From Wikipedia, the free encyclopedia
De Hottentottsjilling (Spatula hottentota, synonym: Anas hottentota) of blausnaffeltsjilling is in lytse einfûgel yn it easten en suden fan Afrika en op Madagaskar.
Hottentottsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Spatula hottentota | ||||||||||||
Eyton, 1838 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De namme Hottentottsjilling wurdt troch autoriteiten noch altiten brûkt, mar yn guon talen is de namme fan 'e soarte feroare, om 't it wurd 'hottentot' misledigjend wêze soe foar de Khoisanfolken yn it suden fan Afrika, dy't troch Europeanen eartiids hottentotten neamd waarden.
It likernôch 34 sm lange eintsje is skraach grutter as ien fan 'e dwercheinesoarten en hat in donkerbrune krún, wylst it gesicht, de kiel en de wangen bleek binne mei by it ear in swarteftich gebiet. It boarst is ek bleek mei donkere flekken, dy't by jerken nei de flanken ta minder te ûnderskieden binne, mar by wyfkes oant de sturt fierder geane. De skouders en de sturt binne donkerbrún oant swart. De wjuk is boppe ek swarteftich en de dekfearren hawwe in griene glâns. De wjukspegel is irisearjend grien en wurdt fan in swarte en wite bân ôfletten. De ûnderwjukken binne ljocht. De iris is brún, de poaten binne blaugriis en de snaffel is ljochtblau mei boppe in swart streek yn 'e midden.
Der binne gjin grutte ferskillen tusken jerkjes en wyfkes.
Hottentoteinen komme yn in grut part fan it suden en easten fan Afrika foar. Fierder is der in westlike populaasje yn it grinsgebiet fan Nigearia mei Niger. It biotoop wurdt foarme troch ûndjippe sompen, beken, lytse marren en fivers mei omseame rânen fan reit of papyrus en in soad driuwplanten.
De populaasjes fan Madagaskar en it west fan it ferspriedingsgebiet binne stânfûgels. Op oare plakken is de ein as reaksje op feroarjende wetterstannen in trekfûgel oer koarte ôfstannen.
Se briede ôfhinklik fan 'e reintiid yn it hiele jier troch. Nêsten wurde boppe it wetter yn beammestronken of tusken fegetaasje boud. De piken ferlitte nei it útkommen it nêst en de soarch fan it wyfke foar har piken is beheind ta it beskermjen tsjin rôfdieren en se nei plakken mei genôch iten te bringen. Hottentottsjillings ite planten en lytse wetterdierkes.
It nêst bestiet út seis oant njoggen krêmkleurige aaikes, dy't yn 25 oant 27 dagen útbret wurde. De soarte libbet yn pearkes en heechút yn lytse groepkes.
Tusken 1929 en 1935 binne der foar it earst Hottentottsjillings yn Europa ynfierd. De earste slagge fok fûn yn 1938 yn Grut-Brittanje plak. De fûgels waarden yn 'e jierren 1950 en 1960 in soad út it wyld wei fongen om nei Europa te ekportearjen, dêr't partikulieren se as sierein holden. Hjoed-de-dei is der in stabile populaasje fan fokte Hottentoteinen en somtiden binne se ek in tropyske hallen fan Europeeske dieretunen te sjen.
De hottentottsjilling wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre. In bedriging foar de eintsjes foarmet lykwols de degradaasje fan harren biotoop. In bettere beskerming fan wiete gebieten mei syn fegetaasje en de beheining fan 'e jacht helpe de soarte yn stân hâlden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.