From Wikipedia, the free encyclopedia
In bakstien of bakklinkert is in keunstmjittige stien dy't út klaai of liem bakt is. Bakstiennen wurde ornaris brûkt foar it bouwen fan muorren, it oanlizzen fan strjitten of oar mitselwurk.
De earste bakte stiennen binne yn Mesopotaamje fûn en komme fan likernôch 5000 f.Kr.. Sûnt 3000 f.Kr. waarden se as boumateriaal op gruttere skaal brûkt. Ynearsten waarden se mei de hân út in hompe klaai foarme, dochs al rillegau waarden foarmbakken as jitfoarmen brûkt, dêr't stiennen mei likense ôfmjittings troch makke wurde koene.
De Romeinen brûkten bakstiennen op grutte skaal yn Jeropa. Nei de Romeinske tiid waarden bakstiennen lykwols amper mear brûkt. Fan de trettjinde iuw ôf waard it stienbakken fannijs brûkt troch muontsen. De Fryske kleasteroarders, dy't kontakt hiene mei Itaalje, dêr't it brûken fan bakstiennen noch hieltyd dien waard, brochten de technyk yn de trettjinde iuw fannijs nei de Fryske lannen en dêromhinne. Der waard al gau fan kleastermoppen, kleasterstiennen of muontsestiennen sprutsen.
It gebrûk fan de bakstiennen naam yn de midsiuwen fluch ta doe't it bouwen fan houten hûzen omreden brângefaar ferfongen waard troch it bouwen mei stiennen. Soks is werom te sjen yn de bakstiengotyk. Ynearsten waarden dowestiennen oanfierd út it Dútske Rynlân en Eifel wei. Letter waard in soad gebrûk makke fan it bakken fan seeklaai dy't yn oerfloed oanwêzich wie yn 'e omkriten en rivierklaai yn de uterwaarden by de rivieren lykas de Iems, Weser of it Nederlânske rivieregebiet.
Yn de santjinde en achttjinde iuw waarden bakstiennen ek wol as ballast foar hannelskippen brûkt.
By it weropbouwen nei de Twadde Wrâldkriich naam it brûken fan bakstiennen yn Nederlân tige rap ta. Dat late ta in skaalfergrutting fan de tradisjoneel lytse bedriuwen dy't bakstiennen makken. Bakstien wurdt hjoed-de-dei noch hieltyd in soad brûkt as boumateriaal omreden de grutte fariaasje oan soarten, mjitten, tekstueren en kleuren en se hawwe mar in bytsje ferlet fan ûnderhâld. Yn Nederlân wiene yn 2010 likernôch 35 stienbakkerijen aktyf dy't meiïnoar 1,1 miljard bakstiennen it jier makken.
De wichtichste grûnstof foar bakstien is klaai. Dat kin seeklaai út de kustkriten of rivierklaai út de uterwaarden fan rivieren wêze. De kleur fan de bakstien hinget gear mei de gearstalling fan de klaai. Klaai dy't in soad izer befettet jout de stiennen nei it bakken in reade kleur, en kalkhâldende klaai jout in mear giele kleur. Foar de seleksje fan de gaadlike klaai wurde earst grûnmeunsters nommen en ûndersocht. Dêrnei wurdt it klaai ûntgroeven en oer de dyk of skip ferfierd nei de stienbakkerij. De gatten dy't nei it winnen fan de klaai ûntstiene, wurde tichelgatten neamd. Klaaiwinningsgebieten, benammen yn 'e utwerwaarden, krije gauris nei it fergraven in bestimming as natoergebiet.
Om de fariaasjes en klaaigearstalling en kerrelferdieling lyk te meitsjen wurdt de foarrie klaai neisjoen en systematysk opboud. De klaai wurdt foar in skoftke yn horizontale lagen opsteapele. Soks hjit in klaaiberch as klaaibulte. Dat jout de tiid foar oerbliuwende organyske matearje, lykas plante-oerbliuwsels, fuort te rotsjen. Oars kinne dy gasfoarming feroarsaakje en blaze de stiennen suver op. Om de klaaibulte fertikaal ôf te graven ûntstie al in mjuks fan de ferskate klaailagen.
Ear't it klaai brûkt wurde kin foar it bakken, wurde stientsjes en metaaldielen út 'e klaai mei in elektromagneet fuorthelle. Dêrnei wurdt de klaai knette en meald. It knetsjen en meallen en it tafoegjen fan wetter en steam binne ornearre en meitsje de klaaimassa homogeen en fleksibel genôch om de stiennen syn foarm te jaan. De tafoegings jouwe de klaaimassa de winske doelen. Fette klaaisoarten wurde fermeagere troch it tafoegjen fan sân.
It foarmjen fan de bakstiennen bart troch middel fan in jitfoarm dy't folparse wurdt mei klaai. De jitfoarmen wurde foar it foljen yn wetter dompele of mei sân of seachsel bestruid omreden de stiennen dan makliker loslitte. De oerstallige klaai wurdt dêrnei ôfstrutsen. Soksoarte typen bakstiennen wurde "hânfoarm" neamd.
Ek wurde der masinaal stiennen makke troch middel fan in parse. Dy parse leveret in ûneinige stream klaai op in rinnende bân en wurdt op de winske stienhichte ôfsnien. Unbakke klaaiblokken hjitte "foarmelingen".
Ear't de foarmelingen de ûne yn gean om bakt te wurden, moatte se earst it grutste part fan it wetter, dat de klaai noch hieltyd befettet, ferlieze. Oars bestiet de kâns dat de stiennen by it bakken brekke sille.
Yn nijmoadrige stienbakkerijen wurde de foarmelingen keunstmjittich drûge yn drûchkeamers as drûchtunnels dêr't it proses regelmjittich ferrint yn ornaris 2 oant 4 dagen. Yn âldfrinzige bakkerijen wurde de stiennen, bytiden ûnder in ôfdak, yn de iepen loft drûge. Dat duorret ornaris 1 oant 3 wike en hinget ôf fan it klimaat en de foarm.
Nei't de klaaistiennen drûge binne, wurde se bakt. Sok bakken barde eartiids yn fjildûnen. Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw waard oergien op algeduerigen baarnende ûnen. Nei de Twadde Wrâldkriich kamen tunnelûnen yn gebrûk. It is wichtich dat by it bakken de temperatuer net te fluch omheech giet, want oars kin de bûtenkant oerbakt reitsje wylst de binnenkant noch net alhiel trochbakt is, dêr't de stiennen troch oerdruk bol troch wurde as sels brekke kinne. Ofhinklik fan de klaaisoarte is de baktemperatuer tusken de 900 en 1100 °C. Troch it bakken ferglêzje de sânkerrels suver yn 'e klaai, dêr't der in hurde bakstien troch ûntstiet. Ek it ôfkuoljen mei net te fluch gean.
By it bouwen fan muorren wurde de bakstiennen troch middel fan mitseljen mei speesje yn beskate ferbannen opboud. Der binne ferskate ferbannen dêr'tin muorren út boud wurde kin, lykas it Ingelsk, Flaaamsk, healstien- of koppeferbân.
Ofmjittings fan de bakstiennen yn Nederlân:[1]
Formaat | Lingte | Breedte | Hichte |
---|---|---|---|
Lilliput II | 150 | 70 | 30 |
Goudske stien | 155 | 72 | 53 |
Lilliput I | 160 | 75 | 35 |
Iselstien | 160 | 78 | 41 |
Jufferke | 175 | 82 | 40 |
Klamp | 180 | 85 | 45 |
Ryn | 180 | 87 | 46 |
Doardtske stien | 180 | 88 | 43 |
Brabânske stien | 180 | 88 | 53 |
Fryske trijeling | 184 | 84 | 40 |
Fecht | 210 | 100 | 40 |
Waal | 210 | 100 | 50 |
Renova | 210 | 100 | 55 |
Waaltsjok | 210 | 100 | 65 |
Ryswykske[2] stien | 210/215 | 100/105 | 40/45 |
Maas | 214 | 102 | 82 |
Ingelsk | 215 | 102 | 65 |
Fryske mop | 217 | 103 | 45 |
Frânsk | 220 | 105 | 65 |
Utertskplat | 225 | 109 | 39 |
Hilfertsomsk | 225 tot 240 | 108 tot 115 | 40 |
modúl F5 | 230 | 110 | 57 |
smel NF | 240 | 100 | 71 |
Römer | 240 | 115 | 40 |
Romeinsk | 240 | 115 | 42 |
Katedraal I | 240 | 115 | 65 |
Grinslanner stien | 240 | 120 | 60 |
Limboarchske stien | 240 | 115 | 65 |
Dútsk Normaalformaat | 240 | 115 | 71 |
Alddútsk NF | 250 | 120 | 65 |
Katedraal II | 270 | 105 | 55 |
Kleastermop I | 280 | 105 | 80 |
standert Kleastermop | 285 | 135 | 85 |
Campina | 290 | 90 | 62 |
Kofferke (poreuze stien) | 190 | 140 | 90 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.