Remove ads

De Twadde Wrâldkriich, dy't duorre fan 1939 oant 1945, wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten mei anneks wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de twadde wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen Joaden, meast de holocaust neamd, troch Adolf Hitler initiearre en troch Himmler en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.

Twadde Wrâldoarloch

Kaart Dielnimmende lannen. De alliearden yn it blau, de sintralen yn it swart, de kommunisten yn it read.

Kaart Detailkaart fan Jeropa. De alliearden yn it grien, de sintrale mogendheden yn it giel.

Datum1939-1945
Plak fan kriichWrâldwiid
Gefolch fan de Oarloch
  • Untstean fan de earste en twadde wrâld, dit hat laat ta de kâlde kriich.
  • Dekolonialisaasje fan de Alliearde lannen.

Machtsferhâldingen

Wichtichste Alliearden
  • mear...


Militêre Slachtoffers: 17 miljoen

Sintralen

Militêre Slachtoffers: 8 miljoen

It haadstriidtoaniel wie Jeropa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. Trije agressors, Dútslân, Itaalje en Japan, foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen Frankryk en Grut-Brittanje mei oare lannen fan it Britske Steatebûn, dêr't Kanada, Súd-Afrika en Australië by hearden. Sy foarmen in gearwurkingsferbân, stipe troch de measte besette gebieten, dat nei anology mei de Earste Wrâldkriich de Alliearden neamd waard. Letter kamen hjir de Sowjetuny en de Feriene Steaten noch by.

Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan 10 maaie 1940 oant 5 maaie 1945. Fryslân waard op 15 april al befrije troch de Kanadezen. Op 8 maaie 1945 wie yn Jeropa dizze wâldkriich oer.

Remove ads

Jeropa

Oanrin

Twa lannen mei in Faksistysk regear, Dútslân en Itaalje, stribben nei 1935 nei gebietsútwreiding. Beide lannen fierden fanwege har ideologyen in tige aggresive bûtenlânse polityk. Om't de oare lannen fan Jeropa in hege priis betelje woenen foar frede slagge it Itaalje om Etioopje en Albaanje, en Dútslân om Tsjechoslowakije en Eastenryk yn te nimmen. Mar doe't op 1 septimber 1939 Dútslân Poalen binnenfoel ferklearren Frankryk en Grut-Brittanje Dútslân de oarloch. Yn 'e winter fan 1939-'40 besochten de Russen fergees Finlân derûnder te krijen.

Dútslân en Itaalje oerweldigen mei in 'Blitzkrieg' Denemark, Noarwegen, Belgje, Nederlân, Lúksemboarch, Frankryk, Joegoslaavje en Grikelân, en krigen Hongarije, Bulgarije en Roemeenje ta bûnsgenoaten. De lêste aggressor wie de Sowjetuny dat ek Poalen binnenfoel, Estlân, Letlân en Litouwen oerweldige en parten fan Finlân en Roemeenje ynnaam. Sweden en Switserlân bleaunen frij, mar joegen al stipe oan Dútslân, lykas Turkije. Dútslân en Itaalje oerweldigen ek koloanjes fan harren tsjinstanners yn Noard-Afrika.

Yn 1941 foel Dútslân de Sowjetuny oan, dat dêrmei oan de kant fan Grut-Brittanje kaam. Yn 1942 waard dúdlik dat Dútslân de Sowjetuny net oerweldigje koe, mar dochs ferklearre Dútslân ek de Feriene Steaten fan Amearika de oarloch, dy't dêrmei part fan de Alliearden waarden.

Afrika en Itaalje

De Italjanen setten har kampanje yn Afrika útein op 13 septimber 1940 mei de oanfal op Egypte. Doel wie it Suezkanaal en kom tichter by de Arabyske oaljefjilden. Hoewol't de Dútsers it al drok genôch hienen oan it eastfront stjoerden se dochs it Afrikakorps mei Erwin Rommel as befelhawwer. It slagge de Britten mei befelhawwer Bernard Montgomery om de Dútsers by El Alamein te ferslaan. Doe't Generaal Rommel fuortgong omdat er nei Dútslân moast kaam de ein fan de kriich yn Afrika ridlik gau. It Dútsers en Italjanen waarden yn 'e maitiid fan 1943 by Tunis besingele.

It eastfront

Thumb
Dútske opmars yn it easten

op 22 juny 1941 sette Operaasje Barbarossa útein. Alhiel neffens de Blitzkrief strategy teagen trije Dútske legerkorpsen yn rap tempo nei it easten. Fan de trije legerkorpsen gong ien nei it noarden om Leningrad en de Baltyske steaten te feroverjen. In oar legerkorps teach nei de oaljefjilden yn de Kaukasus en de tredde moast Moskou feroverje. De Dútske strategy die fertuten want nei ien moanne like it as hienen de Dútsers de oarloch tsjin de Sowjetuny al wûn. De Russen joegen lykwols gjin belies en stjoerden hieltyd wer nije troepen nei it front. Yn 'e hjerst fan 1941 wienen de Dútsers al by Leningrad en Moskou mar de tsjillen fan de Dútske pânsers wienen net breed genôch foar de dridzige hjerstgrûn. De Russyske pânsers hienen lykwols bredere tsjillen en dêrtroch hienen se foardiel yn it Russyske offensyf fan desimber 1941. Yn de maitiid fan 1942 wienen de Dútske troepen noch mar 100 km foar Moskou, de Russen fersetten har fûl en de stêd waard net ferovere. Yn it noarden beaen de Russen ek fûl ferset en dêr kamen de Dútsers ek net folle fierder. Yn it suden slagge it de Dútsers om by har doel te kommen en feroverje de Kaukasus. It Dútske offensyf stûke yn augustus 1942 yn de Slach om Stalingrad. It kearpunt fan de kriich wie de Russyske oerwinning yn Stalingrad yn febrewaris 1943. Yn 1944 oerweldige de Sowjetuny Finlân, Bulgarije en Roemeenje, en befrijde Hongarije, wylst Joegoslaavje himsels befrijde fan Nazi-Dútslân. De Dútsers ferneatigen alles op 'e weromtocht, dat wie de taktyk fan de ferskroeide ierde dy't de Russen by Operaasje Barbarossa ek brûkten. Yn maart 1945 besochten de Dútsers it noch ien kear mei in offensyf by de Balatonmar yn Hongarije. It offensyf mislearre en foar de Russen stie nei Praach en Wenen neat mear yn 'e wei om nei Berlyn. Yn april 1945 setten de Sowjets útein mei de Slach om Berlyn. Op 30 april 1945 die Adolf Hitler himsels tekoart yn syn bunker. Op 2 maaie 1945 hise sersjant Meliton Kantaria de Sowjet flagge op it dak fan de Dútske Ryksdei.

Yn de Sowjetuny stoaren likernôch 21 miljoen minsken. Likernôch 75 % fan it Dútske leger wie yn de Twadde Wrâldkriich oan it eastfront, sa'n 80 % fan alle deaden fan it Dútske leger stoaren oan it eastfront.

It westfront

Thumb
Omahabeach juny 1944
Thumb
Montreal Daily Star: "Germany Quit", 7 maaie 1945

