From Wikipedia, the free encyclopedia
Wageningen University & Research (WUR) is in fierhinne Ingelsktalige Nederlânske universiteit yn 'e Gelderske stêd Wageningen. De offisjele namme is Ingelsktalich, mar yn it algemien spraakgebrûk wurdt dizze ûnderwiisynstelling ornaris oantsjut as de Universiteit fan Wageningen. Behalven út 'e eigentlike universiteit bestiet WUR ek út in tal ferselsstannige ûndersyksynstituten fan 'e eardere Tsjinst Lânboukundich Undersyk (DLO) fan it Ministearje fan Lânbou. Dy ûndersyksynstituten dogge tapassingsrjochte ûndersyk en praktykûndersyk sûnder winsteachmerk en wurkje yn opdracht fan 'e oerheid, it bedriuwslibben en non-profitorganisaasjes. De universiteit waard yn 1918 oprjochte út in eardere rykslânbouskoalle. Yn 2018 hie WUR 12.000 studinten, dy't ôfkomstich wiene út mear as 100 ferskillende lannen. Op it mêd fan 'e biologyske wittenskippen, lânboukunde en miljeuwittenskippen heart WUR ta de bêste universiteiten fan 'e wrâld. Neffens de Times Higher Education World University Rankings is it de bêste universiteit fan Nederlân en de bêste yn 'e wrâld wat lânbou en boskbou oangiet.
Wageningen University & Research | ||
Namme | ||
Ofkoarting | WUR | |
Biedwurd | "To explore the potential of nature to improve the quality of life" | |
Lokaasje | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Wageningen | |
Plak | Wageningen | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | lânbou-universiteit | |
Oprjochting | 1918 (mar sjoch tekst) | |
Tal studinten | 12.001 (2018) | |
Tal meiwurkers | 4.840 FTE (2016) | |
Kleuren | blau, grien, sângiel | |
Netwurken | EUA, ELS, 4TU | |
Offisjele webside | ||
www.wur.nl | ||
Kaart | ||
Lokaasje yn Gelderlân.
|
De skiednis fan Wageningen University & Research begûn yn 1876, doe't de Nederlânske oerheid de gemeentlike lânbouskoalle yn Wageningen oernaam en der in rykslânbouskoalle fan makke, dêr't neitiid learkrêften oplaat waarden foar de lânbou- en túnbouwinterskoallen. Yn 1896 krige it ynstitút de namme fan Hoogere Land- en Boschbouwschool, en yn 1904 kaam it Rijks Hoogere Land-, Tuin- en Boschbouwschool te hjitten. Yn 1918 waard de fierdere ûntwikkeling ta akademyske ynstelling by wet bekrêftige en ûntstie de Rijks Landbouw Hoogeschool. De offisjele diës natalis (dei fan oprjochting) fan WUR is dêrom 9 maart 1918.
Under de Twadde Wrâldoarloch rûn de Rykslânbouhegeskoalle troch de gefjochten yn it ramt fan Operaasje Market Garden en de Slach om Arnhim safolle skea op dat der yn 'e gebouwen gjin les mear jûn wurde koe. De laboratoaria en de aula, dy't ek de bibleteek omfette, wiene folslein ferwuostge, wylst it arboretum troch granaatfjoer skansearre rekke wie, mei as gefolch dat de planten yn 'e tropyske kassen de lêste oarlochswinter net oerlibben.
Yn 1980 ûntstie der op 'e lânbouhegeskoalle in grutte rebûlje ûnder de studinten, wêrby't dyselden, ûnder lieding fan 'e Wageningske Studinte Organisaasje (WSO) in moanne lang it bestjoersgebou oan it Salverdaplein beset holden yn harren striid foar demokratisearring fan 'e hegeskoalle. Dat barren kaam bekend te stean as de Wageningske Maityd. Troch it op 'e nij besjen fan 'e Wet op it Wittenskiplik Underwiis krigen fjouwer Nederlânske hegeskoallen (trije technyske hegeskoallen en de lânbouhegeskoalle) yn 1986 de status fan folweardige universiteit. Neitiid gie de WUR sadwaande troch it libben as de Landbouwuniversiteit Wageningen (LUW). (Yn tsjinstelling ta de hjoeddeistige hegeskoallen, dy't foar 1986 'hegere skoallen' hieten, wiene hegeskoallen doedestiden universiteiten mei mar ien stúdzjerjochting.)
Mids jierren '90 befelle de kommisje-Peper ûnder lieding fan Bram Peper oan om 'e Tsjinst Lânboukundich Undersyk (DLO) fan it Ministearje fan Lânbou opgean te litten yn 'e Lânbou-universiteit. Nei't de Twadde Keamer dêrmei ynstimd hie, joech de ferantwurdlik minister, Jozias van Aartsen, op 1 septimber 1997 opdracht foar de fúzje troch de beneaming fan ien ried fan bestjoer foar beide organisaasjes. Yn 2000 waard de namme Landbouwuniversiteit Wageningen feroare yn Wageningen Universiteit (WU). Wageningen Universiteit wie yn 2002 ien fan 'e earste Nederlânske universiteiten dy't it bachelor-mastersysteem ynfierde.
