Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
De ierdappelkrobbe (Leptinotarsa decemlineata) is in krobbe dy’t by de famylje fan de blêdhoantsjes (Chrysomelidae) heart.
De krobbe (of tuorre) wurdt sawat in sintimeter lang en liket troch syn bolle en rûne lichem wat op in ingeltsje. De ierdappelkrobbe is giel oant gieloranje fan kleur oan de boppekant en hat altyd streken yn stee fan plakken. It is in maklik te werkennen soarte troch de giele kleur en de dekskylden en de tsien swarte streken; fiif oan elke kant. De soarte komt oarspronklik út súdlik Noard-Amearika mar is meireizge mei de ekspânsje fan de gebieten dêr’t ierdappels ferboud waarden.
De ierdappelkrobbe is in wichtige pleach foar de ierdappelplant, benammen de larven derfan binne slim fretterich en kinne ierdappellannen folslein it blêd ûntnimme. Yn de 19e iuw waarden de earste eksimplaren op it fêstelân fan Jeropa oantroffen. De tuorre hat in soad skea oanrjochte en de gefolgen dêrfan wiene grut. Sawol it leger as grutte tallen bern en wurkleazen waarden ynset om de bisten te ferbaarnen dan wol te sammeljen. Se ha besocht om de krobben út te rûgjen op de meast útienrinnende wizen, mar dy binne sûnder útsûndering mislearre. Tsjintwurdich komt de ierdappelkrobbe yn alle wrâlddielen foar.
De wyfkes lizze grutte tallen aaikes en de larven binne fergiftich, sadat se net in soad fijannen hawwe. Yn nij kolonisearre gebieten kamen sels hielendal gjin natuerlike fijannen foar, sadat de krobben ha tige flot fuortplantsje koene. Alle besykjen om natuerlike fijannen te yntrodusearjen yn troch de ierdappelkrobbe nij kolonisearre gebieten is mislearre.
De soart waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Thomas Say yn 1824. Say wie in ynsektekundige dy’t by in wittenskiplike ekspedysje yn opdracht fan de Amerikaanske oerheid de ierdappelkrobbe ûntdiek yn it gebiet eastlik fan de Rocky Mountains. Oarspronklik waard de wittenskiplike namme Chrysomela decemlineata brûkt en letter waard de soarte yn it net mear erkende skaai Doryphora pleatst.[1] Dizze namme is ioflaat fan it Grykske δορυφόρος, dat speardrager betsjut.
De wittenskiplike skaainamme Leptinotarsa is ôflaat fan de Latynske wurden leptino ‘lytse’ en tarsus ‘klauwen’. De soartoantsjutting decemlineata komt ek út it Latynsk en betsjut ‘tsienstrekich’ (decem lineatus). Dy lêste namme slacht op de tsien donkere lingtestreken op de dekskylden fan de krobbe.
De Fryske namme ‘ierdappelkrobbe’ referearret oan de plant dêr’t de krobbe him omraak troch ferspriede koe. De Nederlânske namme ‘coloradokever’ slacht op de Amerikaanske steat Kolorado. Se tochten lange tiid dat de krobbe dêr oarspronklik weikaam, mar yn werklikheid kaam de soarte súdliker foar.[2] De namme ‘coloradokever’ wie lykwols ynboargere en wurdt ek yn it Ingelsk brûkt. Oare Ingelstalige nammen binne 'ten striped spearman', 'Colorado potato beetle' en 'potato bug’. Dy lêste namme is wat betiizjend, want mei ‘bugs’ wurde meast wantsen oantsjut en dit is in oare groep fan ynsekten. Yn it Frânsk en it Spaansk wurdt de namme 'doríphore / dorífora’ faak brûkt, in ferwizing nei de ferâldere skaainmme Doryphora. Yn it Spaansk en Dútsk wurdt de soarte ek wol lykas yn it Frysk ‘ierdappelkrobbe’ neamd; respektivelik 'escarabajo de la patata' en ‘kartoffelkäfer'.
