From Wikipedia, the free encyclopedia
Mark Harmon (folút: Thomas Mark Harmon; Burbank (Kalifornje), 2 septimber 1951), is in Amerikaansk akteur en eks-Amerikaansk footballspiler fan Amerikaansk-Eastenryksk komôf, dy't benammentlik bekend is fan syn rol yn 'e langrinnende tillefyzjesearje NCIS en út films as Summer School en The Presidio.
Mark Harmon | ||
akteur | ||
Mark Harmon yn 2012. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Mark Harmon | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 2 septimber 1951 | |
berteplak | Burbank (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk Dútsk | |
jierren aktyf | 1974 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Harmon is de soan fan sportman en radioferslachjouwer Tom Harmon en aktrise en keunstneresse Elyse Knox (wiere namme: Elsie Lillian Kombrath), en groeide op yn in gesin mei twa âldere susters. Syn pake en beppe oan memmekant wiene ymmigranten út Eastenryk wei. Nei't er yn 1970 syn diploma foar de middelbere skoalle helle hie, studearre er twa jier oan it Pierce College yn Los Angeles foar't er oerstapte nei de University of California, Los Angeles (UCLA), dêr't er yn 1972 en 1973 quarterback wie fan 'e UCLA Bruins, in Amerikaansk footballtiim dat útkomt yn 'e populêre nasjonale kolleezjekompetysje. Yn 1974 studearre er cum laude ôf oan 'e UCLA mei in bachelorstitel yn kommunikaasjekunde.
Neitiid sette er útein mei in karriêre as akteur, wêrby't er gauris de rol fan plysjes en oare gesachsdragers fertolke. Yn 'e santiger jierren moast er it fral hawwe fan lytse roltsjes yn tillefyzjefilms en gastrollen yn searjes; yn dy tiid wurke er dêrnjonken ek as timmerman. Yn 1977 waard er nominearre foar in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn rol yn 'e tillefyzjefilm Eleanor and Franklin: The White House Years. Yn 1978 spile er de oprjochte kavaleryofsier John MacIntosh yn trije ôfleverings fan 'e bekroande minysearje Centennial. Yn 1980 krige er syn earste fêste rol, yn 'e soapsearje Flamingo Road, mar dy waard nei twa jier al stopset.
Fan 1983 oant 1986 hie Harmon in fêste rol yn 'e prestizjeuze sikehûssearje St. Elsewhere. Dêr krige syn karriêre in flinke triuw fan yn 'e rêch, en neitiid krige er de haadrol in ferskate tillefyzjefilms en ek spylfilms, lykas Summer School (1987), mei Kirstie Alley, The Presidio (1988), mei Sean Connery en Meg Ryan, Stealing Home (1988), mei Jodie Foster, en Worth Winning (1989), mei Madeleine Stowe.
Fan 'e njoggentiger jierren ôf spile Harmon wer it meast yn tillefyzjesearjes, wêrûnder Chicago Hope (1996-2000), The West Wing (2002) en JAG (2003). Foar syn rol yn The West Wing waard er nochris nominearre foar in Emmy. Yn JAG spile er foar it earst Leroy Jethro Gibbs, in agint fan 'e NCIS (sis mar de resjerzje-ôfdieling fan 'e Amerikaanske Marine), dy't letter yn 2003 syn eigen spinoff-searje krige: NCIS. Dy searje rint noch altyd (neijier 2013), en sûnt 2008 produsearret Harmon him ek mei. Njonken syn tillefyzje- en filmkarriêre hat Harmon ek yn ferskate toanielstikken spile yn Los Angeles en it Kanadeeske Toronto. Yn 2012 krige Harmon syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Harmon gie yn 'e santiger jierren om mei sjongster Karen Carpenter. Hy is sûnt 21 maart 1987 troud mei aktrise Pam Dawber, mei wa't er ferskillende kearen tegearre op 'e planken stien hat. Se hawwe twa soannen: Sean Thomas Harmon (1988) en Ty Christian Harmon (1992). Yn 1987 besocht Harmon syn suster Kris Nelson út har âlderlike rjochten te setten en de fâdij oer syn omkesizzer Sam Nelson te krijen, om't dy troch syn mem mishannele wurde soe. It kaam dêrby lykwols nea ta in útspraak; de saak waard in der minne skikt. Yn 1996 rêde Harmon twa tinerjonges, doe't dy lyk foar syn hûs in ûngemak krigen. Hy brûkte in slaaie út syn garaazje om it rút fan harren baarnende auto iepen te brekken en skuorde har der doe mei gefaar foar eigen libben út. Harmon en de frou binne fierders útsprutsen aktivisten foar beheining fan wapenbesit.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.