West-Firginia (Ingelsk: West Virginia; útspr.: [wεst vəɹ'ʤɪɲə], likernôch "ûest w'rdzjinje"), offisjeel de Steat West-Firginia (Ingelsk: State of West Virginia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. West Virginia, byneamd de Mountain State ("Berchsteat"), leit middenyn 'e Appalachen, yn it eastlike part fan it lân, en waard histoarysk ta de regio fan it Amerikaanske Suden rekkene. De haadstêd is Charleston, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 1,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 38e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is West-Firginia mei krapoan 63.000 km² de 41e steat. West-Firginia stiet bekend om syn bergen en koaleminen, en teffens om it feit dat it him ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch ôfskate fan Firginia.

Fluch de feiten Steat West-Firginia State of West Virginia, flagge ...
Steat West-Firginia
State of West Virginia
flaggewapen
Thumb
Montani semper liberi
(Latyn, "Berchbewenners binne altyd frij")
lokaasje yn de Feriene Steaten
Thumb
algemien
ôfkoarting WV
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1863)
haadstêd Charleston
grutste stêd Charleston
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 1.850.326 (2014)
befolkingstichtens 29,8 / km²
oerflak 62.755 km² (0,6% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Mountain State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside wv.gov
Slute
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat West-Firginia. Foar oare betsjuttings, sjoch: West-Firginia (betsjuttingsside).

Geografy

West-Firginia hat in oerflak fan 62.755 km², wêrfan't 0,6% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en grinzget oan 'e steaten Marylân (yn it noardeasten), Pennsylvania (yn it noarden), Ohio (yn it noardwesten), Kentucky (yn it súdwesten) en Firginia (yn it suden, súdeasten en easten). It heechste punt yn 'e steat is Spruce Knob, op 1.482 m boppe seenivo, en it leechste punt wurdt foarme troch de rivier de Potomac, oan 'e grins mei Firginia, mei in hichte fan 73 m boppe seenivo.

Thumb
Hjerstkleurepracht yn 'e wâlden fan West-Firginia.

West-Firginia leit middenyn 'e Appalachen, dat nei de Rocky Mountains it grutste berchtme fan Noard-Amearika is. It meastepart fan 'e steat bestiet sadwaande út heech lein gebiet, dat lykwols steil ôfrint yn 'e dellingen fan grutte rivieren lykas de Potomac en de Shenandoah. De wichtichste rivier fan 'e steat is de Ohio, dy't de grins mei de steat mei deselde namme foarmet. Likernôch 75% fan it grûngebiet fan West-Firginia makket diel út fan twa heechflakten, it Cumberlandplato en it Alleghenyplato. Oan 'e eastgrins mei Firginia foarmje de hege bergen fan it Nasjonaal Wâld Monongahela in eilantsje mei in kâlder klimaat en in ôfwikend ekosysteem.

It grutste part fan it wyldlân fan West-Firginia is begroeid mei mingd wâld, dat benammen hjerstmis swide tafrielen fan kleurepracht biedt. In grut diel fan 'e steat is ek de rest fan it jier ryk oan natoerskientme, in feit dêr't de Westfirginianen har tige bewust fan binne. Hja ferwize wol nei harren heitelân as Almost Heaven ("Suver de Himel"), in sitaat út it liet Take Me Home, Country Roads, fan countrysjonger John Denver, dat in soarte fan ûnoffisjeel folksliet fan 'e steat wurden is. West-Firginia omfiemet twa útstykjende regio's, ien yn it noarden, dy't ynklamme sit tusken Ohio en Pennsylvania, en ien yn it easten, dy't ynklamme sit tusken Marylân en Firginia. Dy regio's steane bekend as de Noardlike en de Eastlike Panhandle fan West-Firginia. Der binne yn West-Firginia gjin Yndianereservaten.

Thumb
Harpers Ferry gie ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch ferskate kearen yn oare hannen oer.

Skiednis

Yn 'e prehistoarje waard West-Firginia bewenne troch in opienfolging fan Yndiaanske kultueren, dy't in grut tal grêfheuvels en oare terpen neilieten, benammen yn 'e omkriten fan Moundsville, South Charleston en Romney. Yn 'e histoaryske perioade waard West-Firginia bewenne troch in ferskaat oan lytse Irokeeske, Sûaanske en Algonkwynske stammen, mar ûnder de Beveroarloggen fan 'e 1670-er jierren waarden dy fierhinne út it gebiet ferdreaun troch de Irokeeske Konfederaasje, dy't neitiid benammen it noardlike diel fan 'e steat as in jachtreservaat brûkte dêr't konkurrinten net talitten waarden.

Doe't de kolonisaasje fan Noard-Amearika troch de Jeropeänen safierhinne optein wie dat it tij dêrfan West-Firginia en Kentucky berikte, waard de krite fan dy beide lettere steaten in omstriden gebiet dêr't twa Britske koloanjes, Pennsylvania en Firginia, oanspraak op makken. Nei desennia fan strideraasje waard der nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch in kompromis sletten, wêrby't Kentucky in selsstannige steat waard, wylst West-Firginia by Firginia kaam te hearren, dêr't it formeel sûnt 1607 al ta rekkene waard. De earste delsetting dy't troch blanken op it grûngebiet fan it lettere West-Firginia stifte waard, wie New Mecklenburg, oan 'e rivier de Potomac (no Shepherdstown), dêr't har yn 1725 Dútske lânferhuzers fêstigen. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch (1754-1763) waarden de fersprate Britske delsettings yn West-Firginia frijwol folslein ferdylge.

Thumb
Francis H. Pierpont, de 'heit' fan West-Firginia.

Yn 1774 late John Murray, 4e greve fan Dunmore, de Britske gûverneur fan 'e koloanje Firginia, in legermacht dwers troch West-Firginia hinne om yn 'e saneamde Oarloch fan Dunmore tsjin 'e Sjâny yn Ohio te fjochtsjen. In milysje ûnder kolonel Andrew Lewis, dy't diel útmakke fan dat leger, fersloech de Sjâny ûnder harren opperhaad Maïsstâle yn 'e Slach by Point Pleasant, op it plak dêr't de rivier de Kanawha útmûnet yn 'e Ohio. By it Ferdrach fan Camp Charlotte, dat in ein makke oan 'e oarloch, joegen de Sjâny alle lân yn West-Firginia op dêr't se noch oanspraak op makken. Tsjin 1776 wie it lykwols fannijs oarloch mei de Sjâny, dy't har doe by de Sjeroky joegen. Oerfallen tusken Yndianen en blanke kolonisten giene troch oant nei de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783).

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch stiene de measte Westfirginianen oan 'e kant fan 'e rebellen. Yn 1780 en 1781 fûn yn it gebiet lykwols Claypools Rebûlje plak, wêrby't in diel fan 'e befolking fanwegen oarlochswurgens wegere om noch langer belesting ôf te dragen oan it revolúsjonêre regear fan 'e jonge Feriene Steaten. Fan 1776 oant 1863 stie West-Firginia ornaris bekend as 'Trans-Allegheny-Firginia', oftewol Firginia oarekant it Allegheny-berchtme. It gebiet wie doedestiden, fanwegen it bercheftige terrein, dat de fêstiging fan grutte katoen- of tabaksplantaazjes ûnmooglik makke, ien fan 'e earmste dielen fan it rike Firginia, en de bewenners wiene oanhâldend ûntefreden oer de ûnderrepresintaasje fan harren krite yn it Steatskongres fan Firginia.

Thumb
De útslach fan it referindum oer ôfskie- ding fan Firginia, holden op 24 oktober 1861.

Ien fan 'e meast beruchte foarfallen út 'e skiednis fan West-Firginia wie de Oerfal op Harpers Ferry, dy't plakfûn fan 16 oant 18 oktober 1859. Dêrby besocht in groep radikale abolysjonisten ûnder lieding fan John Brown en jou de oanset ta in wapene slave-opstân yn it Amerikaanske Suden troch it arsenaal yn it plakje Harpers Ferry, oan 'e gearfloeiïng fan 'e rivieren de Shenandoah en de Potomac, yn te nimmen. (Harpers Ferry lei doe midden yn Firginia, mar no leit it krekt oan 'e Westfirginiaanske kant fan 'e grins.) De abolysjonisten waarden lykwols ynsletten en ferslein troch in kompanjy mariniers ûnder kolonel Robert E. Lee. Brown en syn meistanners waarden finzen nommen, ta de deastraf feroardiele en ophongen.

Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, en Firginia him op 17 april fan 'e Amerikaanske Uny ôfskate om him by de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika te jaan, ûntstie der yn West-Firginia grutte opskuor tusken foar- en tsjinstanners fan dy ôfskieding. Ynwenners fan 'e westlike en noardlike countys setten op 13 maaie, minder as in moanne nei de ôfskieding troch Firginia fan 'e Uny, ûnder lieding fan Francis H. Pierpont in saneamde 'werynsteld regear' op, dat stappen ûndernaam om West-Firginia op syn beurt los te skuorren fan Firginia. Nei't by in referindum oer dat ûnderwerp in mearderheid fan 'e befolking foar stimd hie, waard de ôffskieding fan West-Firginia yn 1862 in feit. De Amerikaanske presidint Abraham Lincoln ûndertekene dêrnei op 31 desimber 1862 in wet dy't dy ôfskieding bekrêftige en it mooglik makke om West-Firginia as selsstannige steat yn 'e Uny op te nimmen, wat op 20 juny 1863 barde. West-Firginia, yn 't earstoan ûnder de namme 'Kanawha', waard dêrmei de 35e steat fan 'e Feriene Steaten.

De grûnwet fan 'e nije steat datearret fan 1864, en dêryn waard de slavernij ôfskaft en waard oan manlju dy't yn it Konfederearre Leger tsjinnen of tsjinne hiene it kiesrjocht (tydlik) ûntnommen. De fraach oft de ôfskieding fan West-Firginia juridysk wol troch de bûgel koe, wylst de ôfskieding fan it Suden as ûngrûnwetlik beskôge waard, kaam yn 1866 oan 'e oarder. Yn 1864 hiene Berkeley en Jefferson County, oan 'e Potomac beëasten de Appalachen, har by West-Firginia jûn, wylst it meastepart fan 'e manlike befolking (en dus fan 'e stimberjochtige befolking, mei't froulju doedestiden gjin kiesrjocht hiene) yn it Konfederearre Leger tsjinne. Doe't dy lju nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch wer thúskamen, wegeren se de gong fan saken te akseptearjen. Dêrop focht Firginia de tafoeging fan 'e beide countys oan by it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn in rjochtsaak dy't net inkeld foar de beide countys, mar foar hiel West-Firginia gou, mei't de hiele steat fierhinne op deselde wize ta stân kommen wie. Yn 1870 die it Heechgerjochtshôf lykwols útspraak yn it foardiel fan West-Firginia.

Thumb
De Veterans Memorial Bridge oer de Ohio, dy't Weirton (West-Firginia) ferbynt mei Steubenville (Ohio).

Nettsjinsteande dat tsjinnen der út West-Firginia likefolle manlju yn it Súdlike as yn it Noardlike leger (beide 22.000 oant 25.000 man). Under de oarloch wisten Noardlike troepen ûnder lieding fan generaal George B. McClellan al ier in grut part fan West-Firginia yn 'e hannen te krijen, en dat stiene se nea wer ôf. De Súdliken fan generaal John D. Imboden rûnen yn 1863 dan wol in grut part fan it gebiet ûnder de foet, mar se hiene de mankrêft net om der in besettingsmacht te legerjen. Wol wiene yn guon dielen fan westlik en noardlik West-Firginia guerriljatroepen fan Konfederearre sympatisanten aktyf. De eastlike râne fan 'e steat en de Eastlike Panhandle fan West-Firginia waarden folle slimmer troffen troch oanhâldende iepen oarlochfiering, en ferwikselen geregeldwei fan besetter.

In oar probleem wie de ferdieling fan 'e steatsskuld fan it foaroarlochske Firginia. Doe't dêr gjin oerienstimming oer berikt wurde koe, betelle Firginia yn 1871 twatrêde part fan 'e skuld ôf en wiisde it op eigen manneboet de rest oan West-Firginia ta. Dizze striidkwestje waard pas beslist yn 1915, doe't it Amerikaansk Heechgerjochtshôf fûniste dat West-Firginia oan Firginia de som fan $12.393.929,50 skuldich wie. It lêste part dêrfan waard yn 1939 ôfbetelle. Underwilens wie nei de oanlis fan it spoar fan 'e Chesapeake and Ohio Railway, yn 1872, de mynbou op it mêd fan stienkoal yn West-Firginia fan 'e grûn kommen, dy't de steat lange tiid in beskate mjitte fan wolfeart brocht.

Thumb
It Steatskapitoal fan West-Firginia yn Charleston.

Bestjoer

West-Firginia bestiet bestjoerlik út 55 countys. De steatshaadstêd, Charleston, leit yn Kanawha County, súdwestlik fan it mulpunt fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt West-Firginia bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Legislatuer fan West-Firginia, dy't bestiet út 'e Steatssenaat en it Steatshûs fan Delegearren. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt West-Firginia, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat West-Firginia 3 sitten.

It politike lânskip fan West-Firginia wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marginale rol. Fan 'e Grutte Depresje oant likernôch 2000 waard de steat dominearre troch de Demokraten, mar sûnt slane de Republikeinen der oer it algemien foar master op. West-Firginia is ien fan 'e konservatyfste steaten fan 'e Feriene Steaten. Ut in opinypeiling út 2005 die bliken dat 53% fan 'e ynwenners tsjin it rjocht op abortus wie, wylst út in opinypeiling út 2006 bliek dat mar 16% fan 'e befolking foar de ynfiering fan it homohoulik wie.

Thumb
Stienkoal oan it rotsoerflak yn súdwestlik West-Firginia.

Ekonomy

West-Firginia hie yn 2010 in bruto steatsprodukt fan rom $55 miljard, wêrmei't it, as it in ûnôfhinklik lân west hie, yn 2009 efter Irak en foàr Kroaasje kommen wêze soe. Ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e ekonomy fan West-Firginia is stienkoal. Mei tsientallen koaleminen is de steat de op ien nei grutste stienkoalprodusint fan 'e Feriene Steaten, nei Wyoming. West-Firginia produsearret ek grutte hoemannichten ierdgas en in beskate mjitte oan ierdoalje. Frijwol alle elektrisiteit yn 'e steat wurd opwekke yn stienkoalsintrales, en dêrmei wurdt net inkeld West-Firginia sels, mar ek in diel fan 'e oanswettende steaten betsjinne.

Lânbou wurdt troch de hiele steat hinne bedreaun, mar op in beheinde basis, mei't it bercheftige terrein it op in protte plakken dreech makket. Nei de mynbou is sadwaande de boskbou de wichtichste ekonomyske sektor foar West-Firginia. De steat eksportearret elts jier grutte hoemannichten oan ike-, kerse-, popel-, eskdoarn- en dinnehout. As men oan West-Firginia tinkt, is toerisme net it earste dat jin te binnen sjit, mar dat besiket it steatsregear te feroarjen. Njonken de rûnombywêzige natoerskientme wurdt dêrby ynset op 'e oanwêzichheid fan plakken fan histoarysk belang, lykas it Nasjonaalhistoarysk Park Harpers Ferry en ferskate slachfjilden út 'e Amerikaanske Boargeroarloch.

Thumb
Befolkingstichtens yn West-Firginia.

Demografy

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie West-Firginia yn 2014 1.850.326 ynwenners, wat in ôfname fan 0,14% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 29,8 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Charleston, mei 51.000 ynwenners yn 2012. Oare gruttere stêden binne: Huntington (49.000), Parkersburg (31.000), Morgantown (30.000) en Wheeling (28.000). Fan 'e befolking fan West-Firginia wie yn 2010 1,1% bûten de Feriene Steaten berne.

Etnisiteit

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e West-Firginia befolking doe sa: 93,2% blanken; 3,4% swarten; 1,2% Latino's; 0,7% Aziaten; 0,2% Yndianen; 1,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Thumb
Charleston, de haadstêd fan West-Firginia.

Blanke Westfirginianen binne fierhinne fan Midden- en Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Dútsers (18,9% fan 'e totale steatsbefolking), Ieren (15,1%), Angelsaksyske Amerikanen (12,9%), Ingelsen (11,8%) en Italjanen (4,7%). De mearderheid fan 'e lju dy't harsels identifisearje as 'Angelsaksyske Amerikanen' is fan Ulstersk (d.w.s. Noardiersk protestantsk) komôf. Datselde jildt trouwens foar in diel fan 'e 'Ieren'.

Hoewol't West-Firginia oarspronklik in bolwurk fan 'e Sjeroky en oare Irokeeske stammen wie, is it oandiel fan 'e Yndianen yn 'e steatsbefolking tsjintwurdich tige lyts. West-Firginia hat gjin federaal erkende Yndianestammen, en likemin stammen dy't erkenning fan de steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe.

Thumb
De top fan Spruce Knob, it heechste punt fan West-Firginia.

West-Firginia leit op 'e grins fan in stikmannich regio's en hat gjin wiere steatsidentiteit. Lju út 'e súdlike parten fan 'e steat beskôgje harsels oer it algemien as Súdliken, wylst lju út it noarden en noardwesten fan West-Firginia harsels mear as Midwesterlingen beskôgje. Bewenners fan 'e Eastlike Panhandle fan West-Firginia hawwe mear op mei de federale haadstêd Washington, D.C., mei't se dêr fuortby wenje, en krektsa fiele bewenners fan 'e Noardlike Panhandle fan West-Firginia in beskate affiniteit mei Pittsburgh.

Taal

West-Firginia hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein is, mar yn 'e praktyk ferfollet it Ingelsk dy funksje. Fan 'e steatsbefolking hie neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 mar 2,7% in oare taal as memmetaal as it Ingelsk, wat op dat mêd it leechste persintaazje is fan alle Amerikaanske steaten.

Thumb
It resultaat fan in sniestoarm yn West-Firginia op 18 en 19 desimber 2003.

Godstsjinst

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 77% fan 'e befolking fan West-Firginia út kristenen, wêrûnder 70% protestanten en 7% roomsen. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 136.000 leden, de Amerikaanske Baptistetsjerken yn de Feriene Steaten fan Amearika mei 88.000 leden, de Súdlike Baptistekonvinsje mei 44.000 leden en de Tsjerken yn Kristus mei 22.000 leden. In skaaimerk fan 'e godstsjinstbelibbing yn 'e ôfhandige kriten fan 'e Appalachen is it bestean fan in grut tal ûnôfhinklike pleatslike tsjerkegemeenten dy't net by in grutter ferbân oansletten binne. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2014 18% fan 'e befolking fan West-Firginia. Oare godstsjinsten wiene it joadendom en de islaam, beide mei 1% fan 'e steatsbefolking.

Klimaat

West-Firginia hat oer it algemien in fochtich lânklimaat, mei waarme oant hjitte, wiete simmers en koele oant kâlde winters. In diel fan it suden hat in seeklimaat, mei evenrediger wintertemperatueren en simmers dy't wat koeler binne. Simmerdeis binne temperatueren oerdeis fan 28 °C net útsûnderlik, wylst it kwik by 't winter maklik sakje kin oant –6 °C nachts. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C, op 10 july 1936 yn Martinsburg, en –38 °C op 30 desimber 1917 te Lewisburg. Delslachhoemannichten rinne útinoar fan minder as 810 mm yn it easten fan 'e steat, oant mear as 1.400 mm yn 'e hegere parten fan it westen. Dêre falt jiers trochinoar ek 4,6 m snie. West-Firginia is ien fan 'e Amerikaanske steaten beëasten de Rocky Mountains dy't it minst lêst fan tornado's hawwe.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.