De ierdappelkrobbe heart by de famylje blêdhoantsjes of Chrysomelidae, dat is in tige grutte groep fan blêditende krobben dy’t fertsjintwurdige wurdt troch sawat 37.000 soarten. It skaai 'Leptinotarsa hat tolve ferskillende soarten, wêrfan’t de ierdappelkrobbe fierwei de bekendste is.[3]
De krobbe kaam oarspronklik foar yn parten fan Nij Meksiko Feriene Steaten yn it noarden oant rûchwei Koahuila (Meksiko) yn it suden. Dit ferspriedingsgebiet behapte de eastlike gebieten fan de Rocky Mountains, dêr’t de krobbe sawat allinnich libbe op syn waardplant, de stikelhûnebei (Solanum rostratum). De ierdappelplant komt fan oarsprong foar by de westkust fan noardlik Súd-Amearika lâns, mar heart ta itselde skaai en is der bot oan besibbe.
Lange tiid kaam de ierdappel net foar yn de streken dêr’t de krobbe libbe, oant de minske op grutte skaal ierdappels begûn te ferbouwen yn Noard-Amearika. De ierdappellannen waarden earst yn it easten fan de Feriene Steaten beplante,en letter waarden mear nei it westen hieltyd mear ierdappels ferboud. Om 1850 hinne begûn it ierdappellân it natuerlike ferspriedingsgebiet fan de ierdappelkrobbe te oerlaapjen. De ierdappel bliek geskikt as foer foar de krobbe, wêrtroch’t dy him ferspriede koe.[4] De krobben ferspraten har net allinnich troch fan plant nei plant te fleanen mar waarden ek massaal troch de wyn meinommen.
De ierdappelkrobbe fersprate him earst binnen de Feriene Steaten fan west nei east. Yn 1859 waard de krobbe foar it earst op ierdappelplanten ûntdutsen yn de westlike steat Nebraska.[5] Letter waard de soart ek oantroffen yn South Dakota. Yn 1872 berikten de krobben de steat New York en yn 1876 waard de Amerikaanske eastkust berikt. De krobben hiene har ûnderwilens oer in ôfstân fan 2500 kilometer ferpleatst fan west nei east. Dêrnjonken wie it ferspriedingsgebiet seishûndert kilometer nei it noarden ferskood.[5]
It hjoeddeisk ferspriedingsgebiet is ûnbidich en beslacht sa’n acht miljoen kante kilometer yn Noard-Amearika en seis miljoen yn Jeropa, Azië en Noard-Afrika. Koartlyn is de soarte oantroffen yn Sina en Iran[6] Biologen fermoedzje dat de krobbe him yn de takomst fierder ferspriede sil yn parten fan Azië dêr’t de soart no noch net foarkomt, lykas Korea en Japan. Ek sil de krobbe him mooglik yn de waarmere gebieten yn it súdlik healrûn manifestearje.[7]
Yn Kanada is de krobbe oantroffen yn de steaten Alberta, Britsk-Kolumbia, Manitoba, New Brunswick, Nova Scotia, Ontario, Prins Edwardeilân, Quebec en Saskatchewan. De krobbe komt yn de Feriene Steaten foar yn de folgjende steaten: Alabama, Arizona, Arkansas, Kolorado, Konettikut, Delaware, Florida, Georgia, Idaho, Illinois, Indiana, Iowa, Kansas, Kentucky, Louisiana, Maine, Maryland, Massachusetts, Michigan, Minnesota, Mississippi, Missouri, Montana, Nebraska, New Hampshire, New Jersey, New Mexico, New york, North Carolina, North Dakota, Ohio, Oklahoma, Oregon, Pennsylvania, Rhode Island, South Carolina, South Dakota, Tennessee, Texas, Utah, Virginia, Washington, West Virginia, Wisconsin en Wyoming.[8]
Yn Azië en it Arabysk Skiereilân is de soart waarnommen yn de lannen Armeenje, Azerbeidzjan, Sina, Georgje, Irak, Iran, Kazachstan, Kirgyzje, Oezbekistan, Tadzjikistan, Turkije en Turkmenistan.
Yn Midden-Amearika komt de soart foar yn Kuba en Gûatemala. Foarhinne is de krobbe ek yn Kosta Rika waarnommen mar dêr is er op ’t heden ferdwûn. Yn Afrika is in waarnimming trochjûn út Libië mar dat giet foar ’t neist om in fersin.
