doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân From Wikipedia, the free encyclopedia
Jislum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Jislum leit noardlik fan Burdaard, eastlik fan Wânswert, westlik fan Jannum en besuden Ginnum. Jisum hat 70 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Hikkaarderdyk op de terp fan Jislum.
Jislum | ||
Sicht op Jislum' | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 70 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 1,82 km² - lân: 1,8 - wetter 0,02 km² | |
Befolkingsticht. | 33 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 5° 52' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Jislum | ||
Kaart | ||
Jislum is in doarp dat by de Flieterpen heart.
Op de terp stie oant yn de 19e iuw in fan oarsprong romaanske tsjerke. Dy tsjerke waard betsjinne troch it kleaster Mariëngaarde by Hallum. Nei de reformaasje waard Jislum mei Wânswert kombinearre. De tsjerke is yn 1886 ferfongen troch in nije tsjerke. Yn de toer hingje twa klokken, ien út 1445 fan Jehannes fan Wou en ien út 1637 fan klokkejitter Jacob Noteman. It oerwurk is út 1609.
De tsjerke is letter eigendom wurden fan de 'Stifting Harstastate' en wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt as godshûs. Dy stifting wist net in goede bestimming foar de tsjerke te finen, wat it doarp min nei de kop wie. De tsjerke is in ryksmonumint fanwegen de preekstoel, de klokken en it oerwurk. Dat binne dan ek de ienige parten dêr't subsydzje foar beskiber is ta it behâld. Yn 2000 wie der praat dat de tsjerke sloopt wurde soe. Doe hawwe de Jislumers de 'Stifting Behâld Jislumer Tsjerke' oprjochte. Dy nije stifting slagge der yn 2004 yn om genôch jild foar de restauraasje byinoar te swyljen. Om de krystdagen fan 2004 hinne is de tsjerke wer iepensteld. De tsjerke hat doe ek wer de âlde namme fan Sint Katarinatsjerke werom krige.
By 'Grut Hikkaard' stiet de boeremuonts De Volharding út 1872, dy't ek in ryksmonumint is. Dizze grûnsiler út 1872 is eigendom fan Stifting De Fryske Mole.
Jier | 1830 | 1890 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2001 | 2008 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal | 113 | 150 | 134 | 114 | 80 | 75 | 58 | 44 | 52 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||||
Ynwennertal | 74 | 60 |
Jislum leit oan de Hikkaarderdyk, dy't nei it noarden nei Ginnum rint, en nei it suden by Grut- en Lyts Hikkaard lâns nei Burdaard. Jislum hie in opfeart fan de Aldfeart en dêrmei in ferbining mei de Dokkumer Ie, mar fan dy opfeart is mar in lyts stik oer.
Hikkaarderdyk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.