kleur From Wikipedia, the free encyclopedia
fiolet, ek felet, feletten of felettich,[1] is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht befynt tusken blau en it (foar minsken) ûnsichtbere ultrafiolet. Yn 'e kleuresirkel sit fiolet tusken blau en read yn. It is de komplemintêre kleur fan griengiel. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 380-450 nm en in frekwinsje fan rûchwei 790-670 THz. Ljocht mei in koartere weachlingte as fiolet mar mei in langere weachlingte as röntgenstrielen of gammastrielen hjit ultrafiolet. Kwa tinten rint fiolet útinoar fan dûnkerpears oant bleekpears. Fiolet is min ofte mear synonym mei pears, yn 'e sin dat ek dat in kleur is dy't tusken blau en read yn sit. It ferskil is lykwols dat fiolet in spektrale kleur is mei in eigen weachlingte en frekwinsje en in plak oan 'e râne fan 'e reinbôge, wylst pears in ekstraspektrale kleur is dy't it resultaat is fan 'e minging fan blau en read. De fioleteftige kleur dy't brûkt wurdt by prosessen fan additive kleurminging en subtraktive kleurminging ûntstiet troch it fermingen fan read en blau, resp. syaan en maginta, en is dus eins pears en net echt fiolet.
fiolet | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | 380-450 nm | |
frekwinsje | ~790-670 THz | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #7F00FF | |
RGBª (r, g, b) | (127, 0, 255) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (50, 100, 0, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
It wurd 'fiolet' komt fan it Aldfrânske violette, de Frânske oantsjutting foar it fioeltsje, in fioletkleurige blom. Yn 'e fjirtjinde iuw fersprate dy oantsjutting foar in pearsblauwe kleur him út it Frânsk nei oare Westjeropeeske talen; it ierste foarkommen fan it wurd violet yn it Ingelsk datearret bgl. út 1370.
Yn Jeropa en Noard-Amearika is fiolet net in populêre kleur. Yn in opinypeiling dy't holden waard yn ferskate Jeropeeske lannen joech mar 3% fan 'e respondinten oan dat it harren leaflingskleur wie. Dêrmei komt fiolet op in dield sechde plak (mei oranje), efter blau, grien, read, swart en giel (yn dy folchoarder). Yn deselde opinypeiling joech 10% fan 'e respondinten oan dat fiolet harren minst favorite kleur wie. Inkeld brún, rôze en griis wiene noch ympopulêrder.
Fiolet wurdt, krekt as pears, assosjearre mei monargen om't de keizers fan it Romeinske Ryk en it Byzantynske Ryk poarperne toga's droegen. Dêrtroch wurdt fiolet tsjintwurdich ek wol assosjearre mei lúkse. Beskaat lúkseguod, lykas djoere horloazjes en sieraden, wurdt gauris ferkocht yn doaskes mei in fuorring fan fiolet ferwiel. Dat hat der ek mei te krijen dat fiolet de komplemintêre kleur is fan griengiel, wat betsjut dat foarwerpen mei in gouden kleur der goed yn útkomme (hoewol't dat noch better it gefal wêze soe mei in ljochtblauwe kleur, dat de komplimintêre kleur is fan goud).
Hoewol't fiolet yn 'e lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de kleur fan nederichheid is, stiet it dêrbûten symboal foar persiis it tsjinstelde. Neffens in opinypeiling dy't yn 2000 yn Jeropa holden waard, wie fiolet de kleur dy't it meast mei idelheid assosjearre waard. As in kleur dy't yn 'e natoer net in protte foarkomt en dy't troch syn djippe rike tint oandacht lûkt, wurdt fiolet ek faak ferbûn mei yndividualisme en dekadinsje. Dêrnjonken wurde fiolet en pears yn it Westen ek in soad assosjearre mei tsjinstridichheid en dûbelsinnichheid.