Yn Jeropa komt de krobbe foar yn Albanië, Andorra, Belarus, België, Bosnië en Herzegovina, Bulgarije, Dútslân, Estlân, Finlân, Frankryk, Grikelân, Hongarije, Itaalje, Kroatië, Letlân, Litouwen, Lúksemboarch, Masedoanje, Moldavië, Nederlân, Oekraïne, Eastenryk, Poalen, Portugal, Roemeenje, Ruslân, Servië, Slowakije, Sloveenje, Spanje, Tsjechië, en Switserlân. De krobbe hie him eartiids ek ferspraat yn de lannen Denemarken, Grut-Brittanje (Ingelân, de Kanaaleilannen en Wales) en as lêste yn Sweden, mar is hjir rûnom útrûge.
Yn 1877 waard de krobbe foar it earst út de Amerikaanske steat Kolorado wei nei Jeropa brocht. Begjinnende broeiplakken yn Ingelân en Dútslân yn de omjouwing fan havens waarden hieltyd útrûge. Om 1900 hinne waarden de krobben by fersin mei sekken ierdappels ynfierd yn Dútslân.[9]
Oant 1920 slagge it knap om de krobben te isolearjen en út te rûgjen mar yn 1922 kaam de ierdappelkobbe yn de omjouwing fan Bordeaux in soad foar. Dêrútwei fersprate de soart him oer hiel Jeropa. De krobbe teach hieltyd fierder nei it easten en berikte Ruslân om 1940 hinne. De earste ynfaazjes koene noch ferneatige wurde mar lang om let festige de krobbe him permanint. Dat soarge doe foar in grutte politike opskuor: de Russen holden út dat de krobben troch de West-Dútsers yn opdracht fan de Amerikaanske CIA út fleantugen dropt wiene boppe Russysk grûngebiet. De Amerikanen ûntkenden en lieten de West-Dútsers by wize fan grap brievekaarten mei in ôfbylding fan de krobbe boppe East-Dútslân útstruie. Dêr wie de propagandatekst F fan Freiheit op set.[10]
Yn 1935 waard de krobbe foar it earst yn België sjoen en waard besocht de krobben te sammeljen troch it ynsetten fan skoalbern en soldaten en se te ferneatigjen. Yn 1938 kaam yn België slimme skea foar.
Yn Nederlân blykt de krobbe oan de noardlike râne fan har klimatologysk útmakke ferspriedingsgebiet te sitten en jout allinnich yn beskate waarme jierren skea. Yn 1937 waard de krobbe foar it earst yn Nederlân yn Limboarch en Brabân fûn. Yn 1938 waarden súdlik fan de Maas 161 gemeenten mei 607 fynplakken bekend.[5] Der is noch besocht de krobbe yn Nederlân út te rûgjen troch de krobben mei man en macht te sammeljen en te fergiftigjen, mar dat is net slagge. Foarhinne gou by it oantreffen fan in ierdappelkrobbe meldingsplicht by de Plantesyktekundige Tsjinst fan doe.
Yn Nederlân spiele se bytiden yn grutte hoemannichten oan op it strân.[11] Oant healwei de foarige iuw waarden de oanspielde krobben troch soldaten fan de Nederlânske kriichsmacht mei flammesmiters ferbaarnd op it strân.
Opmerklik is dat de ierdappelkrobbe yn tsjinstelling ta de measte ynsekten net bûn is oan in beskaat habitat. Ek it klimaat fan in gebiet spilet amper in rol foar de krobbe. Likegoed yn woastyneftige gebieten yn súdlik Noard-Amearika as yn koele kontreien yn Kanada kin de soart oantroffen wurde. Iennichst betingst dêr’t in gebiet oan foldwaan moat om him te festigjen is de oanwêzigens fan de ierdappelplant.
Yn West-Jeropeeske lannen lykas België en Nederlân komme de krobben mar in bytsje foar op ierdappellân om’t ynsektisiden brûkt wurde. De ierdappelkrobbe libbet hjir benammen op fertutearzge grientetunen en braaklizzend lân dêr’t ierdappels groeie. Se libje dêr faak op allinnichsteande planten.[7]
De ierdappelkrobbe krijt in lichemslingte fan 8,8 oant 11,3 mm en in breedte fan sawat 7 mm. It lichem hat fan boppe-ôf besjoen in ovale omtrek en is opfallend bolrûn en dik, wat typysk is foar de measte blêdhoantsjes. De lichemskleur is giel oant gielbrún of -oranje.
