From Wikipedia, the free encyclopedia
De Weper is in buorskip yn de gemeente Eaststellingwerf. De Weper leit benoarden Easterwâlde, noardlik fan de N919 nei Feanhuzen. De Weper is benammen bekend wurden troch de Weperbult, in earder jiskelân dat net mear brûkt wurdt.
De namme komt ek foar as Weper, Weperpoolder en Weperen. De Weper lei eartiids nochal isolearre tusken it Grut Djip en de bopperin fan de Tsjonger op in skiereilân fan sân. De kearn-ies bestie om 1830 hinne út in stik of 7 pleatsen dy't om de Mandebrink hinne stienen. In eintsje bûten dy ies wie noch in algemiene ies. Fjildnammen út de omkriten binne Maadbrink, de Brinkstukken en Karsbrinken.
De trije buorskippen Schrappinge, Jardinga en Lohuis binne grif fan Weper út ûntstien.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.