Frânsk-Flaanderen

kulturele regio yn Frankryk From Wikipedia, the free encyclopedia

Frânsk-Flaanderen

Frânsk-Flaanderen, ek bekend as Súd-Flaanderen, is in geografysk gebiet sûnder bestjoerlike status dat oerienkomt mei it diel fan it histoaryske greefskip Flaanderen dat yn de perioade fan 1659-1713 oerdroegen is oan it Keninkryk Frankryk troch de oarloggen fan kening Loadewyk XIV. Dit gebiet omfettet it Maritiem Flaanderen yn it noarden, dat oerienkomt mei de Frânske Westhoeke, wat histoarysk sjoen Flaamsk is, en it Romaansk-Flaanderen yn it suden.

Thumb
Frânsk-Flaanderen en it part dat oant yn de 20e iuw benammen Nederlânsktalich wie (donkerread)

Frânsk-Flaanderen beslacht in grut part fan it Noarderdepartemint[1] en heart no ta de regio Opper-Frankryk[2], sûnt de weryndieling fan de Frânske regio's yn 2016, wêrby't Noarden-Nau fan Calais[3] en Pikardje[4] gearfoege binne.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.