Wikimedia-list From Wikipedia, the free encyclopedia
Fan de âlve stêden en tritich gritenijen fan it Fryslân fan alear binne nei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 noch 18 Fryske gemeenten oer:
As it grûngebiet fan in ophefte gemeente oer meardere gemeente ferdield is, is it grutste part by de earstneamde ûntfangende gemeente set. Grinskorreksjes tusken bestean bleaune gemeenten binne net yn de list opnommen, likemin as gemeenten dy't harren namme offisjeel ferfryske of op in oar slach wizige hawwe.
*) nije gemeente
De skiednis fan de Fryske gemeenten giet tebek oant yn de midsiuwen. Yn 'e snuorje fan de Sân Seelannen bestiene de Fryske gebieten út goaen. Guon fan dy goaen waarden ferparte yn distrikten en dy op harren bar wer yn "dielen". Dy dielen wiene gritenijen dêr't oan it haad in grytman stie. Grytmannen kamen almeast fan aadlike en haadlingefamyljes . Plakken dy't stedsrjochten krigen, koene harren fan de gritenijen ôfspjalte. De taken fan de gritenijen feroaren mei de rin fan tiid. Hiene se ynearsten rjochterlike macht, letter waarden se ek ferantwurdlik foar bygelyks dykûnderhâld. Yn 'e Saksetiid en letter yn 'e snuorje fan de Republyk hie Fryslân 11 stêden en 30 gritenijen.
Letter waarden de 30 gritenijen yn trije kertieren fertsjintwurdige yn de Steaten fan Fryslân: Westergoa, Eastergoa en de Sânwâlden. De alve stêden waarden fertsjintwurdige yn in fjirde kertier.
Dy sitewaasje bleau sa oant de Frânske tiid, doe't it ferskil tusken stêden en gritenijen ferdwûn. Dy waarden ferfongen troch gemeenten mei boargemasters. Yn it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen (1815-1830) waard it ûnderskied tusken selsstannige stêden mei eigen bestjoerlike rjochten, plattelânsgemeenten dêr't it bestjoer fan hegerop yn beneamd waard en gemeenten dy't part fan in hearlikheid wiene, werombrocht. Yn it lêste gefal beneamde de hear in part fan de gemeenterie en koe op dy manier ek de kar fan de wethâlders beynfloedzje. De Gemeentewet fan 6 maart 1818 hjitte dat alle besluten fan stêden en gemeenten troch de oerheid goedkard wurde moatten.
By de gemeentewet fan 1851 wie it foargoed dien mei it ferskil tusken stêden en plattelânsgemeenten en waarden lykskeakele. De stêden ferlearen harren privileezjes dy't út de midsiuwen wei stamje, lykas it heffen fan poartejild. De gritenijen en stêden hieten tenei gemeenten en oan it haad stie in boargemaster dy't troch de Kroan oansteld waard. It kolleezje fan boargemasters en wethâlders foarmje it deistich bestjoer dy't troch de gemeenterie kontrolearre wurdt. De gemeenterie binne folksfertsjintwurdigers en wurdt troch it folk keazen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.