Tuskenbeiden reinwâld
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tuskenbeiden reinwâld is in type reinwâld dat foarkomt yn 'e tuskenbeiden sône tusken oan 'e iene kant tropyske en subtropyske klimaten en oan 'e oare kant poal- en heechberchtmeklimaten. It kin bestean út leafwâld, nullewâld of mingd wâld. It wurdt fierders karakterisearre troch it geregeldwei fallen fan in soad rein en troch it foarkommen fan in ûndergroei dy't foar in grut part út moassen bestiet en foar in lytser part út strewelleguod of yn guon dielen fan 'e wrâld fearplanten. Tuskenbeiden reinwâld komt benammen foar yn fochtige kriten dy't ûnder direkte ynfloed steane fan 'e oseaan, of op 'e skeanten fan berchtmen dêr't wolkens harsels leechreine om hegernôch stiigje te kinnen om oer de berchrêch hinne te kommen. Sokke berchtmen hawwe dan oan 'e oare kant in saneamd reinskaad: in tige drûch gebiet dêr't amper rein falt.
Wat krekt as in tuskenbeiden reinwâld oantsjut wurde kin en wat net, is net altyd dúdlik. Foar tuskenbeiden reinwâlden yn Noard-Amearika wurdt almeast de folgjende definysje oanholden: in jierlikse delslach fan mear as 1.400 mm en in trochsneed jierlikse temperatuer fan tusken de 4 en 12 °C. Yn Austraalje wurdt tuskenbeiden reinwâld lykwols definiëarre as wâld besteande út beammen dy't net fan boskbrân ôfhinklik binne foar fernijing, mei kymplanten dy't yn it skaad groeie kinne en mei in blêdetek dat teminsten 70% fan 'e loft fertsjusteret. De Noardamerikaanske definysje soe in diel fan it tuskenbeiden reinwâld yn Austraalje útslute, wylst de Australyske definysje in diel fan it tuskenbeiden reinwâld yn westlik Noard-Amearika útslute soe (mei't de kustdouglasspjirre, ien fan 'e dominante soarten dêre, ôfhinklik is fan 'e ferwuostging troch brân of stoarm fan besteande beammen om romte te meitsjen foar in folgjende generaasje).
Tuskenbeiden wâlden bedekke in grut diel fan 'e Ierde, mar tuskenbeiden reinwâlden komme mar op in relatyf lyts tal plakken foar. De measten dêrfan lizze oan see. Yn Noard-Amearika fynt men se oan 'e Pasifyske kust yn sintraal en noardlik Kalifornje, it Amerikaanske Noardwesten, Britsk-Kolumbia, Súdeast-Alaska, Súdlik Sintraal-Alaska en inkele dielen fan Súdwest-Alaska (lykas de Kodiakarsjipel). Yn Súd-Amearika komme se foar yn 'e súdlike helte fan Sily en yn it uterste suden fan Argentynje (Fjoerlân). Yn West-Jeropa komme lytse restanten tuskenbeiden reinwâld foar yn súdlik Noarwegen, Skotlân, Ierlân, Bretanje en oan 'e noarkust fan it Ibearysk Skiereilân, yn Spaansk-Baskelân, Kantaabrje, Astuerje en Galysje.
Yn Aazje fynt men it oan 'e súdlike, eastlike en noardeastlike kusten fan 'e Swarte See, yn Turkije, Georgje, Abgaazje en de Russyske Koeban; oan 'e súdkant fan 'e Kaspyske See, yn Iraan en Azerbeidzjan; en op beskate plakken yn East-Aazje, te witten oan 'e eastkust fan Taiwan, de east- en súdkust fan it Koreaanske Skiereilân, yn 'e Amoerregio fan it Fiere Easten fan Sibearje, en op Sachalin en de Japanske Eilannen. Yn Oseaanje groeit tuskenbeiden reinwâld yn súdeastlik Nij-Súd-Wales, eastlik Fiktoaria, op hast hiel Tasmaanje en op in grut part fan Nij-Seelân.
Fierders besteane der ek lytsere stikjes tuskenbeiden reinwâld dy't net streekrjocht ûnder ynfloed fan 'e see steane. Dêrby giet it yn Noard-Amearika om in diel fan 'e Appalachen fan Georgia oant West-Firginia en it Adirondack-berchtme yn New York. Itselde jildt foar in grut diel fan súdeastlik Sina en de berchskeanten fan 'e súdlike Himalaya yn Nepal, Bûtan, noardeastlik Yndia en Birma.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.