stikken as stikken fan it wikenlange fjochtsjen sûnder skoft. Hoewol't er noch mar in pear hûndert km fan 'e piramiden ôf wie, koe Rommel foarearst net fierder komme. Nei hast in moanne fan healslachtige gefjochten groeven beide partijen har yn om nije foarrieden ôf te wachtsjen en út te rêsten. Dit wie yn Rommel syn eagen sa mis as it mar koe, mar der bestie op dat stuit gewoan gjin oare mooglikheid.
Rommel hope de ympasse by El Alamein sa fluch mooglik te trochbrekken, foàr't de Britten grutte oantallen farske soldaten oanfiere koene. Om't de Dútsers it diel fan 'e Middellânske See tusken Kreta en de Syrenaika behearsken, moast frijwol de hiele Alliëarde befoarrieding om Kaap de Goede Hoop hinne en troch de Reade See nei Egypte stjoerd wurde, mar oan 'e oare kant wiene de Amerikanen, dy't ûnderwilens troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor by de oarloch belutsen rekke wiene, no ek úteinset mei it stjoeren fan foarrieden. Boppedat rûnen de foarrielinen fan it Afrikakorps foar it grutste part noch altyd fia de havens fan Tripoly en Bengazy, dêr't it materieel dan mei frachtweinen wei troch de woastyn nei Egypte karke wurde moast. Sadwaande koe it Afrikakorps him net wergroepearje. Wat it noch minder makke, wie dat it Italjaanske oerbefel derop stie om 'e Italjaanske troepen earder en flugger te befoarriedzjen as harren Dútske bûnsgenoaten.
Underwilens waard de Britske generaal Auchinleck troch Churchill út syn funksje ûntheft, nettsjinsteande it feit dat er Rommel syn opmars ta stilstân brocht hie. As Alliëarde befelhawwer yn Noard-Afrika waard er ferfongen troch generaal Harold Alexander, en as kommandant fan it 8e Leger troch generaal William Gott. It fleantúch fan dy lêste waard lykwols troch de Dútsers delsketten, wêrby't de Gott om it libben kaam. Dêrnei waard it befel oer it 8e Leger taparte oan generaal Bernard Law Montgomery.
Sa't Rommel al freze hie, ûntfongen de Britten in stadige stream fan foarrieden, en yn augustus kaam der sels in grut konfoai fan mear 100 ton binnen. Doe't er dat hearde, besleat Rommel dat er net langer wachtsje koe, en op 30 augustus sette er mei de Dútske 15e en de 21e Pânserdifyzjes, de Dútske 90e Lichte Difyzje en it Italjaanske XXe Motorisearre Korps de oanfal yn, mei as doel om 'e liny fan El Alamein op it súdlikste punt te trochbrekken. Dêr bestie it terrein nammentlik inkeld út flak woastyngebiet, sadat de ferdigeners gjin gebrûk meitsje koene fan lânskipseleminten. De Alliëarden wiene har dêr lykwols fan bewust, en hiene dêrom op dat plak de haadferdigeningsliny in stik fierder nei it easten opset, op 'e Alam El Halfa-heuvelrêch.
Rommel briek mei gemak troch de El Alamein-liny, en it is de fraach oft er miende dat it allegear sa maklik gie of dat er sa wanhopich Britske foarrieden bútmeitsje woe dat er in gok weage. Yn elts gefal rûn er lyk yn 'e fâle, en kaam fêst te sitten yn in gebiet dêr't it optilde fan minefjilden en driuwsân, wylst syn troepen swier ûnder fjoer nommen waarden troch de Britske artillery en de Royal Air Force. Tsjin 2 septimber besefte er dat it neat wurde koe, en loek er him werom. Montgomery hie plannen makke om 'e Dútske weromtocht ôf te snijen, mar besleat úteinlik om 'e fijân gean te litten en sa de krêften fan syn eigen troepen te sparjen. Yn 'e nacht fan 2 op 3 septimber prebearre er mei de Nijseelânske 2e Difyzje en de Britske 7e Pânserdifyzje in oanfal út it noarden, mar doe't de Dútske 90e Lichte Difyzje alderfûleindichst fan him ôfbiet, liet er de oanfal hohâlde.
Rommel wie no werom by ôf, mar hy hie 2.940 manskippen, 50 tanks, 50 stiks geskut en, slimmer as al it oare byinoar, 400 frachtweinen ferlern, dy't krúsjaal wiene foar de befoarrieding fan it Afrikakorps. Montgomery hie 68 tanks ferlern, mar koe dat ferlies folle better ynkassearje, en fierders wiene syn ferliezen folle lichter as dy fan 'e Dútsers. De Royal Air Force wie no oppermachtich yn 'e loft, en fersterkings koe Rommel wol op syn búk skriuwe. Hy begûn te beseffen dat er de woastynoarloch net winne kinne soe.
Yn septimber setten de Alliëarden útein mei in stikmannich oanfallen tsjin logistyk wichtige havens en befoarriedingspunten. De foarrieden dy't it Afrikakorps berikten waarden sadwaande almar minder yn hoemannichte. Boppedat rekke Rommel sels yn 'e minnichte, en moast er mei sikeferlof gean nei Dútslân om op te betterjen. Dêrtroch wied er ôfwêzich doe't Montgomery op 23 oktober 1942 de oanfal iepene yn wat de Twadde Slach by El Alamein komme soe te hjitten. Hoewol't Rommel fuortendaliks nei Afrika weromkearde doe't er dat nijs krige, koste it him twa krúsjale dagen om syn troepen te berikken. De Dútske ferdigening by El Alamein wie in statyske ferdigening, om't der simpelwei te min branje wie foar in mear mobile definsive macht. Rommel hie ferdigeningswurken mei minefjilden, artillery en mitraljeursnêsten oanlizze litten, dy't syn ynfantery yn 'e gelegenheid stelle moasten om 'e fijân op te kearen oant it krappe pânsermaterieel dat yn reserve holden waard it striidtoaniel berikke koe.
Under Rommel syn ôfwêzigens waard it Afrikakorps laat troch generaal Georg Stumme, mar dy beswiek ûnder de earste gefjochten oan in hertoanfal. Dat soarge foar betizing ûnder de Dútsers oant generaal Wilhelm von Thoma it befel oernaam. Nei't Rommel sels wer by El Alamein oankommen wie, waard him trochdien dat de branjefoarrieden op in jammerdearlik leech nivo belâne wiene. Boppedat hie it Afrikakorps by tsjinoanfallen op 24 en 25 oktober in protte tanks ferlern. Likegoed begûn Rommel op 26 oktober mei in nije grutskalige tsjinoanfal om 'e Alliëarden werom te smiten, mar dat kaam him op nije ferliezen te stean. Oan 'e oare kant litten ek de Alliëarden swiere ferliezen, en om syn tanks te sparjen, liet Montgomery de oanfal stilhâlde oant er op 2 novimber Operaasje Supercharge begjinne koe, wêrby't de Alliëarden 4 km djip yn 'e Dútske en Italjaanske stellings trochkrongen.
Nei't in nije tsjinoanfal fan Rommel fêstrûn wie om't er noch mar 35 funksjonele tanks oer hie en de Royal Air Force hear en master yn 'e loft wie, besleat Montgomery op 3 novimber dat er it him wol oan tiid dwaan koe en wachtsje op nije fersterkings. Dat skoft yn 'e slach wie krekt wêr't Rommel ferlet fan hie om it Afrikakorps werom te lûken, mar just doe ûntfong er in direkt befel fan Hitler sels om te oerwinnen of te stjerren. Mei't er him der suver net ta bringe koe ta en slaan in befel fan 'e Führer yn 'e wyn, ferspile er in dei oant syn ferdigening noch fierder yn 't ûnleech brocht wie, foar't er úteinlik dochs besleat om syn troepen werom te lûken. Neitiid soe Rommel sizze dat it him it meast muoide fan al syn tiid yn Noard-Afrika dat er doe net daliks syn eigen sin trochsetten hie.
Montgomery ferfette syn oanfal op 4 novimber mei nije moed en farske troepen, wêrby't er 500 tanks pleatse koe foar Rommel syn likernôch 20 restearjende tanks oer. Tsjin 'e middeisoere rekke it Italjaanske XXe Motorisearre Korps alhiel besingele en in pear oeren letter waard it troch de Britten ferneatige. Dat sloech in bresse fan 20 km breed yn 'e Dútske liny, dêr't doe mei feart en faasje Britske pânsere en motorisearre legerûnderdielen trochhinne stoden. Mei't fan gefolgen it hiele Afrikakorps op it punt stie om ynsletten te reitsjen, koe Rommel doe Hitler syn befel net mear goedkrije, en sette er, fierstente let, dochs noch útein mei syn weromtocht. It wie de ûnferskilligens dy't Hitler yn dit gefal foar Rommel syn manskippen oer blike liet, dy't de fjildmaarskalk úteinlik fan syn Führer ferfrjemde. Tsjin 'e tiid dat er yn 1943 foargoed Afrika ferliet, wie Rommel in ferbittere man wurden. It Dútske ferlies yn 'e Twadde Slach by El Alamein soe neitiid mei de Slach om Stalingrad en de Slach by Midway as ien fan 'e kearpunten yn 'e Twadde Wrâldoarloch beskôge wurde.
It slagge Rommel en lûk it grutste part fan syn pânsere en motorisearre troepen út El Alamein werom, al moast in protte materieel efterlitten wurde fanwegen branjetekoarten en giene noch mear legerûnderdielen ferlern dy't wanhopige efterhoedegefjochten fiere moasten om 'e Alliëarden langernôch tsjin te kearen dat de rest fan it Afrikakorps ûntkomme koe. De swiere rein, dy't de Alliëarde fleantugen oan 'e grûn hold, spile de weromtocht yn elts gefal yn 'e kaart. Mar de Italjaanske ynfanterydifyzjes en de 600 man tellende Dútske parasjutistebrigade fan generaal Hermann-Bernhard Ramcke, dy't gjin motorisearre ferfier hiene, koene it tempo geandefoets net byhâlde, mei as gefolch dat de Italjanen kriichsfinzen makke waarden troch de Alliëarden. De Dútske parasjutisten, lykwols, oerfoelen by nacht in Britske befoarriedingskolône en naaiden út mei de Alliëarde frachtweinen.
Nije efterhoedegefjochten fûnen plak op 'e strjitwei by de kust lâns, mar nearne koe Rommel in ferdigeningsliny opsette, om't er te min tanks en branje hie om syn súdlike flank te ferdigenjen tsjin in omtsjende beweging fan 'e Alliëarden troch de woastyn. Nettsjinsteande oarders fan Hitler en Mussolini om stil te hâlden en him dea te fjochtsjen, sette Rommel syn weromtocht nei it westen fuort. Hy liet de hiele Syrenaika efter him, en hoewol't de terreinsgesteldheid yn Tripolitaanje him liende foar ferdigening, liet er ek dat gebiet efter him, om him úteinlik werom te lûken yn Tuneezje. Fjildmaarskalk Kesselring hie foar Rommel syn dwaan gjin goed wurd oer, want elts fleanfjild yn Lybje dat yn Alliëarde hannen foel, makke dat de Royal Air Force in grutter berik krige. Rommel andere dêrop dat as er besocht hie en hâldt de Alliëarden yn Tripolitaanje tsjin mei syn troepen yn 'e steat dêr't se no yn ferkearden, dan soe it Afrikakorps folslein ferneatige wêze, en wiene de fleanfjilden likegoed yn Alliëarde hannen fallen.
By syn oankomst yn Tuneezje krige Rommel fersterkings yn 'e foarm fan 'e 10e Pânserdifyzje, dy't nei Noard-Afrika ta stjoerd wie om't de Alliëarden Marokko yn 'e hannen krigen hiene. Ferbittere murk Rommel op dat er by El Alamein winne kind hie as dy farske troepen dêrhinne stjoerd wiene. Daliks nei't er Tuneezje berikt hie, sette Rommel mei de 10e Pânseredifyzje de oanfal yn op 'e Amerikanen dy't opteagen fanút Algerije en dy't sadwaande syn oanfierlinen bedrigen. Yn febrewaris 1943 makke er yn 'e Slach by Kasserine koarte metten mei dizze nijynkommelingen, by wat syn lêste oerwinning fan 'e oarloch wêze soe.
Dêrnei moast er him daliks wer tsjin 'e Britske troepen keare dy't him fan it suden út neisetten. De ein fan 'e Noardafrikaanske Kampanje wie no lykwols net mear foar te kommen, en Rommel koe it spul inkeld noch wat ophâlde. Yn it skoft dat er by Kasserine de Amerikanen in optater jûn hie, wie Rommel as kommandant fan 'e Pânsergroep Afrika ferfongen troch de Italjaanske generaal Giovanni Messe. Dat wie by wize fan erkenning dat dy pânsergroep (dy't no ek omneamd waard ta it Italo-Dútske Pânserleger) út ien Dútsk en trije Italjaanske legerkorpsen bestie. Hoewol't Messe no eins Rommel syn superieur wie, koene se mei-inoar troch ien doar, om't Messe sa diplomatyk wie om Rommel syn gong gean te litten. Dochs wie it in ûnkomfortabele sitewaasje, dat it wie foar eltsenien in opluchting doe't úteinlik de Legergroep Afrika skepen waard mei Rommel as befelhawwer, dy't bestie út it Italo-Dútske Pânserleger (dat no it 1e Italjaanske Leger kaam te hjitten) ûnder Messe en it Dútske 5e Pânserleger ûnder generaal Hans-Jürgen von Arnim yn noardlik Tuneezje.
Rommel syn lêste offinsyf yn Noard-Afrika foel op 6 maart, doe't er it Britske 8e Leger yn 'e Slach by Medenine oanfoel mei de 10e, 15e en 21e Pânserdifyzjes. Montgomery, dy't yn 't foar warskôge wie troch de Britske ynljochtingetsjinst, stelde in grut tal stiks antytankgeskut yn Rommel syn paad op, en nei't er 52 tanks ferlern hie, liet Rommel de moedfearren hingje en loek er him tebek. It wie dúdlik dat der mear fersterkings komme moasten, dat op 9 maart reizge Rommel yn it djipste geheim nei Dútslân ta, om Hitler persoanlik fan 'e needsaak dêrta te oertsjûgjen. Dat slagge lykwols net, en Rommel waard derfan wjerholden om noch nei Tuneezje werom te kearen. Syn befel waard oerdroegen oan Von Arnim, en de gefjochten giene noch twa moannen troch, oant 13 maaie 1943, doe't generaal Messe him mei de lêste útputte restanten fan it Afrikakorps oerjoech oan 'e Alliëarden.
Op 23 july 1943 waard Rommel nei Grikelân ta stjoerd om it befel oer te nimmen fan Legergroep E, mei as doel om dêr in Britske ynfaazje út Noard-Afrika tsjin te kearen. Sa'n ynfal yn Grikelân wie Churchill in grut foarstanner fan, mar it plan waard úteinlik nea útfierd. Ynstee hinkstapsprongen de Alliëarden út Tuneezje fia Sisylje nei de Lears fan Itaalje, en doe't it Italjaanske regear ûnder de druk beswiek en Mussolini ôfset waard, krige Rommel op 17 augustus befel om him nei noardlik Itaalje te bejaan en dêr in ferdigeningsliny oan te lizzen. Hy sette syn haadkertier op oan 'e igge fan 'e Gardamar en krige it befel oer de nijfoarme Legergroep B. Op 21 novimber waard Rommel syn âlde rivaal Kesselring lykwols it befel oer hiele Itaalje taskikt, en waard Rommel mei Legergroep B oerpleatst nei Normanje om in Alliëarde lâning op 'e Frânske kust foar te kommen.
Oars as Gerd von Rundstedt, de Dútske oerbefelhawwer yn West-Jeropa, en de pânserkommandanten Heinz Guderian en Leo Geyr von Schweppenburg, leaude Rommel net dat de Dútske tankdifyzjes yn Frankryk yn it efterlân konsintrearre en yn reserve holden wurde moasten om 'e Alliëarden te ferslaan as se ienris lâne wiene. Syn ûnderfinings yn Afrika hiene him leard dat sokke pânserkonsintraasjes troch de Alliëarde loftmacht ferneatige wurde soene foar't se taslaan koene. Neffens him moasten de Alliëarden daliks nei de lâning weromslein wurde, want as se fan it strân ôf slaggen, dan soe it al te let wêze.
Rommel wie dan ek skokt om by syn oankomst yn Frankryk te ûntdekken dat de kustferdigening, de romrofte Atlantikwall, net folle foarstelde. Sadwaande sette er daliks útein mei it fersterkjen fan ferdigeningswurken, it oanlizzen fan minefjilden en it opsmiten fan behinderjende opstakels op 'e Normandyske strannen. Fierders liet er ek obstakels pleatse yn fjilden dy't gaadlik wiene foar sweeffleantugen om yn te lânjen, fan in type dat bekend kaam te stean as de Rommelspargel ("Rommelsarperzje"). De strânobstakels needsaken de Alliëarden op D-Day om in lâning by êb te prebearjen, mei't se by floed nea genôch lâningsboaten oer de hindernissen krije koene. En in lâning by êb wie om foar de hân lizzende redens beheind troch de tiid, wylst it strân folle breder wie en de Dútsers dus mear tiid hiene om 'e Alliëarde troepen út 'e ljochten te helpen. As Rommel mear tiid hân hie, soe it him slagge wêze kinne om in lâning yn Normanje alhielendal ûnmooglik te meitsjen.
Rommel woe de kustferdigening fierder fuortsterkje troch de Dútske tanks yn lytse groepkes by de hiele kust lâns te legerjen. Dat liek Von Rundstedt wol nei fleanen. Op dit mêd besocht Hitler de koal en de geit te sparjen, troch it 1e SS-Pânserkorps west fan Parys te legerjen, fier genôch yn it binnenlân dat Rommel der neat oan hie, mar net fier genôch om fan wearde te wêzen foar Von Rundstedt. Yn Normanje stelde Rommel alle tanks ûnder syn befel sa foarlik mooglik op, mar de pânserdifyzjes, dy't krúsjaal wiene foar syn plan, hied er neat oer te sizzen.
Yn april 1944 setten de Alliëarden mei Operaasje Fortitude útein mei in stikmannich yngewikkelde misliedingsmaneuvers om 'e Dútsers derfan te oertsjûgjen dat de lâning by Kalês (Calais) plakfine soe. Frijwol alle Dútske haadofsieren, en Hitler ek, ferwachten no dat der twa lânings komme soene: de wichtichste oan 'e kust fan Pikardje en Frânsk-Flaanderen, oan 'e igge fan it Nau fan Kalês, en in twaddenien yn Normanje dy't inkeld bedoeld wêze soe as ôfliedingsmaneuver.
