De einfûgels (Anatidae) binne in famylje yn it skift fan de goeseftigen (Anseriformes), mei dêryn de einen, guozzen, swannen en hast alle wetterfûgels dy't dêr op lykje.
Einfûgels hawwe allegear in wat plotsich lichem en koarte poaten. De fûgels binne oanpast oan it swimmen, it driuwen op it wetter, en foar guon soarten ek oan it dûken yn ûndjip wetter. Einfûgels hawwe swimfluezen oan harren poaten, en hawwe platte snaffels. Se bringe in waakseftige stof oan op harren fearren, sa't wetter dêr net troch kringe kin.
Utsein op Antarktika komme einfûgels oeral op 'e wrâld foar. Ferskate einfûgels binne holden as sierfûgels, foar de aaien of it fleis, mar fral ek foar de fearren. Dêrtroch binne by guon soarten njonken in wylde ûndersoart ek ien as mear nuete ûndersoarten ûntstien.
Ut DNA-ûndersyk docht bliken dat einfûgels net fier ôf stean fan 'e Neornithes, de mienskiplike âldfaar fan alle fûgels.
Wylst der gjin diskusje is oer hokfoar fûgels krekt ta de einfûgels rekkene wurde moatte, is der al in soad te dwaan oer hokfoar soarten krekt ta hokfoar skaaien hearre. Ek yndielings yn ûnderfamyljes kinne grutter ferskillen hawwe. De neikommende list is dêrmei mar ien mooglike yndieling yn skaaien; oare ynsichten kinne ta oare risseltaten liede.
- famylje einfûgels (Anatidae)
- incertae sedis
- skaai dwercheinen (Nettapus) - 3 soarten:
- skaai Kauaïmolguozzen (Talpanas) - 1 soarte, útstoarn:
- Kauaïmolgoes (Talpanas lippa) †
- skaai ringtsjillings (Callonetta) - 1 soarte:
- ûnderfamylje aapgoesfûgels (Stictonettinae)
- skaai aapguozzen (Stictonetta) - 1 soarte:
- aapgoes (Stictonetta naevosa)
- ûnderfamylje bercheinfûgels (Tadorninae)
- incertae sedis
- skaai blauwe einen (Hymenolaimus) - 1 soarte:
- skaai blauwjukguozzen (Cyanochen) - 1 soarte:
- blauwjukgoes (Cyanochen cyanoptera)
- skaai boateinen (Tachyeres) - 4 soarten, wêrûnder
- fleanende boatein (Tachyeres patachonicus)
- reuzeboatein (Tachyeres pteneres)
- skaai knobbeleinen (Sarkidiornis) - 2 soarten:
- Amerikaanske knobbelein (Sarkidiornis sylvicola)
- knobbelein of gewoane knobbelein (Sarkidiornis melanotos)
- skaai leppelbekeinen (Malacorhynchus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn:
- leppelbekein (Malacorhynchus membranaceus)
- scarlettein of Scarletts ein (Malacorhynchus scarletti) †
- skaai Madagaskarbercheinen (Centrornis) - 1 soarte, útstoarn:
- Madagaskarberchein (Centrornis majori) †
- skaai salvadori-einen of Salvador's einen (Salvadorina) - 1 soarte:
- salvadori-ein of Salvadori's ein (Salvadorina waigiuensis)
- tûke echte bercheinfûgels (Tadornini)
- skaai bercheinen (Tadorna) - 6 soarten wêrfan 1 mooglik útstoarn:
- skaai Nylguozzen (Alopochen) - 3 soarten wêrfan 2 útstoarn:
- Mauritsiusgoes (Alopochen mauritiana) †
- Nylgoes (Alopochen aegyptiaca)
- Reüniongoes (Alopochen kervazoi) †
- skaai radja-einen (Radjah) - 1 soarte:
- radja-ein (Radjah radjah)
- tûke riviereinfûgels (Merganettini)
- skaai riviereinen (Merganetta) - 1 soarte:
- rivierein (Merganetta armata)
- tûke Súdamerikaanske goesfûgels (Chloephagini)
- skaai Orinokoguozzen (Neochen) - 4 soarten wêrfan 3 útstoarn:
- Orinokogoes (Neochen jubata)
- skaai Súdamerikaanske guozzen (Chloephaga) - 5 soarten:
- Andesgoes (Chloephaga melanoptera)
- griiskopgoes (Chloephaga poliocephala)
- kelpgoes (Chloephaga hybrida)
- Magelhaengoes (Chloephaga picta)
- readkopgoes (Chloephaga rubidiceps)
- ûnderfamylje echte einfûgels (Anatinae)
- incertae sedis
- skaai Andeseinen (Lophonetta) - 1 soarte:
- skaai brûnswjukeinen (Speculanas) - 1 soarte:
- skaai wettereinen of Australazyske muskuseinen (Biziura) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn:
- Australyske wetterein of Australyske muskusein (Biziura lobata)
- Nijseelânske wetterein of Nijseelânske muskusein (Biziura delautouri) †
- tûke echte einen (Anatini)
- skaai Amazônetsjillings (Amazonetta) - 1 soarte:
- skaai boskeinen (Aix) - 2 soarten:
- skaai dûkguozzen (Chendytes) - 1 soarte, útstoarn:
- dûkgoes (Chendytes lawi) †
- skaai einen (Anas) - 35 soarten wêrfan 4 útstoarn, wêrûnder:
- skaai hartlaubeinen of Hartlaubs einen (Pteronetta) - 1 soarte:
- skaai moanneguozzen of moanjesguozzen (Chenonetta) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn:
- Finschein of Nijseelânske moannegoes (Chenonetta finschi) †
- moannegoes of moanjesgoes (Chenonetta jubata)
- skaai muskuseinen (Cairina) - 1 soarte:
- skaai Sibearyske tsjillings (Sibirionetta) - 1 soarte:
- smjunten (Mareca) - 6 soarten, wêrfan 1 útstoarn:
- skaai slobeinen, ek slobben of tsjillings (Spatula) - 10 soarten:
- skaai wytwjukboskeinen (Asarcornis) - 1 soarte:
- tûke moä-nalo's (Thambetochenini) - útstoarn
- skaai skylpodkaakmoä-nalo's of Kauaïguozzen (Chelychelynechen) - 1 soarte, útstoarn:
- skyldpodkaakmoä-nalo of Kauaïgoes (Chelychelynechen quassus) †
- skaai lytssnaffelmoä-nalo's (Ptaiochen) - 1 soarte, útstoarn:
- lytssnaffelmoä-nalo (Ptaiochen pau) †
- skaai grutsnaffelmoä-nalo's (Thambetochen) - 2 soarten, útstoarn:
- Mauimoä-nalo (Thambetochen chauliodous) †
- Oähûmoä-nalo (Thambetochen xanion) †
- tûke seachbekfûgels (Mergini)
- incertae sedis
- ûndertûke echte seachbekfûgels (Mergina)
- skaai rinkeleinen (Bucephala) - 8 soarten wêrfan 5 útstoarn, wêrûnder:
- skaai kapeseachbekken (Lophodytes) - 1 soarte:
- skaai lytse seachbekken (Mergellus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn, wêrûnder:
- skaai seachbekken (Mergus) - 8 soarten wêrfan 3 útstoarn, wêrûnder:
- skaai see-einen (Melanitta) - 6 soarten:
- Amerikaanske see-ein (Melanitta americana)
- brilsee-ein (Melanitta perspicillata)
- grutte see-ein (Melanitta fusca)
- Sibearyske see-ein of Aziatyske grutte see-ein (Melanitta stejnegeri)
- swarte see-ein (Melanitta nigra)
- wytwjuksee-ein of Amerikaanske grutte see-ein (Melanitta deglandi)
- ûndertûke harlekyneinfûgels (Histrionicina)
- skaai harlekyneinen (Histrionicus) - 2 soarten wêrfan 1 útstoarn, wêrûnder:
- harlekynein (Histrionicus histrionicus)
- ûndertûke iiseinfûgels (Clangulina)
- skaai iiseinen (Clangula) - 1 soarte:
- ûndertûke eiderfûgels (Somaterina)
- skaai eiders (Somateria) - 3 soarten:
- skaai Labradoreinen (Camptorhynchus) - 1 soarte, útstoarn:
- skaai stellereiders of Stellers eiders (Polysticta) - 1 soarte:
- stellereider of Stellers eider (Polysticta stelleri)
- tûke stikelsturtfûgels (Oxyurini)
- skaai koekútseinen (Heteronetta) - 1 soarte:
- koekútsein of koekoeksein (Heteronetta atricapilla)
- skaai maskerstikelsturten of maskereinen (Nomonyx) - 1 soarte:
- maskerstikelsturt of maskerein (Nomonyx dominicus)
- skaai stikelsturten (Oxyura) - 8 soarten wêrfan 2 útstoarn, wêrûnder:
- Argentynske stikelsturt (Argentijnse stekelstaart)
- Australyske stikelsturt (Oxyura australis)
- rodzige stikelsturt (Oxyura jamaicensis)
- wytkopein (Oxyura leucocephala)
- ûnderfamylje fluiteinfûgels (Dendrocygninae)
- skaai fluiteinen (Dendrocygna) - 8 soarten, wêrûnder:
- Australyske fluitein (Dendrocygna eytoni)
- swalkjende fluitein (Dendrocygna arcuata)
- swartbealchfluitein (Dendrocygna autumnalis)
- wytwangfluitein (Dendrocygna viduata)
- skaai wytrêcheinen (Thalassornis) - 1 soarte:
- wytrêchein (Thalassornis leuconotus)
- ûnderfamylje jollingfûgels (Aythyinae)
- skaai jollings (Aythya) - 12 soarten, wêrûnder:
- Australyske brune dûkein (Aythya australis)
- brune dûkein (Aythya nyroca)
- grutte karein (Aythya valisineria)
- jolling (Aythya marila)
- karein (Aythya ferina)
- lytse jolling (Aythya affinis)
- Nijseelânske jolling (Aythya novaeseelandiae)
- readkopein (Aythya americana)
- ringsnaffelein (Aythya collaris)
- toefein (Aythya fuligula)
- skaai kroaneinen of readkopeinen (Netta) - 3 soarten, wêrûnder:
- skaai rôskopeinen (Rhodonessa) - 1 soarte:
- skaai moarmereinen (Marmaroretta) - 1 soarte:
- ûnderfamylje spoarwjukgoesfûgels (Plectropterinae)
- skaai spoarwjukguozzen (Plectropterus) - 1 soarte:
- spoarwjukgoes (Plectropterus gambensis )
- ûnderfamylje swannen en guozzen (Anserinae)
- tûke echte goesfûgels (Anserini)
- skaai guozzen of gies (Anser, ynkl. it eardere skaai Chen) - 11 soarten:
- skaai seeguozzen (Branta) - 8 soarten wêrfan 2 útstoarn:
- Hawaïgoes of néné (Branta sandvicensis)
- Hawaïreuzegoes (Branta rhuax) †
- Kanadeeske goes (Branta canadensis)
- lytse Kanadeeske goes (Branta hutchinsii)
- paugoes (Branta leucopsis)
- readboarstgoes (Branta ruficollis)
- rotgoes (Branta bernicla)
- wâldringoes of néné-nûi (Branta hylobadistes) †
- tûke hinnegoesfûgels (Cereopsini)
- skaai hinneguozzen (Cereopsis) - 1 soarte:
- hinnegoes (Cereopsis novaehollandiae)
- skaai Nijseelânske guozzen (Cnemiornis) - 2 soarten, útstoarn:
- Noardereilângoes (Cnemiornis gracilis) †
- Sudereilângoes (Cnemiornis calcitrans) †
- skaai Koskorobaswannen (Coscoroba) - 1 soarte:
- Koskorobaswan (Coscoroba coscoroba)
- tûke swanfûgels (Cygnini)
- skaai swannen (Cygnus) - 7 soarten wêrfan 1 útstoarn: