From Wikipedia, the free encyclopedia
Ie is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ie leit eastlik fan Eastrum, westlik fan Ingwierrum en súdeastlik fan Jouswier. De doarpskearn leit benammen oan de Achterwei, Uniastrjitte en Stienfeksterwei, dat binne wegen om de terp fan Ie.
Ie (Noardeast-Fryslân) | ||
Sicht op de Gangulfustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,26 km², wêrfan: lân: 13,12 km² wetter: 0,14 km² | |
Befolkingsticht. | 64 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 6' E | |
Offisjele webside | ||
Side fan Ie | ||
Kaart | ||
De buorskippen It Stienfek, De Tibben, Brânbuorren, Ald Terp, Dykshoarne en in lyts diel fan Grut Midhuzen hearre ek by Ie.
Ie hat (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Ut argeologyske fynsten hat bliken dien dat Ie al begjin fan de jiertelling bewenne wie. Ie hat yn 'e rin fan de tiid in wichtich doarp yn East-Dongeradiel west. It doarp hie 50 stimmen. Guon aadlike slachten hawwe dêrom ek grytmannen levere.
Yn de 16e iuw wiene de Mockema's belangryk foar it doarp mei harren stins op Grut Midhuzen. Nei in fûle striid waard de stins mei kanonnen besketten en ferovere troch de Saksen ûnder lieding fan Schelto Tjaerda, Taeko Heemstra en Tjalling Lieuwes Jellinga. Ek Obbemastate op Ald Terp waard troch de Saksen oermastere en dêrby ferlear Poppe Obbema it libben. De Mockema's waarden fêstset yn de Sjaardema stins yn Frjentsjer. Fjouwer manlju waarden rêdbrake en twa waarden pealle.
Under Ie stie ek de Wattema state, mar it krekte plak is net mear bekend.[3]
Op 11 april 2001 briek der op Grut Midhuzen tongblier út. Der rekken 37 bedriuwen by belutsen. Der moasten 55 kij, jongfee en skiep, dy't fertocht wienen, romme wurde.
Oant de weryndieling fan 2019 lei Ie yn de gemeente Dongeradiel.
Der wurdt oannaam dat de tsjerke boud is op oantrunen fan it ferneamde kleaster Mariëngaarde by Hallum, dat sûnt 1170 ta de Abdij fan Dokkum hearde. De tsjerke wie wijd oan de hillige Gangulfus of Jarich fan Mariëngaard, dy't abt fan it kleaster Mariëngaard west hat. Yn 'e rin fan de skiednis hawwe der ferbouwings west; de noardmuorre is romaansk en de súdmuorre is goatysk. De 43 meter hege toer is rûnom te sjen; de brekfallige sealtektoer waard om 1840 hinne ôfbrutsen en yn 1869 ferfongen troch in nije toer mei in spits. Yn 1971 is de toer restaurearre.
Yn de tsjerke binne trije hearebanken en oan de muorren hingje njoggen roubuorden fan Iester aadlike slachten. It hûnegat, dêr't de Iesters dy't net om lyk woenen, ynearsten opsletten waarden is der noch.
Ie hie al yn 1636 in nôtmûne, dy't neffens in fan de Steaten fan Fryslân opstelde list net út koe. Op de Schotanuskaarten fan 1664 en 1718 komme ek mûnen foar. Yn de 18e en 19e iuw binne de eigendomsrjochten fan de mûnen bekend. Yn 1809 waard der skreaun oer fjouwer mûnen: twa nôt- en pelmûnen en twa houtseachmûnen. Op ien nei binne dy tusken 1842 en 1855 ôfbrutsen. De lêste mûne, in achtkante boppekruier mei stelling, is op 3 septimber 1962 ôfbaarnd.
It eardere braakhok is no in flaaksbewurkingsmuseum. Der wurde op fersyk demonstraasjes jûn hoe't it flaaks bewurke waard.
Doarpshûs De Jister is multyfunksjoneel. It hat in sportakkommodaasje en in hoarekapart dy't by grutte eveneminten ta ien seal makke wurde kinne. De feriening foar doarpsbelang út 1947 komt hjir gear en jeugdhonk Skûlplak sit der by yn. It "Iester Nijs" hâldt elts fan alles op 'e hichte. Ienkear yn de trije jier is der in doarpsfeest. De Gearing is de basisskoalle fan it doarp.
De Protestantske gemeente Ie-Eastrum-Jouswier-Ebenhaëzer Tsjerke hat yn Ie twa tsjerken: de eardere herfoarme tsjerke (tsjintwurdich de Sint-Gangulfustsjerke) en de eardere grifformearde Ebenhaëzer Tsjerke.
Jier | 1879 | 1889* | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2014 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.085 | 993 | 1.272 | 1.163 | 1.085 | 998 | 897 | 780 | 844 | 850 |
* tongblier
Yn de jierren 1770 wie Jan Goslings skoalmaster yn Ie. Hy hie it bêste ynkommen fan alle skoalmasters yn East-Dongeradiel, om't er ek bysitter yn it gerjocht wie. Master liet him net folle op skoalle sjen. It lesjaan liet er oan syn soantsje fan 11 jier oer. Der kamen klachten, yn 't lêst skreauwen de âlden in brief op poaten nei de Steaten. Ien fan de nammen dy't ûnder it brief stienen, wie dy fan dûmny Revius.
Goslings fielde him bedrige en socht om in foar him geunstige útwei. Goslings stelde in ferklearring op, wêryn stie dat ds. Revius him misdroegen hie yn de herberch fan Dokkumer Nije Silen. Hy gie dêr mei nei de kastlein Tsjeard Durks. Goslings sei dat hy fjouwer tsjûgen hie en oft Tsjeard ek efkes tekenje woe. Tsjeard lies it en betocht dat Goslings it wol hiel moai makke hie. Hy wegere dan ek om syn namme der ûnder te setten, want op dat stuit hie hy er sels dronken west. Boppedat hie Goslings al fjouwer tsjûgen.
Goslings koe mei lege hannen wer nei Ie werom. Dûmny ûntkende alles, mar hy wist wol hoe't it ferhaal yn 'e wrâld kommen wie. Hy hie nei Kollum west en op Nije Silen soe der efkes oanstekke. Der wie net ien yn 'e herberch. Dûmny hie him doe sels mar betsjinne en letter hie er mei Tsjeard ôfrekkene.
Alle strjitten fan Ie
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.