Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Houtkap is it omseagjen of omhakjen fan beammen. Soks wurdt dyn yn sawol natuerlike bosken as yn spesjaal dêrfoar oanleine bosken. Yn it tropysk reinwâld waarden en wurde noch hieltyd beammen ûnder net duorsume omstannigens kapt, faak troch yllegale houtkap. Foar duorsume rispinge is it spesjale FSC-keurmerk yn it libben roppen.
Uttinning is in term yn de boskbou dy't brûkt wurdt foar it fuortheljen fan beammen om de groei fan de oerbliuwende beammen te stippelearjen. Uttinjen soarget derfoar dat de konkurrinten fan de oanwiisde beammen foar de takomst kapt wurde sadat dy mear ljocht en fiedingsstoffen krije. By it úttinjen wurde ek de beammen kapt dy't oars dochs stjerre sille.
Bosken kinne foar de houtproduksje op ferskate wizen kapt wurde. It kealkapjen is de meast ienfâldige wize. In stik bosk wurdt dan yn ien kear omhelle en it hout ôffierd. Op dat plak kin de bosk dêrnei wer ferjongje. In faak foarkommende foarm fan kealkapje is seamekap. Hjirby wurde stripen bosk oanlein en tsjin de hearskjende wynrjochting yn kapt. Sadwaande ûntsteane stripen bosk wêrby't de beammen stadich0an heger wurde mei de hearskjende wynrjochting mei.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.