Troch de Blitzkrieg oan it westfront slagge it de Dútsers frij ienfâldich om yn koarte tiid de Benelux en Frankryk te feroverjen. Vichy-Frankryk yn it súdeasten fan Frankryk foarme in satellytsteat fan Nazi-Dútslân yn it tiidrek 1940-1944. Mei Operaasje Overlord (D-Day) op 6 juny 1944 setten de Alliearden útein mei de ynfaasje yn Frankryk. Erwin Rommel hie al foar de ynfaasje sein dat de earste 24 oeren bepalend binne. De alliearden krigen foet oan wâl yn Frankryk, mar de ferliezen oan Dútske kant foelen earst noch wol ta. Op 15 augustus begûn in twadde ynfaasje yn Súd-Frankryk oan de Côte d’Azur tusken Toulon en Cannes. De Frânsen en Amerikanen hienen dêr net folle wjerstân en koenen in hiel ein komme. De alliearden yn Normandje besochten op 25 july om út te brekken ("Operation Cobra"). Op 6 augustus besochten de Dútsers it mei in tsjinoanfal ("Unternehmen Lüttich") mar koenen de befrijding fan Parys op 25 augustus 1944 net keare. Op 3 septimber befrijden de alliearden Brussel en Antwerpen in dei letter. De alliearde opmars die in soad fertuten oant operaasje "Market Garden" yn septimber 1944 ferlern wie troch de alliearden. Yn desimber 1944 besochten de Dútsers it noch ien kear mei it Bastonje-offensyf oan it westfront, mar fergees. Yn maart 1945 gongen de alliearden de rivier de Ryn oer. Doe gong it hurd, behalven mei de westlike helte fan Nederlân. De Dútske legerlieding besefte dat fierder ferset gjin fertuten dwaan soe, dat der wie net folle wjerstân. De alliearden fûstken mei de Russen op 25 april 1945 by de rivier de Elbe. Op 1 maaie makke de Dútske radio de dea fan Adolf Hitler op 30 april kundich. Opfolger fan Hitler wie Dönitz dy't it Flensburch regear liede, de kapitulaasje waard op 7 maaie 1945 tekene.

Remove ads

Aazje

Nei it iepenbrekken fan Japan yn de 19e iuw ûntwikkele dat lân him yn it easten fan Aazje ta in grutmacht. Mar it moast hieltiid noch akseptearje dat de Westerske grutmachten Aazje oerhearsken. Yn 1931 naam Japan Mantsjoerije yn en nei fierdere Japanske aksjes kaam it yn 1937 ta in net-ferklearre oarloch tusken Japan en Sina. Yn 1940 seiden de FS harren hannelsferdrach mei Japan op, en Japan fûn nije bûngenoaten yn Dútslân en Itaalje. Yn 1941 begûn Japan de oanfal op Pearl Harbor. Yn 1942 hie Japan de oermacht op see, en ferdreau de Westerske machten út East- en Súdeast-Aazje.

It offensyf om ek Austraalje te oerweldigjen slagge lykwols net, en de FS, dy't ein 1941 troch Japan oanfallen wienen, hienen yn 1943 sa'n macht opboud dat hja de oerhân op see krigen. Yn 1944 waard dit oerwicht folslein en waarden de eilannen yn de Stille Oseaan befrijd. Yn 1945 waarden de oare besette gebieten befrijd troch Japan ta oerjefte te twingen.

Remove ads

Aard

Mei de Twadde Wrâldkriich wie de ûntwikling dy't begûn wie troch Napoleon folslein wurden. Net langer waard der besocht in leger fan de tsjinstanner út te skeakeljen; yn stee dêrfan waard besocht gebiet yn te nimmen, mei alle middels dy't nedich wienen. Gefolgen hjirfan wienen in langduorjende besetting, de oerhearsking, en it ferset, fan de oarspronklike befolkingen, en in gefjocht dat yn elts doarp, en somtiden elts hûs, útfjochten waard. Ek de ein fan de oarloch wie hjir in demonstraasje fan. De Feriene Steaten bombardearren yn augustus 1945 Hirosjima en Nagasaky yn Japan, net om't de tsjinstanner dêr legere wie, mar allinnich om sa folle skea oan te rjochtsjen dat Japan kapitulearje soe.

Remove ads

Sjoch ek

Tema:Twadde Wrâldkriich – De Wikipedy hat ek in temaside oer de Twadde Wrâldkriich

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads