Shyla Stylez
From Wikipedia, the free encyclopedia
Remove ads
Shyla Stylez, echte namme: Amanda Hardy Friedland[1] (Armstrong (Britsk Kolumbia), 23 septimber 1982 – dêre, 9 novimber 2017), wie in Kanadeesk neakenmodel, webcam-model, stripper en pornografysk aktrise. Yn it begjin fan har karriêre makke se ek wol gebrûk de artystenammen Shyla, Amanda Auclair, Shyla Styles en Shyla Stylex. Stylez sette yn 2000 útein mei wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, dêr't se al rillegau grutte populariteit wûn, benammen om har mânske boarsten. Yn 2012 loek se har út 'e pornoyndustry werom. Yn 2017 kaam se mei 35 jier te ferstjerren.

Remove ads
Libben
Shyla Stylez waard yn 1982 berne as Amanda Hardy yn Armstrong, yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Se wie fan mingd Angelsaksysk Kanadeesk en Dútsk etnysk komôf. Stylez krige foar it earst belangstelling foar de pornoyndustry doe't se in tiner wie. Har earste stap yn dy rjochting wie om nei Vancouver ta te ferhúzjen, dêr't se posearre foar neakenblêden en live webcamshows op pornowebsites. Ek wurke hja wol as eroatysk dûnseresse yn stripklubs. Uteinlik ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr kaam se yn 'e kunde mei pornoakteur Erik Everhard, dy't har yntrodusearre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Stylez makke yn 2000 har debút yn 'e pornografyske film Slap Happy, foar it label Anabolic Video. Sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 240 films spile. Nei har earste rol tekene hja in kontrakt mei Jill Kelly Productions (JKP), en yn juny 2002 liet se har boarsten fergrutsje oant kupmaat 32D. Datselde jiers troude se mei Bob Friedland, de direkteur fan JKP. (Dat houlik einige yn augustus 2003 yn in skieding.) Yn har sabatical-jier 2005 liet Stylez har boarsten fergrutsje nei kupmaat 36DD, en yn 2006 makke se har comeback op film, dvd en ynternet.
Shyla Stylez wie behelle yn in seksskandaal mei George Jaramillo, in helpsheriff fan Orange County, by Los Angeles, mei wa't hja ferskate seksueel tinte moetings hie. Doe't dat oan it ljocht kaam, ferlear Jaramillo syn baan. Yn 2007 presintearre Stylez de tillefyzjeshow Un-Wired TV, op in ûnôfhinklike stjoerder te Los Angeles. Stylez waard yn 2010 troch it tydskrift Maxim oantsjutten as ien fan top tolve pornostjerren yn 'e wrâld, en yn 2011 waard se ynhuldige yn 'e Hall of Fame fan 'e Urban X Awards. Se hat de jefte om 'e booby dance te dwaan, sa't se toand hat yn in fideo fan BangBros. Yn 2012 loek Stylez har werom út 'e pornoyndustry, wêrnei't se weromkearde nei har berteplak Armstrong, yn Britsk-Kolumbia. Yn 2016 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.
Remove ads
Ferstjerren
Op 9 novimber 2017 waard Stylez troch har mem dea op bêd fûn. Se wie doe 35 jier.
Prizen en nominaasjes
Filmografy

|
|
Remove ads
Keppeling om utens
- (in) Offisjele website fan Shyla Stylez
- (in) Shyla Stylez yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Shyla Stylez yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Shyla Stylez yn 'e Adult Web Movie Database (Webography)
- (in) Ynterview mei Shyla Stylez yn novimber 2004, troch Roger T. Pipe
- (in) Shyla Stylez is April’s Booble Girl of the Month, Artikel yn Xbiz
- (in) Shyla Stylez is de Top 2008 FreeOnes Babe
- (in) Shyla Stylez afadb.com
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Remove ads
