Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hierkleur is de kleur fan minsklik hier. Dy wurdt bepaald troch de pigmintaasje fan 'e hierpûdsjes mei twa soarten melanine: eumelanine en feomelanine. Oer it algemien kin steld wurde dat wat mear eumelanine oanwêzich is, wat dûnkerder it hier is, en wat minder eumelanine, wat ljochter it hier is. Feomelanine jout it hier in rodzige tint. De hoemannichten eumelanine en feomelanine dy't men hat, en dêrtroch dus jins hierkleur, binne fierhinne genetysk bepaald en binne assosjearre mei jins etnysk komôf. Hierkleuren wurde by de minske yndield yn fjouwer oanberne kleuren. Fan ljocht nei dûnker binne dat: blûn hier, read hier, brún hier en swart hier. It proses fan ferâldering liedt der by frijwol eltsenien op in stuit ta dat it hier syn kleur ferliest. Dêrtroch ûntstiet griis hier, dat beskôge wurde kin as in fyfde (sij it net oanberne) hierkleur.
De minsklike hierkleur wurdt biogemysk bepaald troch de oanwêzigens fan twa soarten fan it pigmint melanine yn 'e hierpûdsjes: eumelanine en feomelanine. Dy pigminttypen wurde produsearre yn in spesjalisearre sel, de melanosyt, dy't yn elts hierpûdsje (dêr't in hier út groeit) oanwêzich is. Geandewei de groei fan it hier ynjektearret de melanosyt melanine yn 'e hiersellen. Feomelanine kleuret it hier rodzich, oranje of read. Alle minsken hawwe in beskate (oanberne) hoemannichte feomelanine yn it hier, mar dêrby giet it yn 'e regel mar om lytse hoemannichten. As de feomelanine oerhearsket, hat immen read hier. Eumelanine komt foar yn twa subtypen: swart en brún. De oanwêzigens fan in hege konsintraasje swarte eumelanine, resultearret yn swart hier, krekt sa't de oanwêzigens fan in hege konsintraasje brune eumelanine resultearret yn brún hier. In lege konsintraasje brune eumelanine liedt ta blûn hier.
By guon lju ûntbrekt eltse foarm fan pigmint yn it hier. Dat is in ôfwiking dy't albinisme hjit, en dêr't ferskate farianten fan besteane. Soks resultearret yn hier dat folslein wyt is, en ek yn in hûdskleur dy't hielendal of foar in part wyt is en yn guon gefallen yn reade eagen.
As minsken in beskate leeftyd berikke, dy't fan persoan ta persoan ferskilt, wurdt de hoemannichte melanine dy't de melanosyt yn 'e hiersellen ynjektearret, stadichoan minder, en nei ferrin fan tiid hâldt de melanine-ynjeksje hielendal op. Sûnder it ynjektearre pigmint wurdt it hier dan griis en úteinlik hielendal wyt. It resultaat is dat in persoan dan griis hier kriget. Ek as it hier wyt wurdt, sprekt men noch altyd fan 'griis hier'. De measte minsken krije griis hier tusken harren fjirtichste en santichste libbensjier. Oer it algemien kin steld wurde dat 50% fan 'e minsken by it berikken fan it fyftichste libbensjier griis hier hat. Wêrom't melanosyten ophâlde mei wurkjen, is noch altyd ûndúdlik. Ut in wittenskiplik ûndersyk fan ûndersikers fan 'e Universiteit fan Harvard, wêrfan't de útkomsten yn febrewaris 2005 publisearre waarden yn it Amerikaanske tydskrift Science, liek ôflaat wurde te kinnen dat de melanosyt op in stuit gjin pigmint mear oanmeitsje kin omreden fan ferâldering fan 'e sel yn kombinaasje mei genetyske faktoaren.
De ferdieling fan 'e ferskillende (oanberne) hierkleuren ûnder de minsklike populaasje is fierhinne etnysk fan grûnslach. Histoarysk is it ek geografysk, mei't foarhinne alle etnyske groepen yn har fersprieding ta in beskaat diel fan 'e wrâld beheind wiene. Troch migraasje fanôf likernôch 1500 is dat no net mear sa, fral net yn tradisjonele ymmigraasjegebieten, lykas Noard- en Súd-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân, Sibearje en Súd-Afrika. Nettsjinsteande dat kin steld wurde dat
De oare beide oanberne hierkleuren, blûn hier en read hier, oerhearskje eins nearne, mar komme it measte foar yn Skandinaavje en dielen fan Noardwest- en Midden-Jeropa (blûn hier), resp. op 'e Britske Eilannen (read hier).
De ferdieling fan hierkleur wurdt wjergalme troch de ferdieling fan hûdskleur: minsken mei swart of dûnkerbrún hier hawwe faak in dûnkerbrune hûdskleur (swarten, Australyske Aboriginals, Papoea's), in ljochtbrune hûdskleur (Arabieren, Ynjers, Súdeastaziaten, Yndianen) of in gielige hûdskleur (Eastaziaten, Eskimo's). Minsken mei brún hier hawwe faak in rôze (blanke) hûdskleur, en dat jildt ek foar minsken mei blûn en read hier, mar blûne minsken binne oer it algemien in ljochtere tint blank as brúnhierrigen, wylst lju mei read hier faak hast in wite hûdkleur hawwe mei in protte skeinspruten. Dy kleuring fan hier en hûd liket foar it meastepart te krijen te hawwen mei de hoemannichte ultrafiolette strieling dêr't de ferskillende groepen yn harren oarspronklike wengebieten oan bleatstiene, mei't pigmintaasje dêrtsjin beskermet. Om't ultrafiolette strieling in aspekt fan direkt sinneljocht is, krigen minsken yn 'e tropen dêr folle mear fan as lju dy't fierder nei de poalen ta libben.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.