Remove ads

Sân is in materiaal dat bestiet út kerlen fan fyn ferdielde stien mei dêropta dieltsjes mineralen. It wurdt definiëarre nei de grutte fan 'e kerlen, dy't lytser binne as by grint, mar grutter as by silt. As grûnsoarte ferwiist 'sân' nei in tekstuertype fan grûn dy't foar mear as 85% út sân bestiet. De krekte gearstalling fan sân ferskilt al neigeraden it soarte stiente dêr't it út ûntstien is, mar de algemienste foarm fan sân yn net-tropyske kustgebieten en ek by de kust wei yn 'e tropen is silika, ek bekend as silisiumdiokside (SiO2), ornaris yn 'e foarm fan kwarts. De op ien nei meast foarkommende foarm fan sân, dêr't tropyske strannen út besteane, is opboud út kalsiumkarbonaat, lykas aragonyt, dat yn 'e lêste 500 miljoen jier foar it meastepart oanmakke is troch ûnderskate organismen, lykas koraal en skaaldieren.

Thumb
Ferskate soarten sân, allegearre op 1 × 1 sm. F.b.n.û. en f.l.n.rj.: glêssân (Kauaï), woastynsân (Goby), kwartssân (Estlân), fulkanysk sân (Maui), koraalsân (Molokaï), dúnsân (Utah), fulkanysk glêssân (Kalifornje), granaatsân (Idaho) en olivynsân (Hawaï (eilân)).
Dizze side giet oer sân as grûnsoarte. Foar oare betsjuttings, sjoch: sân (betsjuttingsside).

Troch minsken wurdt sân brûkt as boumateriaal, benammen foar it meitsjen fan beton en semint, mar ek foar it meitsjen fan glês. It is in opreitsjende helpboarne dêr't in protte fraach nei is. Woastinen lizze fol mei sân, mar woastynsân is ôfliten troch de wyn en dêrtroch net gaadlik foar it meitsjen fan beton. Elts jier wurdt 50 miljard ton strânsân en fossyl sân opbrûkt as boumateriaal. Guon lju sammelje ferskillende soarten sân; sok sammeljen hjit arenofily. Organismen dy't har alhiel oanpast hawwe oan in sânich habitat binne psammofilen.

Remove ads

Untstean

Stien erodearret of ferwaret op 'e lange doer, benammen troch bleatstelling oan streamend oerflaktewetter en wyn, en it sedimint dat dêrút ûntstiet wurdt troch rivieren streamôf yn 'e rjochting fan 'e see ferfierd. Sok sedimint giet ek op 'e rivierboaiem troch mei yn hieltyd lytsere stikjes te brekken, oant der op it lêst inkeld noch fine sânkerlen oer binne. It type stiente dêr't de kerlen út ûntstien binne en de yntinsiteit fan it pleatslik miljeu makket dat der ferskillende soarten sân besteane, dy't kwa kerlgrutte, gearstalling en kleur sterk útinoar rinne kinne.

De meast foarkommende soarte sân komt fan granyt, wêryn't fjildspaatmineralen flugger oplosse as it omjaande kwarts, mei as gefolch dat it stiente de niging hat om yn stikjes te brekken. Yn miljeus mei in hege enerzjy, lykas by in granytrots oan see, dy't bleatstiet oan it geweld fan 'e weagen, giet dat proses flugger as op kalmere plakken, dêr't it stiente inkeld te lijen hat fan 'e wyn. It meastepart fan it sân dat as boumateriaal brûkt wurdt, komt òf streekrjocht út rivieren, òf út in alluviale sedimintaasjeflakte dy't oer hûnderttûzenen of sels miljoen jierren troch ôfsetting fan sân út rivieren oanmakke is (lykas in grut part fan Nederlân). Sadwaande is de sânwinning yn in protte lytsere rivieren al útput, wat swierrichheden op it mêd fan it miljeu sawol as de ekonomy ta gefolch hat.

Thumb
In sândún yn 'e Saharawoastyn yn Noard-Afrika.

Yn woastinen is de stiennige ûndergrûn troch oanhâldende bleatstelling oan wyn ta sân ferware rekke. Sân dat foarme wurdt troch ferwaring troch wyn hjit epiklastysk sân. As der gjin plantegroei bestiet om it sân fêst te hâlden – en yn woastinen ûntbrekt plantegroei foar it meastepart fanwegen de drûchte dy't feroarsake wurdt troch geografyske omstannichheden – foarmet it sân saneamde sândunen: ferskowende heuvelrigen fan sân dy't yn in woastyn as de Noarafrikaanske Sahara wol ûneinich lykje. De wyn blaast dêr de finere dieltsjes, lykas klaai en dea organysk materiaal tusken de kerlen wei, sadat der allinne mar sân en gruttere stiennen oerbliuwe. Dêrby moat oantekene wurde dat de Sahara mar foar 15% út sândunen bestiet en foar 70% út keale rotsen. As der hurde wyn opstekt, liedt dat yn in woastyn faak ta in sânstoarm, wêrby't grutte hoemannichten sân troch de wyn opwaaid en meifierd wurde. De oanhâldende bleatstelling oan 'e wyn makket de sânkerlen yn woastinen rûn en glêd, wat betsjut dat woastynsân ûnbrûkber is as boumateriaal (dêr't sân foar nedich is dat rou en hoekich is).

Sân op strannen wurdt ek foarme troch eroazje. Oer in perioade fan tsientûzenen jierren erodearje de rotsen oan 'e kust troch de oanhâldende bleatstelling oan 'e beweging fan 'e weagen. It resultearjende sedimint, sân, bout him op oan 'e kust, sadat der in sânstrân ûntstiet. Soks kin by in riviermûning oanfolle wurde mei sedimint dat de rivier út it binnenlân oanfierd, wylst ek ferwaring troch de wyn oan 'e kust in rol spilet. Itselde jildt foar ynteraksje mei beskate bisten, dy't de algen ite dy't op 'e rotsen groeie, en dêrtroch ek bydrage oan 'e eroazje. It resultearjende sân is hoekich en rou en bestiet út kerlen fan ferskillende grutte trochinoarhinne, wat it ideaal makket as boumateriaal. Seesân is strânsân dat troch de tijwurking fan 'e kust ôf de see yn spield is. De winning fan seesân, sa't yn Jeropa in protte dien wurdt, is neidielich foar it ekosysteem yn see en hat dêrom ek in negative ynfloed op 'e fiskerij. Yn 'e tropen ûntstiet strânsân net sasear troch eroazje en ferwaring fan rotsen, mar bestiet it benammen út materiaal dat yn 'e lêste 500 miljoen jier oanmakke is troch ûnderskate organismen, lykas koraal en skaaldieren.

Thumb
Sânkerlen ûnder de mikroskoop besjoen.
Remove ads

Tapassings

Behalven as boumateriaal, foar it oanmeitsjen fan beton en semint, wurdt sân ek brûkt foar it meitsjen fan glês en as ûnderdiel foar it meitsjen fan bakstien en silikoanen. It wurdt ek tafoege oan beskate (bgl. slipfrije) foarmen fan ferve. Yn 'e oalje- en gasyndustry wurdt it brûkt by hydraulic fracturing (fracking), in technyk foar it opboarjen fan ierdgas wêrby't silikasân as in materiaal brûkt wurdt om 'e skuorren yn 'e grûn iepen te hâlden dy't troch de boartechnyk feroarsake wurde. Sân wurdt ek brûkt foar strânfieding: it reparearjen fan strannen dêr't dy troch tijwurking of stoarmen fuortslein binne, en foar it opspuitsjen fan lân, bygelyks troch it meitsjen fan keunstmjittige eilannen, lykas yn 'e Perzyske Golf, of fan útrweiding fan it fêstelân, lykas by Rotterdam diel is mei de Maasflakte.

Yn 'e lânskipsarsjitektuer wurdt sân brûkt foar bgl. de bunkers fan golfbanen. Oare tapassings fan sân binne as ark foar skuorjen yn 'e foarm fan skuorpapier, as himmelmateriaal by sânstrieljen en as filter by wetterfiltrearring. It wurdt ek troch struisâlt hinne mongen foar bettere glêdheidsbestriding en yn 'e foarm fan sânsekken wurdt it by oerstreamings of wettersneed brûkt foar wetterkearing. Fierders spilet sân in rol by rekreaasje, bygelyks by it meitsjen fan sânkastielen troch bern of sânskulptueren troch profesjonele keunstners. En ta einbeslút hat it yn guon kultueren en in religieuze tapassing. Sa is wuḍū’ yn 'e islaam in ritueel wêrby't men jin wasket mei sân ynstee fan wetter (dat yn 'e woastyn fan it Arabysk Skiereilân, dêr't de islaam syn oarsprong fynt, ommers amper foarhannen wie).

Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Remove ads

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads