From Wikipedia, the free encyclopedia
Easterwâlde is sûnt 1886 it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf yn 'e provinsje Fryslân. It doarp leit op fiif kilometer fan Appelskea oan de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn it noarden fan de gemeente. De Opsterlânske Kompanjonsfeart, dy't ûnderdiel is fan De Turfrûte, trochsnijt it doarp. Njonken Easterwâlde sels hearre ta himrik ek in grut tal buorskippen.
Easterwâlde | ||
Haadbrêge Easterwâlde | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 9.825 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 31,07 km², wêrfan: - lân: 30,70 km² - wetter: 0,36 km² | |
Befolkingsticht. | 315 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 59' N 6° 17' E | |
Lokaasje Easterwâlde (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf | ||
Kaart | ||
Easterwâlde is it grutste doarp fan de gemeente mei 9.825 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Easterwâlde waard hiel miskien al yn 1207 neamd, doe't it kapittel fan Sint-Marie yn Utert oan in sekere Sibodo en Dodo in pleats yn 'Alferhove' ferkocht, dy't harren heit Wibrandus Tizelinga yn pacht hân hie. Yn in fuotnoat fan it dokumint waard skreaun dat Altferhove ûnbekend is, mar blykber wol yn Fryslân en by Easterwâlde yn Stellingwerf.[3] Yn 1228 waard Easterwâlde dúdliker neamd as in 'Goswinus út Easterwâlde' stjert by in slach tusken Friezen en Drinten. De biskop fan Utert hie de Friezen oproppen om in ein te meitsjen oan in skeel mei de fâd fan Koevorden, dy't troch de Drinten stipe waard. De manlju út Fryslân kamen by Aldeberkeap by inoar om dêrwei Drinte yn te lûken, mar waarden troch de Drinten en Stellingwervers op de heide yn Bakkefean ferslein. Ek waard de namme fan it plak dúdlik neamd yn 'e registers fan it bisdom Utert fan de jierren 1325-1326: Item Gert Guedinck een tiende tot Oesterwolde ghelegen to Stellincwarf.
Fan oarsprong is Easterwâlde in Drintsk doarp en it is ien fan de tolve doarpen dy't harren yn 1328 ôfskieden fan Drinte en foegen by de Friezen fan Stellingwerf. It doarp Easterwâlde ûntstie út in grut tal lytse boeremienskippen mei mienskiplike brinken, wêrfan It Oast de kearn foarme.[4]
De âlde tsjerke fan Easterwâlde wie foar de reformaasje oan Sint-Ursula wijd, [5] alhoewol't der ek boarnen binne dy't Bonifatius as patroanhillige neame.[6] Mooglik stie de earste tsjerke fan Easterwâlde op in ierkristlik tsjerkhôf by de brêge fan it Jardingapaad oer it Grutdjip. De grutte klok fan de klokkestoel datearret fan 1492. In lytsere klok út 1728 is yn 'e Twadde Wrâldkriich ferdwûn, mar nei de oarloch ferfongen. It sânstiennen doopfont is noch âlder dan de grutte klok en stamt út de 14e iuw. De tsjerke op it hjoeddeiske plak waard yn 1735 boud. Yn 1929 krige Easterwâlde ek in grifformearde tsjerke.[7]
Sûnt it begjin fan it graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart waard de feart jimmeroan langer makke oant ek Easterwâlde oan dy feart kaam te lizzen. Oan it begjin fan de 19e iuw waard súd fan it doarp it kanaal groeven, de slûs by Nanninga Fallaat (slûs nû. 5) waard yn 1816 foltôge. Easterwâlde ûntwikkele him sûnt mear nei dy feart ta en op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas fan 1849 is by de Easterwâldster brêge oan wjerskanten fan de feart al in buertsje ûntstien fan goed tsien huzen mei fierder nei it easten ta oan de noardlike wâl ek fersprate bebouwing.[8]
Easterwâlde hat net altiten it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf west, alhoewol't guon grytmannen yn Easterwâlde wol harren domisylje hiene. Tagelyk mei de mairie Aldeberkeap ûntstie yn de Frânske tiid ek in mairie Easterwâlde. Dy gemeente bestie oant 1816, it jier doe't yn Fryslân wer de âlde gritenijen ynfierd waarden en Aldeberkeap it haadplak waard fan de gritenij Eaststellingwerf. Yn 1856 waard Makkingea it haadplak fan Eaststellingwerf en pas yn 1885 waard it beslút nommen om it gemeentehûs te ferhûzjen nei Easterwâlde.[9]
Mei de iepening fan de tramline De Gordyk-Easterwâlde op 21 oktober 1911 kaam in ein oan it isolemint fan Easterwâlde. In pear jier letter folge ek in ferbining mei Stienwyk (1914) en Assen (1915). In heale iuw letter waard troch de konkurrinsje fan oare soarten ferfier it spoar wer opbrutsen, mar it trasee rjochting Makkingea is noch foar in part werom te finen. De strjitnamme Trambaan ferwiist nei de tramferbining.[10]
Oant healwei de 20e iuw waard njonken Hollânsk yn Easterwâlde Frysk mar fral Stellingwerfsk praat. Alhoewol't der gjin sifers binne oer it hjoeddeiske taalgebrûk yn Easterwâlde, is it wol dúdlik út de sifers fan 2015 foar de gemeente Eaststellingwerf dat it Stellingwerfsk in soad terrein ferlern hat en noch mar in lytse minderheid Stellingwerfsk brûkt. It Frysk dêrfoaroer hat better stân holden.[11]
Easterwâlde hat sûnt de turfgraverij yn de 19e iuw in sintrumfunksje foar de regio en hat dêrtroch in soad foarsjennings, lykas in skoallemiensskip, fersoargingshûzen en oare sosjale foarsjennings. Oan de Snellingerdyk stiet it kultureel aktiviteitesintrum De Miente. Op tongersdei is der altyd wykmerk.
It doarp is fjouwertalich: der wurdt neist Nederlânsk (66,1% fan de ynwenners), Frysk (23,7%), Stellingwerfsk (8,7%) troch Nederlânsk-Molukse ynwenners noch Maleis (1,5%) praat.
Basisskoallen:
Tariedend middelber beropsûnderwiis (VMBO) - Tariedend wittenskiplik ûnderwiis (VWO):
Foar de alderlytsten is der it pjutteboartersplak Nijntje.
DIO is in omnyferiening foar ferskillende soarten sport.
Jier | 1814 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2009* |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 548 | 3.634 | 4.276 | 4.936 | 6.338 | 8.033 | 9.836 | 9.927[12] |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 9.903 | 9.600 |
|
|
Der is in saneamd kuierbosk by fersoargingshûs Rikkingahof. Wa't it paad folget nei it streamdal fan it Grutdjip, komt yn in prachtich bosk by de Bentemaoden.
Om Easterwâlde hinne leit in soad natoer.
De Kúnder of de Tsjonger ûntspringt krekt foarby De Weper. It Grut Djip is yn in noardlike bôge om Easterwâlde hinne ek noch goed yn it lânskip te werkennen, mar fan it Lyts Djip is amper mear wat te sjen.
|
|
|
|
Alle strjitten yn Easterwâlde.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.