Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Karate Kid is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1984 begûn mei de súksesfolle jeugd- en sportfilm The Karate Kid, oer in jonge karateka. Neitiid waarden oant yn 'e midden fan 'e 1990-er jierren twa ferfolchfilms en in spin-off-film makke. Yn 2010 kaam in remake fan 'e oarspronklike film út. Njonken de films bestiet de franchise út in tekenfilmsearje, in live action-tillefyzjesearje en ferskate fideospultsjes. Hoewol't de earste film troch de kritisy tige goed ûntfongen waard, wiene dyselden minder entûsjast oer de neikommende dielen fan 'e filmrige. De tillefyzjesearje Cobra Kai, dy't yn 2018 foar it earst te sjen wie, waard wol wer goed wurdearre. Fral de earste film hat in bliuwende ynfloed hân op sawol it oansjen fan karate as sport, as op 'e ûntjouwing fan it jeugdfilmsjenre yn 'e Amerikaanske filmyndustry.
The Karate Kid | ||
betinker | Robert Mark Kamen | |
eigner | Columbia Pictures | |
lân | Feriene Steaten | |
begjinjier | 1984 | |
films | ||
langspylfilms | ● The Karate Kid (1984) ● The Karate Kid Part II ● The Karate Kid Part III ● The Next Karate Kid ● The Karate Kid (2010) | |
tillefyzje | ||
searjes | Cobra Kai | |
tekenfilmsearjes | The Karate Kid | |
spultsjes | ||
fideospultsjes | ● The Karate Kid ● The Karate Kid Part II ● Cobra Kai: The Karate Kid Saga Continues |
Yn The Karate Kid binne de santjinjierrige Daniel LaRusso (Ralph Macchio) en syn mem Lucille (Randee Heller) krekt út Newark yn Nij-Jersey wei ferhuze nei de Los Angelynske wyk Reseda. Hy rekket befreone mei syn klasgenoate Ali Mills (Elisabeth Shue) en komt sa yn konflikt mei har eks-feint Johnny Lawrence (William Zabka) en syn maten. Johnny is de meast talintearre learling fan 'e Cobra Kai-dojo. Nei't er yn in neiskoalske fjochtpartij in wan bruien krigen hat fan Johnny-en-dy, fynt Daniel in ûnwierskynlike freon en karatelearmaster yn 'e konsjerzje fan syn appartemintekompleks, menear Miyagi (Pat Morita). Dyselde slút in oerienkomst mei Johnny syn ûnmeilydsume sensei John Kreese (Martin Kove) om in ein te meitsjen oan it narjen as Daniel Johnny ferslaan kin yn it All-Valley Karate-toernoai. Neitiid begjint Daniel dêrfoar te trainen ûnder begelieding fan menear Miyagi.
The Karate Kid waard regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Robert Mark Kamen. De film gie op 22 juny 1984 yn premiêre, en brocht allinne yn Noard-Amearika al $100 miljoen op tsjin in budget fan $8 miljoen. Pat Morita waard foar syn rol as menear Miyagi nominearre foar de Oscar foar bêste byrol fan in akteur. It súkses fan The Karate Kid soarge foar it begjin fan 'e mediafranchise, mar wie ek ferantwurdlik foar it popularisearjen fan karate as sport yn 'e Feriene Steaten.
Yn The Karate Kid Part II wurdt Johnny (William Zabka), fuort nei't er fan Daniel (Ralph Macchio) ferlern hat yn it All-Valley Karate-toernoai, op it parkearterrein fan 'e sporthal oanfallen troch syn poerrazene sensei John Kreese (Martin Kove). Menear Miyagi (Pat Morita) komt tuskenbeiden, rêdt Johnny en fernederet dêrby Kreese. In healjier letter kriget menear Miyagi berjocht dat op syn berte-eilân Okinawa, yn 'e Rjûkjû-eilannen fan súdlik Japan, syn âlde heit yn 'e minnichte rekke is. Mei Daniel op sleeptou, om't er dy foar de simmer op 'e noed nommen hie, reizget Miyagi dêrhinne. Yn Okinawa hellet syn ferline him yn as in âlde rivaliteit op 'e nij ûntbrânt.
The Karate Kid Part II waard ek regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Robert Mark Kamen. De film gie op 20 juny 1986 yn premiêre, en brocht $115,1 miljoen op tsjin in budget fan $13 miljoen. The Karate Kid Part II waard nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet foar Glory of Love fan Peter Cetera.
Yn The Karate Kid Part III siket John Kreese (Martin Kove), dy't sûnt it All-Valley Karate-toernoai fan 1984 oan legerwâl rekke is, syn âlde tsjinstmaat út 'e Fjetnamoarloch Terry Silver (Thomas Ian Griffith) op, dy't no in rike sakeman is. Dyselde stjoert Kreese op fakânsje nei Tahity en ûnthjit him dat er de Cobra Kai-dojo wer op 'e nij ta bloei bringe sil en tagelyk wraak nimme sil op Daniel en menear Miyagi. Underwilens hawwe Daniel en menear Miyagi nei harren weromkear fan Okinawa ûntdutsen dat it appartemintekompleks dêr't Daniel en syn mem wennen, sloopt wurdt, wylst syn mem (Randee Heller) weromgien is nei Nij-Jersey om foar in siik famyljelid te soargjen. Menear Miyagi nûget Daniel dêrom út om by him te útfanhûzjen. As Miyagi lykwols wegeret om him te trainen foar it ferdigenjen fan syn kampioenstitel op it folgjende All-Valley Karate-toernoai, komt Daniel Silver tsjin, dy't him oanbiedt om him yn 'e styl fan 'e Cobra Kai te trainen.
