From Wikipedia, the free encyclopedia
Deceiver is it alfde diel fan 'e Foreigner-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster C.J. Cherryh. De titel betsjut: "Bedrager". It is in science fiction-roman dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Deceiver ferhellet oer de tolk Bren Cameron, dy't belêstge is mei it ûnderhâlden fan 'e kontakten tusken de bûtenierdske atevi en de minsklike koloanje dy't him om histoaryske redens op 'e wrâld fan 'e atevi fêstige hat. It boek waard foar it earst publisearre yn 2010, troch de New Yorkske útjouwerij DAW Books, mei in omslach makke troch Todd Lockwood. Krekt as de oare dielen fan 'e Foreigner-rige wie Deceiver tige súksesfol en krige it loovjende kritiken fan 'e resinsinten.
Deceiver | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | C.J. Cherryh | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | science fiction | |
1e publikaasje | 2010, New York | |
oarspr. útjwr. | DAW Books | |
rige | ||
rige | Foreigner-searje | |
● foarich diel | Conspirator | |
● folgjend diel | Betrayer | |
kodearring | ||
ISBN | 978-0 75 64 06 011 |
Deceiver spilet likernôch trettjin jier nei de ûnferwachtse weromkear fan it minsklike romteskip de Phoenix by de Ierde fan 'e atevi. Dêr hie tsjin dy tiid de minsklike koloanje op it eilân Mospheira, dy't dêr twahûndert jier earder troch it skip plante wie, in stabyl lykwicht ûntjûn mei de wrâldseigen atevi-befolking. Dat lykwicht wie lykwols berikt nei't eardere frije kontakten troch kulturele en biologyske misferstannen tusken harren ta in oarloch laat hiene dy't op in hier nei einige mei de útrûging fan alle minsken op 'e planeet. Neitiid rint alle kontakt fia ien persoan, de paidhi (tolk), in funksje dy't no beklaaid wurdt troch Bren Cameron.
Sûnt de weromkear fan 'e Phoenix hawwe de minsken fan Mospheira op in nea earder fertoande wize gearwurke mei de atevi om in romtefeartprogramma te ûntwikkeljen, en dêrnei om it yn ferfal rekke, want al twahûndert jier ûnbemanne romtestasjon op te kallefaterjen en de Phoenix fan nije brânstof te foarsjen. De driuwende krêft efter al dat wurk wie it nijs dat de Phoenix it ûnder syn ôfwêzichheid oan 'e stôk krigen hie mei in oar ras fan bûtenierdske wêzens, dy't Reunion, it twadde romtestasjon dat it skip omfierrens boud hie, by in oanfal ferwuostge hawwe soene. Doe't nei it ferstjerren fan Stani Ramirez, de heechste fan 'e fjouwer kapteins fan 'e Phoenix, oan it ljocht kaam dat der noch oerlibbenen wiene op Reunion (sjoch: Defender), in feit dat oant dy tiid soarchfâldich geheim holden wie, sels foar Bren, waard der ûnder lieding fan 'e trêde en fjirde kapteins, Josefa Sabin en Jase Graham, in rêdingsmissy ûndernommen.
Op dy reis (sjoch: Explorer) giene ek fertsjintwurdigers fan 'e atevi en Mospheira mei, wêrûnder de paidhi Bren Cameron, de aiji-dûairiêre Ilisidi, de krebintige mar net stikken te krijen âlde beppe fan Tabini, de aiji (hearsker) fan 'e Westlike Assosjaasje (de atevi-steat dy't njoggen-tsiende fan 'e wrâld beslacht), en de seisjierrige Cajeiri, de soan en erfgenamt fan Tabini. De sitewaasje by Reunion wie net sa ienfâldich as men hope hie, mar benammen troch tadwaan fan Bren en Ilisidi koe it stasjon ûntromme wurde en koene der diplomatike relaasjes oanknope wurde mei de kyo, it ras fan bûtenierdske wêzens dêr't de Phoenix en Reunion hast in oarloch mei feroarsake hiene.
Doe't de Phoenix nei in reis dy't twa jier duorre hie, weromkearde by de Ierde fan 'e atevi, wachte Bren-en-dy dêr in ûnoangename ferrassing (sjoch: Destroyer). Op 'e planeet hie in bloedige steatsgreep plakfûn, wêrby't Tabini-aiji ôfset wie. It fêstelân waard no behearske troch in koälysje fan 'e Kadigidi út 'e Padi-delling en suderlingen út 'e Marid, en yn Shejidan, de haadstêd fan 'e Westlike Assosjaasje regearre de usurpator Murini, it haad fan 'e Kadigidi-clan. It Slûpmoardnersgilde, dat mank de atevi wet en iepenbiere oarder hanthavene, wie oant op it bien ferdield; op ferskate plakken op it fêstelân wie in guerrilja-oarloch geande tusken Murini syn troepen en oanhingers fan Tabini; en op it eilân Mospheira makke de minsklike koloanje him op foar in iepen oarloch tsjin Murini. It wie ûnbekend oft Tabini noch libben wie.
De weromkear fan 'e Phoenix mei oan board de paidhi, de aiji-dûairiêre en de erfgenamt fan 'e aiji, late ta in kontrarevolúsje (sjoch: Pretender) wêrby't Murini en trewanten binnen inkele dagen ûnder fuotten helle waarden en Tabini, dy't ûnderdûkt bliek te wêzen, wer oan 'e macht brocht waard. Hoewol't it noarden, de midden, it westen en, nei in lytse rebûlje (sjoch: Deliverer) ek it easten no wer stevich yn 'e hannen fan it regear fan Tabini binne, is it suden, de Marid, noch altyd in probleemgebiet. Yn it foargeande diel fan 'e rige, Conspirator, loek Bren him ienige tiid werom op syn bûtenpleats Najida, oan 'e westkust, dêr't er besite krige fan Cajeiri en Ilisidi. Doe't er út hoflikens in besyk brocht oan syn buorman, Baiji, ûntsnapte er lykwols mar kwealk oan in oanslach op syn libben. Neitiid die bliken dat Baiji, dy't it bewâld oer de bûtenpleats Kajiminda fierde foar syn omke, Bren syn trouwe bûnsgenoat hear Geigi, ûnder de rebûlje fan Murini betrekkings oanknope hie mei de Marid, en dat syn stêf út en tenei ynfiltrearre wie troch suderlingen.
De pleatslike befolking, dy't bestie út etnyske Edi, wist dat, mar hie it net oan Bren syn eigen stêf yn Najida ferteld. De reden wie in brekme oan fertrouwen. De Edi (en de Gan, dy't noardliker wenje), wiene de oarspronklike bewenners fan it eilân Mospheira, dat nei de Oarloch fan 'e Lâning troch de atevi oan 'e minsken ôfstien is. Sûnt libje hja as ballingen oan 'e kust fan it fêstelân en hawwe hja gjin parlemintêre fertsjintwurdiging behalven troch hear Geigi, dat in etnyske Maschi is. Op in gearkomste mei Aieso, de beppe (of doarpsâldste) fan Najida, besocht Bren de ûnderlinge fertrouwensbrek te behimmeljen, oant Ilisidi ynienen, sûnder ienich foarôfgeand oerlis mei Bren (of Tabini), foarstelde dat de Edi en de Gan elts in sit yn it parlemint fan 'e Westlike Assosjaasje krije moatte. Bren seach yn hoe't mei dy pear wurden de hiele takomst fan 'e wrâld in oare koerts nommen hie.
Deceiver begjint fuort op it punt dêr't Conspirator opholden is. Ynienen stiet Tabini, de hearsker fan 'e Westlike Assosjaasje, by Bren foar de doar. Hy oerleit mei Bren sels, seit syn beppe Ilisidi it mannewaar op en heart syn soan Cajeiri út, foar't er like hurd wer ôfset as er kommen is. Hy hat lykwols net it near lein op 'e aktiviteiten fan Ilisidi, dy't besiket om nei twahûndert jier de Edi en de Gan einlings en te'n lêsten in fêst plak yn 'e Westlike Assosjaasje te jaan. Underwilens is hear Geigi, dy't de sizzenskip hat oer it atevi-diel fan it romtestasjon en al hast trije jier net mear op 'e wrâld west hat, ûnderweis nei Najida. De trou fan Geigi stiet bûten kiif, mar hy hat fanwegen in brekme oan bekwame famyljeleden it bewâld oer syn bûtenpleats Kajiminda oerlitten oan lju dy't minder bekwaam wiene. Syn syklike healsuster Tejo is likernôch in jier lyn kommen te ferstjerren, mei as gefolch dat syn ûnnoazele en naïve omkesizzer Baiji it foar it sizzen krige. Dat wie foar de Marid in grut foardiel, en foar it neist is Tejo gjin natuerlike dea stoarn.
Baiji syn ferrie hat laat ta ûndersyk dat noch oare dingen oan it ljocht brocht hat. Sa hat Pairuti, de hear fan 'e Maschi, dy't súdliker residearret yn Targai, inkeld deadlike saaie rapporten nei de haadstêd Shejidan stjoerd, wêryn't neat oars as oars wie. Trochdat men no wit wat Baiji útheefd hat, is lykwols dúdlik dat Pairuti syn rapporten grôtfol leagens sitte. De fertinking is dat ek de clanresidinsje te Targai troch suderlingen ynfiltrearre is. Underwilens keart Geigi werom nei Kajiminda om dêr regaad te meitsjen. Dêrfoar moat er fertrouwe op 'e tsjinsten fan ûngeregelde Edi-striders, mei't troepen fan it Slûpmoardnersgilde, dy't mank de atevi ornaris foar sok wurk ynset wurde, oan 'e kust net wolkom binne. De slûpmoardners binne nammentlik etnyske Ragi, dy't de Edi net fertrouwe om't se dêr in drege skiednis mei hawwe, te begjinnen mei it feit dat in aiji fan 'e Ragi harren eilân weijûn hat oan 'e minsken. Mei de suderlingen hawwe de Edi lykwols in noch fijanniger relaasje.
Wylst Bren mei Geigi te Kajiminda is, hat yn syn eigen bûtenpleats Najida de achtjierrige Cajeiri sa syn eigen swierrichheden. Nei ferskate nuodlike aventoeren hat syn heit him twa folwoeksen liifwachten stjoerd, Lucasi en Vejico, dy't broer en suster binne. Dyselden binne lykwols eigenwiis en grutsk en miene dat se alles better witte. Better as Cajeiri, better as syn ûnbelearde tiner-liifwachten Jegari en Antaro, mar ek better as Banichi, de haadliifwacht fan Bren-paidhi, en better as Cenedi, de haadliifwacht fan Cajeiri syn oerbeppe Ilisidi. Nei ferskate konfrontaasjes beslút Cajeiri om Lucasi en Vejico in leske te learen, en glûpt er mei Jegari en Antaro by harren wei as se harsels ôfliede litten hawwe. It is him strang ferbean om nei bûten ta te gean, om't der nei de eardere oanfal op Najida (sjoch: Conspirator) noch fijannige slûpskutters yn 'e omkriten aktyf wêze kinne. Dêrom set er nei de kelders ta, dêr't er de opslachromten fan 'e bûtenpleats ferkend. As Lucasi en Vejico einlings merke dat Cajeiri fuort is, geane se der daliks fan út dat er nei bûten ta gien is. Se bejouwe harsels yn 'e tún fan Najida, en behelje ek Bren syn broer Toby en dy syn freondinne Barb yn harren syktocht. Der blike yndie noch fijannige slûpskutters te wêzen, en Toby wurdt rekke en bliuwt swierferwûne efter, wylst Barb ûntfierd wurdt. Lucasi en Vejico sette efter de ûntfierders oan om harren eigen reputaasje te rêden, mar binne te grutsk om dêrfoar help te freegjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De ûntfiering bringt alle plannen fan Bren en syn bûnsgenoaten yn in streamfersnelling. Bren en Geigi sette mei harren liifwachten en in diel fan Ilisidi har 'jongemannen' ôf nei de clan-sit fan 'e Maschi yn Targai, dêr't se op wapene wjerstân stjitte. Mei help fan troepen fan it Slûpmoardnersgilde dy't Tabini ûnderwilens al yn dy omkriten ynset hie, witte de loyalisten ûnder lieding fan Bren syn liifwachten Banichi en Jago Targai sûnder folle swierrichheden yn te nimmen. As Bren dêrnei besiket te praten mei Pairuti, de hear fan 'e Maschi, besiket de âldman him dea te sjitten. Bren hat lykwols in kûgelfrij fest oan, en Pairuti, dy't daliks ûnder fjoer komt fan Bren syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini, hat dat net. Dan dûkt dêr Lucasi op, dy't fertelt dat hy en Vejico de frachtwein wêryn't Barb meifierd is, oant Targai folge hawwe. Vejico is noch altyd op it spoar, mar hysels hat syn ankel ferknoffele, en koe net mear fierder. Barb is fierder fuortfierd yn 'e rjochting fan 'e Marid. Bren beslút om mei syn fjouwer liifwachten en in tolvetal mannen fan Tabini it spoar te folgjen, hoopjend dat er de ûntfierders ynhelje kin foar't dy de grins fan 'e Marid oerstekke.
Underwilens hearsket der by Najida en Kajiminda in oarlochssitewaasje. Suderlingen hawwe in fiifjierrich Edi-bern ûntfierd, dat lykwols al rillegau wer befrijd is, mar op 'e weromreis binne guon fan 'e befrijers mei harren frachtwein op in bermbom riden. Aksjes tsjin non-kombattanten lykas bern en it gebrûk fan wapens dy't eltsenien treffe kinne, lykas bermbommen, binne taboe yn 'e oarlochfiering fan 'e atevi. De Edi binne dan ek poerrazen, en steane op it punt om in iepen oarloch tsjin 'e Marid te begjinnen. Ilisidi, lykwols, is wantrouwich. De aiji fan 'e Marid, Machigi, is neffens alle rapporten in yntelliginte jongeman, wylst dizze foarfallen it stomste binne dat de fijân dwaan kinnen hie. De aiji-dûairiêre fermoedet sadwaande dat guon fan Machigi syn eigen bûnsgenoaten him ûnder fuotten besykje te heljen, en dêrfoar har en de Edi as wurktugen brûke wolle. Om't Ilisidi nea ien west hat om har yn te hâlden, beslút se krekt ta te pakken: se stjoert Bren in boadskip mei de opdracht om troch te riden nei Tanaja, de haadstêd fan 'e Marid, om te sjen oft der mei Machigi te praten falt.
Yn Tanaja oankommen fertsjutsket Bren oan Machigi hoe't it lân derhinne leit. En hy biedt him in assosjaasje mei Ilisidi fan Malguri oan, in bûnsgenoatskip fan it Suden (de Marid) mei it Easten (Malguri). Sûnt de foarming fan 'e Westlike Assosjaasje hat de Marid in probleemgebiet west dat oan ien wei troch besocht hat om syn ûnôfhinklikens werom te winnen en, as dat net slagge, om 'e Westlike Assosjaasje fan binnenút te sabotearjen. No sketst Bren it byld fan in ûnôfhinklike Marid, regearre troch Machigi, binnen de Westlike Assosjaasje, in selde steatkundige konstruksje dy't ek it Easten ûnder Ilisidi hat. Machigi hat dêr wol earen nei en as gebeart fan goede wil draacht er oan Bren sawol Vejico as Barb oer, dy't allebeide troch syn mannen ûnderskept binne. No moat Bren lykwols noch sjen dat er himsels en syn selskipslju wer libben út 'e Marid kriget.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.