From Wikipedia, the free encyclopedia
De ringtsjilling (Callonetta leucophrys), ek readskouderein, is de iennige soarte fan it skaai ringtsjillings (Callonetta). De fûgel libbet yn sintraal Súd-Amearika.
ringtsjilling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
wyfke en jerkje | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Callonetta leucophrys | ||||||||||||
Vieillot, 1816 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It jerkje hat fan 'e foarholle oant yn 'e nekke swarte in streek oer de kop, dy't ûnder de hals breder wurdt. Fierder is kopke ljochtbrúnich mei donkere streekjes. It boarst is rôze mei swarte, rûne flekken en de búk en de flanken binne ljochtgriis mei in hiele fine donkere bandearing. Syn skouderfearren binne readbrún en de rêch, stút en sturt binne swart, dy't grien glânzgje. Op 'e ûndersturt sit in grutte wite flek. De wjukken binne swart mei in grutte wite flek op 'e dekfearren en hawwe in brûnsgriene spegel. De snaffel is blaugriis en de poaten binne rôze.
Wyfkes hawwe in donkerbrune krún mei fierder in brún en wyt kopke. De kleurferdieling is by wyfkes fariabel. Fierder is de boppekant fan it bealchje foar it measte brún, dat nei ûnder ta grizer en ôfwiksele wurdt mei brede brune dwersbannen. De snaffel fan it wyfke hat oan 'e ein wat blau, mar is foar in grut part brún- oant griiseftich.
De ringtsjilling libbet yn Brazylje, Bolivia, Argentynje, Oerûguay en Paraguay yn plassen en op sompelân yn iepen, tropysk bosk op 'e oergong fan reinwâld nei de pampa.
De populaasje ringtsjillings wurdt op 25.000-100.000 (2021) rûsd. De ein stiet as net-bedrige op de list fan 'e IUCN.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.