The Karate Kid Part III waard ek regissearre troch John G. Avildsen nei in senario fan Robert Mark Kamen. De film gie op 30 juny 1989 yn premiêre, en brocht $38,9 miljoen op tsjin in budget fan $12,5 miljoen.
Yn The Next Karate Kid reizget menear Miyagi (Pat Morita) nei Boston ta foar in reüny fan etnysk Japanske soldaten dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch yn it Amerikaanske 442e Ynfanteryrezjimint tsjinne hawwe. Dêr moetet er Louisa Pierce (Constance Towers), de widdo fan syn eardere befelfierend ofsier. Dyselde bringt him yn 'e kunde mei har beppesizzer, de opstannige teenager Julie (Hilary Swank), dy't sy grutbringt. De swierrichheden fan Julie mei lulkens en selsbehearsking, dy't fuortkomme út it ferlies fan har âldelju, meitsje it libben fan Louisa botte dreech. Miyagi biedt syn help oan en stjoert Louisa foar in breanedige fakânsje nei syn eigen hûs yn Los Angeles, wylst hy tydlik de soarch foar Julie op him nimt en besiket har te helpen. Julie sit dêr hielendal net op te wachtsjen, mar se feroaret fan gedachten as se yn konflikt rekket mei de lieder fan in faksistoïde learlingeferiening by har op skoalle.
The Next Karate Kid waard regissearre troch Christopher Cain nei in senario fan Mark Lee. De film gie op 9 septimber 1994 yn premiêre, en brocht $15,8 miljoen op tsjin in budget fan $12 miljoen.
Yn The Karate Kid ferhúzje de tolvejierrige swarte Dre Parker (Jaden Smith) en syn mem Sherry (Taraji P. Henson) út it Amerikaanske Detroit nei de Sineeske haadstêd Peking as Sherry dêr foar har wurk hinne stjoerd wurdt. Dre rekket dêr befreone mei Meiying (Han Wenwen), in jonge muzikante dy't op deselde skoalle sit as hy, mar lûkt dêrmei de ûnwinske belangstelling fan Cheng (Wang Zhenwei), in talintearre beoefener fan kung fu, waarns famylje nauwe bannen ûnderhâldt mei dy fan Meiying.
Cheng en syn maten narje Dre op skoalle oan ien wei troch om him by Meiying wei te hâlden, wat kulminearret yn in fjochtpartij wêrby't se Dre in flink pak op 'e bealch jouwe. Hy wurdt rêden troch menear Han (Jackie Chan), de konsjerzje fan it appartemintekompleks dêr't hy en syn mem wenje. Dyselde giet nei Cheng syn ûnmeilydsume kung fu-learaar, master Li (Yu Rongguang) ta, om in ein oan it narjen te meitsjen. Li hat dêr gjin belang by, mar hy slút in oerienkomst mei menear Han dat it narjen ophâlde sil as Dre Cheng wit te ferslaan yn in oankommend kung fu-toernoai. Neitiid begjint menear Han Dre foar dy kompetysje te trainen.
The Karate Kid wie oars as de foargeande trije films gjin ferfolch op 'e oarspronklike film, mar in remake dêrfan. In grut ferskil is dat dizze film gjin Japanske eftergrûn hat mei de sport karate, mar in Sineesken-ien, mei kung fu. The Karate Kid waard regissearre troch Harald Zwart nei in senario fan Christopher Murphey. De film gie op 11 juny 2010 yn premiêre, en brocht $358,7 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.
The Karate Kid is in tekenfilmsearje dy't fuortborduerret om 'e oarspronklike filmtrilogy. De plot folget Daniel LaRusso (ynsprutsen troch Joey Dedio) en menear Miyagi (Robert Ito), as harren frege wurdt om in mystyk relikwy te sykjen en werom te bringen, dat stellen is fan Okinawa. Beselskippe fan Taki Tamurai (Janice Kawaye) reizgje se de wrâld ôf op 'e syk nei it relikwy, en belibje dêrby it iene aventoer nei it oare. De tekenfilmsearje waard regissearre troch Larry Houston en útstjoerd troch it Amerikanaske tillefyzjenetwurk NBC fan septimber oant desimber 1989. Der waard ien seizoen makke, mei yn totaal trettjin ôfleverings.
Cobra Kai is in live action-komeedzjedramasearje dy't 34 jier nei de foarfallen yn 'e oarspronklike filmtrilogy spilet. Johnny Lawrence (William Zabka) beslút de Cobra Kai-dojo te weriepenjen en syn âlde rivaliteit mei Daniel Larusso (Ralph Macchio) wer op te pakken. De searje besjocht harren deilisskip troch de eagen fan Johnny. It idee dêrfoar kaam eins fan 'e ôflevering The Bro Mitzvah fan 'e komeedzjesearje How I Met Your Mother, út 2013, wêryn't Macchio en Zabka gastrollen hiene as harrensels op it frijfeintefeest fan 'e dwerse Barney Stinson. Dyselde hold fol dat Daniel LaRusso de antagonist en Johnny Lawrence de wiere held fan The Karate Kid wie. Cobra Kai kaam fan maaie 2018 ôf beskikber op 'e streamingtsjinst YouTube Red en letter op Netflix. Anno 2021 is it fjirde seizoen yn produksje.
Der binne ferskate fideospultsjes basearre op 'e Karate Kid-franchise:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.