Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Oïlyske talen of Oïlaanske talen, ek bekend as de Langues d'Oïl (Frânske útspr.: [lɔ̃ːɡˈdoil], likernôch: "lônk-dwyl"), foarmje in subgroep fan 'e Gallo-Romaanske talen, dy't sels in taalgroep fan 'e Westromaanske kloft fan 'e Romaanske talen binne. De Oïlyske talen wurde ek gauris beskôge as dialekten fan it Frânsk. Se foarmje in taalkontinuum yn Noardwest-Jeropa dat rûchwei Walloanje en de noardlike helte fan Frankryk beslacht. Bekende Oïlyske talen binne it Frânsk, it Normandysk en it Waalsk. It Frânsk, dat yn 2014 77 miljoen sprekkers hie, hat sûnt it begjin fan 'e njoggentjinde iuw alle oare Oïlyske talen fierhinne ferkrongen. Ferskaten fan 'e talen ferkeare anno 2021 op it rântsje fan it útstjerren.
Oïlyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Oïlaanske talen | |
lokaasje | Noardwest-Jeropa | |
tal talen | ±3-12 | |
tal sprekkers | ±79 miljoen (2014) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Italysk ● Latynsk-Faliskysk ● Latyn ● Romaansk ● Westromaansk ● Gallo-Romaansk ● Oïlysk | |
subgroepen | ● Boergondo-Romaansk ● Franko-Romaansk ● Gallo-Anzjevynsk ● Poitevynsk-Sêntongeesk |
De namme Langues d'Oïl giet werom op 'e taalkundige yndieling fan 'e Romaanske taalfoarmen yn Midsiuwsk Frankryk, dy't útinoar foel yn twa grutte groepen: dialekten wêryn't it wurd oïl de betsjutting fan "ja" hie, en dialekten wêryn't it wurd oc dy betsjutting hie (út dy twadde groep komt it Oksitaansk fuort). Langues d'Oïl betsjut dus letterlik: "talen fan ja". Yn it Frânsk is de útspraak fan it wurd foar "ja" sûnt de Midsiuwen feroare: de wurdeinige l-klank is weiwurden en de wurdinisjale o-klank is ferskood nei in û, sadat it no oui wurden is.
De Oïlyske talen wurde fan âlds sprutsen yn dielen fan Noardwest-Jeropa. Dêrby giet it yn it foarste plak rûchwei om 'e noardlike helte fan Frankryk, útsein de Elzas, noardeastlik Loataringen en westlik Bretanje. Dêropta hearre ta it Oïlyske taalgebiet ek Walloanje, dat ûnderdiel fan Belgje útmakket; in hoekje fan noardwestlik Switserlân (foar it meastepart besteande út it kanton Sjuera); inkele dellingen yn 'e Alpen yn noardwestlik Itaalje; en fierders de Kanaaleilannen, dy't twa selsbestjoerende territoaria fan it Feriene Keninkryk foarmje (ntl. Jersey en Guernsey).
Yn 'e njoggende iuw wie it Gallo-Romaansk dat yn 842 brûkt waard yn 'e Eed fan Straasburch, de earste fan 'e Romaanske talen dy't troch syn sprekkers erkend waard as in selsstannige taal, los fan it Latyn. Dat kaam nei alle gedachten om't it ek doe al it measte ôfwykte fan it Klassyk Latyn, in posysje dy't it Frânsk tsjintwurdich noch altyd beklaait. De nije taal hie doedestiden trouwens noch gjin namme, mar waard simpelwei oantsjutten as romana lingua ("Romaanske taal").
Tsjin 'e ein fan it earste milennium hie it Fulgêr Latyn yn Frankryk twa regionaal ûnderskate foarmen fan it wurd "ja" ûntwikkele, dy't beide kamen fan 'e fraze hoc ille, mei de letterlike, oarspronklike betsjutting "dit [is] it". Yn 'e noardlike dialekten wie meitiid it wurd hoc weiwurden, wylst ille ferbastere wie ta oïl, wylst de súdlike dialekten it wurd ille falle litten hiene en hoc ferbastere hiene ta oc. Om't dat blykber ien fan 'e opmerklikste ferskillen tusken de beide dialektgroepen wie, begûn men te sprekken fan 'e langues d'oïl ("talen fan oïl") en de langue d'oc ("taal fan oc", dêr't sels in lânstreek, de Languedoc, nei ferneamd waard). Ut 'e earste groep ûntjoegen har de Oïlyske talen, en út 'e "taal fan oc" ûntstie it Oksitaansk, dat ek tsjintwurdich noch yn 'e súdlike helte fan Frankryk sprutsen wurdt.
Yn 'e trettjinde iuw waarden de ûnderskate fariëteiten fan 'e langue d'oïl fan it noarden beskôge as dialekten fan ien taal. Der bestie doe noch gjin Frânske standerttaal; ynstee brûkten skriuwers it dialekt fan 'e streek dêr't se opgroeid wiene, sa't bliken docht út it Normandysk fan 'e Vie en Bienheureux Thomas Hélye de Biville en it Poitevynsk út 'e Sermons Poitevins fan omtrint 1250. It Aldfrânsk, it taalstadium fan it Frânsk út dy tiid, wie sadwaande gjin standerttaal, mar in ynterdialektêre taal. Tsjin 'e ein fan 'e trettjinde iuw begûn it proses fan standerdisearring op basis fan it Paryske dialekt, feroarsake troch de sterke ynfloed dy't útgie fan Parys as it kulturele en politike sintrum fan it Keninkryk Frankryk.
Yn 1539 krige de op dy wize fêstige Frânske standerttaal yn Frankryk foar it earst de status fan offisjele taal, wêrby't it as sadanich it Latyn ferfong. It gebrûk fan it Frânsk waard doe troch de ynfiering fan 'e Ordinânsje fan Villiers-Cotterêts oan it hiele lân optwongen. Dat hie ta gefolch dat it taalprestiizje fan 'e oare Oïlyske talen begûn yn te sakjen. Nettsjinsteande dat koene de streektalen har op it plattelân mank it miene folk noch iuwenlang sûnder folle muoite hanthavenje. Dat feroare pas troch de Frânske Revolúsje, dy't in nije nasjonale filosofy preke dy't hawwe woe dat alle Frânsen ien folk foarmen. Foar etnyske minderheden en minderheidstalen wie yn it nije Frankryk gjin romte mear. Nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen waard dêrom yn 'e njoggentjinde iuw besocht om fia it ûnderwiis alle minderheidstalen út te rûgjen.
Sûnt dy tiid is it mei de measte Oïlyske talen yn it neigean rekke. Se waarden út 'e gruttere plakken ferkrongen nei it plattelân, dêr't de skoalbern fan skoalmasters faak strange straffen oplein krigen as se it weagen om yn of om skoalle harren memmetaal te sprekken. It Pikardysk wist fan alle Oïlyske streektalen noch it bêst te oerlibjen om't it troch de iere yndustrialisearring fan Pikardje tsjin it begjin fan 'e njoggentjinde iuw al stevich ferankere wie mank de mynwurkers en ambachtslju. It Waalsk befûn him foar in diel wat yn 'e smoute om't de ûnderdrukking fan 'e streektaal yn Belgje sa slim net wie as yn Frankryk. Ek de nuveraardige politike omstannichheden fan 'e Kanaaleilannen soargen dêr yn 't earstoan noch foar bloei fan 'e Normandyske eilândialekten, hoewol't dy it yn 'e tweintichste iuw ek swier krigen. It Aurenjeesk, it dialekt fan Alderney, stoar yn 1966 sels út, benammen om't de befolking fan dat eilân yn 'e Twadde Wrâldoarloch evakuëarre west hie, wat ta yninoar omtrouwen laat hie mei Ingelsen dy't de taal net sprieken.
It Frânsk is fierwei de grutste Oïlyske taal, mei yn 2014 wrâldwiid sa'n 77 miljoen memmetaalsprekkers (benammen yn Frankryk, Belgje, Switserlân, Kebek, Nij-Breunswyk, Louisiana, Martinyk, Gûadelûp en Frânsk-Guyana). Dêropta binne der tsientallen miljoenen twadde-taalsprekkers yn gebieten as West-Afrika, Sintraal-Afrika, Madagaskar, Haïty, Nij-Kaledoanje en Frânsk-Polyneezje.
Fan 'e oare Oïlyske talen hawwe wierskynlik it Pikardysk en Sjampeneesk de measte sprekkers (elts mear as 500.000), folge troch it Waalsk mei 300.000 oant 600.000. It Normandysk hat noch goed 100.000 sprekkers en it Gallo 28.000. De oare Oïlyske talen hawwe heechút noch inkele tûzenen sprekkers, foar it meastepart leden fan 'e âlderein, en geane sadwaande no hurd op it útstjerren ta.
De Oïlyske talen kinne fierder opdield wurde yn in stikmannich subgroepkes, dy't benammen te krijen hawwe mei histoaryske ynfloeden. Sa hawwe de Franko-Romaanske talen in Frankysk superstraat en de Boergondo-Romaanske talen in Boergondysk superstraat. De Armorikaanske talen hawwe krekt in Keltyske ynfloed ûndergien fan it Bretonsk, wylst de Poitevynsk-Sêntongeeske talen wer mear ynfloeden út it Oksitaansk opnommen hawwe. De term 'Fransynsk' (Frânsk: francienne) is yn 'e njoggentjinde iuw betocht as oerkoepeljende term foar de Frânske standerttaal (dy't him út it dialekt fan Parys ûntjûn hat) en de nau besibbe dialekten fan 'e omlizzende gebieten.
|
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.