De kop is oranjegiel fan kleur en leit ferskûle ûnder it kopskyld, dat as beskerming tsjinnet. De eagen fan de krobbe binne swart fan kleur en langwerpich fan foarm. De antennes en teisters binne segmintearre. De antennes binne koarter as it lichem. De útein fan de maksilêre teister is silindrysk fan foarm en koarter as it foarôfgeande segmint.
It boarststik draacht oan de ûnderkant trije pear poaten en wurdt oan de boppekant beskerme troch it halsskyld of pronotum oan de foarkant en de dekskylden of elytra oan de efterkant. De dekskylden bedekke ek it hiele efterliif. De trije lichemsparten fan de krobbe (kop, boarst en efterliif) binne dus net daliks te werlieden fan de boppekant ôf. Under de dekskylden is it efterliif brún fan kleur en it boarststik swart. De dekskylden wurde ek wol foarwjukken neamd mar se binne stiif en tsjok en kinne net brûkt wurde om mei te fleanen. Under de dekskylden sitte de efterwjukken dy’t tin en fluezich binne, dy efterwjukken ha in donkerreade kleur en komme allinnich foar ’t ljocht as de krobbe syn dekskylden optilt om te fleanen.
Op elk dekskyld sitte fiif swarte lingtestreken, dus tsien meielkoar. Ek de middennaad dêr’t de dekskylden tsjininoar oan lizze is swart fan kleur. De earste streek leit ticht by de bûtenkant fan it dekskyld lâns, de twadde streek is dúdlik koarter as de earste. De tredde en fjirde streek op de dekskylden rinne gear oan de efterkant fan de dekskylden. De fyfde streek as lêste leit ticht by de middennaad op de boppekant. By de swarte streken lâns sitte lytse, yn ûnregelmjittige rigen dobkes dy’t mei it bleate each min te sjen binne. Op it halsskyld sitte ûnregelmjittige swarte plakjes, meast binne dat fjirtjin.[12]
De poaten binne aardich lang en kinne hielendal ûnder it efterliif dien wurde mar se binne dan noch wol te sjen. Se kinne het hielendal ûnder it lichem dien wurde lykas by de ingeltsjes it gefal is. De poaten binne oranjebrún fan kleur, oan de ein fan it bil sit in swart plak.[2] De úteinen fan de poaten wurde klaukes of tarsussen neamd en besteane by elk poatespan hieltyd út fiif segminten. Mantsjes en wyfkes ha ferskillende oanpassings fan de klaukes. De hierkes op de klaukes fan de mantsjes binne spesjaal oanpast om har fêst te heakjen oan de dekskylden fan it wyfke. De klaukes fan de wyfkes binne geskikter om har oan de blêden fan de planten te hechtsjen..[7]
De ierdappelkrobbe is troch syn giele kleure bolle lichem en streke dekskylden allinnich te betiizjen mei oare soarten út it skaai Leptinotarsa. De measte soarten yn dit skaai binne ienfâldich te ûnderskieden lykas Leptinotarsa rubiginosa, dy’t in helderreade kleur dekskylden hat. De soart Leptinotarsa juncta hat in donkere, metaaleftige blauwe oant griene kleur en is net streke. 'Leptinotarsa juncta hat wol sawat deselde kleuren mar is dochs makliker te werkennen; dy krobbe hat tusken de swarte streken op de dekskylden ek trije brune streken. De soart 'Leptinotarsa texana as lêste hat in ljochtere streek oan de kant fan de middennaad en dy naad hat faak de kleur fan de dekskylden.
De krobben komme yn de maitiid út harren ûndergrûnske wintersliep en sykje allerearst iten op. Mantsjes fleane út om in partner te sykjen wylst wyfkes benammen sykje nei planten dy’t te iten binne foar de neiteam en de mantsjes ôfwachtsje. Yn België en Nederlân binne de krobben fan april ôf te finen.
