Krabbuorren is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Krabbuorren leit noardeastlik fan Munnekesyl oan de Olde Borchwei, noardeastlik fan de buorskip De Kolk. De buorskip komt sûnt de jierren 1960 op de kaarten foar.[1]
De buorskip bestiet út in rige huzen oan de súdside fan de eardere seedyk om it midsiuwske Lauwerssee-eilân 't Oech. De oarsprong fan de namme Krabbuorren is net bekend.
Omkriten
Benoarden Krabbuorren leit de polder Nijkrúslân. Eastlik fan de buorskip stiet de pleats Olde Borch, súdlik de pleats Muncke Borch en benoarden de pleats Nittershoek. De lêste namme ferwiist nei de Nittershoeke of Groote Hoek, dêr't de seedyk yn it ferline in hoeke makke, foardat yn 1877 de dyk tusken Nittershoeke en Sâltkamp klear kaam; de bediking fan de Polder Wieringa (Fr.) en Nije Rûgesânsterpolder (Gr.). De Nittershoeke is sûnt de namme fan de buorskip benoarden Krabbuorren. Eastlik fan de buorskip stie op de Olde Dyk in loftwachttoer en eastlik leit de Krommekolk, een kolk dy't ûntstie nei in dyktrochbraak, faaks by de Alderheljenfloed fan 1570, mar in oare wettersneed kin it ek dien hawwe. In oare kolk mear eastlik by de mûne Rust Roest, waard ein 19e- begjin 20e iuw foar in part tichtsmiten. Beide kolken komme foar op in kaart út 1689.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.