From Wikipedia, the free encyclopedia
In fleanboat is in type wetterfleantúch (in fleantúch dat opstiget fan en lânet op oerflaktewetters), wêrby't it driuwfermogen foar it meastepart levere troch de romp fan 'e fleanmasine. Om't de fleantúchromp yn it wetter rêst, hat er sterk it oansjen fan in skipsromp. Foar de stabiliteit binne faak oan 'e wjukken fan 'e fleanboat lytse driuwers oanbrocht. Dy binne ynklapber, sadat se by it fleanen net foar ekstra luchtwjerstân soargje. Om it driuwfermogen fan 'e romp te ûnderstypjen, binne der driuwers yn 'e romp ynboud. De wjukken sitte by in fleanboat heech oan 'e sydkanten fan 'e romp om se út it wetter te hâlden. Ek kin it wêze dat sa'n fleanmasine mar ien trochrinnende wjuk hat, dêr't de fleantúchromp ûnder hinget.
De earste fleanboat waard yn 1911–1912 boud troch de Frânsman François Denhaut, en makke op 13 april 1912 syn earste súksesfolle flecht. Dit type wetterfleantúch kaam ûnder de Earste Wrâldoarloch yn algemien gebrûk, benammen yn it Feriene Keninkryk, dêr't sokke fleanmasines troch de Royal Air Force ynset waarden foar kustbewekking en de opspoaring en bestriding fan ûnderseeboaten. De fleanboat groeide gau yn grutte en populariteit. Yn it Ynterbellum waarden sokke fleantugen ynset om fracht en (superrike) passazjiers mei te ferfieren oer de Atlantyske en de Stille Oseaan. Yn dy tiid wie der noch in hiel soad brânstof nedich foar swiere fleanmasines om sokke grutte ôfstannen ôf te lizzen. Dan wie it handich om fleanboaten te brûken, dy't by elts willekeurich eilân lânje en bytanke koene sûnder dat der in fleanfjild oanlein hoegde te wurden.
Fleanboaten wiene de grutste fleantugen fan 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, útsein allinnich guon types bommesmiters dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch ûntwikkele waarden. Se waarden yn it Ynterbellum troch de marines fan in protte lannen ynset foar patrûljeflechten en rêdingsaksjes op see. Doe't de Twadde Wrâldoarloch útbriek, waarden se ek yn oarlochssitewaasjes brûkt, krekt as yn 'e Earste Wrâldoarloch benammen foar loftferkenning en dûkboatbestriding. It kaam lykwols ek foar dat fleanboaten tarist waarden mei in bom, in djiptebom of in torpedo, sadat se selsstannich fanwegen komme koene tsjin benammen ûnderseeërs. Yn Jeropa waarden fleanboaten troch de Alliëarden ek ynset om kontakten te ûnderhâlden mei fersetsgroepen yn lannen dy't troch nazy-Dútslân beset wiene. Bekende fleanboatmodellen út dy tiid wiene de Amerikaanske Consolidated PBY Catalina, de Britske Short Sunderland, de Dútske Dornier Do X en de Japanske Kawanishi H8K "Emily".
De populariteit fan fleanboaten belune yn it tiidrek fan 'e Kâlde Oarloch, benammen om't it dreech wie om se opstiigje en lânje te litten by stoarmeftich waar. Fleanmasines dy't opstigen fan en lânen op fêste grûn hiene dêr folle minder lêst fan. Boppedat wiene der tsjin dy tiid hast oeral fleanfjilden oanlein en koene fleantugen wat langer wat fierder fleane, sadat bytanken faak ûnnedich wie. Wat ek meispile, wie dat lânfleantugen almar grutter waarden, sadat der wat langer wat mear fracht en passazjiers meinommen wurde koene. By fleanboaten wie der troch de wjerstân fan it wetter by it opstiigjen in grins oan hoe grut en swier de fleanmasine makke wurde koe. Tsjin 'e ein fan 'e tweintichste iuw wie de ynsetberens fan 'e fleanboat beheind rekke ta mar inkele mêden: bestriding fan natoerbrannen as blusfleantúch; loftferfier yn eilannegroepen; en loftferfier nei en út tinbefolke gebieten mei útstrutsen wyldernis dêr't net folle fleanfjilden binne, lykas Alaska, Finlân, noardlik Kanada en Sibearje.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.