Yn 2006 gie Hegeskoalle Van Hall Larenstein, yn Ljouwert, yn 'e WU op. De bedoeling wie om nauwere gearwurking te skeppen tusken it praktykûnderwiis fan Van Hall Larenstein en it wittenskiplik ûndersyk yn Wageningen. Dat soe learlingen fan 'e hegeskoalle ek oanfiterje om nei it ôfrûnjen fan harren oplieding yn Ljouwert troch te learen yn Wageningen. Fanwegen ferskillen yn organisaasjekultuer en it net byinoar passen fan 'e metoaden fan twa hiel ferskillende foarmen fan heger ûnderwiis, kaam de sochte gearwurking lykwols nea echt fan 'e grûn. Yn 2012 waard besletten om der in punt efter te setten, en sadwaande waard Van Hall Larenstein yn novimber fan dat jier wer in folslein selsstannige ûnderwiisynstelling. Yn 'e maityd fan 2015 waard de skieding fan 'e beide ynstellings definityf troch de oerpleatsing fan 'e lêste opliedings fan Van Hall Larenstein út Wageningen wei.
Underwilens hie de ried fan bestjoer fan Wageningen Universiteit yn 'e simmer fan 2009 besletten om fan septimber fan dat jier ôf njonken de Nederlânske namme ek de Ingelsktalige namme Wageningen University te brûken. Om't de universiteit en de dêroan ferbûne ûndersyksynstituten besleaten om tenei noch mar ien merknamme te brûken, waard fan 6 septimber 2016 ôf allinnich noch de Ingelsktalige namme Wageningen University and Research brûkt. Dy namme waard tenei ôfkoarte as WUR, en net mear as Wageningen UR, wat foartiid gebrûklik wie. Op 9 maart 2018 fierde WUR syn hûndertjierrich bestean.
Wageningen University & Research hie yn it stúdzjejier 2017-2018 yn totaal 12.439 studinten út mear as 100 lannen, wêrûnder 5.659 dy't in bacheloroplieding folgen, 5.821 dy't in masteroplieding folgen, en 521 studinten dy't foar harren doktoraat learden. Yn it stúdzjejier 2016-2017 wiene der 297 promoasjes en studearren der 1.851 masterstudinten en 1.095 bachelorstudinten ôf. De studinten binne organisearre yn in stikmannich studinteferienings, wêrûnder W.S.V. Ceres, it Brabânsk Studinte Gilde (BSG) en it Wageningsk Studinte Selskip foar Fryske Stúdzje (WSSFS), dat lid is fan 'e Federaasje fan Fryske Studinteferienings (FFS). Wichtige sintra fan aktiviteiten binne de âlde en de nije kampus yn Wageningen, De Dreijen en Wageningen Campus.
It universiteitsdiel fan Wageningen University & Research bestiet út ien fakulteit, dy't ferdield is yn fiif departeminten:
Dizze departeminten hawwe wer harren eigen ûnderdielen; sa falt ûnder Dierwittenskippen bgl. de Dairy Campus yn Ljouwert. Alle fiif departeminten wurkje binnen de kennisienheden fan WUR gear mei de spesjalisearre ûndersyksynstituten fan 'e eardere DLO.
Wageningen University & Research omfiemet njoggen spesjalisearre ûndersyksynstituten, dy't oant 1997 de Tsjinst Lânboukundich Undersyk (DLO) fan it Ministearje fan Lânbou foarmen:
Wageningen University & Research biedt opliedings oan op it mêd fan fieding en miljeu. De universiteit rjochtet him dêrby op trije kearntema's: Health, Lifestyle & Livelihood ("sûnens, libbenswize en breawinning"), Food & Food Production ("iten en itensproduksje") en Living Environment ("leefmiljeu"). It wittenskiplik ûnderwiisprogramma fan WUR omfette yn 2017 19 bacherloropliedings en 37 masteropliedings.
Alle masteropliedings duorje twa jier en binnen folslein Ingelsktalich.
Guon bekende persoanen dy't oan Wageningen University & Research studearre hawwe, binne presintator Jan Just Bos, politisy Gerrit Braks, Jeroen Dijsselbloem, Cees Veerman, Anne Vondeling, Joris Voorhoeve en Henk Vredeling, feroardiele moardner Volkert van der Graaf, waarlju Gerrit Hiemstra en Helga van Leur, yngenieur Sikke Smeding, kabaretier en komyk Rob Urgert, sjoernalist Frank Westerman en de eardere presidint fan Suriname Ramsewak Shankar.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.