Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gordon Tootoosis (Cut Knife (Saskatchewan), 25 oktober 1941 – Saskatoon (Saskatchewan), 5 july 2011) wie in Kanadeesk akteur en aktivist fan mingd Yndiaansk etnysk komôf. Hy wie ferneamd om syn krewearjen foar it behâld fan 'e kultuer en it fertellen fan 'e myten en leginden fan syn folk, en om syn wurk mei de Yndiaanske jongerein. As akteur waard er benammen bekend mei syn rol yn 'e Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall.
Gordon Tootoosis | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gordon Tootoosis | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 25 oktober 1941 | |
berteplak | Cut Knife (Saskatchewan) | |
stoarn | 5 july 2011 | |
stjerplak | Saskatoon (Saskatchewan) | |
etnisiteit | Kry Súdlik Stony | |
jierren aktyf | 1973 – 2011 | |
offisjele webside | ||
Gordon Tootoosis yn 'e IMDb |
Tootoosis waard yn 1941 berne yn it Poundmaker Reservaat 114 yn Cut Knife, yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan. Hy wie fan mingd etnysk komôf, mei't er sawol bloed fan 'e Kry (Cree) as fan 'e Stony (Stoney) hie. Syn heit wie de Yndiaanske aktivist John Tootoosis, en ien fan syn foarâlden wie Giele Moddertekken, de broer fan it ferneamde opperhaad Bizonfâlemakker (Pîhtokahanapiwiyin of Poundmaker), dy't de Kry oanfierde ûnder de Noardwestlike Opstân fan 1885.
De jonge Tootoosis waard mei syn trettjin bruorren en susters grutbrocht neffens de tradysjes fan 'e Flakte-Kry oant er troch de Kanadeeske oerheid by syn âlden weihelle en yn in kostskoalle pleatst waard, sa't doedestiden it belied wie foar alle Yndiaanske bern. Op 'e roomske kostskoalle waard it Tootoosis ferbean om syn memmetaal, it Kry, te sprekken, en waard er ek op oare manearen min behannele. Hy hie it der noch minder as syn mei-learlingen, om't er der troch de skoallieding op oansjoen waard dat syn heit in aktivist wie dy't foar de minskerjochten fan 'e Yndianen yn Kanada opkaam.
Nei syn traumatyske skoaljierren, learde Tootoosis foar sosjaal wurker, wêrby't er him spesjalisearre yn bern en jeugdkriminelen. Troch syn belangstelling foar de eigen kulturele tradysjes fan syn folk, ûntjoech Tootoosis him ta in earsten dûnser fan 'e lânseigen dûnsen fan 'e Kry, en ek ta in tige goed lassosmiter yn rodeowedstriden. Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren gied er op toernee as lid fan 'e Plains InterTribal Dance Troupe, wêrmei't er net inkeld troch hiel Kanada reizge, mar ek Jeropa en Súd-Amearika besocht. Letter waard er ien fan 'e populêrste live-kommentators fan powwows yn Noard-Amearika.
Tootoosis syn karriêre as akteur begûn yn 1973, doe't er mei Donald Sutherland en Chief Dan George yn 'e film Alien Thunder spile (útbrocht yn 1974). Mids 1980-er jierren hied er ien seizoen lang in fêste rol yn 'e tillefyzjesearje Red Serge, en yn 'e tillefyzjerige North of 60 spile er fan 1992 ôf 52 ôfleverings lang de rol fan Albert Golo. Gastrollen ferfolle Tootosis û.m. yn searjes as Dead Man's Gun, Due South en Smallville. Yn 1992 spile er mei Eric Schweig en Tantoo Cardinal yn 'e minysearje By Way of the Stars, en yn 1995 wie Russell Means ien fan syn tsjinspilers yn 'e Disney-filmproduksje Pocahontas. Ek spile er yn films as Black Robe (1991), Leaving Normal (1992), Crazy Horse (1996) en The Edge (1997).