De krobbe kin jiers hûnderten aaikes ôfsette op planten. Yn Nederlân komt meast mar ién generaasje foar mar yn oare parten fan de wrâld kinne har twa of trije generaasjes ûntwikkelje. Under geunstige omstannichheden lykas hegere temperatueren en genôch iten kinne de larven fan de ierdappelkrobbe har binnen twa oant trije wike ûntwikkelje fan jonge larve oant pop. In inkelde krobbe kin yn ién seizoen foar tûzenen neikommelingen soargje.[5]
De earste generaasje krobben fljocht yn België en Nederlân fan april ôf wêrby’t de mantsjes de wyfkes opsykje om te pearjen. De wyfkes wurde net fisueel lokalisearre mar op rook trochdat de mantsjes sykje nei rookstoffen dy’t de waardplanten útskiede. De mantsjes sitte by de pearing op it wyfke wylst se oan de efterkant kontakt meitsje. De wyfkes pearje mei meardere mantsjes yn har libben mar de pearing mei it mantsjes yn de maitiid befruchtet de measte aaikes dy’t ôfset wurde.[7]
De aaien wurde ôfset fan juny ôf, en allinnich as de temperatuer boppe de 17 °C is, de aaikes wurde fêstplakt oan de blêden fan de ierdappelplant. Ierdappelkrobben lizze har aaikes twa oant trije wike lang op de ûnderkant fan de blêden.
De aaikes binne lyts en ha in oranjegiele kleur, se binne sa’n 1,7 oant 1,8 mm lang en sawat 0,8 mm breed. In wyfke kin 300 oant 800 aaien meitsje dy’t yn groepkes lein wurde, yn trochsneed sawat 12 oant 25 aaien it lechsel.
De aaien wurde yn in rangskikte struktuer ôfset en wurde mei de punt oan it blêd klibbe. De aaien fan de measte ynsekten binne hielendal twasidich symmetrysk, mar de aaien fan de ierdappelkrobbe ha in kromme, niereftige foarm; se binne oan beide úteinen ôfrûne mar de iene kant is koarter as de oare. As de aaikes folslein ûntwikkele binne kleurje se donkerder. De aaikes komme allegearre binnen koarte tiid tagelyk út.
Ofhinklik fan de temperatuer komme de larven nei 5 oant 21 dagen út de aaikes. De jonge grizige larven ite earst de resten fan de aaiskaal op en ferkleurje nei in pear dagen nei ljochtread, wat letter oergiet yn in donkerreade kleur. Om’t de krobben har net syngronisearre fuortplantsje kinne de ferskate larvestadiums trochinoar fûn wurde oan de ein fan de simmer.
De larve hat krekt as de folwoeksen krobbe in yn trijen ferparte lichem wêrby’t it boartstik dúdlik yn trije segminten ferdield is en it efterliif telt njoggen segminten. De kop fan de larve is swart fan kleur en hat lytse antennes dy’t amper te sjen binne mei it bleate each. Efter de antennes sitte de ocelli, dat binne inkelfâldige eachjes dy’t gjin skerp byld foarmje kinne mar allinnich groffe ljochtferoarings waarnimme. De tsjeaken of mandibels fan de larve hawwe fiif toskeftige útsteksels om it iten te fermeallen. De wjukoanset op it prothorax deun efter de kop is read oan de basis mar swart oan de efterkant. De larven hawwe trije pear boarstpoaten en gjin pseudopoaten oan it lichem. Oan de efterkant fan it lichem sit wol in pseudopoat, dy wurdt de neiskower neamd. De boarspoaten hawwe trije segminten en oan de útein fan elke poat sit in lyts klauke. It lichem fan de larven is bol en sterke bochele; it efterliif hat in dúdlike ferdikking oan de boppekant. It efterliif is ferparte yn njoggen segminten.
Op it efterste stik fan it boarststik en it efterliif sitte oan elke kant fan it lichem twa rigen swarte plakjes. Dy plakjes binne fan it mesothorax en op alle njoggen de efterliifsegminten. De boppeste rige plakken komme allinnich foar op it efterliif; op elk segmint ien. Dy plakken sitte om in azemiepening of stigma hinne, op it efterste lichemssegmint nei. Dêr sit it stigma tusken de twa plakken fan de boppeste en ûnderste rige. De plakken oan de ûnderste plakkerige binne lytser, dy komme foar fan de mesothorax oant it efterste efterliifsegmint.
De larve ferfellet yn trije oant fiif wike trije kear en elk opienfolgjend larvestadium wurdt in ynstar neamd. Der binne dus fjouwer larvale stadia en hieltyd sjocht de larve der wat oars út. Nei elke ferfelling wurdt de larve grutter en nei de lêste ferfelling is de ûntwikkeling hast klear. De larve wurdt ljochter oant oranjeread fan kleur as dy folslein ûntwikkele is en it hast oan ferpopkjen ta is. In folgroeide larve wurdt op syn meast 15 mm lang. Flak foar it ferpopkjen lit de larve him op de boaiem falle en krûpt inkelde sintimeters de grûn yn.[7]
De pop is oranjegiel oant read fan kleur, it halsskyld fan de pop hat in soad lytse hierkes (setae), op de rest fan it boarststik sit mar in bytsje hier. Op it efterliif sitte oan wjerskanten fan de boppekant bûtenrigen dy’t sterk behierre binne.
De pop komt ûnder normale omtannichheden nei sawat seis dagen út wêrnei’t de folwoeksen krobbe foar ’t ljocht komt. By kâldere omstannichheden krûpt de folwoeksen krobbe nei twa wike út de pop, foar’t de winter ynfalt. De winter wurdt ûnder de grûn trochbrocht as folwoeksen krobbe, dat wurdt wol it diaskoft neamd. De krobbe bliuwt yn it keammerke (de poppewidze) dêr’t it bist him yn ferpopket. De measte oerwintere krobben yn België en Nederlân befrieze en stjerre as de temperatuer boppe de grûn ûnder de -7 °C komt. Yn kâldere lannen lykas Grut-Brittanje komt de ierdappelkrobbe dêrtroch mar spoaradysk foar en kin gjin pleach foarmje. As de temperatuer heger bliuwt as sân graden ûnder nul komme de krobben yn de maitiid manmachtich foar ’t ljocht. Se geane daliks op syk nei ierdappelplanten en as dy net yn de omkriten binne lizze se in soad kilometers ôf op syk nei iten.[5]
De measte folwoeksen krobben yn koelere gebieten oerlibje de winter net en as se út in tredde generaasje fan in jier komme libje se mar in pear wike oant moannen. Yn waarmere kontreien oerwinterje sels de krobben fan de earste generaasje en der binne waarnimmings bekend fan eksimplaren dy’t ek in twadde oerwintering en inkeld sels in tredde oerlibje. Dy eksimplaren wurde twa oant trije jier.[7]
De ierdappelkrobbe kin slim skealik foar de ierdappel wêze, om’t de krobben mar benammen de fretterige larven fan de blêden skrânzgje. Allinnich de blêden wurde opiten en de stâlen en woartels litte se gewurde. Omdat de larven massaal foarkomme kinne wurde grutte hoemannichten blêd slynd sadat de plant in soad fiedingsstoffen kwytrekket en minder blêdoerflak oerhâldt foar de fotosyntese.Boarne? It gefolch dêrfan is dat knollen (ierdappel) of fruchten (tomaat) net genôch of sels hielendal net ta ûntwikkeling komme en it gewaaks as ferlern beskôge wurde moat.
De folwoeksen krobben kjiffe stikjes út de blêdrâne mar de larven binne wiere fretmasines dy’t grutte hoemannichten blêden ite. Yn koarte tiid kinne se in hiel stik ierdappellân keal frette. De ierdappelplant is net hiel gefoelich foar de fretskea oan it blêd en as de blêden oanfretten wurde wurdt dat troch de plant ‘fernommen’ sadat der gemyske synjaalstoffen frijkomme. De plant makket dêrfoar ekstra blêd oan en inkeld is der sels in foarm fan oerkompinsaasje wêrby’t der folle mear ekstra blêd foarme wurdt as iten wurde kin.[13]
De ierdappelkrobbe libbe oerspronklik allinnich op de planten stikelhûnebei (Solanum rostratum) en ek mar minder op bitterswiet (Solanum dulcamara), Solanum carolinense, Solanum sarrachoides, Solanum elaegnifolium, Solanum dimidiatum en bilzekruid (Hyoscyamus niger).[14]
Letter kaam de krobbe yn oanrekking mei de ierdappelplant en sprong dêr op oer. Dêrnjonken iet de krobbe ek de blêden en blommen fan oare hûnebei-eftigen dy’t kommersjeel kweekt wurde lykas tomaat (Solanum lycopersicum), aubergine (Solanum melongena) en soms ek op de piper (Capsicum annuum). Dizze planten komme allegearre út de hûnebeifamylje, de ierdappelkrobbe yt gjin oare planten as soarten út dizze spesifike famylje. Sa’n foarkar foar in beskate groep fan fiedsel(planten) wurdt ek wol oligofaach neamd.[6] Hoewol’t de larven it leafst blêden ite is wol bekend dat se inkeld begjinne te kjiffen fan blêdstâlen of sels fan houtige stâlen.
De ierdappelkrobbe hat yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet ferskate fijannen, lykas fûgels, spinnen en langpoaten en mear as tritich ferskillende ynsekten. Foarbylden fan ynsekten dy’t de krobbe en of de larven oanfalle binne ferskillende soarten rôfjende krobben (rintuorren), weakskyldkrobbe, wapsen, wantsen en miggen wêrûnder glûpmiggen dy’t de aaikes yn de larven lizze.[5] Sokke ynsekten binne generalisten dy’t ek in soad oare soarten ite. Der binne lykwols ek spesjalistyske soarten bekend dy’t spesifyk de ierdappelkrobbe foar kar nimme. De wants Perillus bioculatus is in rôfwants dy’t de krobbe en de larven mei syn nudlefoarmige sûchsnút leech sûcht. De rintuorre 'Lebia grandis jeit benammen op larven en de aaien fan de ierdappelkrobbe en ek de larven fan de rintuorre binne slim fretterich.
In oare fijân fan is de skimmel Beauveria bassiana. Dy skimmel taast ferskate lidpoatigen oan troch it lichem yn te kringen en it dier lang om net dea te meitsjen. Dêrnei wurdt de bûtenkant fan it lyk foarsjoen fan in laachje spoarefoarmjende lichemkes dy’t wer oare ynsekten besmette.
De krobbe wurdt ek besocht troch ferskillende parasiten lykas de myt 'Chrysomelobia labidomerae. Dy myt festiget him ûnder de dekskylden en sûcht de lichemsoppen fan de krobbe op. De slûpbij Horismenus puttleri taast de aaien fan de ierdappelkrobbe oan troch der sels in aai yn ôf te setten. Dy slûpbij is yn steat om it grutste part fan de aaien fan ierdappelkrobben te ferneatigjen. De slûpmiggen Myiopharus doryphorae en Myiopharus aberrans sette de aaien ôf yn de larven fan de ierdappelkrobbe.[13]
De folwoeksen krobbe en de larven hawwe gjin foarmen fan aktive ferdigening, ôfsjoen fan it opbrekken fan iten of it útskieden fan fekaliën. De larven kinne kronkeljende bewegings meitsje as se oanfallen wurde. De folwoeksen krobben lûke har poatsjes yn en litte har nei ûnderen falle as de planten dêr’t se op sitte oanrekke wurde.[7]
De ierdappelkrobbe ken wol foarmen fan passive ferdigening; de felreade kleur fan de larven hâldt fijannen op ôfstân. Dit ferskynsel wurdt ek wol mei apesematyske kleuring oantsjut. De bloedfloeistof of hemolymfe fan sawol de krobbe as de larve binne fergiftich, krekt as de útskiedings fan de larve. De stikelhûnebei (Solanum rostratum) is krekt as in soad oare soarten út it skaai hûnebei slim fergiftich. De larven en de folwoeksen krobben dy’t de plant ite binne ses ek net te iten. Dat komt wol mear foar by ynsekten dy’t fan fergiftige planten ite en it fergif opnimme en brûke as ferdigening. In foarbyld binne de rûpen en flinters fan de monarchflinter. De ierdappelkrobbe lykwols makket gjin gebrûk fan plantefergif mar makket sels in fergiftige stof oan. De fergiftige stoffen fan stikelhûnebei besteane út glysoalkaloïden en fan likegoed de krobbe as de larve is bekend dat se eventueel glysoalkaloïden opnimme as útskiede. It fergif dat yn de krobbe oantroffen is wurdt leptinotarsine neamd. De offisjele namme is β-leptinotarsine-h (ôfkomstich fan de soart haldemani) en β-leptinotarsine-d fan de ierdappelkrobbe (soartnamme decemlineata).
