Teyebuorren

From Wikipedia, the free encyclopedia

Remove ads

Teyebuorren is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Teyebuorren leit noardlik fan Hantum, noardeastlik fan Holwert, noardwestlik fan Ternaard en besuden de Waadsee. Teyebuorren leit yn de himrik fan Ternaard.

De bebouwing fan de buorskip leit oan in koart syddykje lâns de Holwerterdyk (N358). De buorskip hat in lytse kearn fan fjouwer gebouwen; wêrfan 3 húzen en 1 pleats.

Skiednis

Sûnt 2019 leit Teyebuorren yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it buorskip yn West-Dongeradiel.

Mear ynformaasje Noardeast-Fryslân ...
Remove ads
Loading related searches...

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Remove ads