gebiet wêrfan't de begroeiïng benammen bestiet út beammen yn in dominante beammelaach From Wikipedia, the free encyclopedia
In wâld is in grut gebiet wêrfan't de begroeiïng benammen bestiet út beammen yn in dominante beammelaach, mei leger by de grûn in ûndergroei besteande út strewelleguod (de strûkelaach) en krûden (de krûdelaach). Wâlden binne rike biotopen, dêr't in grut ferskaat oan floara en fauna foarkomt. In lyts of relatyf lyts wâld wurdt ek wol in bosk neamd. Wat krekt as 'wâld' kwalifisearre wurdt, ferskilt, mei't der wrâldwiid hûnderten ûnderskate definysjes foar dit begryp yn gebrûk binne, op basis fan beamtichtens, beamhichte, lângebrûk, wetlike bepalings en ekologyske funksjes. Yn Nederlân wurdt in bosk neffens de Boskwet offisjeel omskreaun as in gebiet fan 10 are dat út beplanting mei beammen bestiet. Rekkene neffens de faak brûkte definysje fan 'e Fiedsel- en Lânbou-organisaasje (FAO) fan 'e Feriene Naasjes oerdieken wâlden yn 2006 sa'n 40 miljoen km² fan it lânoerflak fan 'e Ierde. Dêrmei is wâld it oerhearkjende ekosysteem op drûch lân. It komt yn alle dielen fan 'e wrâld foar, útsein yn it poalgebiet. It nimt 75% fan 'e bruto primêre produksje fan 'e biosfear fan 'e Ierde foar syn rekken en omfiemet 80% fan 'e totale biomassa fan 'e Ierde.
Der besteane in stikmannich dúdlik faninoar ferskillende soarten wâlden. Yn it foarste plak hat dat te krijen mei de lokaasje op 'e Ierde dêr't se groeie. Sa komt tropysk wâld foar yn 'e tropen, om 'e evener hinne. Oan wjerskanten dêrfan befynt him in brede bân fan tuskenbeiden wâld yn 'e tuskenbeiden sônes, dêr't dan wer in bân fan taiga (ek bekend as boreaal wâld) oan grinzget dy't sels ôffrede wurdt troch de poalgebieten. Op gruttere hichten, yn berchtmen, dêr't de temperatuer en oare klimatologyske omstannichheden oerienkomme mei de tastân op hegere (en legere) breedtegraden, groeie wâlden dy't oerienkomme mei de wâlden fan dyselde breedtegraden. In twadde wichtich ferskil tusken soarten wâlden hat te krijen mei de hoemannichte delslach dy't der falt; wâld yn tige wiete gebieten wurdt reinwâld neamd, dat wer ûnder te ferdielen is yn tropysk reinwâld en tuskenbeiden reinwâld. In trêde ferskil wurdt feroarsake troch it soarte beammen dêr't it wâld út bestiet; sa ûnderskiedt men leafwâld (mei leafbeammen), nullewâld (mei nullebeammen) en mingd wâld (mei beide).
De minsklike maatskippij en wâlden hawwe inoar yn it ferline op sawol positive as negative manearen beynfloede, en dat is tsjintwurdich noch altyd sa. Wâlden soargje foar in oantreklik ekosysteem foar minsken, dat in geunstige ynfloed op harren sûnens hawwe kin. Ek tsjinje se as toeristyske attraksjes, dêr't omlizzende mienskippen ekonomysk baat by hawwe kinne. Oare minsklike aktiviteiten, lykas houtkap om oan timmerhout te kommen, of it platbrânen fan (dielen fan) wâlden om oan lânbougrûn te kommen, hawwe in negative ynfloed op it wâld en op 'e lange termyn ek op 'e minske. De regulearre eksploitaasje fan in wâld foar houtkap hjit boskbou. Yllegale houtkap heart dêr net by. In wâld dat noch nea kappe is, wurdt in oerwâld neamd; wâld dat nei de kap wer op 'e nij oanplante of út himsels wer op 'e nij oangroeid is, wurdt sekundêr wâld neamd. In wâld dat foar boskbou brûkt wurdt troch it hieltyd te kapjen en wer oan te plantsjen, hjit in produksjebosk.
Yn Fryslân is alle oerwâld al lang lyn kappe. Wat der no noch oan wâld yn 'e provinsje is, bestiet folslein út (oanplante) sekundêr wâld. Yn 'e tweintichste iuw binne noch wer grutte dielen fan 'e Fryske bosken ferlern gien troch doarps- en stedsútwreiding, troch de oanlis fan wegen en troch stoarmskea. (Sa wie der nei de stoarm fan 13 novimber 1972 yn Fryslân in skea fan 50.000 m³ boskhout, en ek by de stoarm fan 13 april 1973 waaiden in protte beammen om.) Lykwols is it oerflak wâld yn Fryslân yn ferhâlding ta it begjin fan 'e tweintichste iuw net feroare. Dat komt oan 'e iene kant troch beskerming fan boskgebieten fia oankeap troch natoerbeskermingsorganisaasjes en troch de oerheid (Steatsboskbehear), en oan 'e oare kant troch de nije lânynrjochting by ruilferkavelings.[1]
Boskrike gemeenten yn Fryslân binne:
Lytsere bosken komme ek op oare plakken yn Fryslân foar, lykas oan 'e eastkant fan It Hearrenfean by Oranjewâld, yn 'e Alde Feanen, oan 'e súdkant fan 'e Lauwersmar, yn 'e Nessemer Dunen op it Amelân en de Ljouwerter Bosk oan 'e noardkant fan Ljouwert. Hoewol't de namme fan De Wâlden op in soad bosk liket te tsjutten, ferwiist dat eins nei de beamwâlen dy't yn dat diel fan Fryslân as skieding tusken greiden brûkt wurde (sa't op 'e Klaai en yn 'e Súdwesthoeke sleatten brûkt wurde). Yn 'e súdlike Wâlden, dêr't û.m. Opsterlân ta heart, komme yndie wol wat wâlden foar, mar yn 'e noardlike Wâlden ûntbrekke se hast hielendal, útsein inkele lytse hoekjes oan 'e noardlike útein fan 'e Trynwâlden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.