Yn Japan wie fiolet yn it ferline in populêre kleur, dy't ûnder it Heian-tiidrek (794-1185) yn 'e moade en de skilderkeunst yntrodusearre waard. Yn 'e Sineeske skilderkeunst symbolisearret fiolet de ienheid dy't de dualiteit fan it yin en yang te boppe giet, en fertsjintwurdiget it dêrmei ek de ultime harmony fan it hielal.
Fiolet (Ingelsk en Frânsk: violet) en fiolette blommen lykas fioeltsjes (Ingelsk: violets; Frânsk violettes), binne symboalen wurden foar lesbiënnes. Dat komt fan 'e Aldgrykske dichteresse Sapfo, dy't sels ek mei lesbyske leafde assosjearre wurdt. Yn ien fan har gedichten beskreau hja in ferlerne leafde dy't in blommekrâns fan "tiara's fan fioeltsjes, ferfrissele roazeknoppen, rûnbûgde dille en krookje" om har hals droech. Yn in oar fragmint ferhelle se hoe't har minneresse krânsen fan fioeltsjes en roazen om har hinne die. It dragen fan in fiolet blomke wurdt sadwaande no sjoen as in manear foar lesbiënnes en biseksuële froulju om op net-ynkringende wize utering te jaan oan harren selsidentifikaasje, en ek om yn beskate fermiddens (lykas nachtklubs en oare útgeansgelegenheden) harren seksuële foarkar dúdlik te meitsjen oan oare froulju mei deselde foarkar.
Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt fiolet (of pears, ôfhinklik fan hoe't men it omskriuwe wol) droegen troch biskoppen en aartsbiskoppen, skarlekken (read) troch kardinalen en wyt troch de paus. Sljochtwei preesters en pastoars drage swarte kladen. Yn 'e roomske lear is fiolet de liturgyske kleur fan 'e Advint (de oanrin ta de Kryst) en de Fêsteltiid (de oanrin ta Peaske). Sûnt it Twadde Fatikaansk Konsylje, wêrby't de iuwenâlde regels fan 'e Roomske Tsjerke oanpast waarden, meie preesters fiolette (of pearze) kladen drage by routsjinsten. Earder moasten se by sokke missen swarte kladen drage, mar om't swart yn 'e Westerske wrâld de roukleur bûten de tsjerke wie, fûn men it langer net mear foechsum om dy kleur ek yn 'e tsjerke te dragen.
Yn it hindoeïsme en boedisme wurdt fiolet assosjearre mei de sânde chakra of kroan-chakra.
Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw wiene fiolet, grien en wyt de kleuren fan 'e suffrazjettesbeweging yn 'e Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk, dy't stried foar frouljusstimrjocht. De trije kleuren soene foar frijheid en weardichheid stien hawwe.
Fiolet wurdt ek assosjearre mei New Age-praktiken, en dêrom bestiet der yn Dútslân in lytse politike partij op New Age-grûnslach dy't de Violette Partei hjit. Dy organisaasje is yn 2001 yn Dortmund oprjochte en hat krapoan 1.200 leden. De partij, dy't foar direkte demokrasy en de ynfiering fan in basisynkommen is, fynt dat polityk basearre wêze moat op spirituële wearden.
De wichtichste tinten fiolet binne: aalskrúk (periwinkle), Afrikaansk fiolet, ametist, blaufiolet, blauwerein, bleekpears, byzantium, drúf, dûnkerfiolet, dûnkerpears, elektrysk fiolet, elektrysk indigo, elektrysk pears, emininsje, fandango, feronika, Frânsk fiolet, Frânsk mauve, heliotroop, hjerstsering, indigo, indigoferve, Ingelsk fiolet, ynternetlavindel (of weblavindel), Japansk fiolet, keninklik poarper, laaiblau, lavindel, lavindelkaam, lila, mardi gras, mauve, mearke, moerbei, Mountbattenrôze, NWU-pears, orgidee, paladynpears, pears, poarpureus, prom, pronk-en-preal, readfiolet, rôzelavindel, Russysk fiolet, Sineesk fiolet, stielrôze, stikel, Tyrysk pears (of Tyrysk poarper), tropysk indigo, tuskenbeiden laaiblau en ultrafiolet (kleur).
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.