De rol dêr't er de measte bekendheid mei wûn, wie foar Tootoosis dy yn 'e bekroande Amerikaanske spylfilm Legends of the Fall (1994), wêryn't er û.m. Brad Pitt, Anthony Hopkins, Aidan Quinn, Julia Ormond, Tantoo Cardinal en Karina Lombard as tsjinspilers hie. Tootoosis fertolke dêryn de rol fan 'e Yndiaan One Stab, de ferteller fan it ferhaal. Yn 1998 hied er fierders de titelrol yn 'e minysearje Big Bear, as it opperhaad Big Bear, en it jiers dêrop spile er it opperhaad Powhatan yn 'e film Pocahontas: The Legend. Yn Grut-Brittanje krige er benammen bekendheid as Joe Saugus yn 'e searje Auf Wiedersehen, Pet, út 2002. Yn 1999 rjochte Tootoosis mei Tantoo Cardinal de Saskatchewan Native Theatre Company op, in Yndiaansk toanielselskip yn Saskatchewan, en yn dy hoedanichheid bea er oanmoediging, stipe en aktearlessen oan jonge Yndiaanske akteurs.
Tootoosis hie in lytse rol yn 'e Amerikaanske minysearje Into the West (2005), spile datselde jiers in famyljelid fan sjongster Shania Twain yn 'e biografyske film Shania: A Life in Eight Albums, en fertolke de rol fan it Lakota-opperhaad Reade Wolk yn Bury My Heart at Wounded Knee (2007). Njonken syn live-action-aktearjen wie Tootoosis ek aktyf as stimakteur. Sa liende er syn stim oan it personaazje Sheriff Gordy yn Open Season en Boog and Elliott's Midnight Bun Run (beide út 2006), en oan Mushom yn 'e tekenfilmsearje Wapos Bay: The Series (2005-2010). Foar dy lêste rol wûn er in Gemini Award. Yn 2011 stied er foar it earst yn fyftjin jier wer op it toaniel, yn it stik Gordon Winter, dêr't er mei optrede yn Saskatoon en Ottawa.
Tootoosis syn heit John Tootoosis wie ien fan 'e oprjochters fan 'e Nasjonale Yndiaanske Bruorskip en de foarsitter fan 'e Federaasje fan Yndiaanske Naasjes yn Saskatchewan (FSIN). Gordon Tootoosis sels tsjinne in termyn as keazen opperhaad fan syn bertestamme, de Poundmaker Kry Naasje, en wie fise-foarsitter fan 'e FSIN.
Yn 1965 troude Tootoosis mei Irene Seseequasis, mei wa't er trije dochters krige, Glynis, Alanna en Disa, en trije soannen, Lee, Winston Bear en Clint. Dêropta namen hja ferskate Yndiaanske bern oan, sadat harren gesin ek de oannommen dochters Rebecca Brady, Bertrille Fox, Irene Oaks, Patrice Kautzman, Danielle Thunderchild, René Daoust-Thompson en Melanie Favel omfieme, en de oannommen soan Derek Thompson. Doe't harren dochter Glynis yn 1997 oan kanker kaam te ferstjerren, namen Tootoosis en de frou de soarch foar har fjouwer bern op harren. Dêrfoar setten se har nei wenjen yn 'e stêd Saskatoon.
Tootoosis waard op 29 oktober 2004 beneamd yn 'e Oarder fan Kanada, foar sawol syn bydragen oan film- en tillefyzjeproduksjes yn Kanada en de Feriene Steaten, as syn status as in ynspirearjend rolmodel foar de Yndiaanske jongerein. De oan dy keninklike ûnderskieding ferbûne wijingsseremoanje fûn plak op 9 septimber 2005.
Tootoosis beswiek op 5 july 2011 oan longûntstekking, dêr't er foar opnommen wie yn it St. Paul's Hospital yn syn wenplak Saskatoon. De begraffenisplechtichheid en de beïerdiging waarden holden yn Cut Knife, yn it Poundmaker Reservaat 114, dêr't Tootoosis ek berne wie.
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1974 | Alien Thunder | Almighty Voice | |
1978 | Marie Ann | opperhaad Many Horses | |
1978 | The Mad Trapper | ? | |
1991 | Black Robe | Alde Aenons | |
1992 | Leaving Normal | Hank Amaruk | |
1994 | Legends of the Fall | One Stab | ek ferteller |
1995 | Pocahontas | Kekata | as stimakteur |
1995 | Pocahontas: The Legend | opperhaad Powhatan | |
1996 | Lone Star | Wesley Birdsong | |
1996 | Alaska | Ben | |
1996 | Coyote Summer | Mopeah | |
1997 | The Edge | Jack Hawk | |
1997 | Song of Hiawatha | Iagoo | |
1998 | Que la lumière soit | Yndiaanske god | Frânsktalige film |
1999 | Stories from the Seventh Fire | ferhaleferteller | koarte film |
2000 | Reindeer Games | âlde gûverneur | |
2000 | Bear with Me | John Ours | |
2001 | Nobody's Baby | Dog Havasu | |
2001 | Zoe | Red Shirt | |
2001 | The Doe Boy | Marvin | |
2002 | Christmas at Wapos Bay | Mushom | |
2002 | Black Point | Standing Bear | |
2002 | Now & Forever | Ghost Fox | |
2003 | On the Corner | Floyd | |
2004 | Seven Times Lucky | Five Wounds | |
2004 | The Reawakening | Wesley Good Voice | |
2005 | Hank William's First Nation | Adelard Fox | |
2005 | Fugitives Run | Dan John | |
2006 | That Beautiful Somewhere | Harold | |
2006 | Open Season | Gordy | as stimakteur |
2006 | Boog & Elliot's Midnight Bun Run | Gordy | as stimakteur; koarte film |
2006 | Mr. Soul | Clifford | |
2007 | Juliana and the Medicine Fish | John Smoke | koarte film |
2008 | Out in the Cold | Soft as Snow | koarte film |
2010 | The Closer You Get to Canada | Mason | koarte film |
2011 | Wapos Bay: Long Goodbyes | Mushom | |
2011 | Guns, Girls and Gambling | opperhaad | |
tillefyzje | |||
1980 | Matt and Jenny | opperhaad | weromkearende rol; 2 ôfl., A Woman's Place en Ceremony at Whispering Pines |
1986 | Red Serge | Lakota-opperhaad | gastrol; ôfl. The Sioux Came to Dinner |
1986 | Red Serge | opperhaad Mighty Buffalo | gastrol; ôfl. School Ma'am |
1986–1990 | The Campbells | Irokeesk opperhaad | weromkearende rol; 3 ôfl. |
1987 | Stone Fox | Stone Fox | tillefyzjefilm |
1987 | Airwolf | Charlie Moon Rising | weromkearende rol; 2 ôfl., Welcome to Paradise en Salvage |
1988 | Danger Bay | Bill Bragg | gastrol; ôfl. A Man's Sport |
1988 | Higher Ground | Willingham | tillefyzjefilm |
1988 | MacGyver | Perry | gastrol; ôfl. Mask of the Wolf |
1989 | Friday the 13th: The Series | Spotted Owl | gastrol; ôfl. The Shaman's Apprentice |
1989 | Last Train Home | opperhaad Bizonfâlemakker | tillefyzjefilm |
1990 | Bordertown | opperhaad Wild Eagle | gastrol, ôfl. Ancient Claims |
1990 | The Campbells | Mohâk-kriger | gastrol; ôfl. The Hunting Party |
1991 | Blood River | Smiling Knife | tillefyzjefilm |
1991 | MacGyver | Phil Crow | gastrol; ôfl. Trail of Tears |
1991 | Palace Guard | Joe Horse Killer | gastrol; pilotôflevering |
1992 | Lost in the Barrens II: The Curse of the Viking Grave | Mewasin | tillefyzjefilm |
