In tolk is immen dy't foar syn berop sprutsen wurden yn real time oerset fan 'e iene nei de oare taal. Sa'n persoan harket nei de sprekker en sprekt dy syn wurden út yn 'e oare taal sadree't de sprekker eefkes swijt. Soks wurdt 'konsekutyf tolke' neamd.
It is ek mooglik dat de tolk syn fertaling jout wylst de sprekker oan it wurd bliuwt; soks wurdt 'simultaan tolke' neamd, en wurdt fral dien by lange taspraken (bgl. yn it Jeropeesk Parlemint, wêrby't alle oanwêzigen dy't de taal fan 'e sprekker net fersteane, in koptillefoan op hawwe en dêrtroch de oersetting fan 'e tolk folgje ynstee fan de eigentlike taspraak).
Ek by it oersetten fan gebeartetalen nei sprutsen talen of oarsom sprekt men fan in tolk, om persiis te wêzen in dôvetolk of in gebeartetolk. In tolk dy't by in rjochtbank wurket, moat spesjaal beëdige wêze, en hjit in gerjochtstolk.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.