From Wikipedia, the free encyclopedia
Conspirator is it tsiende diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Gearspanner". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Conspirator ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2009, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Conspirator tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Conspirator | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2009, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Deliverer | |
● folgjend diel | Deceiver | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 05 700 |
Conspirator spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.
De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet.
Conspirator iepenet as it maityd wurdt yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje, de atevi-steat dy't nettsjinsteande de (histoaryske) namme njoggentsiende part fan 'e wrâld omfiemet. De residinsje fan 'e aiji yn it Bu-javid, it ûnbidich grutte regearingskompleks yn Shejidan, is noch altyd ûnbewenber fanwegen de skea dy't dêr ûnder de steatsgreep oanrjochte is. Tabini hâldt dêrom foarearst ta yn it appartemint fan syn beppe Ilisidi. Bren Cameron syn eigen, oanswettende wente is beset troch de Farai-clan, suderlingen nota bene, dy't dêr oanspraak op meitsje fia in yngewikkelde erfskipsrelaasje mei de Maladesi, de útstoarne clan fan wa't it appartemint oarspronklik wie. Tabini soe de ûnbetroubere Farai der it leafst útsette, mar om't hja ûnder de kontrarevolúsje oerrûn binne en de poarten fan it Bu-javid iependien hawwe foar Tabini syn oanhingers, kin er dat polityk net alhiel ferantwurdzje. Sadwaande útfanhuzet Bren ûnderwilens yn it appartemint fan Tatiseigi, de aartskonservative hear fan 'e Atageini, wylst de âldman sels op syn bûtenpleats Tirnamardi, yn 'e Padi-delling, residearret.
As Tatiseigi lykwols oanjout wer fan syn appartemint yn it Bu-javid gebrûk meitsje te wollen, moat Bren op 'e siik nei in oar ûnderkommen. Om't syn fysike oanwêzichheid yn Shejidan op it stuit net nedich is, beslút er him foarearst werom te lûken op syn eigen bûtenpleats Najida, oan 'e westkust. Dêr ûntfangt er syn broer Toby, dy't mei syn jacht de Brighter Days oerfart fan Mospheira. Bren en Toby kinne dan einlings en te'n lêsten beskate famyljeproblemen útprate, lykas de sykte en dea fan harren mem, dêr't Bren Toby allinnich mei sitte litten hat, om't hy op dat stuit mei de Phoenix ûnderweis wie nei it romtestasjon Reunion. Toby bringt syn freondinne Barb Letterman mei, dy't foarhinne Bren syn ferloofde wie. Bren hat gjin inkele romantyske ynteresse mear yn Barb, want hy ûnderhâldt no al mear as tsien jier lang in stabile relaasje mei syn froulike atevi-liifwacht Jago. Likegoed soarget Barb har oanwêzichheid en har (tige minsklike) hâlden en dragen, dêr't se it atevi-tsjinstfolk fan Najida mei skandalisearret, foar in spande sitewaasje.
Underwilens ferfeelt Cajeiri, de achtjierrige en eigenwize soan fan Tabini, him dea yn it Bu-javid. Syn âlden hawwe it sa drok dat se amper nei him omsjogge, hy mei (foar syn eigen feilichheid) frijwol neat, en no is Bren-paidhi ek noch ôfreizge nei Najida. Syn hope dat syn oerbeppe Ilisidi, dy't mei syn oerâldomke Tatiseigi út Tirnamardi wei arrivearret, in hoart yn Shejidan bliuwe sil, ferfljocht as se him fertelt dat se inkeld op trochreis is en dat se moarnsier al wer ôfsette sil nei Malguri, har residinsje yn it Easten. Dat is tefolle foar Cajeiri. Dat, gebrûkmeitsjend fan 'e betizing dy't feroarsake wurdt troch de minne gearwurking tusken it befeiligingspersoneel fan syn heit en de liifwachten fan syn oerbeppe, pykt er út, mei by him inkeld syn ûnbelearde tinerliifwachten Jegari en Antaro. It trijetal ûntkomt út it Bû-javid fia it treinstasjon yn 'e tunnels dêrûnder, stapt oer op in ranzjearterrein yn noardlik Shejidan en reizget klandestyn mei in frachttrein nei de kust ta.
Tabini is dêr beslist net bliid mei, en skillet Bren op om 'e fersteklingen fan 'e trein te heljen. Om't er lykwols wol in bytsje begryp opbringe kin foar de druk dêr't syn soan mei te krijen hat, jout er tastimming dat de jonge in wike te Najida bliuwe mei. Bren beslút om 'e jonge delinkwinten en Toby en Barb de oare deis mei op see út te angelfiskjen te nimmen op syn eigen jacht, mar de oare moarns betiid komt der in tillefoantsje út Mospheira fan Toby syn eks-frou Jill dat harren dochter in ûngemak hân hat en mei in brutsten earm en skonk yn 't sikehûs leit. Hoewol't Toby yn oerlis mei Jill beslút dat syn oanwêzichheid yn it sikehûs neat oan 'e sitewaasje bydrage kin, nimt Barb op dramatyske wize oanstjit oan 'e freonlike toan fan it petear. Wylst Bren besiket en bemiddelje yn dy sitewaasje, wurdt Cajeiri, dy't mei syn beide trewanten it hûs al útglûpt is en by de boatestiger omsneupt, ûngeduldich.
Om't it jacht fan Toby en Barb oan 'e stiger leit, is Bren syn eigen jacht in eintsje dêrfanôf foar anker gien. Cajeiri beslút om op eigen manneboet mei de tender nei Bren syn jacht te farren en oan board te gean. Hy wit lykwols neat fan silen ôf en syn beide liifwachten komme út it wâldlân fan Taiben en hawwe de see noch nea sjoen. As de wyn it seil fangt, misse se Bren syn jacht en knoffelje ta de haven út it iepen wetter fan 'e baai op, dêr't se fongen wurde troch it útgeande tij. Tsjin 'e tiid dat Bren-en-dy Cajeiri misse en foar 't ferstân krije wat der bard is, binne Cajeiri-en-dy al út it sicht ferdwûn. Der wurdt in sykaksje opstarten, wêrby't Bren mei syn liifwachten Banichi, Tano en Algini op syn eigen jacht de see opgiet, wylst Toby en Barb, dy't harren ûnnoazele rûzje troch dit needgefal ferjitte, mei Jago op 'e Brighter Days derop útgeane. Tsjin it fallen fan it tsjuster en mei min waar op komst freget Bren oer de radio de pleatslike fiskerslju en syn buorman, hear Baiji, om help, en it is úteinlik Baiji dy't op 'e radar in synjaal oppikt, oan 'e hân wêrfan't Bren sels de tender mei Cajeiri-en-dy yn in almar rûger wurdende see fine kin.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Underwilens wie Ilisidi de moarns tefoaren mei it fleantúch ôfset nei Malguri, mar doe't har it berjocht berikte fan Cajeiri syn ûntsnapping per frachttrein wie se weromkeard nei Shejidan. De oare moarns wie se fannijs ôfset, mar moast se it fleantúch op 'e nij healwei omkeare litte fanwegen Cajeiri syn eskapade yn 'e tender. De aiji-dûairiêre hat sadwaande gjin goed sin as se dy jûns te Najida oankomt. Dat wurdt der net better op as se heart hokker rol oft Baiji by de rêding fan har oerbeppesizzer spile hat. Baiji is de omkesizzer fan hear Geigi, in tige goede bûnsmaat (en freon soe men hast sizze, as atevi freonen hiene) fan Bren, dy't de lieding hat oer it atevi-diel fan it romtestasjon. Hy hie syn syklike healsuster Tejo it tafersjoch oer syn bûtenpleats te Kajiminda jûn, mar dy is likernôch in jier lyn hommels kommen te ferstjerren, sadat har soan Baiji it dêr no foar it sizzen hat. Nei't de usurpator Murini ûnder fuotten helle wie en Tabini-aiji wer oan 'e macht kaam, hawwe de measte hearen fan 'e Assosjaasje oan it hof yn Shejidan har opwachting makke om trou te swarren oan Tabini, mar Baiji hat noch neat fan him hearre litten. Fierders kriget Bren fan Ramaso, syn majordomo yn Najida, te hearren dat Baiji noch grutte útsteande skulden yn Najida hat. Hoewol't der fanwegen Baiji syn rol by de rêding fan Cajeiri in beskate foarm fan tank útsprutsen wurde moat, is it dus saak om dat tige omsichtich te dwaan, mei't der ferskate oare gefoelige kwestjes spylje.
Sadwaande set Bren de oare moarns mei Banichi en Jago ôf nei Kajiminda foar in besite út fatsoen. Mei him geane Cajeiri en syn beide jonge liifwachten, mar net de aiji-dûairiêre, om't dy Baiji net erkenne kin salang't de man Tabini net as hearsker erkend hat. Underweis binne der alderhanne tekens fan efterstallich ûnderhâld, en ienris te Kajiminda arrivearre, hâldt en draacht Baiji him eigenaardich en fertocht. Op in hânsynjaal fan Banichi beslút Bren it besyk ôf te brekken, mar wylst se derút sille, smeket Baiji Bren om him oan te hearren en bekent er dat er gedoente hân hat mei de Marid, de suderlingen dy't de usurpator Murini oan 'e macht holpen hiene. Op 'e nij besykje Bren-en-dy om fuort, mar bûten kommen wurde se besketten troch immen op it dak. Harren sjauffeur rekket slim ferwûne, mar Jago wit Bren yn 'e bus te krijen en Banichi sleept de jammerjende Baiji mei. Yn 'e betizing binne se lykwols Cajeiri en syn jonge liifwachten kwytrekke.
Wylst Bren-en-dy mei harren finzene nei Najida weromkeare, hâlde Cajeiri, Jegari en Antaro har beskûl yn 'e wyngerd fan Kajiminda. Yn Najida bekent de ûnnoazele Baiji syn hiele skiednis fan ferrie oan 'e aiji-dûairiêre. It docht bliken dat Baiji syn stêf totaal ynfiltrearre is troch suderlingen, en dat er sels yn syn eigen domein al langere tiid frijwol neat mear te fertellen hie. Bren en Ilisidi freegje harren ôf oft de syklike Tejo, Baiji syn mem, wol in natuerlike dea stoarn is of dat de suderlingen de natuer in hantsje holpen hawwe om yn Kajiminda dizze omkoal oan it bewâld te bringen. As it tsjuster fallen is, witte Cajeiri-en-dy fuort te kommen út Kajiminda en rinne dan rjocht yn 'e earmen fan it befeiligingspersoneel fan Ilisidi, dat yn 'e mande mei Bren syn liifwachten in operaasje tsjin Kajiminda úteinset is.
Werom yn Najida hâlde Bren, Ilisidi en Cajeiri har beskûl wylst slûpmoardners yn 'e tsjinst fan 'e Marid de bûtenpleats besykje yn te kringen. Twa fan Ilisidi har mannen komme om, mar de ynkringers wurde deasketten troch Tano en Algini. Bren hie Toby en Barb yn harren jacht de Brighter Days de baai opstjoerd yn 'e ûnderstelling dat se dêr feiliger wêze soene, mar dêr wurde se oanfallen troch in oare boat. Toby, dy't de Baai fan Najida likegoed ken as syn broeksbûse, lokket de efterfolgers op 'e ûnderseeske rotsen sadat harren boat sinkt. De Brighter Days hat lykwols kûgelgatten oprûn ûnder de wetterline, en kin mar krekt op 'e tiid Najida wer berikke. Moarns keare Banichi en Jago werom mei it nijs dat Kajiminda no stevich yn 'e hannen is fan troepen dy't loyaal binne oan Tabini. Hast tagelyk arrivearje Lucasi en Vejico, twa leden fan it Slûpmoardnersgilde dy't troch Tabini oansteld binne as persoanlike liifwachten fan syn soan Cajeiri, om't dy dêr blykber net sûnder kin.
Underwilens freget Bren him ôf hoe't it mooglik is dat hy en syn liifwachten sûnder euvelmoed yn sa'n gefaarlike sitewaasje fersyld reitsje koene. De pleatslike befolking moast dochs perfoarst aan hân hawwe fan Baiji syn nuvere opstigings en syn kontakten mei de Marid? Mar blykber hie de pleatslike befolking soks net trochjûn oan Bren syn majordomo Ramaso yn Najida. Hy komt ta de konklúzje dat de pleatslike befolking, dy't bestiet út etnyske Edi, him net fertrout. De Edi binne eins de oarspronklike bewenners fan it eilân Mospheira, dat nei de Oarloch fan 'e Lâning oan 'e minsken jûn is as plak om har te fêstigjen. Sûnt binne de Edi, dy't no de súdwestkust fan it fêstelân bewenje, ballingen, sûnder parlemintêre fertsjintwurdiging. Itselde jildt foar de Gan oan 'e noardwestkust. Bren begrypt hoe't der mank sok folk in beskate wjerstân tsjin in minske lykas himsels bestean kinne soe. Boppedat is er troch syn jierrenlange ôfwêzichheid net bepaald bekend yn it distrikt. Hy beslút om dat sa gau mooglik te feroarjen, en freget in gearkomste oan mei de doarpsâldste fan Najida-doarp. De Edi stimme dêryn ta, mar nûgje ek Ilisidi en Cajeiri út. As hja harren dy jûns nei de gearkomste bejouwe, stelt Ilisidi ynienen oan 'e doarpsâldste Aieso foar, sûnder ienich foarôfgeand oerlis mei Bren (of Tabini), dat de Edi en de Gan elts in sit yn it parlemint fan 'e Westlike Assosjaasje krije moatte. Dat betsjut in politike ierdferskowing yn 'e atevi-polityk, mei't Bren foar syn eagen barren sjocht hoe't der in bûnsgenoatskip smeid wurdt tusken it uterste Easten (Ilisidi) en it uterste Westen (de Edi en de Gan). Hy begrypt dat mei dy pear wurden fan 'e aiji-dûairiêre de hiele takomst fan 'e wrâld feroare is, en hy hat gjin idee hoe't er dat foar Tabini oer ferantwurdzje moat.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.