From Wikipedia, the free encyclopedia
Diego Maradona (folút: Diego Armando Maradona; Lanús, 30 oktober 1960 – Buenos Aires, 25 novimber 2020) wie in Argentynsk fuotballer en fuotbaltrainer dy't rûnom beskôge wurdt as ien fan 'e meast talintearre fuotballers aller tiden. Syn bynamme wie El Pibe de Oro ("De Gouden Jonge"). Maradona begûn syn karriêre mids 1970-er jierren foar Argentinos Juniors yn syn heitelân, en spile dêrnei û.m. foar Boca Juniors, FC Barcelona en S.S.C. Napoli, om yn 1997 wer by Boca Juniors te einigjen. Mei Napoli wûn er twaris de UEFA Cup, en mei it Argentynsk nasjonaal alvetal waard er yn 1986 wrâldkampioen. Yn 2000 waard er tegearre mei Pelé útroppen ta FIFA-spiler fan 'e Tweintichste Iuw. Under syn karriêre as fuotballer, en ek nei't er opholden wie, hie Maradona in protte problemen mei drugs en drank. Hy bleau by it fuotbal belutsen as trainer. Yn it neijier fan 2020 kaam er hommels te ferstjerren.
Diego Maradona | ||
sporter | ||
Diego Maradona nei't er mei it nasjonaal alvetal fan Argentynje it WK fuotbal 1986 wûn. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Diego Armando Maradona | |
bynamme | El Pibe de Oro | |
nasjonaliteit | Argentynsk | |
bertedatum | 30 oktober 1960 | |
berteplak | Lanús (Argentynje) | |
stjerdatum | 25 novimber 2020 | |
stjerplak | Buenos Aires (Argentynje) | |
etnisiteit | Galisysk Italjaansk Kroätysk Gûarany | |
lingte | 1.65 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | fuotbal | |
debút | 1976 | |
karriêre-ein | 1997 | |
wichtige prestaasjes | ||
WK fuotbal 1986 ferskate oare prizen yn klubferbân |
Maradona waard yn 1960 berne yn 'e Policlinico Evita yn Lanús, yn 'e Argentynske provinsje Buenos Aires, as de soan fan Diego Maradona (1927-2015), byneamd "Chitoro", in Gûarany-Yndiaan, en dy syn frou Dalma Salvadora Franco (1930-2011), byneamd "Doña Tota", dy't fan mingd Italjaansk en Galisysk etnysk komôf wie en neffens de Argentynske sjoernalist Narciso Binayán ek Kroätyske foarâlden hie. Maradona syn âlden wiene ôfkomstich út Esquina yn 'e provinsje Corrientes, en hiene fjouwer âldere dochters en twa jongere soannen (Hugo Maradona "El Turco" en Raúl Maradona "Lalo", dy't allebeide ek fuotballer waarden).
Maradona groeide yn djippe earmoede op yn Villa Fiorito, in sloppewyk oan 'e súdkant fan 'e Argentynske haadstêd Buenos Aires. Hy krige mei trije jier syn earste fuotbal en rekke mei gauwens obsedearre troch fuotbal as sport. Mei acht jier waard er ûntdutsen troch in talintescout, en kaam er te spyljen by it berneteam Los Cebolitas ("De Sipeltsjes") fan 'e profesjonele fuotbalklub Argentinos Juniors.
Fan 1976 ôf, doe't er sechstjin jier wie, kaam Maradona út foar Argentinos Juniors. Yn 'e fiif jier dat er foar dy klub spile, skoarde er 116 goals yn 167 wedstriden. Fan 1977 oant 1979 spile er ek 15 kear foar it nasjonaal junioare-alvetal fan Argentynje, wêrby't er 8 doelpunten makke. Yn 1979 wûn er mei Argentynje it FIFA Wrâldjongereinkampioenskip. Maradona kaam al rillegau bekend te stean om syn balbehearsking, syn sekuere passes en syn feardichheden op it mêd fan dribbeljen. Syn koarte lingte fan 1.65 m joech him in leech-by-de-grûnsk sintrum fan swiertekrêft, dat him tastie om better te maneuvrearjen as langere spilers. Dêropta hied er each foar mooglikheden om te skoaren dy't oaren oer de holle seagen en wied er in spesjalist yn it nimmen fan 'e frije skop. Hy wûn sa al ier de bynamme El Pibe de Oro ("De Gouden Jonge"), dy't er foargoed behold.
Fan 1981 oant 1982 spile Maradona by de Argentynske klub Boca Juniors en makke 28 doelpunten yn 40 wedstriden. Hy wûn mei Boca yn 1981 it kampioenskip fan 'e Primera División. Yn 1982 waard er foar in rekôrbedrach fan £5 miljoen ferkocht oan 'e Spaanske klub FC Barcelona út Barcelona, dêr't er oant en mei 1984 yn 36 wedstriden útkaam en 22 goals makke. Hy wûn mei de klub yn 1982 en 1983 de Copa del Rey en yn 1983 ek de Copa de la Liga en de Supercopa de España. Yn 1984 waard Maradona foar in nij rekôrbedrach fan £6,9 miljoen troch FC Barcelona oerdien oan 'e Italjaanske ploech S.S.C. Napoli út Napels. Dêr bleau er oant 1991 en belibbe er syn grutste heechtijdagen. Yn 188 wedstriden makke er 81 doelpunten. Yn 1986, 1987, 1989 en 1990 wûn er mei Napoli de Serie A, yn 1986 en 1987 de Coppa Italia, yn 1990 de Supercoppa Italiana en yn 1988 en 1989 ek de UEFA Cup, it Jeropeesk kampioenskip foar klubs.
Yn deselde tiid kaam Maradona tusken 1979 en 1994 ek 91 kear út foar it Argentynsk nasjonaal alvetal, wêrby't er yn totaal 34 doelpunten makke. Hy spile yn fjouwer wrâldkampioenskippen fuotbal fan 'e FIFA, wêrûnder it WK fuotbal 1986 yn Meksiko, wêryn't er Argentynje as oanfierder nei de finale brocht. Troch de oerwinning oer West-Dútslân waard Argentynje doe wrâldkampioen, en Maradona sels krige de Gouden Bal takend foar bêste spiler fan it toernoai. Kenners ornearren dat de kwartfinale fan dat wrâldkampioenskip, tsjin Ingelân, de bêste wedstryd út 'e karriêre fan Maradona wie. Hy skoarde dêryn twa doelpunten: it earste troch in ûnbestrafte hands-bal dy't de skiednis yngie as "de Hân fan God", en it twadde nei't er 60 m by fiif Ingelske ferdigeners lâns dribbele wie. Dy lêste goal waard yn 2002 útroppen ta de Goal fan 'e Iuw.
Nei't er lykwols fyftjin moannen net spylje mocht om't by in drugstest by him it gebrûk fan kokaïne fêststeld wie, kaam yn 1992 foar Maradona yn skande in ein oan syn tiid by Napoli. Tsjin dy tiid wied er ek ryklik oer syn hichtepunt as fuotballer hinne. Yn syn neidagen spile er yn 1992 en 1993 noch by Sevilla FC út it Spaanske Sevilla en yn 1993 en 1994 by Newell's Old Boys út it Argentynske Rosario. Fan 1995 oant de ein fan syn wurkpaad as fuotballer yn 1997 kaam er op 'e nij út foar Boca Juniors. Yn totaal skoarde Maradona yn syn klubfuotbalkarriêre 259 doelpunten yn 491 wedstriden. Yn 2000 waard er troch de FIFA tegearre mei de Brazyljaan Pelé útroppen ta Spiler fan 'e Tweintichste Iuw.
Syn oanslutende karriêre as fuotbaltrainer begûn Maradona mei net folle súkses tegearre mei Carlos Fren, syn eardere teamgenoat by Argentinos Juniors. Hja wiene yn 1994 yn dy funksje ferbûn oan Deportivo Mandiyú út Corrientes en yn 1995 oan Racing Club út Avellanada. Yn 2008 waard Maradona, nettsjinsteande it feit dat er eins gjin steat fan tsjinst hie as trainer, oansteld as de bûnscoach fan it Argentynsk nasjonaal alvetal. Dy funksje behold er oant 2010.
Nettsjinsteande in min begjin mei in 6-1 nederlaach tsjin Bolivia, wist er Argentynje mei de hakken oer de sleat it WK fuotbal 2010 binnen te loadsen. Doe't er nei de kwalifikaasje fan syn lân de sammele media tabiet dat se "der mar op sûge moasten" en "oanhâlde moasten derop te sûgen", krige er fan 'e FIFA in ferbod fan twa moanne oplein (oant jannewaris 2010) om syn funksje út te oefenjen. Op it WK, yn juny 2010 yn Súd-Afrika, berikte Argentynje ûnder lieding fan Maradona in teloarstellend fyfde plak nei't it yn kwartfinales útskeakele waard troch Dútslân mei in 4-0 nederlaach. Neitiid stimde it bestjoer fan it Argentynske fuotbalbûn, de Asociación de Fútbol Argentina (AFA) unanym foar syn ûntslach.
Yn 2011 waard Maradona oansteld as trainer fan Al Wasl FC út Dûbai, yn 'e Feriene Arabyske Emiraten, dêr't er lykwols in jier letter alwer ûntslein waard. Fan 2013 oant 2017 wied er assistint-trainer fan 'e Argentynske klub Deportivo Riestra, en yn 2017 kearde er werom nei de Feriene Arabyske Emiraten om Fujairah FC, in twadde-difyzjeklub, te trainen. Doe't it net slagge om dy klub promovearje te litten, gie Maradona dêr yn 2018 wer fuort. Yn septimber fan dat jier begûn er yn Meksiko Dorados de Sinaloa te trainen, in oare twadde-difyzjeklub, dêr't er yn 2019 ek wer wei gie nei't promoasje op 'e non rûn wie. Oanslutend wied er trainer fan 'e Argentynske klub Gimnasia de La Plata, dêr't syn kontrakt nei ien seizoen ferlinge waard oant 2021.
Maradona troude op 7 novimber 1984 yn Buenos Aires mei Claudia Villafañe, mei wa't er doe al jierren ferloofd wie. Hja krigen twa dochters, Dalma Nerea (2 april 1987) en Gianinna Dinorah (16 maaie 1989). Troch it memwurden fan Gianinna waard Maradona yn 2009 pake. Yn 2000 publisearre er in autobiografy mei as titel Yo Soy el Diego ("Ik bin dé Diego"). Hy en syn frou Claudia skieden yn 2004, mar giene as freonen útinoar. Wylst de skiedingsprosedure noch geande wie, joech Maradona ta dat er de heit wie fan Diego Sinagra, dy't op 20 septimber 1986 yn Napels berne wie en letter fuotballer wurden wie. De Italjaanske rjochtbank hie dat yn 1993 al bepaald, nei't Maradona wegere om in heitesteatstest te ûndergean. Hy en Sinagra metten inoar foar it earst yn maaie 2003 nei't Sinagra mei in ferlechje trochkrongen wie op in golfbaan dêr't syn heit oan it golfen wie.
Fan 'e midden fan 'e 1980-er jierren oant 2004 wie Maradona ferslave oan kokaïne. Nei't it skynt, brûkte er dy drug foar it earst yn 1983 yn Barcelona. Tsjin 'e tiid dat er yn Napels kaam te spyljen, begûn syn ferslaving syn fuotbaljen te beynfloedzjen. Nei't er syn karriêre as spiler beëinige hie, kampte Maradona fierders mei oergewicht, mei't er in niging ta obesitas hie. Op in stuit weage er 130 kg. Nei't er yn maart 2005 yn Cartagena de Indias yn Kolombia in maachferlytsingsoperaasje ûndergien hie, foel er oansjenlik ôf. Yn lettere jierren hied er lêst fan alkoholisme, foar de gefolgen wêrfan't er yn maart 2007 yn Buenos Aires yn it sikehûs opnommen waard. Op 8 maaie fan dat jier ferskynde er op 'e Argentynske tillefyzje om te melden dat er fan 'e drank ôf wie.
Op 2 novimber 2020 waard Maradona yn La Plata yn it sikehûs opnommen, sabeare om psychologyske redens, mar neffens in wurdfierder wie der yn elts gefal neat om oer yn noed te sitten. De deis dêrnei ûndergied er in harsensoperaasje om in subduraal hematoom (in blieding yn 'e harsens) te behanneljen. Alles liek goed te gean, en op 12 novimber waard er út it sikehûs ûntslein. Op 25 novimber kaam er lykwols hommels te ferstjerren oan in hertoanfal yn syn hûs yn Buenos Aires. Diego Maradona waard 60 jier. It Argentynske regear kundige trije dagen fan nasjonale rou ôf.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.