From Wikipedia, the free encyclopedia
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh (Ingelsk: Edinburgh International Film Festival, soms ôfkoarte ta EIFF) is in filmfestival dat elts jier yn juny holden wurdt yn 'e Skotske haadstêd Edinburgh. De organisaasje is yn 'e hannen fan it Edinburgh Film Guild. It evenemint bestiet sûnt 1947 en is it âldste filmfestival dat sûnder ûnderbrekking sûnt it ûntstean elts jier plakfûn hat. De films op it evenemint binne ûnderferdield yn Skotske, Britske, Jeropeeske en ynternasjonale kategoryen.
Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh Edinburgh International Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Keninkryk | |
lânsdiel | Skotlân | |
plak | Edinburgh | |
tiid fan it jier | juny | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | EIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1947 – no | |
org. troch | Edinburgh Film Guild | |
offisjele webside | ||
www.edfilmfest.org.uk |
Yn it ramt fan it Ynternasjonaal Festival fan Edinburgh fan 1947 waard troch it Edinburgh Film Guild in Ynternasjonaal Festival fan Dokumintêre Films (International Festival of Documentary Films) organisearre, dêr't dokumintêres fan oer de hiele wrâld te sjen wiene. Dat wie it begjin fan wat yn 'e jierren dêrnei, doe't it evenemint him útwreide en fiksjefilms taliet, it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh kaam te hjitten. Oant en mei 2007 waard it filmfestival elts jier yn augustus holden, mar mei yngong fan 2008 waard it ferskood nei in perioade fan twa wiken yn juny.
Op 't heden lit it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh elts jier in kar oan films fan alle sjenres út lannen fan oer de hiele wrâld sjen. De thúsbasis fan it evenemint is it Edinburgh Filmhouse, mar it festival makket gebrûk fan in grut tal oare bioskopen en filmsealen ferspraat troch de stêd, wêrûnder Fountainpark Cineworld, it Edinburgh Festival Theatre en it Odeon Edinburgh.
De folgjende filmkategoryen meitsje diel út fan it festival:
Dêrnjonken biedt it Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh ek diskusjefoara en de kâns om yn 'e kunde kommen mei guon fan 'e grutste nammen fan 'e wrâldsinema.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Edinburgh rikt de folgjende prizen út:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.