Remove ads

In ferspriedingsgebiet of areaal is in algemiene term yn 'e ierdrykskunde, dy't it geografyske gebiet oantsjut wêryn't in beskaat ferskynsel foarkomt. Dêrby kin it gean om sokke útinoar rinnende dingen as túnbou (it túnbou-areaal) of it foarkommen fan tornado's. It measte wurdt dizze oantsjutting lykwols brûkt yn 'e biogeografy, om it foarkommen fan in beskaat organisme oan te jaan. Dêrby wurdt yn 'e regel ûnderskie makke tusken it lânseigen ferspriedingsgebiet, dêr't in biste- of plantesoarte fan natuere foarkomt, en it gebiet dêr't sa'n soarte as eksoat bestiet, wat yn 'e measte gefallen troch minsklik yngripen feroarsake is.

Thumb
It ferspriedingsgebiet fan 'e swarte earrebarre (Ciconia nigra), mei it stângebiet yn grien, it briedgebiet yn oranje en it oerwinteringsgebiet yn blau.

Ek wurdt faak ûnderskie makke tusken:

  • kosmopolityske fersprieding: foarkommen yn in grut part fan 'e wrâld
  • endemyske fersprieding: foarkommen beheind ta in tige lyts part fan 'e wrâld
  • disjunkte fersprieding: foarkommen yn twa of mear gebieten dy't geografysk net mei-inoar ferbûn binne
  • diskontinuë fersprieding: foarkommen mei grutte lagunes middenyn it ferspriedingsgebiet dêr't de soarte net foarkomt

Fral by fûgels komme noch oare ferskillen foar, mei't dy faak ferskillende briedgebieten, oerwinteringsgebieten en stângebieten hawwe.

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads