Foeke Sjoerds
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Foeke Sjoerds (Ie, 2 juny 1713 - Easternijtsjerk, 18 desimber 1770) wie in skoalmaster en doarpsrjochter yn Easternijtsjerk.
Fan hûs út wie Foeke skuonmakker yn Ie (krekt as syn heit Sjoerd Foekes yn Mitselwier, †1718). Fan jongs ôf foel er op troch syn learderigens en selsstúdzje. Syn boeken kamen faak út 'e bibleteek fan ds. Eisso Bergsma fan Ie.
Op fersyk fan grytman Jarich Georg fan Burmania waard er skoalmaster yn Moarre-Ljussens mei in traktemint fan 70 gûne yn 't jier. Fanwegen dat lege ynkommen bleau er ek skuonmakker. Doe't it plak fan skoalmaster yn Easternijtsjerk frij kaam, waard Foeke Sjoerds fan Moarre nei Easternijtsjerk beroppen, sa as it doe hiet. Dat wie foar him in ferbettering, meidat er yn Nijtsjerk 116 gûne it jier krige. Yn 1745 krige er it baantsje fan doarpsrjochter der noch by. Bûten skoalle om joech er ek les oan hûs yn skiednis, Nederlânske taal, boekhâlden, psalmsjonge en goed boargerdom en wie er ynstrumintskriuwer (fan akten, brieven, obligaasjes ensfh.)
Skoalmaster wêze wie gjin fetpot. Foeke Sjoerds klage dan ek oer syn eins te lyts traktemint. Hy kaam op foar better ûnderwiis troch bekwame minsken. Yn Foekes tiid wie skoalmaster meastentiids in bybaantsje en der waard faak op delsjoen. Faak koenen se sels mar amper rekkenje en skriuwe. Hy wie fan betinken dat kennis tagonklik wêze moast foar de gewoane man. Hy fertaalde en oardere wurken oer wrâld - en tsjerkeskiednis yn ienfâldiger taal. Al syn ynspannings en betûftens op dat mêd makke dat syn ûnderwiis goed bekend stie (Wopke Eekhoff).
Foeke Sjoerds hat him ek mei de polityk bemuoid. Doe't steedhâlder Willem Karel Hindrik Friso yn 1747 steedhâlder fan alle goaen waard, kaam der in beweging op, dy't de Doelisten neamd waard. Se stelden in fersyk op oan de steedhâlder om mear demokratyske frijheid. De steedhâlder is dêr net op yngien.
Doe ûntstie der rebûlje. In groepke besocht om dan mar sels feroarings yn te fieren. It grutste beswier hienen se tsjin de hege belestings. Se gienen by de doarpen lâns om oanhing te sammeljen. Se kamen ek yn Easternijtsjerk. Se gienen nei Foeke Sjoerds ta om as doarpsrjochter de klok te lieden. Dat gie Foeke Sjoerds te fier en hy wegere. De beweging is op neat útrûn.
Yn 1770 is Foeke Sjoerds te Easternijtsjerk ferstoarn, krekt nei't er as lânsskiedskriuwer beneamd wie, wat ynearsten net tastien waard, om't Foeke gjin akademikus wie. Syn grêf is der altyd noch. De basisskoalle fan Easternijtsjerk waard nei him ferneamd: Foeke Sjoerdsskoalle.
Op syn grêf stiet:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.