1992 | Heritage Minutes | pake | gastrol; ôfl. Peacemaker |
1992 | Kefi's Garage | boadskipper | tillefyzjefilm |
1992 | Noarthwood | ? | gastrol; ôfl. Suspicion |
1992 | Call of the Wild | Charlie | tillefyzjefilm |
1992–1993 | By Way of the Stars | Kry-opperhaad | 6-dielige minysearje |
1992–1997 | North of 60 | Albert Golo | weromkearende rol; 52 ôfl. |
1993 | Northern Exposure | Pete | gastrol; ôfl. Duets |
1993 | Spirit Rider | Joe Moon | tillefyzjefilm |
1993 | Madison | Frank | gastrol; ôfl. The Circle |
1994 | Hawkeye | Ravenoak | gastrol; ôfl. The Furlough |
1994 | Lonesome Dove | Indian John | minysearje; yn 3 ôfl. |
1995 | 500 Nations | ferskaat | as stimakteur; minysearje; yn 3 ôfl. |
1996 | The X-Files | sjamaan | gastrol; ôfl. Teso dos Bichos |
1996 | Crazy Horse | Akicita | tillefyzjefilm |
1996 | My Mother's Ghost | ? | tillefyzjefilm |
1997 | Keeping the Promise | Sakniss | tillefyzjefilm |
1998 | The Magnificent Seven | opperhaad Ko-Je | gastrol; ôfl. Manhunt |
1998 | Witness to Yesterday | Dzjengis Khan | gastrol; ôfl. Genghis Khan |
1998 | Due South | Tom Quinn | gastrol; ôfl. Easy Money |
1998 | Dead Man's Gun | Charlie Three Claws | gastrol; ôfl. The Trapper |
1998 | Big Bear | opperhaad Big Bear | minysearje |
1999 | Lakota Moon | Rolling Thunder | tillefyzjefilm |
2000 | Incredible Story Studio | himsels | gast yn in tillefyzjeprogramma; ôfl. Historical Hijinks |
2001 | Canada: A People's History | Saukamapee | dokumintêresearje; ôfl. The Pathfinders |
2001 | MythQuest | Red Wolf | gastrol; ôfl. Red Wolf's Daughter |
2001 | Dream Storm | Albert Golo | tillefyzjefilm |
2002 | Auf Wiedersehen, Pet | Joe Saugus | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2002–2004 | Smallville | prof. Joseph Willowbrook | weromkearende rol; 2 ôfl., Skinwalker en Talisman |
2003 | DreamKeeper | Kills Enemy | tillefyzjefilm |
2003 | Cowboys and Indians: The J.J. Harper Story | James Harper | tillefyzjefilm |
2003–2006 | Moccasin Flats | Joe Redsky | weromkearende rol; 22 ôfl. |
2004 | Seven Journeys in the American West | Swarte Wapity | tillefyzjefilm |
2005 | Into the West | Growling Bear | minysearje; ôfl. Wheel to the Stars |
2005 | Shania: A Life in Eight Albums | Greey Twain | tillefyzjefilm |
2005 | Shoebox Zoo | Nathaniel | weromkearende rol; 13 ôfl. |
2005–2010 | Wapos Bay | Mushom | weromkearende rol; 33 ôfl. |
2006 | One Dead Indian | Clifford George | tillefyzjefilm |
2006–2007 | Hank William's First Nation | Adelard Fox | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2007 | Bury My Heart at Wounded Knee | opperhaad Reade Wolk | tillefyzjefilm |
2007 | Hybrid | pake | tillefyzjefilm |
2008 | The Border | sheriff | gastrol; ôfl. Gray Zone |
2008 | Fear Itself | Eddie Bear | gastrol; ôfl. Skin and Bones |
2009–2011 | Blackstone | Cecil Delaronde | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2011 | Doomsday Prophecy | John | tillefyzjefilm |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.