From Wikipedia, the free encyclopedia
Foreigner is in tige súksesfolle science fiction-romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh, dy't sydlings diel útmakket fan Cherryh har gruttere Alliance-Union Universe-rige. De boeken geane oer Bren Cameron, de tolk en diplomaat fia wa't de betrekkings rinne tusken in koloanje minsken dy't yn in fiere úthoeke fan it hielal strâne rekke binne, en it bûtenierdske ras fan 'e atevi, op wa har planeet oft dy minsken bedarre binne. De romans út 'e Foreigner-rige binne skreaun yn it personele perspektyf. De searje rint al sûnt 1994, en wurdt útjûn troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books.
Foreigner | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 1994 – no | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Alliance-Union Universe-rige |
De Foreigner-searje spilet yn 'e takomst, as de minskheid troch flugger-as-ljochtreizgjen fiere planeten kolonisearje kin. De searje set útein as de Phoenix, in minsklik romteskip mei oan board in grutte kloft kolonisten, troch in ûnbekende flater ûnder it flugger-as-ljochtreizgjen fan syn koerts ôfrekket en bedarret yn in ûnbekend diel fan it Molkewei. De bemanning kin dêr gjin inkele bekende stjer ûntdekke, en boppedat is it skip sûnder brânstof oanbelâne yn in sinnestelsel fan in binêre stjer, dy't sa'n radio-aktive strieling ôfsmyt dat de kolonisten en bemanningsleden dy't dêr mei mynwurkersfartugen (bedoeld foar in folle freonliker miljeu) branje winne moatte út asteroïden, der krepearje as rotten.
As der nei in pear jier einlings en te'n lêsten genôch branje wûn is om 'e Phoenix op 'e nij flugger-as-ljocht reizgje te litten, springt it skip nei it earste it bêste geunstich útsjende sinnestelsel ta, mei in griene, fruchtbere wrâld. Dêr oankommen docht lykwols bliken dat dy planeet al in yntelliginte libbensfoarm hat, nammentlik de atevi, in ras fan mânske swarthûdige humanoïde wêzens dy't mei kop en skouders útstekke boppe de langste minske. Omtrint de tiid dat de Phoenix by harren wrâld arrivearret, hawwe de atevi krekt de steamtrein útfûn. De minsklike kolonisten bouwe yn in baan om 'e Ierde fan 'e atevi in romtestasjon, dat se Alpha neame. It is de bedoeling fan 'e skipsbemanning om yn dit sinnestelsel nije branje yn te nimmen en dan wer ôf te setten, op 'e siik nei in bekend diel fan it hielal en de minsklike Ierde, mar de kolonisten hawwe tsjin dy tiid har nocht. Sy sjogge in prima wrâld rjocht ûnder harren, en wegerje dy te ferlitten. Nei 120 jier komt it ta in brek tusken de kolonisten en de skipsbemanning, dy't dermei einiget dat de Phoenix sûnder de kolonisten ôfset, wylst de kolonisten it stasjon Alpha ôfslute en har oan parasjutes nei it planeetoerflak sakje litte.
It earste kontakt tusken de minsken en de atevi ferrint hommels, mar posityf. Ferskate jierren geane foarby ear't spannings feroarsake troch wjerssidige kulturele misferstannen abrupt ta útbarsting komme yn 'e Oarloch fan 'e Lâning. Hoewol't de minsken folle bettere wapens hawwe, binne de atevi folle fûleindiger yn 'e striid en hawwe se boppedat in grutte nûmerike mearderheid. Krekt foar't de striid útrinne kin op in genoside, wurdt der in frede bewurkmastere. Dêrby steane de atevi it eilân Mospheira ôf oan 'e minsken, en wurde alle atevi-bewenners dêrwei evakuëarre. Dêr stiet foaroer dat de minsken harren technology mei de atevi diele moatte en har net mear op it fêstelân bejaan meie, oan 'e oare kant fan in smelle seestrjitte. It iennichste kontakt tusken Mospheira en de Westlike Assosjaasje (de wichtichste atevi-steat) wurdt tenei ûnderholden troch ien minske, de paidhi, in atevi-term dy't tolk en oersetter betsjut.
