From Wikipedia, the free encyclopedia
Klaas Hendrikse (Groot-Ammers, 1 jannewaris 1947- Middelburch, 26 juny 2018) wie in Nederlânske frijsinnige predikant yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) yn Middelburch en Zierikzee. Hy is bekend wurden as 'de ateïstyske dûmny'.
Hendrikse waard grutbrocht yn in húshâlding dêr't net leaud waard, yn de Alblasserwaard. Syn heit wie bistedokter. Hendrikse gie fan 1961 oant 1966 nei de hbs yn Gorinchem. Dêrnei studearre er oan Nijenrode (1968-1970) en oan de Michigan State University (1971-1972).
Fan 1972 oant 1983 wie er oan 't wurk by kopieermasinefabrikant Xerox. Hy krige niget oan religy, dat fan 1977 oant 1983 studearre er teology oan de Ryksuniversiteit Utert en waard dêrnei predikant.
Yn 2006 ûntfâlde er yn ferskate media, ûnder oaren yn it Algemien Deiblêd, Trouw en de Folkskrante, dat er net yn it bestean fan in persoanlike God leaude.[1] Yn de PKN en oare tsjerken joech dat in soad opskuor.[2] [3] [4]. Yn 2007 ferskynde Geloven in een God die niet bestaat. It boek helle mear as fjirtjin werprintingen en waard ek oerset yn it Dútsk en Frânsk.
Op 24 juny 2009 stie yn it "Nederlands Dagblad" dat de tsjerkeried fan Zierikzee fan betinken wie dat Hendrikse de fûneminten fan de tsjerke net oantaaste.[5]. It kaam net ta in tuchtsaak meidat de PKN fan betinken wie dat er romte foar Hendriks opfettingen wêze moatte koe. Hendrikse wie as predikant 28 jier ferbûn oan de Koorkerkgemeente yn Middelburch, in gemeente fan fijsinnige sinjatuer. In augustus 2012 gie er mei pinsjoen, mar preke dêrnei noch wol geregeldwei.
Hy wie troud mei predikante Dea Spierings. Sy krigen twa bern. Hendrikse stoar oan de gefolgen fan termkanker yn de âldens fan 70 jier.[6]
“ | God is foar my net in wêzen, mar in wurd foar wat der tusken minsken barre kin." | ” |
Hendrikse wurdt opfierd yn de roman Artuş və Zaur ('Artush en Zaur'), fan de Azerbeidzjaanske skriuwer Ali Akbar, dêr't er in houliksseremoanje yn útfierd foar de homoseksuele haadpersoanen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.