From Wikipedia, the free encyclopedia
Emilia Clarke (folút: Emilia Isobel Euphemia Rose Clarke; Londen, 23 oktober 1986) is in Ingelsk toaniel-, tillefyzje-, film- en stimaktrise fan mingd Yndysk-Ingelsk etnysk komôf dy't benammen bekend wurden is as prinsesse Daenerys Targaryen yn 'e fantasysearje Game of Thrones. Foar dy rol waard se seis kear nominearre foar in Emmy Award en seis kear foar in Screen Actors Guild Award. Yn 2013 stie Clarke foar it earst op Broadway, yn it toanielstik Breakfast at Tiffany's. Op it wite doek wie se û.m. te sjen as Sarah Connor yn Terminator: Genisys, as Lou Clark yn Me Before You en as Qi'ra yn Solo: A Star Wars Story.
Clarke waard yn 1986 berne yn Londen, mar se groeide op yn it Ingelske greefskip Berkshire. Yn in fraachpetear yn 2018 fertelde se dat har beppe oan memmekant de dochter wie út in bûtenechtlike relaasje fan har oerbeppe mei in man út Britsk-Ynje, en dat har beppe jierrenlang make-up droech om har dûnkere hûdskleur ljochter lykje te litten. Clarke har heit, dy't yn 2016 kaam te ferstjerren, wie in lûdstechnikus út Wolverhampton, yn 'e West-Midlannen, dy't benammen oan toanielfoarstellings wurke. Clarke hat in âldere broer.
Har belangstelling foar aktearjen waard opwekke doe't se mei trije jier de musical Show Boat seach, dêr't har heit efter de skermen oan meiwurke. Se folge ûnderwiis oan 'e Rye St Antony School en de St Edward's School, beide yn Oxford. Yn 2005 slagge se oan 'e St Edward's School foar har eineksamen. Neitiid folge se in oplieding oan it Drama Centre London, dêr't se yn 2009 ôfstudearre.
Clarke har ierste aktearwurk omfieme twa toanielstikken op 'e middelbere skoalle, tsien toanielstikken produsearre troch it Drama Centre London, de produksje Sense fan it toanielselskip Company of Angels yn 2009, en twa reklamespotsjes foar de goeddiedichheidsorganisaasje Samaritans, ek yn 2009. Har earste filmrol hie Clarke yn 'e koarte film Drop the Dog (2009), in projekt fan in tal studinten oan 'e Universiteit fan Londen. Har earste rol op 'e tillefyzje hie se (ek yn 2009), yn in ôflevering fan 'e Britske soapsearje Doctors. It jiers dêrop spile se Savannah yn 'e tillefyzjefilm Triassic Attack. Op basis fan dat optreden wiisde it tydskrift Screen International har oan as ien fan 'e Britske "Stjerren fan Moarn".
Clarke har grutte trochbraak kaam yn 2010, doe't se cast waard yn 'e rol fan prinsesse Daenerys Targaryen yn 'e fantasysearje Game of Thrones, fan 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder HBO, nei de romansearje mei deselde namme fan George R.R. Martin. Dyselde rol soe earst nei de Britske aktrise Tamzin Merchant gean, mar dy waard foar it begjin fan 'e opnamen om ûnopheldere redens oan 'e kant set. De searje kaam yn april 2011 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje en waard frijwol daliks in grut súkses. Game of Thrones gie yn 2019 syn lêste seizoen yn.
Clarke foel yn Game of Thrones op troch ferskate bleatsênes en wûn grutte populariteit by manlike fans. Boppedat krige se troch de tillefyzjekritisy alle lof taswaaid foar har portrettearring fan 'e ûntwikkeling fan Daenerys fan in benaud famke ta in selsfersekere jonge frou. Clarke waard trije kear, yn 2013, 2015 en 2016, nominearre foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) yn 'e kategory bêste froulike byrol yn in dramasearje. Yn dyselde kategory waard se ek trije kear nominearre foar in Critics' Choice Award (2013, 2016 en 2017), ien kear foar in Satellite Award (2013), en ien kear foar in Saturn Award (2015). Fierders waard se mei de rest fan 'e cast fan Game of Thrones seis kear nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste ensemble yn in dramasearje (2012 en fan 2014 oant en mei 2018). Ek wûn se mei de oare akteurs út 'e searje yn 2015 in Empire Award. Yn 2017 fertsjinne Clarke foar eltse ôflevering fan Game of Thrones £2 miljoen.
Yn 2012 spile Clarke yn 'e film Spike Island. Fan maart oant en mei april 2013 stie se foar it earst op Broadway, mei de rol fan Holly Golightly yn in produksje fan Breakfast at Tiffany's. Yn dat stik hie se ek wer in neakensêne. Datselde jiers spile se mei Jude Law yn Dom Hemingway. Hoewol't dy film loovjende kritiken krige, flopte er yn 'e bioskopen. Yn maaie 2014 waard oankundige dat Clarke de froulike haadrol spylje soe yn Garden of Last Days, mei as tsjinspiler James Franco, mar fjirtjin dagen foar it begjin fan 'e opnamen waard dy film skrast. Dêrop waard se frege foar de rol fan Anastasia Steele yn Fifty Shades of Grey, mar dy rol sloech se ôf.
Ynstee spile Clarke yn 2015 de rol fan Sarah Connor (earder fertolke troch Linda Hamilton) yn 'e science fiction-film Terminator: Genisys. Dêrby hie se Arnold Schwarzenegger, Jai Courtney en Jason Clarke as tsjinspilers. Hoewol't dy film wrâldwiid mear as $400 miljoen opbrocht, krige er oer it algemien negative resinsjes. Clarke waard foar har rol lykwols al nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste froulike simmerfilmstjer. Yn 2016 hie Clarke de rol fan Lou Clark, de fersoarchster fan 'e troch in ûngelok handicapt rekke Will Traynor (spile troch Sam Claflin) yn it romantysk drama Me Before You. Ek dy film waard in kommersjeel súkses, hoewol't der teffens opskuor ûntstie oer de manear wêrop't de film it tema eutanasy behannele. Clarke en Claflin waarden foar harren optreden nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste filmtút.
Yn 2017 fertolke Clarke de haadrol as de ferpleechster Verena yn 'e film Voice from the Stone, dy't mar yn in beheind tal bioskopen draaide. Yn 2018 spile se de rol fan Qi'ra yn 'e science fiction-film Solo: A Star Wars Story, mei as tsjinspilers Alden Ehrenreich as in jonge Han Solo en Woody Harrelson as dy syn mentor, de krimineel Tobias Beckett. Foar dat optreden waard Clarke fannijs nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory bêste froulike simmerfilmstjer. In oare film fan har dy't yn 2018 útkaam, wie Above Suspicion, wêryn't se spile mei Jack Huston. Fierders is se cast foar takomstige filmprojekten as Last Christmas, The Guns of August, mei Helena Bonham Carter, en The Beauty Inside, in Ingelsktalige remake fan in Súdkoreaanske romantyske komeedzje út 2015. Clarke hat ek as stimaktrise meiwurke oan ferskate ôfleverings fan tekenfilmsearjes, lykas Futurama (2013), Animals (2017) en Thunderbirds Are Go (2017). En yn 2015 fersoarge se de stim fan Daenerys Targaryen yn 'e adaptaasje fan Game of Thrones ta fideospultsje.
Anno 2015 wenne Clarke yn 'e Londenske wyk Hampstead. Yn 2016 kocht se dêropta foar $4.640.000 in filla yn 'e Los Angelynske wyk Venice Beach, oan 'e kust fan Kalifornje.
Yn july 2016 stoar Clarke har heit oan kanker. Hja wie op dat stuit yn Kentucky, dêr't de film Above Suspicion opnommen waard, en koe dêr net wei om 'e lêste dagen fan har heite libben mei te meitsjen. Se makke de opnamen earder ôf as dat oarspronklik de bedoeling west hie, mar doe't se yn Ingelân arrivearre, bliek har heit krekt wei te wêzen.
Yn maart 2019 makke Clarke sels yn in fraachpetear mei it Amerikaanske tydskrift The New Yorker buorkundich dat se yn 2011 in subarachnoïdale blieding hân hie, in soarte fan oerhaal dy't feroarsake wurdt troch in iepenbarsten aneurysma. Se ûndergie in spoedoperaasje oan 'e holle, en hie neitiid in skoft te krijen mei afasy, dy't sa slim wie dat se op in stuit har eigen namme net mear wist. Yn 2013 waard se behannele foar in twadde aneurysma.
Sûnt se in stjer wurden is, hat Clarke der in punt fan makke om tiid en enerzjy te besteegjen oan in ferskaat fan goede doelen. Sa joech se har yn augustus 2017 by Open Door, in non-profitorganisaasje dy't derop rjochte is om jonge minsken út kânsearme eftergrûnen te helpen by it opstarten fan in aktearkarriêre. Ek stiet se yn it Feriene Keninkryk bekend om har krewearjen foar in earlik salaris foar ferpleechkundigen.
Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
2009 | Doctors | Saskia Mayer | gastrol; ôfl. Empty Nest |
2010 | Triassic Attack | Savannah Roundtree | tillefyzjefilm |
2011–2019 | Game of Thrones | Daenerys Targaryen | fêste rol; 62 ôfl. |
2013 | Futurama | Marianne | gastrol; as stimaktrise; ôfl. Stench and Stenchibility |
2016 | Robot Chicken | Bridget | gastrol; as stimaktrise; ôfl. Joel Hurwitz Returns |
2017 | Animals | Lumpy | gastrol; as stimaktrise; ôfl. Rats |
2017 | Thunderbirds Are Go | Doyle | gastrol; as stimaktrise; ôfl. Rigged for Disaster |
2019 | Saturday Night Live | harsels | Amerikaansk tillefyzjeprogramma mei komyske sketches; ôfl. Kit Harington / Sara Bareilles |
2022 | Secret Invasion | ? | |
films | |||
2009 | Lisa's Story | Lisa | koarte film foar it goede doel Samaritans |
2012 | Shackled | Malu | koarte film |
2012 | Spike Island | Sally Harris | |
2013 | Dom Hemingway | Evelyn Hemingway | |
2015 | Terminator: Genisys | Sarah Connor | |
2016 | Me Before You | Louisa Clark | |
2017 | Voice from the Stone | Verena | |
2018 | Solo: A Star Wars Story | Qi'ra | |
2018 | Leading Lady Parts | harsels | koarte film |
2019 | Above Suspicion | Susan Smith | |
2019 | Last Christmas | Kate Andrich | |
2022 | The Amazing Maurice | Malicia | as stimaktrise |
fideoklips | |||
2013 | Fisherman's Blues | Evelyn Hemingway | liet út 'e film Dom Hemingway |
fideospultsjes | |||
2015 | Game of Thrones | Daenerys Targaryen | as stimaktrise |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.