De ierdappelkrobbe taast ierdappelplanten oan dy’t as iten foar minsken bedoeld binne en wurdt dêrom fûl bestriden. Benammen yn Noard-Amearika en Jeropa is de krobbe ien fan de skealikste ynsekten as it de ierdappelproduksje oangiet. Yn de Feriene Steaten hat de krobbe der ‘eigenhandich’ foar soarge dat se op wikselbou oergean moasten. De krobbe hat lykwols net sa desastreus west as de ierdappelsykte dy’t feroarsake wurdt troch de skimmel Phytophthora infestans. Troch dy skimmel wurde bytiden hiele kontreien ûntfolke troch hongersneed. Eartiids feroarsake de ierdappelkrobbe yn Jeropa in soad skea, mar tsjintwurdich kinne se goed ûnder kontrôle holden wurden.
Ferskate regearings ha besocht de krobbe yn it omtinken fan it grutte publyk te bringen. Sa waarden postkaarten en postsegels útbrocht mei ôfbyldings fan de krobbe om it publyk te ynformearjen. De lannen dy’t oansletten wiene by it Warschaupakt namen yn ‘e mande maatregels om de ierdappelkrobbe oan te pakken.
De wichtichste reden foar de flotte opmars fan de krobbe yn eastlik Amearika en Jeropa is it ûntbrekken fan natuerlike fijannen. Yn it natuerlike ferspriedingsgebiet hâlde fijannen, sykten en parasiten de populaasjegruttes stabyl. Der is yn it ferline besocht om fijannen en parasiten yn Jeropa te yntrodusearjen mar dat hat net in soad resultaat hân.[11] By de bestriding fan de krobbe troch it brûken fan bestridingsmiddels kinne de jonge larven it bêste bespuite wurde want de âldere larven binne minder gefoelich foar ynsektisiden. De ierdappelkrobbe is ienfâldich mei de hân te sykjen want as it bist oanrekke wurdt lit it him fuortendaliks falle. Yn it ferline binne grutte tallen bern en wurkleazen ynset om de krobben letterlik fan it ierdappellân te sykjen. Nettsjinsteande de grutte hoemannichten dy’t sa fongen en deamakke waarden ha sokke aksjes mar in bytsje effekt sortearre.
De krobbe waard yn it ferline bestriden mei slim fergiftige bestridingsmiddels, lykas leadwetterstofarsenaat (PbHAsO4). It Nederlânsk regear dielde yn de tritiger jierren 300 ton fan dy stof út oan boeren. Letter waard it ek fergiftige kalsiumarsenaat brûkt en noch letter waard DDT tapast, dizze middels binne ek fergiftich en meie hjoeddedei net mear ferkocht wurde. Yn de Feriene Steaten waard ek it fergiftige Parysk grien (koperasetoarsenyt) brûkt. Njonken ynsektisiden waard ek eksperimintearre mei oare stoffen om fan de krobben ôf te kommen, lykas wetter, sjippe, gloarkalk en karbolsoer. Njonken gemyske bestriding is ek besocht bisten yn te setten om de krobben op te iten, lykas einen, guozzen, kalkoenen en hinnen.[15]
Om de krobbe te bestriden wurde tsjintwurdich ferskillende bestridingsmiddels brûkt. Spinosad is effektyf tsjin de larven fan de krobbe, mar dit middel is och sa fergiftich foar bijen en mei net brûkt wurde as de te beskermjen planten (of it túch dat der tusken en omhinne stiet) yn bloei steane. Ek is it skealik foar wetterorganismen en kin it better net brûkt wurde oan de râne fan oerflaktewetters. Ek asetamiprid wurdt ynset, dit middel wurket ek tsjin oare plante-itende ynsekten en befettet neonisotinoïden.
Yn Frankryk waard yn 1933 it Komitee Antidoryphorique oprjochte om de opmars fan de krobbe te stopjen. Nei de Twadde Wrâldkriich waard it European Plant Protection Organisation opset mei as doel ynsektepleagen yn te damjen. It Colorado Beetle Campaign Committee wie dêr in ûnderdiel fan en rjochte har spesjaal op de ierdappelkrobbe.[15]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.