De lâning, D-Day, kaam úteinlik op 6 juny 1944, doe't Rommel krekt net oanwêzich wie, mar in besyk brocht oan syn gesin. Hy reizge daliks werom nei Normanje doe't er it berjocht fan 'e lânings krige, mar om't Hitler en it Dútske oerbefel noch altyd in lâning by Kalês ferwachten, waard him de help ûntsein fan 'e 12e SS-Pânserdifyzje, dy't fuortby lei te Saint-Lo. Sadwaande koene de Alliëarden, doe't se ienris troch Rommel syn kustferdigening hinne brutsen wiene, yn 't earstoan frij maklik optsjen, mei't se mar mei swakke Dútske tsjinoanfallen te krijen hiene. Rommel sels hold tafersjoch by strategysk leine Caen, dêr't inkeld de fûleindige wjerstân fan troepen ûnder Hans von Luck in Britske útbraak út Normanje op 'e earste dei fan 'e lânings tsjinkearde.
Nettsjinsteande al Rommel syn krewearjen wisten de Alliëarden har brêgehaad lykwols út te wreidzjen. Tsjin 'e midden fan july moasten de Dútsers oeral tebekwike. Op 17 july, doe't er weromkearde fan in besyk oan it haadkertier fan generaal Sepp Dietrich, de befelhawwer fan it 1e SS-Pânserkorps, waard Rommel syn stêfauto by Sainte-Foy-de-Montgommery besketten troch in Kanadeeske Spitfire fan 'e RCAF, mei as piloat Charley Fox. De sjauffeur besocht te ûntkommen troch gas te jaan, mar waard rekke yn lofterearm, mei as gefolch dat er de macht oer it stjoer ferlear en de auto fan 'e dyk rekke en tsjin in pear beammen oan botste. Rommel waard dêrby út 'e auto smiten, rekke ferwûne oan syn gesicht en rûn in trijedûbele skedelbrek op, sadat er yn it sikehûs bedarre.
Underwilens woeks ûnder in diel fan 'e Dútske elite it leauwe oan dat Hitler Dútslân nei de ûndergong ta late. Hoewol't Rommel earder nauwe bannen mei de Führer ûnderholden hie, wiene de relaasjes sûnt El Alamein aardich bekuolle. Likegoed wie Rommel gjin lid fan it anty-Hitler-kamp, al hied er wol konneksjes yn dy rjochting. Begjin 1944 begûnen trije fan syn bêste freonen, Karl Strölin, de boargemaster fan Stuttgart, en de generaals Alexander von Falkenhausen en Carl-Heinrich von Stülpnagel, te besykjen om Rommel by de gearspanning tsjin 'e Führer te belûken. De lieders fan 'e gearspanning wiene der nammentlik fan oertsjûge dat se de stipe fan in fjildmaarskalk yn aktive tsjinst brek wiene (Erwin von Witzleben, dy't it befel oer de Wehrmacht oernommen hawwe soe as de oanslach op Hitler slagge wie, hie dy rang, mar hy wie al sûnt 1942 bûten tsjinst).
De moetings tusken Rommel en de trije fertsjintwurdigers fan 'e gearspanning waarden beävensearre troch Rommel syn stêfsjef Hans Speidel. Hoewol't er tsjin in moardoanslach op 'e Führer bleau om't er miende dat dy yn it Tredde Ryk in boargeroarloch feroarsaakje soe, besleat Rommel yn febrewaris dochs om 'e gearspanning te stypjen, mei't er him ferplichte fielde om, sa't er it sels ûnder wurden brocht, "Dútslân te rêden." Hy besocht de lieders fan 'e gearspanning oer te heljen om Hitler ynstee te arrestearjen en te berjochtsjen foar syn misdieden. Dat wie lykwols in kânsleaze misje, mei't de Führer dêrfoar fierstente swier bewekke waard.
Nei't kolonel Claus von Stauffenberg op 20 july syn bomoanslach op Hitler weage hie en de Führer der op wûnderbaarlike wize ûnskansearre oan ûntkomd wie, duorre it net lang foar't Rommel syn namme neamd waard. Von Stülpnagel, dy't it net oprêde om selsmoard te dwaan foar't er oppakt wurde koe, blafte by syn ferhear Rommel syn belutsenens derút, en letter joech ek in oare gearspanner, Caesar von Hofacker, ûnder swiere folterings troch de Gestapo Rommel syn namme priis. De fjildmaarskalk waard dêrop yn syn wente te Ulm ûnder hûsarrest pleatst.
Der waard by wize fan kriichsrie in "Hôf fan Militêre Ear" gearstald om oer de by de gearspanning belutsen militêren te oardieljen. Dêryn hiene sawol Von Rundstedt as Guderian sitting, twa mannen dêr't Rommel al earder spul mei hân hie. Dit hôf besleat dat Rommel ûnearfol út 'e Wehrmacht ûntslein wurde moast en dêrnei berjochte troch it saneamde Hôf fan it Folk fan opperrjochter Roland Freisler, dat altyd yn it gelyk fan 'e oanklager oardiele. Hoewol't Rommel syn lot dus al fêstlei, wifele Hitler. Rommel wie nammentlik noch altyd fierwei de populêrste legeroanfierder fan Dútslân, en it soe funest wêze foar it moreel fan 'e Dútske troepen as sa'n man yn 't iepenbier oanmurken waard foar in ferrieder. Yn oerlis mei fjildmaarskalk Wilhelm Keitel besleat de Führer sadwaande om Rommel de kâns te jaan en meitsje himsels fan kant.
Op 14 oktober 1944 waard de fjildmaarskalk thús besocht troch twa generaals fan Hitler syn haadkertier, Wilhelm Burgdorf en Ernst Maisel, dy't him de sitewaasje foarleine. Òf hy makke sels in ein oan syn libben, òf net inkeld hysels soe ferfolge wurde, mar syn gesin en syn stêf krektlyk. As er de hân oan himsels sloech, soed er in steatsbegraffenis krije as oarlochsheld, en syn frou en bern soene fan syn legerpinsjoen libje kinne. Nei't er him in pear minuten ôfsûndere hie om syn kar te beprakkesearjen, kundige Rommel oan dat er de syanidepil ynnimme soe dy't Burgdorf by him hie. Hy lei de saak en syn beslút út oan syn frou en soan en stapte doe mei Burgdorf en Maisel yn 'e auto, dy't troch SS-serzjant Heinrich Doose nei in stil plakje op 'e romte deunby it doarp Herrlingen riden waard. Dêr ferlieten Maisel en Doose de auto en lieten Rommel allinne mei Burgdorf. Fiif minuten letter waarden se weromwonken troch Burgdorf en lei Rommel stil foaroer yn 'e auto, dea.
De Dútske befolking krige te hearren dat Rommel beswykt wie oan 'e ferwûnings dy't er oprûn hie by de besjitting fan syn stêfauto, yn Normanje. Hitler liet in dei fan nasjonale rou ôfkundigje, en Rommel waard mei militêre eare begroeven. Neffens syn soan Manfred wie it feit dat de begraffenis yn Ulm plakhie ynstee fan yn Berlyn, in betingst dat Rommel sels oan syn dea ferbûn hie. De Führer stjoerde Von Rundstedt (dy't op dat stuit net wist dat Rommel syn dea eins troch Hitler beoardere wie) om him te fertsjintwurdigjen op 'e begraffenis. Tsjin Rommel syn lêste winsk yn oerdieken de nazys syn deakiste mei heakkekrusen. De wierheid oer Rommel syn dea kaam pas út doe't Charles Marshall, in ofsier fan 'e Alliëarde ynljochtingetsjinst, yn april 1945 in petear hie mei syn widdo Lucia Rommel.
Erwin Rommel kaam te Herrlingen, in eintsje bûten Ulm, te hôf, en desennialang holden feteranen fan it Afrikakorps dêr elts jier op syn stjerdei in betinking. Op it plak fan syn dea waard letter in monumint oprjochte. Nei de oarloch publisearre de Britske militêr histoarikus kaptein B.H. Liddell Hart Rommel syn deiboek en brieven ûnder de titel The Rommel Papers. Rommel is de iennichste lieder fan it Tredde Ryk dy't in eigen museum hat.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.