It boppesteande wurdt allegear ferteld yn 'e earste sechstich siden fan it earste diel fan 'e Foreigner-searje. It ferhaal springt dan twahûndert jier foarút yn 'e tiid. De kolonisten op Mospheira (dy't no in pear miljoen sielen telle), libje noflik op harren eilân dêr't neat of nimmen harren steurt, en wurde folslein yn beslach nommen troch har eigen beslommerings. Troch de stadige mar oanhâldende oerdracht fan technologyske ynformaasje is de maatskippij fan 'e atevi no hast like fier ûntwikkele as dy fan 'e minsken, wylst de atevi op guon terreinen eigen útfinings dien en de minsken ynhelle hawwe. De jonge paidhi Bren Cameron is no in pear jier op syn post, en hâldt him benammen dwaande mei it byhâlden fan it wurdboek fan 'e atevi-taal en it ôfremjen fan ûntwikkelings dy't de atevi en de wrâld as gehiel mear skea as goed dwaan kinne, lykas de ûntwikkeling fan in netwurk fan ferhurde wegen dat it opbrûken fan fossile brânstoffen mooglik meitsje en ta in broeikaseffekt liede soe. Alles liket kalm en freedsum syn gong te gean. Tsjin dy eftergrûn set it ferhaal útein, as it romteskip de Phoenix einlings en te'n lêsten nei de Ierde fan 'e atevi weromkeard en dêrmei alles folslein yn ûnstjoer bringt.
Foar it ûntwerpen fan 'e omslaggen fan 'e boeken fan 'e Foreigner-searje loek útjouwerij DAW Books grutte nammen oan. De omslaggen fan Foreigner, Invader, Explorer en Destroyer waarden makke troch Michael Whelan, ien fan 'e meast bekroande boekbânûntwerpers út it sjenre. Fierders wiene de omslaggen fan Pretender en Deliverer fan 'e hân fan Donato Giancola, dy fan Precursor en Defender fan Stephen Youll, wylst de omslach fan Inheritor it wurk wie fan Dorian Vallejo. De omslaggen fan alle boeken fanôf Conspirator kamen foar de rekken fan Todd Lockwood.
De no al mear as tweintich jier rinnende Foreigner-rige wurdt rûnom beskôge as in hichtepunt fan 'e Amerikaanske science fiction-literatuer. Skriuwster C.J. Cherryh hat har ferhûgje kinnen yn tige loovjende resinsjes. Sa fette it tydskrift Science Fiction Chronicle de searje gear mei de wurden: "Yntriizjes, aventoer, tinkwurk, sels koarte glimpen humor yn in prachtich eksoatysk dekôr." Kirkus Reviews neamde it "in djipdollend, betochtsum, yntelligint stik wurk, mei mear ynsjoch yn in fiiftal siden as dat de measte auteurs yn fyftich siden witte te stopjen." En Booklist skreau: "Dizze searje falt sels op mank Cherryh har oer it algemien dochs al treflike ferhalen oer minsklik-bûtenierdske kontakten."
It faktydskrift Publishers Weekly neamde de Foreigner-searje "Ien fan 'e bêste langrinnende science fiction-searjes dy't der bestiet [...] [It] biedt in fassinearjende plot dy't de klam leit op yntinse minsklike/bûtenierdske ynteraksjes [...] Cherryh is noch altyd ien fan 'e meast talintearre skriuwers fan dit sjenre." Ut deselde boarne it folgjende sitaat: "Detailleare karakterûntwikkeling, tige spannende dialogen en in each foar subtile ferskillen yn foarbarige mienings op it mêd fan kultueren binne fan krúsjaal belang [...] Dit is serieuze science fiction op syn alderbêst, skreaun troch ien fan 'e liedende hjoeddeistige auteurs fan it sjenre."
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1995 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Foreigner |
1996 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Invader |
2002 | Locus Award | nominearre | bêste science fiction-roman | Defender |
Yn 2013 waarden de earste trije boeken fan 'e Foreigner-searje foar Audio Cinema Entertainment adaptearre ta in seis oeren duorjend harkspul troch de bekroande harkspulskriuwer Sable Jak. Oan dy produksje wurken û.m. mei: de lûdsartyst Tim Knofler en stimakteurs Wednesday Wolf (Bren Cameron), Gin Hammond (Jago) en Jane Cater (Ilisidi). Jak wurke by it útfieren fan dizze produksje nau gear mei Cherryh. It budget foar de produksje fan it harkspul bedroech $250.000.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.