South Pacific (film út 1958)
film út 1958 fan Joshua Logan / From Wikipedia, the free encyclopedia
South Pacific is in Amerikaanske romantyske oarlochsfilmmusical út 1958 ûnder rezjy fan Joshua Logan, mei yn 'e haadrollen John Kerr, Mitzi Gaynor en Rossano Brazzi. De titel betsjut "Stille Súdsee". De film waard basearre op 'e tige súksesfolle toanielmusical South Pacific, fan Rodgers en Hammerstein, út 1949, dy't sels wer loskes basearre wie op 'e ferhalebondel Tales of the South Pacific, út 1947, fan 'e Amerikaanske auteur James A. Michener. It ferhaal giet oer in eilân yn 'e Stille Súdsee, dêr't Amerikaanske militêren dy't dêr ûnder de Twadde Wrâldoarloch legere binne, leafdesrelaasjes krije mei de lânseigen befolking. It ûnderlizzende tema is rasisme. De film waard tige goed ûntfongen en wûn in Oscar foar bêste lûd. Dêrnjonken waard er nominearre foar twa oare Oscars en twa Golden Globes.
South Pacific | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joshua Logan | |
produsint | Buddy Adler | |
senario | Paul Osborn | |
basearre op | de musical South Pacific; Tales of the South Pacific fan James A. Michener | |
kamerarezjy | Leon Shamroy | |
muzyk | Richard Rodgers (tekst) Oscar Hammerstein II (muzyk) | |
filmstudio | South Pacific Enterprises | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | John Kerr Mitzi Gaynor Rossano Brazzi | |
byrollen | Juanita Hall Ray Walston Russ Brown Floyd Simmons France Nuyen | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 19 maart 1958 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | romantyske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Frânsk) | |
spyltiid | 157 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $5,6 miljoen | |
opbringst | $36,8 miljoen | |
prizen | Oscar 1959 |