From Wikipedia, the free encyclopedia
Sportfilm is in sjenre fan films wêryn't in foarm fan sport in sintraal ûnderdiel fan de plot is. Dêrby kin it gean om in sportdramafilm (of koartwei sportdrama), dy't soks op in earnstige wize behannelet, of om in sportkomeedzjefilm (of sportkomeedzje), dy't humor yn it ferhaal behellet.
Sportfilms draaie almeast om yndividuele sporters of sportteams dy't de sport beoefenje dy't yn de film sintraal stiet. In plotfoarm dy't in soad brûkt wurdt, is dat dy sporter of dat team meidwaan wol oan in grutte wedstryd of in oar wichtich evenemint. It grutste part fan de film fokust dan op de tariedings fan de protagonist(en) foar de wedstryd, wêrnei't dyselde wedstryd de klimaks fan 'e film foarmet.
Sportfilms kinne fierder ûnderferdield wurde nei de sport dêr't se oer geane. Foarbylden fan bekende sportfilms binne:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.